Jabik Veenbaas, De wite ûle

nije ferhalen fan Jabik Veenbaas

febr. 2007
Jabik Veenbaas,  De wite ûle
ISBN 978-90-5615-141-6, Bornmeer

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

veenbaas wite uleWat makket in ferhaal ta in goed ferhaal? Ien kritearium is: der moat neat oan mankeare, net yn de styl, net yn de spanning, net yn de opbou. Soks klinkt as de ferneamde wierheid as in ko, mar dat is it net: As oersetter, dichter, essayist en kritikus is Jabik Veenbaas betûft genôch om te witten hoe’t in ferhaal yn elkoar stekt. Yn 1990 skreau er Tusken himel en hel en yn 2000 ferskynde De brulloft fan Valentijn, beide ferhalebondels. Mei De wite ûle binne der alve ferhalen bykaam. Dêr sitte in tal nijsgjirrige by, al hat Veenbaas syn nijste boek, tsjin de ferwachting yn, hjir en dêr har swakke steden.

De begjinrigel fan ‘Sirkus’ lûkt de lêzer daliks it ferhaal yn: ‘Moat Rachel him noch faker roppe, mei har ferûngelike lûd?’. ‘Sirkus’ spilet him ôf yn in nijsgjirrige setting. De haadpersoan, Louis, balansearret tusken twa froulju: Olga is syn partner yn de piste, mei har hat er in seksuele relaasje. De twadde is Rachel, syn frou, dy’t him allegeduerigen op ’e kop sit om’t er in besite oan sike broer foar him útskoot. En dan is der noch it neefke fan njoggen dat sa graach, lykas Louis is, akrobaat wurde wol. Dizze Louis is gjin oangenaam persoan: hurd, gemien, egosintrysk. Sûnder de skaaimerken platwei te beneamen wurdt it karakter delset yn de wize wêrop’t er him tsjinoer de minsken om him hinne hâldt en draacht. Veenbaas wit syn ynformaasje goed te dosearjen: Hokfoar man is dizze Louis? Wat is der misrûn tusken him en syn frou? Hoe sit it mei de ferhâlding ta de broer? Geandewei it ferhaal komt de lêzer achter de psychology fan de haadpersoan en syn ferhâlding ta de omjouwing.

‘Sirkus’ noeget út om troch telêzen; wolst witte hoe’t it ôfrinne sil mei dy rotsak dy’t net iens de tiid nimt om nei syn broer ta. Der binne gjin oerstallichheden: alle eleminten ýn it ferhaal drage by tá dat ferhaal.

oerdreaun

Oars leit it by ‘De sliepers’. Ferskillende tema’s rinne trochinoar hinne. Oan de iene kant is it de beskriuwing fan in broeierich simmerbarren: Geertrui giet nachts de doar út om mei in ploechje freonen en freondinnen te sûpen en te frijen. Tagelyk heart it famke der net langer by: sy sil it doarp ferlitte, se sil te learen, de oaren sille efterbliuwe. Dizze nacht is in ôfskie. De titel ferwiist net allinne nei it letterlike sliepen fan de âlden waans hûs se ferlit as freonen har wekker meitsje troch mei stientsje tsjin it rút te smiten, mar ek nei de pake dy’t der net mear is, dy’t – figuerlik – sliept, op it hôf. Dêrmei, én mei it gegeven dat de nachtlike sûp- en neukerij op in grêfheuvel plak fynt, ferwiist de titel ek nei de dea. Boppedat falt Geertrui, ûnderweis nei hûs, nei’t se in jonge ôfstegere hat, yn sliep.

De ein is wat in ôfdijer, der binne safolle ‘sliepers’ dat it de skriuwer net werklik slagget en kom mei in nijsgjirrige plot dêr’t alle eleminten by elkoar komme. Yn de tekening fan de sfear ûnder it jongfolk is it in ridlik slagge ferhaal, mar safolle ‘sliepers’, it is wat oerdreaun. En sa’t de skriuwer it famke op fersimpele manier klearkomme lit, dat docht ûnderstek oan it literêre gehalte: ‘(…) Se streake harsels en liet even in finger yn har spleet glydzje. Der lôge in geilheid op dy’t se net tsjinhâlde koe, se wreau harsels yn in tiid fan sekonden klear. Oant trije kear ta aam se, heftich en hearlik.’ Moai foar Geertrui, mar tsjonge, jonge, Veenbaas en de froulike seksualiteit: it is plan-út plat. Ek op oare plakken yn de bondel – útsein de moai beskreaune dream yn ‘It famke’ – komme de sekssênes net boppe it nivo fan de measte amateurs út. Hoe moai bygelyks it gegeven yn ‘De blauwe ingel’ ek is – Hanna, de wyldepûst, bringt de skrutene Aafke ta bloei – de frijpartij fan de suskes is net al te oannimlik.

earnstich

Yn it wurk fan Veenbaas mist de faktor humor folslein, de toan is oeral like earnstich, ek as it gegeven op himsels grappich wêze kinne soe. It makket in ferhaal as ‘In moarn út it libben fan Herman’, oer in man dy’t nachts hiel lyts wurden is, – op himsels in humoristysk gegeven – sa flau as luzen.

Ut en troch is der in moai byld, al is Veenbaas, seker foar ien dy’t ek poëzije skriuwt, hjiryn net al te rynsk. Moai is bygelyks ‘de lytse húskes toanden har betochtsume gesichten’ (s. 50) of ‘it meagere gnyskjen fan ôfskied en dea’ (s. 43), mar ‘Koe ik mar ien kear djip en lang sliepe, om wekker te wurden as farsk brea, as in ferriisde’ is in ferskriklik kromme fergeliking. Yn dy sin is it mar goed dat de skriuwer himsels wit te beheinen.

Op ferskate plakken freegje ik my ôf: Wêrom brûkt de skriuwer de doetiid as de notiid likegoed kind hie? Wêrom wurket er gauris beskriuwend yn plak it barren sjen te litten? Sa begjint it titelferhaal ‘De wite ûle’, oer in pleage jonkje dat flechtet yn in dreamwrâld, mei in sêne wêryn’t er weromtinkt oan de ûle dy’t moarns op de râne fan de finsterbank fan de sliepkeamer sit. It oantinken wurdt folge troch: ‘Arnold tocht hjir mei wolbehagen oan wylst er trochrûn (…)’ Mar wêrom lit de skriuwer de lêzer der net by wêze as de ûle nei Arnold knypeaget en gappet? It is oars wol oandwaanlik: de broekjepisser dy’t yn syn dreamen de pestkoppen oerwint. It ferhaal hie prima yn in bondel foar jongere lêzers kind, al is de ôfslutende rigel ‘stadich soe er it hiele doarp ferheffe op de wetters fan syn genede’ net allinne oerstallich mar ek knap âldwivich. Mar it is benammen spitich dat de skriuwer der net yn slagge is om de lêzer al fuort, fan begjin ôf, te beheljen yn de waan fan it jonkje.

Yn De brulloft fan Valentijn eksperimintearre Veenbaas mei ferskillende foarmen en skriuwstilen. Utsein ‘It ûnfolsleine ferhaal’ en ‘Stasjon’ binne de ferhalen yn De wite ûle wer wat tradisjoneler fan opset. Yn ‘It ûnfolsleine ferhaal’, oer de relaasje fan de haadpersoan Theo (in skriuwer) mei froulju, binne fragminten ferwurke fan it ferhaal dat er skriuwt oer in frou dy’t hieltyd jonger wurdt. Hoewol’t de haadpersoan-skriuwer dit ferhaal as in ‘mjitske parody op it libben’ net ôfmakket, wurdt it yn syn holle al ta in ein brocht: sýn haadpersonaazje ferdwynt werom yn it limoer. De fragminten binne yndie net boeiend, dat is net allinne foar Theo it gefal as er syn tekst weromlêst, it jildt ek foar de lêzer fan ‘It ûnfolsleine ferhaal’. Dy moat him der likegoed trochhinne wrakselje. De grap is dat it ferhaal yn it ferhaal ál folslein is, mar Veenbaas syn ferhaal sels is dat net, want wat de útkomst is fan de konflikten dy’t Theo mei syn froulju hat, wurdt net dúdlik. Dát ferhaal hâldt op as it noch mar krekt begûn is!

Yn ‘Stasjon’ wurde de tinzen fan in tal reizgers op in perron folge. Wêr ha se west? Wêr gean sy hinne? It ferhaal springt hiel knap fan it iene personaazje nei it oare. Opfallend is wol dat de measten yn har tinkwrâld agressyf oerkomme en dêrmei elkoars klisjee wurde.

Sintraal stiet de dakleaze swalker, syn tinzen komme hieltyd werom, alles draait om him. De ferkommen steat fan dizze alkoholist stiet yn skrille tsjinstelling mei de waarme oantinkens oan de bernetiid en syn meifielen mei de reizgers ûnderweis nei hûs, de waarmte temjitte, wylst it mei him, dêr, op dat stasjon, op ’e kop ferkeard komt. It pornografysk kleurde oantinken oan it suske liket my dêrby no net it alderbêste byld om de lokkiger tastân fan oait tsjinoer it fersutere libben fan no te setten. Dizze wiete dream hat ek gjin doel: nearne docht út bliken dat it de oarsaak wêze soe foar de haadpersoan syn drankprobleem.

It is mar in lyts kritykpuntsje. Wichtiger is hoe’t Veenbaas de swalker syn tinzen ferwurdet. Wát de man allegear beprakkesearret is, wat de opbou oanbelanget, net oars as de tinzen fan in oar. Op ynhâld al fansels, en hy springt wat fan de hak op de tak, mar dat docht elkenien:

‘ se is lilk op my omdat se wit dat se moai is as ik no lilk wie mar ik bin net lilk ik lit my net oan ’e kant sette ek al is se hjir op myn stasjon ik wie altyd al de guodlike kant neist myn suster dy koe lilk wurde dat wie in baas (ensfh.)’ (s. 104)

Ek yn De brulloft fan Valentijn komt de ynderlike monolooch foar, mar dan wurde der tusken de sinnen noch puntsjes set. Wêrom hjir net? En tinkt in alkoholist werklik sûnder punten, komma’s en haadletters? It is in ûnlêsbere brij, mar yn de konstruksje blike de tinzen folslein normaal. Wêrom dan dizze kar?

bern

In tal ferhalen hienen, nei myn idee, ek part útmeitsje kind fan in roman. Dat is net altiten in posityf oardiel: ‘Bernestimmen’ komt net fierder as in fragmint. It, op himsels moai skreaune, ein is net mear as in werhelling fan wat noch net ôf is.

‘De sliepeleaze’ is yn styl en plot in goed skreaun, ferrassend ferhaal. Lykas yn ‘Sirkus’ is it net hawwen fan bern hjir ien fan de tema’s. Yn ‘It ûnfolsleine ferhaal’ giet it (û.m.) om de eangst it kontakt mei it soantsje kwyt te reitsjen. Sawol ‘Bernestimmen’ en ‘De wite ûle’ as ‘De romtefarder’ gean oer it bern dat yn it ferdomhoekje sit.

It lêste ferhaal is út it perspektyf fan it jonkje wei skreaun. De heit hat yn it ferset sitten en dêr in trauma oan oerholden. It jonkje hat net allinne lêst fan syn ûnberekkenbere gedrach, syn freontsjes pleagje him der ek noch mei. In part fan ‘De romtefarder’ skeakelt, sawat nei de ein ta, oer fan de ik- nei de do-foarm. Yn gedachten sprekt it jonkje, as folwoeksene, de heit oan. Hy beseft dat er mear oer it fersetswurk witte wol om dêroer opskeppe te kinnen, leit de heit út dat er pleage wurdt, beneamt dierbere oantinkens en fielt begrutsjen. Moai is de wize wêrop’t it ferhaal ûngemurken werom giet nei de bernetiid. Yn de einsêne teart de situaasje yn in eachwink fan ‘neat te rêden’ om nei bedriigjend. Troch de psychologyske tekening fan de heit en it soantsje, yn kombinaasje mei de libbene styl, is it it bêste ferhaal út de bondel.