Jaap Krol, Wettersek

FALSKE BELOFTEN
Niks net samar út

oktober ’02
Jaap Krol, Wettersek

Jaap Krol hat in frjemd boekje skreaun. In ferrekt frjemd boekje. Op it omslach stiet: ‘Wa’t in bytsje trochlêst hat it samar út.’, mar dat is moai net wier: haadstik foar haadstik wrakselje it my troch it titelferhaal, dat mei syn fiifennjoggentich siden it grutste part fan it boekje útmakket.

Net om troch te kommen….

Yn it foarste plak komt dat troch it taalgebrûk, de haadpersoan is in Amearika mei in frou, siket dêr in plakje om him te wenjen te setten en de dialogen binne yn in bryk Ingelsk. Funksjoneel, de man praat ommers gjin Ingelsk, mar knap yrritearjend. En dan dy ferteltoan. In griis, it liket wol oft er tsjin lytse bern hat. Brrr. ‘Huhuu… hearde er fierderop. Tataa, antwurde ien. It oerfoel him in bytsje, hy fielde wat er seach – en joech it rêstich in namme. As wie er noch net hielendal by de pinken. En hy gappe nochris. – Ha…a…ammfff.’

Wat hat it foar doel dat gapjen te beskriuwen?

It is noch besmetlik ek.

Benammen ast yn bêd leist te lêzen.

En elke kear mar wer dy rigel dy’t him herhellet: ‘Hy is in man fan in bytsje wurden. In ferrekt lyts bytsje wurden.’

Dat hoecht er net te sizzen wol?

Dat is sa ek wol dúdlik.

De twadde oarsaak dat Wettersek sa ferfeelsum wurden is, is dat it sa noadich yn ’e omkeard gronologyske folchoarde skreaun wurde moatst. As lêzer begrypst der ynearsten dan ek gjin byt fan, pas nei meardere haadstikken krijst foar it ferstân datst oan it ein begûn bist en de kop der better byhâlde moatten hiest. Gebrûklik is dat der de spanning opbouwende eleminten ynset wurde yn it begjin fan in ferhaal, mar dy Jaap Krol ferrekt it. Dy skriuwt rêstich in boekje, datst nei in pear siden kringloopwinkel de Lege Knip takomme litst.

Of datst foar de pronk yn ’e boekekast setst, sadat it teminste liket datst tige belêzen bist. Miskien bewarrest it wol om dy kop achter op it omslach, of om dy âldmoadrige plaatsjes út ’e jierren fyftich fan solúsje, in mummysliepsek en in spiritusfergasser.

Wat moat soks?
Kinst der neat mei.

Wat soest yn ’e godsnamme oer sá’n boekje sizze moatte?
Dat der foar soks subsydzje jûn wurdt, ik snap dy lêskommisjes net. Soks kin allegear mar.
En dat fan ús skoandere belêstingsinten…..

Der binne noch fjouwer ferhalen fansels….

Mar wat te sizzen fan it simpele ferhaaltsje Meie jim wol in Mars, in foarfaltsje út ’e bernetiid oer in besite oan omke Melle en tante Japke? Tsa, elts bern fret dochs syn snobbersguod daliks op?
Wat is dêr no oan?

Of nim Portret: de ferteller makket in foto.
Dat is it!
Is dat alles?
Ja, dat is alles.

It tilt op fan de wytrigels!
En dialoochjes fan twa wurden de man: al wer sân siden fol.

Sonde fan ’e sinten, soe Koos Tiemersma sizze.
Mar ja, dy sit ek net by Bornmeer….

***

Unthjit

Ik ha ûnthjitten, dat ik Jaap Krol besprekke sil, mar ik kin myn belofte net neikomme, it is myn soarte fan boekje net en it slagget my net der wat oer te sizzen. Dus freechje ik A. it te besprekken en dy seit ta.
Gelokkich mar.
Mei eare frij.

***

Al wer in misrekken

Yn it wykein ha ik neat te lêzen, de biblioteek is al ticht en dus lês ik Wettersek mar út. Ik hoech der neat mear oer te sizzen, dus dat lêst yn elts gefal in ein nofliker.
En dy toan?
Och alles went…

Ik doch A. in briefke, dat it in nijsgjirrich boekje is, in besprek mear as wurdich, al soe ik it sels net kinne, mar in pear wike letter docht bliken dat A. troch tekoart oan tiid syn belofte likemin neikomme kin.

Tsja, dan mar net, we kinne net alles.

***

Sa’t it heart…

By tafal kom ik him tsjin:

‘Jaap Krol,’ sa stelt er him foar.
‘Fan
Wettersek?’
‘Fan
Wettersek.’
‘Wat in akelich boek. Net om troch te kommen.’
‘Moai sa.’
‘Mar prachtich!’

Hy glimket fyntsjes.

Ferdorie. Hie ik de wurden mar hân. Postpostmodernistysk. Nihilistysk. Simplistysk. Wat streamingen der tsjinoan smite.
Desnoads De Grinzers….
En wat sizze oer fertelperspektiven. Personaal. Auktoriaal. Of ûnbetrouber. Sokssawat.
Zeitgemösse tematyk. Moraliteit. Of krekt it ûntbrekken derfan. Universeel misskien sels wol. Ferliezer. Gefoelspalet. In grisseltsje humor. Yllúzje. Konfrontaasje. Fol dramatyk. In Fries yn ballingskip. In ûnthjit foar de takomst. Betûft skriuwer. Lêbige toan. Autintyk. Sûnder pretinsje. Of mei, wa sil it sizze? Oertsjûgjend. Trochlibbe. Metafysyske ferbining. Au fond realistysk-psychologysk. Skerp delsetten. Folsleine betizing. Eksperimenteel. In unikum yn ’e Fryske literatuer. En as it kin wat filosofy der troch mjukse, se moatte al witte datst net fan ’e klaai komst. Noch in stikmannich nammen út ’e wrâldliteratuer der troch grieme, leafst fan swiere kost, fan dy dingen dy’t dochs gjin minske lêzen hat.

Sa dogge de oaren dat ek.

Sjoch mar yn ’e krante ….

***

Op ’e redaksje…

‘Ik ha noch mei Jaap Krol fûstke.’
‘Fan Wettersek?’
‘Fan Wettersek.’
‘Wie dy der ek?’
‘Ja, hy wie der.’
‘Ik hie wol even mei him prate wollen.’
‘Hy moast de bus helje.’
‘…’
‘…’
‘Hiest it besprekke sillen…’
‘Sorry, it slagget my wier net’
‘Louw[1] hat my der lêstendeis noch nei frege.’
‘Hoho, net driuwe,’

‘Dy moatte we oars al te freon hâlde,’
‘It is gjin moatten.’
‘Oars freegje ik A. nochris.’
‘Liefdewerk, oud papier, jong’
‘Dat is ek sa.’
‘…’
‘…’
‘Ik ha der net genôch wurden foar,’
‘Ach, dy skytmerakels fan dy altyd.’
‘al fertsjinnet it al in besprek.’
‘Dat liket my ek.’
‘We sille in oare meiwurker fine moatte.’
‘Nee,’
‘Soe Trinus it net besprekke kinne,’
‘komme we mei de sinteraasje yn ’e knoei’
‘dy skriuwt ek fan dy nuvere boeken.’
‘Hm, neffens my docht er gjin besprek mear.’
‘Kinst it dochs freegje?’
‘Dat kinne we net betelje, ju.’
‘It is yn elts gefal in apart boekje.’
‘Ja.’
‘…’
‘…’
‘Spitich.’


[1] Louw Dijkstra fan Bornmeer