katalogus ‘Kultur gegen den Tod’

KEUNST UT IT STEDSJE AS-OFT

Ferslach fan besyk oan de útstalling yn de eardere ‘Magdenburger Kaserne’  yn Terezin en besprek fan de katalogus ‘Kultur gegen den Tod’.
2002, Verlag Helena Osvaldová, ISBN 8-85433-84-2 (Dútske ferzje) of 80-85433-83-4 (Ingelske ferzje)

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

Der binne net in soad keunstboeken dy’t meardere kultuerfoarmen, ûntstean binnen in bepaald tiidrek, op ien plak, beskriuwe. Der wurde boeken útjûn oer komponisten, skilders en byldhouwers, oer ‘de’ ympresjonisten, ‘de’ Fryske lânskipsskilder of ‘de’ keunst fan de tweintichste ieu. Fan myn reis nei Tsjechië yn maaie fan dit jier ha ik in tentoanstellingskatalogus meinaam, dy’t giet oer it kulturele libben yn ien stêdsje, it plak, dêr’t muzyk, teater, byldzjende keunst en poëzije, nei in tal jierren ferhûddûke te wêzen, yn al har foarmen ta in beskate bloei kaam.

Lykas by in soad keunstboeken it gefal is, is ek dizze útjefte goed foarmjûn: hurd kaft, glossy papier en rynsk fersjoen fan ôfbyldingen. Op it omslach in smoarch-grize muorre, mei de boektitel yn de kleuren fan gefaar en rou. Oer alle keunstsinnige úterings is der in deeglike ynlieding. Fan de wichtichste represintanten is der in libbensbeskriuwing en ynformaasje oer harren wurk. Oars as oars oan de útjefte is net allinne it feit dat de ûntwikkeling fan de ‘schoone kunsten’ binnen in bepaald tiidrek yn ien plak beskreaun wurdt, oars as oars is ek, dat der oandacht bestege wurdt oan de omstannichheden wêrûnder dit gebeure koe.

De tiid: 1941-1944. It plak: Terezin yn Tsjechië, yn dy jierren bekend ûnder de Dútske namme Theresienstadt.

Terezin is as festingsstêd ûntstien oan it ein fan de achttjinde ieu, nei de oarloch tusken Eastenryk en Pruisen. Ik kom mei de bus oan op it plein yn it sintrum. In plein? It is earder in park. It is waarm, sinneskyn waar, de leanen dy’t om it park hinne lizze jouwe in stikmannich kuierders skaad. De gebouwen dy’t om it plein/park hinne lizze binne okergiel skildere. Der is in postkantoar, in pear winkeltsjes, in terras. De iennichste lûden komme fan in oargel dat spilet yn ’e tsjerkje oan it plein en it sjongen fan de klysters yn ’e linebeammen. Yn de etalaazje fan in antyksaak hingje legerjassen en soldatehelmen. Alles sjocht der like kreas en fersoarge út. Fan de kazernes dy’t yn de twadde wrâldkriich brûkt binne as konsintraasjekamp – yn earste ynstânsje ornearre foar Joaden út Bohemen, letteroan kamen de transporten ek út oare Europeeske lannen – binne der twa ynrjochte as útstallingsromte.

De earste is wijd oan de skiednis fan it kamp en dan benammen oan dy fan it gebou sels: der waarden bern fan tsien oant fyftjin jier opfong. Der binne in soad tekeningen te finen. It libben foar it kamp, it libben yn it kamp, mearkes. Gewoan: wat bern meitsje. Ik werken Sneeuwwitje en de zeven dwergen, de gelaarsde kat, it snobbersguodhûske fan de heks. Immen hat mei kleurpotlead it park tekene: links fan it papier stean boartsjende bern, yn ‘e midden is in stek fan stikeltrie en rjochts derfan boartsje ek bern…. De tekening is makke yn 1943.

Collecters items

Ik rin nei de Magdenburger Kaserne. Yn de oarlochsjierren siet hjir ûndermear de Joadske rie en oare ôfdielingen dy’t te meitsjen hienen mei it Joadsk selsbesjoer fan it getto. Der waarden fergaderingen holden, gebedstsjinsten en útfieringen op it mêd fan muzyk en teater. In groep fan in stik as tritich pubers rint foar my út. Der wurdt gibele. In pearke – hy hat stikeltsjehier en sy in tongepiersing – rint my hân yn hân foarby. As de begelieding de oare kant út sjocht, wurdt der tonkjefrijd. In pear opslûpen jonges stean gysgobjend foar de etalaazjeruten. De gids ropt, hy wol útlis jaan foar’t er mei de kloft de kazerne yn sil. Mei tsjinsin keare de jonges werom ta de kudde. Yn de winkel binne kampearartikels te krijen. Legerdump, mar ek collectors items út ’e nazitiid.

Lasst sie nur spielen

Yn it kasernegebou is – neist in romte dy’t ynrjochte is as sliepbarak – de skiednis fan it kulturele libben yn it kamp te finen. Der binne aparte sealen ynrjochte foar teater, literatuer, muzyk en byldzjende keunst. De katalogus jout in oersjoch fan de skiednis fan de Magdenburger Kaserne yn Terezin en in oersjoch fan de ferskillende rjochtingen. Der is dúdlike ynformaasje oer it wat en hoe. De nammen sizze my net in soad. Oan de iene kant om’t it gauris om Tsjechen giet, oan de oare kant, om’t in soad fan de keunsters noch te jong wienen om namme makke te hawwen. Foar muzyk of teater moat men yn de seal sitte, miskien noch ris in resinsje lêze, mar in oersjoch is gauris saai. Wat yndruk makket binne trije saken:

Yn it foarste plak binne dat de tûzenen tekeningen dy’t bewarre bleaun binne. Yn Terezin binne steapels fersen skreaun. In enóarm tal teaterfoarstellings en muzykútfierings binne yn de Magdenburger Kaserne op ’e planken brocht. Wat ‘thús’ foar de gettobewenners al jierren net mear mooglik wie troch de anti-Joadske feroarderingen, koe yn Terezin: der waard benammen wurk fan Joadske komponisten en (toaniel)skriuwers brocht.

Yn it twadde plak binne it de omstannichheden wêrûnder de kultuer ta bloei kaam. Terezin stie bekend as ‘Modellghetto’, as it plak dêr’t de Joaden in ridlike kâns hiene te oerlibjen en dêr’t de bewenners, yn ferliking ta oare kampen, privileezjes hie. Dat kaam om’t Terezin yn earste ynstânsje ornearre wie foar âlderen, letter kamen dêr minsken by út wittenskip, polityk en keunst, hege militêren, oarlochsynvaliden (WO-I) en persoanen mei wichtige ynternasjonale kontakten, al makken dizze groepearringen yn ferhâlding mar in lyts tal fan de 140000 gefangenen út.

It aksint yn it boek leit net op de minske-ûntearjende situaasje yn Terezin. Beskriuwingen dêrfan stean yn tsjinst fan it byld dat de katalogus sketst fan de rykdom oan kulturele uterings. Al waard it kamp brûkt foar propagandadoelen, de situaasje wie der mear as skrinend. Tekenjend is it ferhaal oer de útfiering fan it Requiem fan Verdi. It konsert waard as ien fan de hichtepunten fan it libben yn it kamp beskôge. Adolf Eichmann liet de Joaden harren eigen deademis sjonge: nei de útfiering waarden de leden fan it koar op transport set. Dit barde noch in twadde kear. Foar in tredde útfiering wienen der gjin sjongers mear te krijen.

As lêste binne it yllustraasjes dy’t yndruk meitsje. Yn de seal dy’t wijd is oan de byldzjende keunst, binne sa’n tûzend wurken fan mear as fyftich keunstners te finen. In seleksje is dêrfan yn de katalogus opnaam.

Der is safolle bewarre bleaun, dat net alles út te stallen is, it measte leit yn mappen op de taffeltsje lâns it lewant.

De lêste útstallings dy’t ik besocht ha, wiene dy oer Hieronymus Bosch yn it Boymans yn Rotterdam, William Turner yn Essen en Camille Claudel yn Laren. As mieren rûnen de besikers harren paadsjes del: troch, troch, altyd mar troch. Romte om stil te stean by in skilderij of in byld en de útstalde wurken yn dy op te nimmen wie der amper. Ik hie besluten nea wer achter in mediahype oan te rinnen.

Yn de Magdeburger Kaserne dêrtsjinoer is amper folk. De besikers dy’t der al binne besjogge de rekonstruksje fan in sliepbarak. By de útstalling oer it teaterlibben wurdt it al stiller en yn de seal mei tekeningen bin ik de iennichste besiker. Ik ha de romte foar mysels en kin wiidweidich yn de boeken omsneupe. It útstalde wurk is net allinne fan dokumintêr belang, mar kin ek út eachpunt fan kwaliteit besjen lije. As ik in oere lang yn de mappen blêde ha, rin ik nei ûnder en smook in sigaret. Net om’t ik der genôch fan ha, mar op in stuit sjoch ik tefolle. Hûnderten fan tekeningen. Der binne in stikmannich oaljeferfskilderijen – portretten, mar it grutste part bestiet út wurk op papier mei inket, kryt en wetterferve.

Lânskippen en stedsgesichten. Portretten en karikatueren. Kleanûntwerpen foar toaniel en posters foar muzykútfierings. Muzikanten en handikapten. Alde minsken. Sike minsken. Stjerrende minsken. Liken, op wie nei it krematoarium….

Pablo Picasso, Otto Dix en Bedřich ‘Fritta’ Taussig

Fan de likernôch fjirtich byldzjende keunstners, wol ik der ien útpikke om wat oer te sizzen en dat is Bedřich Taussig, dy’t ûnder it pseudonym ‘Fritta’ wurke. Hy wie grafikus en karikaturist. Der binne twa redenen om oan syn wurk wat ekstra oandacht te besteegjen. De earste is dat syn wurk in oanklacht is tsjin de omstannichheden en de twadde is, dat dizze Fritta oaren yn it ghetto oanfitere ta yllegale produksje.

Fritta wie haad fan de tekenseal en soarge dat de keunstners dêr oan it wurk koene. Hy stimulearre de tekeners neist de offisjele produksje (bygelyks boutekeningen) safolle mooglik de situaasje yn de kampen fêst te lizzen. Doe’t in delegaasje fan it Reade Krús it kamp besocht, liet er tekeningen Terezin útsmokkele om de wrâld de werklike situaasje yn it ‘modelghetto’ te ferdutsen.

It wurk fan Fritta docht tinken oan dat fan Pablo Picasso (bygelyks de Guernica) of fan Otto Dix, dy’t de ferskrikkingen fan de fjochtgroppen yn de Earste Wrâldkriich ferwurke hat yn syn tekeningen. It measte is makke yn gewassen inket, in materiaal dat yn ’e hannen fan in betûft karikaturist in dramatyske spanning jout. De lichemsfoarmen wurde op karikaturale wize oerdreaun, foar safier’t honger en útputting dat net al dien hienen. Der binne tekeningen fan de bewenners yn harren oerfolle romten, fan transporten en fan krematoaria. Fritta syn wurk is morbide.

Wat net yn de katalogus stiet, mar de muoite wurdich is om te fermelden, is de searje fan 52 hiele teare, kleurige tekeningen, dy’t in printeboek foarmje dat Fritta yn ’44 foar de tredde jierdei fan syn soantsje Tommy makke hat. Doe’t Fritta  oppakt waard foar it meitsjen fan syn ‘Greuelpropaganda’ en foar de fersprieding derfan nei it bûtenlân, waard dit sketsboek, tegearre mei oar, yllegaal wurk yn de muorren fan ien fan de barakken ynmetsele. Fritta waard op transport set en kaam om yn Ausschwitz. Syn freon, Leo Haas, fan wa’t ek wurk yn de katalogus opnaam is, hat nei de oarloch de soarch foar de lytse Tommy op him naam. De tekeningen fan Fritta binne nei de oarloch troch Leo Haas út de muorre helle. It sketsboek hat er Tommy op syn achttjinde jierdei oerlange.

Als ob

In tal fersen dy’t yn it kamp skreaun binne, stean yn de katalogus. Hjirûnder it fers ‘Als ob’ fan Leo Strauss mei de Fryske oersetting derfan. Op kabaretteske wize jout it gedicht oan wat der yn Terezin oan ’e hân wie.

Leo Strauss

AS OFT

Ik ken in hiel lyts stedsje,
In stedsje moai tiptop,
Ik neam it net by namme,
Ik neam de stêd As-oft.

Net alle minsken meie
Ta dizze stêd behearre,
It is foar útferkarden
Fan ‘t As-oft-ras ornearre.

Dy libben dêr har libben,
As oft it libben hjitte koe,
En wienen blier mei geroften.
As oft soks wierheid wêze soe.

De minsken yn ‘e strjitten,
Dy geane yn galop –
Ek as men neat te dwaan hat,
Docht men dochs graach as oft.

Der is in kofjehûs,
Sa’nien as Café de l‘Europe,
En mei muzikale begelieding
Fielt men him dêr as oft.

En guon binne mei guonnen
Ek gauris aardich grof –
Thús wienen se gjin grutten,
Dus dogge se er hjir as oft.

De moarns en ek de jûns
Wurdt der As-oft-kofje set,
En op sneon, jawis op sneon,
De As-oft-stamppot berêd.

Men stiet yn ‘e rij foar sop,
As sit dêr witwat yn,
En genietet dit sleatswetter
As wie ‘t As-oft-Fitamyn.

Men leit him del op ‘e flier,
As oft men in bêdsje hie,
En tinkt dan oan syn neisten,
As oft der tynge fan har wie.

Men draacht syn bitter lot,
As oft alhiel net swier,
En praat oer in moaie takomst,
As oft it wie moarn safier.

 ALS OB

Ich kenn ein kleines Städchen,

Ein Städchen ganz tiptop,

ich nenn es nicht bei Namen,

ich nenn die Stadt Als-ob.

Nicht alle Leute dürfen

In diese Stadt hinein,

Es mussen Auserwählte

der Als-ob-Rasse sein.

Die lebten dort ihr leben,

als obs ein leben wär

und freuen sich mit Gerüchten,

als obs die Wahrheit wär.

Die Menschen auf den Strassen,

Die laufen im Galopp –

Wenn man auch nichts zu tun hat,

Tut man doch so als ob.

Es gibt ein Kaffeehaus

Gleich dem Café de l’Europe,

Und bei Musikbegleitung

Fühlt man sich dort als oft.

Und mancher ist mit manchem

Auch manchmal ziemlich grob –

Daheim war er kein grosser,

Hier macht er so als ob.

Des Morgens und des Abends

Trinkt man Als-ob-Kafee,

Am Samstag, ja am Samstag,

Da gibts Als-ob-Haché.

Man stelt sich an um Suppe,

Als ob da etwas drin,

Und man geniesst die Dorsche

Als Als-ob Vitamin.

Man legt sich auf den Boden,

Als ob das wär ein Bett,

Und denkt an seine Lieben,

Als ob man Nachricht hätt.

Man trägt das schwere Schicksal,

Als ob es nicht so schwer,

Und spricht von schöner Zukunft,

Als obs schon morgen wär.

site oer Theresienstadt