De Plasse

kuierHast tiid oer en setst de auto oan de Terbansterskâns, no nee, tiid hast eins net, mar hast der hast der earder west, op klompen it lân yn, mei heit en mem op redens – dyn broerke yn ’e slide – en bist benijd hoe’t it der wêze sil, mear as fjirtich jier letter. (Mear as fiifenfjirtich sels, mar dat klinkt sa âld. Fet drippende nostalgyske gefoelens binne al slim genôch.) Rinst de Terbantskerskâns út nei De Plasse, tsjyng, tsjyng, it lûd fan einen dy’t it noch tinne flueske iis sjonge litte, yn de loft it gûnzjen fan kloften guozzen. Dêrtrochhinne it kreakjen fan sterk iis, dûbeltsjes en kwartsjes oant wol fyftjin sentimeter ûnder it oerflak, in stim dy’t dy oanfitert de hannen op de rêch te lizzen. Sikest de feart dy’t fan diskant troch it beripe lân nei dyn âldershûs rint. Dêr by dat hûske, omseame troch elzen, dy feart. De loft is strak blau, it is in pear graden ûnder nul. Oan wjerskanten fan in daam lizze enoarme balstiennen, op it hiem fan in boer ûntdekst noch folle mear. Skimen fan in folle âlder lânskip noch.