Durk van der Ploeg, It himels oerwurk

it magnus opus van Durk van der Ploeg

20 maart 2007
Durk van der Ploeg, It himels oerwurk
Friese Pers Boekerij, 512 siden, ISBN : 9789033005893

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

van der ploeg himelsk oerwurkAl krige Van der Ploeg yn 2003 de Gysbert Japicxpriis foar it proaza net, hy is perfoarst ien fan de meast wurdearre Frysktalige auteurs. Mei de kar fan de sjuery om it wurk fan Willem Tjerkstra te bekroanen en net Van der Ploeg syn Foarby it Boarkumer fjoer ferlear de Gysbert wat fan syn glâns as prestizjeus statussymboal foar de literêre kwaliteiten fan in skriuwer.MeiSykjend nei it lêste hûs (2004), De Iishilligen (2005) en De hûnsdagen (2006) makket Van der Ploeg ék by de kommende priistakenning wol wer in kâns, mar foar dizze trije boeken sil der mear serieuze konkurrinsje wêze as de foarige kear: Krol, Van der Meer, Schoorstra, Tiemersma. ‘Oan bar wêze’ om’t Van der Ploeg as produktyf literêr skriuwer noch noait de Gysbert krigen hat mei dan ek noait it kritearium wêze, dat soe de priis pas echt twaddehâns meitsje.

Van der Ploeg syn nijste boek is in romantisearre biografy fan it libben fan Arjen Roelofs (1754-1818) fan Hijum. Arjen komt út in húshâlding wêryn’t alle fjouwer jonges har jongs ôf dwaande hâlde mei it bestudearjen fan stjerren en planeten: it ‘himelsk oerwurk’. As jonge al is Arjen goed yn wiskunde, mar de kâns om troch te learen krijt er net, meidat de heit net in soad op hat mei de ynteresse fan syn soannen. Daliks nei de legere skoalle wachtet de jonge it wurk op it lân. Pas as Arjen troch in sykte net mear by steat is ta swier lichaamlik wurk en de heit te ferstjerren komt, is der gjin behindering mear om alle tiid oan de wis- en de stjerrekunde te spansjearjen. Mei ynstrumintmakker Sieds Johannes Rienks wurde yn opdracht fan kening Willem I twa foar dy jierren grutte, trettjinfoets teleskopen boud.

Yn de roman wurdt in sekuer byld tekene fan it libben op it plattelân tsjin de achtergrûn fan de politykmaatskiplike ûntwikkelingen fan dy jierren. Alderhande ûnderwerpen komme op it aljemint, fan de Haarlemmer Courant oant en mei de wettersneedramp fan 1825, mar wêr’t it benammen om draait is Arjen Roelofs syn obsessive niget oan de astronomy, pleatst binnen de kontekst fan de ynterminsklike ferhâldingen.

pil

Wa hat der hjoed-de-dei noch tiid (oer) foar in boek fan 512 siden?

Soe ik der net in resinsje oer skriuwe, dan soe ik net daliks sa’n tsjokke roman pakke. De lêste ‘pil’ dy’t ik lies wie De opwindvogelkronieken fan Haruki Murakami: 864 siden. In bizar ferhaal dat net sa gau nei te fertellen is en wêrby’t de lêzer fan de iene ferbjustering yn de oare falt, fan mystike ûnderfinings oant de wredens fan de oarloggen yn Mantsjoerije en Mongolië, mar wêrby’t alle lagen en ferhaallinen fernimstich yn elkoar gripe. As it sjoen it tal siden net by definysje ûnmooglik west hie, hie ik De opwindvogelkronieken yn ien sike útlêzen. It soe de muoite wurdich wêze om it noch in twadde kear te lêzen. It is in oare wrâld dêrst yn telâne komst. Mei It himelsk oerwurk ha ik dat net sasear. Wat ik yn it lêzen ál sykje is de ferrassing. It kin om humor gean of om wredens, mar it alderwichtichste is dat, wat ik lês ‘nij’ foar my wêze moat. Nij yn relaasje ta oare skriuwers en nij yn relaasje ta earder wurk fan deselde skriuwer.

smaak

Wat it sjenre oanbelanget, sit Van der Ploeg syn nijste boek tusken in streekroman, in histoaryske roman en in biografy yn. Dát is nij. No hat Van der Ploeg fansels wol earder oer de skiednis skreaun, mar net yn de foarm fan in (romantisearre) libbensbeskriuwing.

Wat nét nij is, is de setting dêr’t de haadpersoan syn libben him yn ôfspilet: it hurde bestean fan eartiids yn it noarden fan Fryslân. De wredens fan it lânskip, de natuer en de waarsomstannichheden sit bygelyks ek yn Foarby it Boarkumer fjoer en De Iishilligen. It is in hurdens dy’t ek yn de minske krûpt is. Yn De Iishilligen binne it de slykwurkers dy’t earmoedzje yn in ‘wrâld fan bibel, bidden en blabber’ en yn Foarby it Boarkumer fjoer binne it de fiskers dy’t de kop amper of net boppe wetter hâldekinne. Giet it de iene kear om sosjale ferskillen tusken dykgraaf en slykwurkers, de oare kear is der de macht fan de grytman wylst de bewenners fan Aldeleie yn harren hoalen fersuterje. Yn alle neamde gefallen giet it om isolearre húshâldings. Yn Foarby it Boarkumer fjoer is it Swaantsje Holwerda dy’t in potintaat as heit hat, yn De Iishilligen is it de heit dy’t de soannen gjin kar jout as it om harren takomst giet en yn It himelsk oerwurk gunt de heit syn soannen gjin momint de tiid om har mei de astronomy en de wiskunde dwaande te hâlden. Slimmer noch, as jonkje fan tolve wurdt Arjen in nacht bûtendoar fêstbûn, as straf om’t er stikem troch pake syn kiker nei de himel sjocht. En letter slacht de heit alle ark en alle wurkstikken fan syn soannen kapot. Gjin ien kear is der by de heit ek mar wat fan begryp foar de jonges te merkbiten.

Fan alle bern, yn alle boeken fan Van der Ploeg – en ek yn it libben fan hiele generaasjes Friezen – wurdt by definysje ferwachte dat sy yn de fuotleasten fan de âlden stappe. En is it net om ekonomyske redenen, dan is der wol de ynfloed fan it leauwe dat benammen in jin skikken yn jins lot ynhâldt.

Mar in Van der Ploeg is gjin Van der Ploeg as der ek net altiten de útsûnderingen op de regel binne: dyjingen dy’t al har eigen paad gean, besykjend om har, sa goed en sa kwea as it giet, oan de situaasje te ûntwrakseljen: de dochter dy’t gjin boer mar in fisker trout, de fisker dy’t in eigen skip keapet, de soan dy’t troch in oprop foar it leger ûnder it wurk yn it slyk út kin, in jongste dy’t ál de kâns krijt om fierder te learen wylst de oare bern har ûnder de situaasje deljaan moatte. Sa is it yn It himelsk oerwurk Klaas dy’t as âldste foar stjoerman leare mei. As lykwols bliken docht dat dêr gjin wurk yn is, skriuwt dizze soan him, dwers tsjin heit syn wil en winsken yn, as ‘earmlêstige’ yn by de universiteit fan Frjentsjer. En de haadpersoan, Arjen, kin himsels pas op it mêd fan de wis- en stjerrekunde ûntjaan as er troch sykte de rest fan syn libben handikapt wurdt en it lân net mear yn kin.

Der komme alderhande tema’s en motiven út earder wurk fan Van der Ploeg yn It himelsk oerwurk werom en it is yn dy sin dat it boek gjin ferrassing is. Dat jildt seker foar it earste boek fan de trije boeken dêr’t de roman út bestiet. Fansels binne der ferskillen, it giet ommers om in oar tiidrek (dy fan patriotten, de Napoleontyske oerhearsking en de befrijing troch de Kozakken) en om in oar ûnderwerp (in man yn de besnijing fan de stjerrehimel), mar yn de wiidweidige beskriuwings fan it hurde deistige bestean, diskear dat fan de boeren yn plak fan slykwurkers of fiskers, liket de tematyk fêst te lizzen. Ik ûndergean dat net allinne as in werhelling fan wat ik earder fan dizze skriuwer lêzen ha, mar ek binnen dizze iene roman binne de beskriuwings fan it lânskip, it waar, it wurk, hoe prachtich ek dien, sá wiidweidich en komme se sa faak werom, dat it de gong út it ferhaal hellet. In wol hiel konkreet foarbyld: Yn in tal deiboeknotyskes (side 427 e.f.) stiet ynhâldlik presys itselde as op oare plakken. Mar de lêzer is net demintearjend, dat wat it doel dêrfan is?

Der binne mear lêzers wêze dy’t, lykas ik, fine dat Van der Ploeg yn it generaal wolris wat koarter om de bocht gean mei. Sa lês ik yn in besprek fan Piter Terpstra oer Foarby it Boarkumer fjoer: ‘Yn syn boek begjint de beskriuwing fan de ramp by Peazens-Moddergat sawat op healwei. Der giet wat tefolle oan foarôf.’

It beswier dat Van der Ploeg de oanstriid hat te wiidweidich yn syn beskriuwings te wêzen en boppedat gjin inkeld histoarysk of biografysk gegeven oersljochtsje wol, is lykwols gjin hurde krityk.  It is earder in kwestje fan persoanlike foarkar dat ik leaver boppeneamde Japanner lês as de nijste fan Van der Ploeg.

Over smaak valt niet te twisten, mar ik kin der ek net om hinne…

deeglik opset stik wurk

It himelsk oerwurk is, lykas wenst by Van der Ploeg, goed skreaun. It boek is rynsk fan taal en boppedat hiel byldzjend, soms sels poëtysk skreaun. Nim bygelyks dit stikje, oer in tocht nei Amsterdam:

Troch de skimer fan in dream balten stimmen en klagen sinjalen fan skipshoarnen. Der foel in seil, hy seach in mêst bûgen, skrok wekker fan lawaai dat troch in reling resonearre. Yn in refleks rekke syn hân de werklikheid. Bang dat er him ferliept hie, spatte er oerein en skuorde it gerdyn fansiden. Sûzeboljend seach er nei bûten. Nei in ûnrêstige nacht trille him in ferdizene ljocht yn ’e eagen. Hy socht syn bril. Ut ûnbestimde fierten brieken seilen troch flâdzen damp. Op it IJ-wetter wie it ien en al drokte fan skippen. (s.250)

Prachtige rigels toch?

It himelsk oerwurk is gronologysk fan opbou: de skiednis begjint mei Arjen dy’t fan skoalle komt en einiget as, nei dy syn dea, bliken docht dat de teleskopen net wurkje.

It boek is foar it grutste part yn hy-foarm skreaun. Hjir en dêr komme deiboekoantekenings foar en in pear kear skriuwt Arjen syn broer Klaas, dy’t sjirurgijn wurden is, in brief. Troch de deiboeken krijt de lêzer mear ynsjoch yn Arjen syn tinzen. Boppedat kin ek mei help fan de brieffoarm in sprong yn de tiid oerlape wurde.

De relaasje mei de autoritêre heit komt werom yn Arjen syn ferhâlding mei syn maat Sieds Johannes Rienks. Mei’t allinne Arjen de berekkenings foar linzen en spegels meitsje kin en allinne Rienks as betûft ynstrumintebouwer Arjen syn ideeën konkreet meitsje kin, binne de twa ta inoar feroardiele. Rienks wol namme meitsje om mear opdrachten te krijen: in spjirring útsmite om in kabbeljau te fangen. Netwurkje hjit dat hjoed-de-dei. Arjen syn belang dêrfoaroer leit mear op ynhâldlik mêd: teleskopen binne der om de himel te bestudearjen, net om dy as relaasjegeskink fuort te jaan. Alderhande konflikten dy’t mei macht en fertrouwen te krijen ha, spylje in rol tusken de beide mannen. Dêrmei wurdt de ferhâlding fan Arjen mei Rienks in psychologyske ‘werhelling fan it drama’: lykas earder de heit, is it Rienks dy’t bepaalt en Arjen dy’t him by Rienks syn beslissings del leit. Ien en oar kulminearret net allinne yn it stikken rinnen fan de gearwurking, ek as it om de teleskopen sels giet, rint it foar Arjen, yn mear as ien opsicht, op in teloarstelling út.

Yn dy sin – de dramatyk – wit Van der Ploeg seker in roman op te bouwen.

Mar It himelsk oerwurk is mear: it is tagelyk ék in histoarysk ferantwurde biografy. Sa hat de skriuwer hiel wat om it ûnderwerp hinne lêzen en it boek troch saakkundigen neisjen litten om der foar te soargjen dat wat er bygelyks oer de stjerrehimel en alderhande mear technyske saken oer it slypjen fan linzen en it meitsjen fan teleskopen skriuwt ek kloppet. Van der Ploeg giet dy kennis net út de wei, mar lit de wiskundige of astronomyske feiten yn de roman ek net oerhearskje. Folle mear giet it der om Arjen Roelofs syn yn ’e besnijing wêzen fan de wrâld fan stjerren en planeten op de lêzer oer te bringen. En dat is slagge.

  Nei myn idee hie Van der Ploeg yn 2003 de Gysbert ha moatten. Diskear soe It himelsk oerwurk de priis mear as wurdich wêze.

Marrrrrrrrrrrrrrrrrrr: It boek is net yn 2006, mar begjin 2007 ferskynd, dat it komt (noch) hielendal net yn ’e beneaming… ‘Dat Durk him ivich wegerje mei’, wie by de priistakenning oan Tjerkstra yn 2003 ien fan de ferbjustere reaksjes op Farsk.

Soe it tafal wêze dat Van der Ploeg syn opus magnum net yn 2006 mar begjin 2007 oer it fuotljocht bringt? Soks wy wize fan statement?