Een laatste saluut, de oorlog in Fryslân, Jack Kooistra

Skiednis út Frysk perspektyf wei besjoen

Een laatste saluut, de oorlog in Fryslân, Jack Kooistra, ISBN 90-806550-9-0, 700 siden

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

It is as boarte de duvel dermei: Sawat tagelyk meidat ein juny it earste haadstik fan de kontroversjele ferfrysking fan Adolf Hitler syn Mein Kampf op it ynternet ferskynde, kaam Een laatste saluut / De oorlog in Fryslân  fan de Ljouwerter sjoernalist Jack Kooistra út. Kooistra syn boek kaam 29 juny, op de lanlike feteranedei út. It twadde diel Strijders, onderdrukkers en bevrijders sil meikoarten ferskine. It earste diel befettet in list fan 4100 slachtoffers dy’t op Fryske boaiem omkaam binne of oars in relaasje mei dizze provinsje ha. Sechstich! jier lang hat Kooistra dokumintaasje sammele. It boek is net allinne in salút, mar, mei har goed sânhûndert siden, ek in bliuwend monumint foar de omkommen Joaden (1665), Roma (7), fersetsstriders (415), net-Joadske ûnderdûkers (55), slachtoffers fan represailles (70), finzenen (515), tewurkstelten (130) en oaren (560, omkaam troch oare of ûnbekende deadsoarsaken). Yn dy groepen is it boek ek yndield wêrby’t by elk haadstik in ynlieding op de matearje bean wurdt. De haadsaak foarmje de gegevens fan de slachtoffers sels. Fan in tal minsken is mear bekend as noftere feiten as data en plaknammen en is de beskriuwing fan de rol dy’t ien spile hat of fan it barren dat nei ien syn dea late wiidweidiger. Yn grutte linen komt it der op del dat fan bgl. fersetsstriders of ûnderdûkers mear bekend is as oer slachtoffers fan ferfolging op grûn fan ras: de Joaden en de Roma. Kwantitatyf sjoen is dy lêste groep fierwei it grutst, mar yn de beskriuwings ha se minder omtinken krigen. Dat kin ferskillende redenen ha: Miskien wie der neat te finen. Mooglik wienen der gjin neibesteanden of kunde dy’t gegevens oanleveren oer de achtergrûnen fan persoanen of oer de omstannichheden wêrûnder minsken ôffierd waarden. Neist de nammen fan ferneatigingskampen, is der inkelris in opfallend gegeven fermelde: “De jonge vrouw is door haar vader om het leven gebracht ter voorkoming van deportatie naar Polen. Hij sloeg haar de schedel in.” (s.132/133) De grize giet je oer de grouwe.

Een laatste saluut is ûnder mear foarsjoen fan in noflik lêsbere ynlieding ‘In vogelvlucht’ en in oersjoch fan wichtige feiten en gebeurtenissen. It wurk as gehiel pretindearret net sasear in byld fan de oarloch yn Fryslân te jaan, mar is benammen in neislachwurk oangeande persoanen. De lêzer kin bygelyks neisjen oft famylje of kunde fermelde is. Sa fyn iksels ûnder “Krijgshandelingen” in fier famyljelid werom: Anschje Reidinga, dy’t yn de hjerst fan ’43 tegearre mei har berntsje by it alliearde bombardemint op de sluzen fan Terherne omkaam.

Kooistra hat in ûnbidich stik wurk op him naam; dêr’ kinne je allinne mar wurdearring foar opbringe. Oft der flaters yn de ynformaasje sitte, kin ik net beoardielje, mar de skriuwer jout yn de ynlieding oan iepen te stean foar kommentaar. De iene kear wurdt mear presize ynformaasje jûn as de oare. Sa wurdt bygelyks by it Burmaniahûs yn Ljouwert en by het Scholtenshuis yn Grins de nammen fan de Hauptstormführer neamd, mar ûntbrekke nammen fan de ferantwurdliken by de beskriuwings fan it Huis van Bewaring yn Ljouwert en Crackstate op it Hearrenfean. My is net dúdlik wêrom’t de iene kear dy ynformaasje al bean wurdt en de oare kear net.

Benammen foar de âldere generaasje dy’t net mei de kompjoeter omgean kin, is it wichtich dat it boek yn dizze foarm ferskynd is. Stel, do sikest de namme fan in Joadske skoallefreon, dan giest nei haadstik 4.1 en sjochst of de namme neamd wurdt. In weardefolle oanfolling op it boek hie in CD-rom of in ynternetside wêze kind. Hjoeddeiske digitale techniken soenen de mooglikheid jaan, nei te gean wa’t der krekt yn in bepaald doarp omkaam binne. Ek as it neiteam net de namme fan it slachtoffer, mar wol parten fan it ferhaal ken, soe digitalisearring fan dizze enoarme skat oan gegevens de syktocht makliker meitsje kinne. Sykmasines biede de mooglikheid bygelyks te sykjen op in berop, de namme fan in bedriuw of dy fan de partner. Yn dy sin is dit deeglik útjûne boek ûnderwilens as tagonklik ynformaasjemedium wat âlderwetsk. Bykommend foardiel fan in útjefte yn digitale foarm is dat korreksjes en oanfollingen makliker (en wierskynlik goedkeaper as in boekútjefte) oanbrocht wurde kinne.

“Veel historici hebben geschiedenis vanuit een Fries perspectief willen schrijven,” skriuwt P.C. van der Graaf yn it foaropwurd. Gâns oars as yn de ynleiding by de ferfrysking fan Mein Kampf hat dat Fryske perspektyf yn dizzen folslein syn gerak krigen. Yn it ôfwoegen ‘Ten geleide’ skriuwt Kooistra: “De oorsprong van het kwaad lag, naar mijn volle overtuiging, bij de agressor, Duits of Japans. Hun ideologie was onmenselijk en in strijd met algemene menselijke waarden, praktisch geformuleerd in de Verklaring van de Rechten van de Mens.” Dy ideology wie net allinne ferantwurdlik foar de slachtoffers dy’t yn de oarlochsjierren in krúske achter de namme krigen, mar ek foar dejingen dy’t de oarloch wol oerlibben, mar dochs as slachtoffer sjoen wurde kinne.