Durk van der Ploeg Beferzen mar

gers by ’t winter

Hjir besprutsen: Durk van der Ploeg, In beferzen mar, Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2009, 222 s.

Mei In beferzen mar hat Durk van der Ploeg in psychologyske roman skreaun dy’t lykas in tal fan syn oare boeken yn ’e omkriten fan it Waad en de Lauwersmar spilet. De haadpersoan wurdt konfrontearre mei in ferkrongen barren út syn bernetiid. It is in nijsgjirrich gegeven en it riedsel wurdt stikje by bytsje oplost. Mar in oar riedsel bliuwt en dat is it grutte mystearje fan de Fryske literatuer: hoe kin it dochs dat skriuwers dy’t skriuwe kinne altiten mar wer boeken útbringe dy’t folle better kind hienen? Van der Ploeg syn lêste boek rammelt oan alle kanten.

it ferhaal

Haadpersoan Lochman Raven wennet, nei in skieding en nei it ferstjerren fan syn heit, yn it âlderlik hûs oan de seedyk fan de eardere Lauwerssee. Hy wurket as wyldbehearder. Op in dei komt der in man del dy’t syn broer Teves blykt te wêzen. Teves waard nei it ferstjerren fan de mem – hy wie krekt in jier – by in pleechgesin yn ’e Rânestêd ûnderbrocht. Lochman wie doe acht. Fjirtich jier letter wol Teves witte wêrom’t er as poppe weijûn is. Yn petearen tusken de broers en oantinkens fan Lochman wurdt, stikje by bytsje, de trageedzje út it ferline út de doeken dien.

En in trauma hat it west. Pas nei einleaze petearen tusken de bruorren is Lochman by steat it ferline yn al syn ferskrikking ûnder eagen te sjen. Bliken docht dat er as jonkje troch de heit op sa’n manier ynset waard by de fersoarging fan Teves dat dy ferhongerje soe. As de poppe gûlde, liet de heit it oan syn âldste oer om de flesse te jaan. It gûlen, sa hie de heit Lochman wiismakke, soe feroarsake wêze troch it feit dat Teves net oer molke koe. Dat der waard hieltyd mear wetter bymongen.

gers by ’t winter

Der stean tefolle steurende ynkonsekwinsjes en flaters yn de roman. Op s. 77 fertelt Teves dat er foar jild ferkocht is. Op s. 195 stiet lykwols dat de heit út de âlderlike macht ûntset waard. Dat strykt net mei elkoar.

Planút ferbjusterjend is dat it jonkje Lochman – hy waard winliken oanset ta it om it libben bringen fan it lytse bruorke – gewoan thús, by de heit, bliuwe koe. Wêrom’t it iene bern achterlitten waard by sa’n psychopaat, wylst it oare nei in pleechgesin moast, wurdt nearne út ’e doeken dien.

Lochman wit him noch yn it sin te bringen dat er op bêd stjoerd waard doe’t der minsken kamen te sjen, mar it soe noch wiken duorje foar’t Teves ophelle waard. Dat is raar, want de dea seach it bern omtrint ta de eagen út.

Teves gyng trouwens hielendal net nei in pleechgesin. Der mei dan konsekwint oer pleechâlden praat wurde, it feit dat er in oare achternamme krigen hat, jout oan dat er adoptearre is.

Fregest dy ôf wêrom’t de heit sa’n hekel oan Teves hie. ‘Hy woe der net iens mei sjoen wurde.’ ‘(…) en heit moast Teves in skjin ruft jaan, dan sloegen him de flammen út fan skamte.’ Mar wêrom soe de man him skamje? It wie syn earste dochs net? Wêrom soe er syn grime op it bern útlibje, de mem libbe doe ommers noch. Wie it om’t dy mear ‘mem as frou’ wie en der gjin waarmte tusken harren wie? (s. 62) Mar dat is tsjinstridich mei de heit syn reaksje op de mem har dea. (s. 99). Dat der gjin waarmte tusken man en frou wie, is as reden fansels te meager om de heit mei sa’n skamte op te skypjen. De psychologyske ferklearring om nei it ferstjerren fan de mem it bern ferhongerje te litten, soe yn de konfliktueuze relaasje fan de heit mei de skoanfamylje lizze kinne. Mar dat Teves nei pake fan memmekant neamd is, is fansels nòch gjin ferklearring en lit in poppe op sa’n grouwélige wize ferkomme.

Teves komt mei de taksy nei syn broer. Hy bliuwt net allinne de nacht oer, hy bliuwt mar leafst twa moanne hingjen. It is min nei te kommen wêrom’t Lochman syn broer net nei in dei of wat al de doar út skopt, want sa noflik is it kontakt net. Op syk nei de beweechreden fan de heit om ôfstân fan him te dwaan, kloarket Teves him wiken oanien út. Dêrmei hellet er Lochman betiden it bloed ûnder de neils wei.

Teves is gjin bûtenman, hy is datoangeande de tsjinpoal fan syn broer. Lochman en syn kollega’s, dát binne pas de echten. Stoere keardels op hynders. Der stean dan ek twa koniks op it omkaft. Wa’t lykwols betocht hat om dy by ’t winter yn fris, grien simmergers omspringe te litten, moat wol spikergek wêze. It ferhaal spilet ommers tsjin de barre achtergrûn fan snie en iis.

Moai psychologysk fan aard is de fraach hokker fan de beide bern better ôf wie: Teves, dy’t, fan de puberteit ôf oan, omtizeboske mei de fraach fan it wêrom fan de adopsje of Lochman, dy’t iensum en op himsels grutwurden is by in heit dy’t him net folle mear bybrocht as de leafde foar it slachtsjen. Stikje by bytsje leit Van der Ploeg de finesses fan it oait ferkrongen trauma bleat. Dat docht er goed, mar hy hie hjir en dêr snije moatten. In pear foarbylden: as it boek neffens de ynhâldsopjefte mei in prolooch begjint, wêrom dêr dan noch in dialooch oan foarôfgean te litten? In tal sênes, natuerbeskriuwings, haadstikken sels hie yn syn hiele hear en fear skrast wurde kind. Wat ek oerstallich is, is de ein. Der is dúdlik makke hoe’t it mei de bruorren om en ta gien is. Klear dochs? Mar nee, der wurdt noch reedriden en mei ien kear koe it blykber net ta. De twadde kear rydt Teves in wek yn. Net bêst, sa midden op ’e romte. Lochman is der mei oanklaud. It beskriuwen fan it stoken fan in fjurke, de ferklomme Teves dy’t de klean fan syn rêder oankrijt, ensfh., Van der Ploeg is in master yn it oproppen fan spanning en sfear yn soksoarte sênes. Mar logysk is it net. Want as it ferhaal yn 2009 spilet – op in stuit falt it wurdsje ‘kredytkrisis’ – wêrom dan net it mobyltsje krije om help yn te skeakeljen?

Lang om let slagget it de manlju om thús te kommen, mar in dokter belje, ho mar. Dat bart pas folle letter. Teves rekket yn it sikehûs, der is wat mis mei syn hert. In fikse longûntstekking hie yn dizzen genôch west. Hie Lochman him fertutearzje litten troch der gjin dokter by te heljen, dan wie der teminsten in oannimlik psychologysk lyntsje nei it ferline lein. De heit hie ommers ek gjin dokter by de mem komme litten? Dan hie Lochman, fjirtich jier letter, noch altiten ferantwurdlik west foar Teves syn dea. No net. Der moast, sa’t it skynt, noch in skepke boppe-op, yn dit gefal in hertkwaal. Mar de needsaak dêrfoar ûntbrekt folslein. Mei it drama fan eartiids hat it neat út te stean en Lochman docht der, psychologysk sjoen, neat mei. Dat hie al kind as er it oanfield hie as syn skuld, sa’t it ea (mei) syn ‘skuld’ west hie dat Teves as poppe fertutearze. ‘Foar my wiest de boarterspop dy’t by mem op bêd lei, it hummeltsje dat ik de flesse joech en troch my yn de bernewein riden waard. En doest der net mear wiest, seach ik dy yn myn bernlike ferbylding by mem. (…)’, seit Lochman op side 41. Miskien hat Van der Ploeg om dy reden Teves by de mem op it hôf besoarge. Mar Teves is widner, dat it hie yn ’e reden lein dat er by syn frou begroeven wurde soe. Hy hat net inkeld famylje, te witten it pleechgesin dêr’t er yn grutbrocht is, mar ek bern. Unbegryplik dat de auteur de oanbelangjende persoanen dêr dus net even oer oerlizze lit.

Alles begjint by de boeken, mar útjouwers ferpeste it as se óf de redaksje net goed dogge óf in manuskript net doare te wegerjen, bygelyks út eangst in skriuwer te ferliezen. No binne der in soad oarsaken oan te wizen foar de Fryske ûntlêzing, mar ien derfan is sûnder mis dat in té grut part fan it wurk dat ferskynt ûndermjitsk is. Hie Van der Ploeg syn gegeven net sa ferskriklik útspûn, dan hie In beferzen mar like nijsgjirrich west as it moai konsintrearre skreaune masterwurkje Bertegrûn. Miskien dat de skriuwer, eigenwiis, alle kommentaar – ás er it krigen hat – neist him dellein hat. Mar ik kin my amper yntinke dat er, as er wiisd wurde soe op saken dy’t oantoanber net doge, dy net oanpasse wollen hie. Hoe’t it ek wêze mei, skriuwer en útjouwer kinne tsjoene: hawwe se goud yn hannen, meitsje se der blabze fan.