facebookposting

Tige tank, facebook, leuk datst it fregest: ‘Hoe voel je je, Elske?’ Hiel wat oars as wenstige ‘Wat ben je aan het doen?’. Folle leaver ek, as hienen wy de nacht tegearre trochbrocht. Of is it it de suster yn dy dy’t my, as lei ik yn it sikehûs, de pols fielt en my in termometer yn it gat triuwt. Ik bin allang bliid dat it ‘je’ is en datst net fregest: ‘En, Elske, hoe voelen wij ons vandaag?’ Dat ‘wij’ is mear ien foar yn it ferpleechhûs, hoewol’t it betutteljende toantsje ek dêr troch de bewenners, pasinten of hoe’tst se ek mar neame wolst, allang net mear wurdearre wurdt.

‘Hoe voel je je, Elske?’
Ik wenje allinne en wurkje thús, dat dy fraach wurdt my net alle dagen steld. Dat allinne al makket my bliid. Hoewol krekt it allinne-wêzen my de meast lokkige minsk fan d’ ierde makket al wie it allinne mar om’t it my de tiid en de mooglikheid jout om dêr ris even útgebreid by stil te stean.

It finster stie fannacht iepen, om de rook fan sigretten te ferdriuwen, dat it is fris yn de keamer. Dûbelfris sels: de termostaat wiist noch gjin tsien graden oan. Nettsjinsteande ik altiten yn ’e ûnderklean nei ûnder sto, ha ik it moarns noait kâld, sels yn desimber net, dat ik draai de ferwaarming op fyftjin. Ik ha hearlik sliept, dat ik fiel my fit en útrêste, tefreden ek, want de stekker kin yn it stopkontakt, de ljochtsjes brâne en de keamer rûkt nei hars. Ik ha gjin krystbeam, mar in pear dagen ferlyn in tûke fan de Koreaanske spar út de tûn fan myn âlden helle. De rook is der ien fan nostalgy nei in wyt lekken om it liif en ingelehier en ‘De herdertjes lagen by nahahachte’ sjonge yn in folle tsjerke. Yn werklikheid sit ik oan de kofje.

Sliepe, kofje sette: it binne dochdingen en dat wie dyn fraach hjoed net. Gean ik alwer de mist yn, sorry, sorry, sorry. Werom nei hoe’t ik my fiel dus. Om earlik te wêzen: De mûle ferlûkt my, want ik bin de sûker fergetten. In momint fan argewaasje want ferlet fan kofje en ris even stil stean by mysels stride mei elkoar om foarrang. Earst nei de keuken. It wite klûntsje plûmpt yn de wite mok dy’t ik ea fan H. kocht ha. Der binne der sân fan, ik ha se al tsien jier en der is noch noait ien brutsen. Ik krij de oanstriid te fertellen wa’t H. is en hoe’t ik oan de mokken kom, in lang ferhaal, mar de flier is kâld en ik realisearje my dat it de bedoeling is dat ik, werom achter it skerm, earlik opbychte soe hokker gefoelens soks opsmyt. Ik kin koart wêze: Kâlde teannen.

Falt it antwurd dy ôf?

It wie in lange nacht. Foar’t ik yn sliep tûmele seach ik in heale ôflevering fan Labyrinth oer ‘geestverruimende therapie’. De belangstelling foar psychedelika is werom. Wat dogge, bgl, paddo’s mei it brein en soenen dy ynset wurde kinne om minsken fan har ferslaving ôf te bringen. Lizzend lêze of tillevyzje sjen is hearlik, mar makket ek slûch, dat ik ha my algau deljûn. Ik waard wekker mei de ipod noch yn ’e hân en skode de skoattel nei links. Oft ik fierder sjen woe. Noch heal yn ’e sûs wist ik net krekt mear wat ik oan it sjen wie, mar algau wie ik werom yn de wrâld fan de paddo’s. Om de sjogger wat mei te jaan fan de ûnderfining dy’t de psylocibine jout waard de praterij ôfwiksele mei hallusinogene bylden, mar lang duorre it net, noch net iens by de ein sprong de útsjoering werom nei it begjin. Boppedat ferskynde der hieltyd in boadskip op it skerm dat de batterij sawat leech wie.
It is sneon, dizze dei soe ik neat hoege, no ja, de flier dweile – in putsje dat ik de hiele wike útsteld ha (spyt? skuldgefoel?) – ik lei op ’e rêch (noflik), ûnder in skjin lekken (noch nofliker), de eagen ticht en even like it derop dat de kleurige flekken dy’t ik foar my seach betsjoenende ferskinings wurde soenen, mar it slagge net de bylden fêst te hâlden. It wie nammentlik de ipod dy’t my út de konsintraasje helle. Of my út ’e dream holp, sis it mar. “Aanst it âld papier by de dyk sette.”
Ik seach nei bûten. De wrâld blykt juster net fergien te wêzen, snie leit der likemin. Hoechst it net wer te freegjen, ik stean derom bekend: Mei my giet it altyd goed.