út ’e dampkring – 2

Juster hie ik ‘m yn ’e bûse, mar doarde ik ‘m net foar it ljocht te heljen. Binnen, tidens in gearkomste net en nei ôfrin, bûtendoar op ’e stoepe dêr’t ik noch mei immen nei stie te praten, likemin. Pas doe’t ik allinne yn ’e auto siet, ha ik ’m brûkt. Ik hie der ek net by stilstien, pas achterôf realisearre ik my dat is sa gien wie. Ik ried nei mister X, ien fan de mar twa minsken dy’t der weet fan ha dat ik sa’n ding ha. Doe’t ik yn in  tillefoanpetear oer de oankeap ferteld hie, hie er lakerich reagearre, wat spotsk ek en hie ik my misledige field. Dat wie oer, mister X toande him belangstellend en ik liet him sjen hoe’t it wurket. “Soe it ek wat foar my wêze?”, frege er hoopfol. “Wêrom soest? Of moatst foar de meloen of de ierdbeien gean. Mar wêrom soest?” “Wat kostet soks eins?”

De twadde dy’t it wit is frou Y. Y is ien dy’t de hiele wrâld fan har oanwenst ôf helpe wolle soe, sa fiis fynt se it. Dat wie al sa doe’t sy noch in lytse pjut wie en har ôfkearde fan elkenien dy’t de keamer verbodenyn in blauwe walm sette as sy derby wie en it waard noch slimmer doe’t se in freontsje krige dat syn gebrûk net samar opjaan woe. “Witsto guon dy’t oerstapt binne op elektroanysk…”, hie ik har frege. In pear oer letter krige ik in mail mei in link nei in oanbieding: fan € 59,95 foar € 9,95. En dêr stie dan wer in link by nei de leveransier fan de patroanen. En dêr stie ek ek it ding sels, dat hielendal net sawat sechtich, mar fyftjin euro kostet. Wat der net by stie, wie wat der eins yn dy patroanen sit. Ek net ûnbelangryk. Mar ik hie myn bestelling al dien en dat berjocht mailde ik Y werom.

It soe my net fernuverje as sy aanst op ’e stoepe stiet om te hearren oft it befalt. Se sil my net thús treffe, want fannemiddei sil ik nei in nijjiersgearkomste fan it Skriuwersboun yn de boppeseal fan Wouters yn Ljouwert, foar it stasjon oer. Soe ik it oandoare en helje it ding binnendoar, moai provosearjend foar it ljocht tidens de taspraak fan de foarsitter?
Fersteurde blikken, immen dy’t my op it skouder tikket en fermoanjend mei de holle skoddet. De anty-smook brigade begjint demonstratyf te hoastjen en te kocheljen en ik, ik glimkje en sis tsjin in buorman: “Stel dy net sa oan, it is mar in bytsje wetterdamp, hear.” De foarsitter dy’t yngrypt en immen fan ’e betsjinning ynskeakelt om my de doar út te wurkjen. “Mefrou, jo witte dat yn ’e hoareka…”
“Ja, mar…”

Of gean ik nei ôfrin fan it offisjele part mei as ien as twa oaren even nei bûten ta gean om – jo moatte der wat foar oer ha – yn ’e kjeld oan har gerak te kommen en byts ik in analogenien?

liquid 00