út ’e dampkring – 1

De doar net út west en dan toch in berjocht ûnder de rubryk kuiers?
Dat sit sa: ik koe de doar net út, want ik ferwachte in pakje, besteld fia it ynternet. (Dit is in ferlechje, it pakje wie der begjin fan ’e middei al, dat ik hie best noch even fuort kind. Mar ik wie benijd, dat ik ha it daliks útpakt.)

It net ôfstrune. Mei of sûnder. Miskien fan mei nei sûnder. Of mei en dan toch sûnder. Consumer reviews fan kameel en ken, fan menthol en meloen, kjersen, ierdbeien, fan sûkelade en kofje sels. Wat kiest: Sineesk, Japansk, Amearikaansk of of leaver in ekologysk mingsel út good old England?
Yn de geheimtaal fan clearomizers, cartomizers en atomizers dûke en ûntdekke dat der in wrâld is dy’t fier bûten de eigen ûnderfining leit, nammentlik dy fan de atomizerparty’s yn mililiters en milligrammen en mei de kar út VG en PG of sels makke mingsels mei, mei help fan in dripke bitesop, romantysk reade reek .
Ik hie noch noait immen oer it fenomeen praten heard. Ja, yn Itaalje is it in hype, mar te uzes? Bin ik de earste? Sa ja, dan soe ik myn eigen dampkring opsette kinne.

Ik hie it net ôfstrúnd en de oerwaging makke: stap ik oer fan a nei e wêrby’t de a foar analoog stiet?  Goedkeaper, jawis, want, hoe graach it regear en de lobbyisten har bêst ek dien ha, der sit gjin aksijns op – noch net. Op foara stean oars neat as opteine reaksjes.  Earst marris besykje. Oft it wat foar my is. Oft ik yn restaurants… Oft ik, sûnder dat immen it yn ’e gaten hat, stikem op it húske… Tidens gearkomsten… Mei lytse bern yn ’e buert… Yn treinen en op stasjons… Fier fan de peal en dan in NS-man dy’t dy… him de reek yn it gesicht blaze, skamteleas, sûnder skuldgefoel, en laitsje, him fjouwerkant útlaitsje om’t er der gjin weet fan ha soe… In bytsje wetter, menear, damp, oars is it net…

Fol verwachting… De doarbelle gie, dêr wie de man fan de TNT (fan je hyp-hyp-hyp). In pear kear yn it jier komt er by my oan de doar, meast mei tekenmateriaal of –ark en alle kearen tink ik dat hy tinkt dat der wolris in fibrator yn it pakje sitte kinne soe. Ek hjoed hie er in wyt kartonnen doaske yn ‘e hannen, presys dat formaat.
Doe’t ik de doar ticht dien hie, seach ik dat it webadres fan de ôfstjoerder op it pakket stie, mar de letters wienen wol hiel, hiel lyts.
Ach, lit mar tinke…
Tocht ik.

Alles wat op de rekken stien hie, siet deryn: twa batterijen, twa laders – ien foar yn it stopkontakt en ien mei in usb-oansluting – reservoirs mei ferdampers, mûlestikken, in swart etui, in gebrûksoanwizing en – last but not least – twa fleskes mei de floeistof. Op it iene stie ‘kameel’ en op it oare ‘ken’.

Algau hong de batterij oan it toetseboerd en folle ik it reservoir oant it boppeste streekje: 1,6 ml. In knipperjend grien ljochtsje: de batterij blykte al foarladen, it reservoir koe derop skroefd. It ding is fierstente lang en, slimmer, te dik ek. It liket wol in bom. Hie ik dan toch it slanke, mar folle djoerdere model nimme moatten? In fraach dêr’t ik net al te lang by stil stie, ik soe it ommers earst mei in goedkeapenien besykje. Dat ik naam it mûlestik tusken de lippen, sûge, mar der barde neat, de gebrûksoanwizing, o, it blauwe knopke, in haal, in hoastbui. It wie as krige ik in klap op ’e kop sa duzele it my.

In pear trekjes letter wie ik finaal om.

Set van 4 op 16-01-13 om 17.17 (compilatie)

Noait gjin sjek of (analoge) sigretten wer.