it meunster

kipGrutte minsken binne stom. Se sitte altyd oan tafel te praten.

Lise ferfeelt har. Se lûkt heit oan ’e mouwe fan de trui. Heit merkt it net. Omke praat mar en praat mar. En heit harket mei sân pear earen.

“Heit,” seit se, “Ik wol fuort.” Heit hie ommers beloofd dat se nei de boarterstún ta soenen. Mar earst moasten se nei omke ta op besite. Lise fynt der neat oan, by omke. Der is hielendal gjin boartersguod yn ’e hûs. En hy hat it hier sa wyld om ’e kop. Hiel oars as heit.

Lise rint de trep op. Op de oerloop leit in steapel t-shirts, boesgroentsjes en broeken. Ut de bulte klean stekt in enoarme oranje snaffel.

Hoe kin dat no? In fûgel? Binnendoar?
Wat moat it bist hjir? Aanst pikt er har. Lise giet in stap achterút. Se is benaud. De snaffel beweecht net. Is it wol in fûgel? Of is it in meunster? Lise giet nei ûnder ta om help. Heit moat de fûgel fuort jeie.

“Heit,” ropt se, “boppe is in fûgel.” Se krûpt deun tsjin him oan.

“En do bist in knyntsje,” seit heit en hy streaket har oer it hier.

“Heit, wolsto de fûgel foar my krije?” Mar heit heart Lise net iens. Hy praat al wer mei omke.

“Stomme heit.” Lise jout heit syn stoel in skop. Mar net al te hurd want dan krijt se seare teannen. Dan rint se de gong yn. De gong is leech. Der binne twa doarren. Wat sit der achter? De earste doar wol net iepen. Dan besiket Lise de oare. Dy wol al iepen. Lise kipet om it hoekje fan ’e doar. O, hjir is it húske. Lise giet nei binnen ta en smyt de doar achter har ticht. Ynienen is it tsjuster. Der is net iens in finster. Lise siket it knopke fan it ljocht. Har lytse hantsjes gean oer de muorre. Wêr is it knopke no? Getsy, der sit ynienen wat hiel fiis oan har fingers. Wiete fearren kribelje oan har hantsjes. It fûgelbist! Lise slacht wyld om har hinne om it grizelige fuort te krijen. Se wol hjir daliks wei.

“Heit! Heit!,” raast se. Dan heart se fuotstappen yn ’e gong. Der komt wat har kant út. It meunster. Lise skuort oan ’e doar.

“Ik wol der út! Heit! Heit!”

“Wat ha wy no?” seit in stim. De doar giet iepen en it is wer ljocht. Heit syn grutte hannen tille Lise op. Hy nimt har mei de keamer yn en set har op ’e knibbel. Lise moat hiel hurd gûle. Heit hâldt har stiif tsjin him oan. Krekt salang oant it gûlen oer is.

“Wat wie der?” freget heit.

“De doar woe net lústerje…” Lise snokkert noch in bytsje nei.

“En wiesto bang? Mâl famke. Der kin dochs neat gebeure?”

“Der wie in meunster. En doe woe ik derút. En dat koe net. Want de doar woe net lústerje.”

“In meunster?” Heit sjocht har ferheard oan. “Meunsters bestean toch net?”

“Echt wier, heit. It fûgelmeunster.”

Heit syn eagen wurde grut en syn wynbrauwen gean in hiel ein omheech. “Kom,” seit er, “dat wol ik sjen. Tegearre sille wy it fûgelmeunster sykje.” Hy set Lise op de flier en krijt har by de hân. Earst gean se de gong yn. Heit docht de huskedoar iepen en knipt it ljocht oan. Foarsichtich gluorket Lise it huske yn. Der is in wc-pot. In ammerke mei in boarstel. Skytpapier. Dat is alles. It ljochtknopke sit heech oan de muorre. Heit tilt Lise in eintsje op en se knipt it ljocht út. Se dogge de doar ticht en sjogge om har hinne. It is roettsjuster.

“Sjochst wol,” seit heit, “gjin meunster te sjen.”

“Nee, heit, it fûgelmeunster is hjir ek net. Heit begrypt der neat fan. Dy is boppe.”

“Dan sjogge wy dêr ek,” seit heit fleurich. As in soldaat stampt er de treppens op.

“Ien, twa, trije, wy sille de meunsters krije,” sjongt er en hy klapt derby yn ’e hannen. Lise stampt der achteroan. Sy sjongt ek mei: “Ien, twa, trije, wy sille de meunsters krije.”

“Wêr dan,” freget heit as se op de oerloop stean. Lise wiist nei de steapel waskguod. It meunster is der noch. Syn oranje snaffel stekt ta de klean út. Lise krijt heit by de bokse en knypt yn ’e stof. In bytsje grizelich fynt se it al. Heit docht in haal en krijt de snaffel beet. Dan hellet er it bist foar it ljocht. Mar it is hielendal gjin fûgel, it is alline mar in holle. In hinnekop. Heit en Lise moatte beide ferskriklik laitsje. De holle is fan plestik en der sit in toutsje oan. It is in masker. Heit set it hinnemasker op. Sa gean se tegearre nei ûnder ta. Lise sjongt: “Ien, twa, trije, wy sille de meunsters krije.” En heit keakelt: “Tok, tok, tok, tòòòòòk.” En dan is omke in hin en dan heit wer en dan omke wer en dan heit wer. Lise kraait it út fan wille.

“No do,” seit heit, mar Lise wol net. Sy is leaver in knyntsje.

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.