dwerser as dwers

Dwers 00Soks fyn ik leuk: Pieter de Groot sit, by myn witten, net op facebook – wêrom eins net? – toch sipelt wat dêr bart troch nei de LC-kollemnist dy’t gauris oer it Frysk-literêre barren skriuwt.

De Groot beweart dat hy ‘soms even’ oer de jierren sechtich skriuwe moat. It Skriuwersboun, oprjochte yn ’69, soe as fakbûn oprjochte wêze.

Skiednis is benammen nijsgjirrich as dy in relaasje leit mei de hjoeddeiske sitewaasje. In wichtige fraach is dus: is it Skriuwersboun (noch) wol in fakbûn? In fakbûn ûnderhannelet oer arbeidsvoorwearden, oer arbeidsomstannichheden en komt op foar de belangen fan har leden. Piter de Groot neamt twa foarbylden út it ferline: modelkontrakten en it ymressariaat. Ik fyn dat nijsgjirrich, want ik ken gjin Boun dat it oait oer modelkontrakten hân hat. By myn witten binne it anno no net de skriuwers dy’t útjouwers kontrakten foarlizze, mar hantearje útjouwers de VVL modelkontrakten (mei oanpassings), kontrakten dy’t earder tasnien binne op de posysje fan de útjouwers as dy fan de skriuwers en ek is it mar de fraach oft, wat foar Nederlânske skriuwers goed is, ek goed is foar skriuwers yn in lytse literatuer as de Fryske. Sjocht it Boun oait nei dy kontrakten?
Of, wat PdG syn twadde foarbyld oangiet: hâldt it Boun saken as honoraria foar optredens yn de gaten? Of dy foar tydskriftepublikaasjes?
Oarsein: Is it Boun noch wol in fakbûn yn de sin fan belangebehertigingsorganisaasje?

In ûndernimmingsrie hat formele rjochten, dy lizze wettelik fêst, mar by it Boun is dat net it gefal. As der (al) mei it Boun oerlein wurdt, dan is dat (meast) op ynisjatyf fan it Boun en it hinget fan de krigelens fan in bestjoer ôf oft dat ek bart. Mar dan noch: it Boun wurdt net om advys frege – it giet altyd om net-frege advyzen – en hat op gjin inkeld punt ynstimmingsrjocht.

PdG hat it leaver oer de jierren 60, mar de posysje en de ynfloed fan it Boun anno no: dêr hie ik ek diskear folle leaver ris in kollem / artikel / analyse oer lêzen.

Wêrom is dat fan belang?
De provinsjale kultuernota Grinzen oer is koartby fêststeld. Dêryn stean in tal skean dy’t foar skriuwers fan belang binne, saken dêr’t skriuwers dus oer meiprate moatte soenen.
Teminste…
Neffens my…
Sa lês ik yn de nota dat de Gysbert dit jier mear kasjet krije sil: in fertsjintwurdiging fan skriuwers soe dêroer meitinke kinne.
Ek komme der provinsjale skriuwbeurzen. Om freontsjepolityk tefoaren te kommen, kin it winslik wêze dat in skriuwersorganisaasje meipraat oer de te hantearjen prosedueres.
En der komt in yntendant om de Fryske literatuer nei bûten ta te promoaten, mar soe it dan net ek saak wêze dat de literêre wrâld betrouwen hat yn de saakkundigens en ûnôfhinklikens fan de man of frou dy’t dizze taak taskikt krijt?

In link nei de jierren sechtich is prachtich, mar as omtinken foar de hjoeddeiske omstannichheden net fierder giet as konstatearje dat Abe de Vries yn de heechste beam sit, dan is dat djiptryst.