Durk van der Ploeg, De Iishilligen

De alles bepalende macht fan de dykgraaf

Maaie 2005 publisearre yn de Moanne nûmer 4
Durk van der Ploeg, De Iishilligen.
Friese Pers Boekerij. ISBN 90 330 0517 4, 397 siden

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

Rinnend achter de rollator komme se op de diskes ôf. Hjerst 2004. It grutste part fan it publyk op de Fryske boekemerk yn Drachten – de ôfsluting fan de sutelaksje – heart ta de ‘grijze golf’. Jongeren binne der amper, de iennichste tritiger dy’t in Frysk boek keapet, sil it kado dwaan oan har âlden. Durk van der Ploeg is ien fan de pear skriuwers dy’t  noch wol ris werprinte wurdt (It wrede foarjier) of wêrfan’t in roman in twadde printinge hellet (Sykjend nei it lêste hûs). Binnen de Fryske ferhâldings is der sprake fan ‘bestsellers’. De Friese Pers kundiget Van der Ploeg syn nijste boek dan ek oan mei de wurden: “Mei De Iishilligen hat Durk van der Ploeg wer in monumintale roman skreaun die gjin inkelde Fryske lêzer misse mei.”

sosjale posysje

Lykas yn guon fan Van der Ploeg syn eardere romans spilet it ferhaal him ôf yn de wrâld fan Noardeast-Fryslân. Op histoarysk ferantwurde wize wit Van der Ploeg it libben fan de minsken dy’t yn ‘e lânwinning harren brea byinoar skrepten, te werskeppen.

Alle jierren besiket de haadpersoan, Eman Montes Botma, de grêven fan syn famylje. Yn de tritiger en fjirtiger jierren fan de tweintichste ieu wenne de húshâlding oan ‘e waaddyk, yn de Bandtpolder boppe Eanjum, by de eardere Lauwerssee. It âldershûs stiet der net mear, der leit allinne noch wat pún.
Eman is as iennige oerbleaun. Hy wie de jongste yn in arbeidershúshâlding mei fiif bern, fjouwer jonges en in famke. De heit wie diker: hy wrotte en wraamde hiele dagen yn it slyk om. It wie earmoedzjen yn de “wrâld fan bibel, bidden en blabber”. De ûnderlinge ferhâldingen yn dizze isolearre húshâlding wurde benammen tekene troch de ferskillende kyk dy’t de leden op harren sosjale posysje ha. Dêrby spilet de ferhâlding ta harren wurkjouwer, de dykgraaf Barwegen, in wichtige rol. Al komt er as persoan amper rjochtstreeks yn it boek foar, op ‘e achtergrûn is er altyd oanwêzich as de alles bepalende macht: “Sa’t heit it sei, wie it krekt as hie er sels de beslissing nommen en soene it syn oanwizings wêze. Net ien dy’t it neamde, mar wy begriepen allegear wol dat de dykgraaf it heit opdroegen hie.”

De heit en de mem fersette har net as it om de macht fan Barwegen giet. De heit fanut it leauwen wei net, in leauwen dat net sasear de ferwûndering oer de skepping mar it jin skikke yn jins lot betsjutte. De mem net om’t se net werklik in oare kar hat. Benammen de heit sjocht it wurk oan ‘e dyk ek as it foarlân fan syn soannen. De âldste twa – Nutte en Weal – fersette har dêr fûleinich tsjin. Sa wegerje de beide jûns mei de rest fan ‘e húshâlding foar de dykgraaf te beanlêzen: “net foar in bekfol geitefretten.” Nutte kin it wurk yn de lânwinning ûntrinne om’t er in oprop krijt foar it leger. Ek as er weromkomt bemuoit er him net mei it dikerswurk. Weal lykwols kin net oars: as de heit stjert, trunet de mem him om ekonomyske redenen oan om by Barwegen yn tsjinst te gean. Foar Weal, dy’t stimmen heart en sa út en troch yn in psygoatyske waanwrâld libbet, wurdt dizze beslissing syn ûndergong. Welmer – in stillenien – wurdt arbeider, mar hy jout him del by syn lot, lykas earder de heit dêr’t dizze tredde soan sa op liket. Allinne de jongste, Eman, krijt de kâns om fierder te learen.

De macht fan Barwegen kulminearret yn wat der mei Rika bart. Barwezen is net allinne dykgraaf, hy is ek boer. As trije fan syn skiep kwytreitsje troch tadwaan fan de jonges, wurdt Rika tsjinstfaam om de skeafergoeding foar de ferlerne bisten byinoar te fertsjinjen. Rika sjocht der kreas út en alle manlju yn ‘e omkriten ha in eachje op har. Elke lêzer dy’t wolris in roman oer boeren en tsjinstfammen lêzen hat, kin op syn fingers dus wol útrekkenje dat sy swier reitsje sil. Dat foarsizzen komt út, mar Van der Ploeg yntrodusearret al in twadde kandidaat: Holger, in Deen dy’t samar oanrinnen komt en in jier op it Bandtshûs bliuwt.

Mar wat moast er…

Om’t De Iishilligen skreaun wurdt út it perspektyf fan in âld man wei dy’t him syn bernejierren yn it ûnthâld bringt, is it ferhaal – útsein it earste haadstik en de epilooch – foar it grutste part yn de doetiid skreaun. It jout de skriuwer de mooglikheid, oan te jaan hoe’t it libben fan de haadpersoan ferrint nei’t de famyljeskiednis syn dramatyske ôfrin krigen hat en it ferhaal út is.

It sil foldwaan oan it ferlet fan de lêzer om te witten hoe’t it ‘fierder giet’, mar der is fierder net werklik in ynhâldlike of psychologyske needsaak te finen om de bernetiid tiid fanút it no wei te beskriuwen. Foar in part hat Eman ‘skuld’ hân oan it earnstige ûngelok dêr’t it boek sa’n bytsje mei eindiget, mar dit gegeven wurdt fierder net útwurke yn de sin dat it foar it libbensferhaal fan Eman betsjutting hân ha soe. De iennige reden foar de keazen opset soe wêze kinne dat fanút it perspektyf fan in jonkje op legere-skoalleleeftyd wei net it ynsjoch yn de psychologyske en sosjale ferhâldings yn en om it Bandtshûs beskreaun wurde kinne en dêr it stânpunt fan in folwoeksene foar nedich is.

In part fan it wurk is – nettsjinsteande de doetiid – aktyf, en dêrmei út en troch ek spannend  mar hjir en dêr wurde de situaasje en de minsken mear fan in ôfstân ôf beskreaun: de ôfstân fan ien dy’t weromsjocht op âlde tiden:

“Mem hat se letter noch faak de beanewinters neamd. ‘Witst noch fan de beanewinters, Eman?’ frege se dan. No dêr wist ik fan. Ien fan dy beanewinters is foar my ûnferjitlik wurden fanwegens de snie, in oaren om it kruien fan it iis.” (s. 45) It werheljen fan trije kear ‘de beanewinters’ foeget oars neat ta as in tal lettertekens.

“Alle kearen as ik hjir kom fyn ik dit hûs ôfbrutsen. Mar hoe faak bou ik it net yn gedachten wer op om myn ferbylding romte te ûndergean lykas ik tink de dingen trochstien te hawwen.” (s. 171) It soe in moaie boel wêze as it hûs der op in dei wêr stie…

It weromsjen liedt soms ta ferfeelsume bespegelingen fan it karakter ‘ja, sa wie dat doe, it wienen wrede tiden.’ “Mar wat moast er. It wie oarloch. En wy hiene in primityf bestean. Wy hiene oars net as fee en blabber en de striid tsjin it wetter.” (s. 229) Ensafuorthinne. De tematyk fan de machteleazens – tsjinoer de natoer en de sosjale omstannichheden – en de wize wêrop’t dy beskreaun wurdt, leit my persoanlik net sa. Al hat it sjenre net myn foarkar, mear wurdearring ha ik foar dy oare regionale en kultuerhistoaryske roman van Van der Ploeg, Foarby it Boarkumerfjoer. It epos oer it fergean fan de fiskersfloat fan Peazens-Moddergat is folle spannender om te lêzen as De Iishilligen.

Yn syn proefskrift Proza van het platteland, Een onderzoek naar normen en waarden in het grotere Friese proza van 1855-1945 (1984) seit Trinus Riemersma: “Mijn centrale veronderstelling is dat de Friese literatuur voor de gemiddelde Friese lezer een andere functie heeft dan de Nederlandse. De Nederlandse literatuur en de in het Nederlands vertaalde literatuur dienen ertoe hem te confronteren met allerlei problematische zaken in het leven, hem te informeren over andere denk- en leefwijzen, de Friese literatuur dient vooral tot zijn zelfbevestiging als Fries.” It binne meast âldere minsken dy’t noch Frysk lêze. No wol ik net beweare dat dizze generaasje fan minsken dy’t har dreamen hienen mar gauris net de kâns om fierder te learen, bewust stribbet nei ‘zelfbevestiging als Fries’ – ik wearzgje fan sok tinken -, wol kin der sprake wêze fan it sykjen fan ‘zelfbevestiging’ troch it lêzen fan literatuer wêryn’t de foar in grut part fan de âlderein o sa werkenbere wrâld fan machtige boeren dy’t harren arbeiders útrûpelje, úttekene wurdt. Mei de sutelaksje 2005 sil De Iishilligen dan ek sûnder mis wer in ferkeaptopper wêze foar dizze generaasje fan Frysklêzers.