Kopkewoartel, Lieuwe Brolsma en Nico Oeloff en De wylde Boerinnne, Mudhoen

wêr bliuwt de hentai?

16 augustus 2007
Kopkewoartel, Lieuwe Brolsma en Nico Oeloff, útjouwerij Venus
De wylde Boerinnne
, Mudhoen, útjûn troch Perio

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

By ús beppe yn de krantebak leinen Billie Turf, Bokke Heidehipper en Bruintje Beer. Billie Turf ha ik letter nochris ynsjoen: sa flau as luzen. Mar de aventoeren fan Bokke Heidehipper, sa stiet my by, wienen fantastysk.

En dy tekeningen… Wêr’t se oer gienen, ik soe it werklik net mear witte, mar nammen as Minke Tsjoenster, Germ Bôle en Hielke Bonkefiker stean my noch hieltyd by. Fan De zonderlinge avonturen van den Friesen jager Bokke Heidehipper en zijn dorpsgenoten fan G. Jonkman mei tekeningen fan Chris en Frits Klein binne 2 boekjes útjûn troch Hepkema’s krante, te witten ‘Het verhaal van de strijd tegen de woudmannetjes’ en ‘Het verhaal van de “Overval op de postkoets”’ (1947). Yn it ramt fan it ferskinen fan Kopkewoartel en De wylde boerinne ha ik, yn de biblioteek, parten fan it ferhaal weromlêzen, it bliek in ôfdijer. De nammen fyn ik noch hieltyd like fantastysk, mar om in oare reden as eartiids. As bern fûn ik it yntrigearjend dat figueren as Minke Tsjoenster werklik bestien ha, no docht de nammeboarterij my tinken oan wat Reinder Rienk van der Leest yn syn romans mei yn de haadrollen Dynte Planteit en Nier Hinnebruier, docht. Ek by him gjin namme sûnder betsjutting, al giet it R.R.v.d.L. foar in part om it op ynventive wize brûken fan Fryske wurden en útdrukkingen en net om oantsjuttings fan wat minsken dogge.

‘Bokke’ wie myn earste kennismakking mei it fenomeen byldferhaal. Letter, út klearebarre ferset tsjin Billie Turf, abonnearre ik my op it satiryske stripblêd De Vrije Balloen dat mei ferneamde meiwurkers as Thé Tjong Khing , Gerrit de Jager en Eric Schreurs alle kaders trochbruts. Yn Frankryk fynst sels yn de lytste provinsjestedsjes winkels mei oars neat oars as strips yn it (enoarme) assortimint. En dan Japan: De manga, it  Japanske wurd foar strip, is mear as dat: it is in respektearre keunstfoarm mei in skiednis dy’t werom giet ta de earste ‘strip’ út de tolfde ieu. Stripachtige tekeningen waarden al fan de santjinde ieu ôf omset yn houtfiken, Hokusai syn eroatyske print ‘Dream fan it wiif fan de Fiskersman’ út 1820 is noch altiten ferneamd.

De ûntwikkeling fan de manga naam yn de jierren tritich in hege flecht; no ferskine yn Japan alle wiken hûnderten strips: swart-wyt en op goedkeap papier. Elke doelgroep, spesifisearre nei leeftyd en sekse, hat syn eigen sjenre, mar de manga is perfoarst net allinne foar bern. Los fan de mainstream, wurde ûnderwerpen as de eigen psychology, biologyske oarlochsfiering, de bombardeminten op Hiroshima en Nagasaki en fansels porno (bygelyks homoseks mei froulju as doelgroep), troch de mangaka, de striptekenaar, ferbylde. Bekend is de hentai, Japansk foar ‘pervers’. Soms realistysk tekene, meastentiids, lykas yn de manga foar pjutten, foarsjoen fan de ferneamde lytse noaskes en in pear enoarme, ûnskuldige kikers. Mei gauris, sa op it earste gesicht, in allike seksleas úterlik as Ken en Barbie, litte, ien kear de klean út, de Japankse stripfigueren alle remmen los. Net allinne yn strips, op it ynternet binne ek de hentai-tekenfilms te finen. Sljocht nei brutale filmkes? Dan net daliks begjinne te googlejen: gauris binne – hiel hypokryt – alle yntime dielen en pornografyske hannelingenwazich makke!

kopkewoartel

kopkewoartelEn dêr, mei it ûnderwerp sensuer, binne wy wer thús. Want wat ha wy yn Fryslân? Wy ha Kopkewoartel! Gjin strip trouwens, mar, lykas Olivier B. Bommel, in byldferhaal. It giet om in werútjefte fan trije fan de fiif, yn de jierren 1947 oant 1950 yn Frysk & Frij ferskynde, ferhalen fan Liuwe Brolsma mei tekeningen fan Nico Oeloff. Twa dêrfan binne al earder yn boekfoarm ferskynd. Kopkewoartel by Japik Krint kostet by it antikwariaat ûnderwilens € 40,-, dus trije dieltsjes foar € 17,90, dat liket it jild wol wurdich. Teminste: foar wa’t it om de ynhâld te dwaan is. Mar dat der minsken binne dy’t it anno 2007 noch lêze wolle, kin ik my mar amper yntinke.

It meast nijsgjirrich binne net sasear de byldferhalen, mar de ferantwurding en achtergrûnynformaasje dy’t Trinus Riemersma jout, bygelyks oer de rol fan de krantestrip nei de oarloch. It moaiste noch is de anekdoate oer in tekening dy’t ál yn Frysk & Frij stie, mar nét yn de boekútjefte fan 1948. Utjouwerij Venus docht dan ek baanbrekkend wurk troch de doedetiids blykber weimûze, blykber tige ‘kontroversjele’ tekening ál wer op te nimmen.

Wat ik mis yn Riemersma syn opstel is in ôfdwaande motivaasje om it wurk fan de beide mannen, Brolsma en Oeloff, op  ’e nij út te jaan. Oer de tekeningen hellet Riemersma – om’t hysels, sa skriuwt er, net kundich is op dat mêd – in artikel fan Bartle Laverman út 1974 oan. Dy liket ek net bjusterbaarlik entûsjast, mar stelt: “Dêrby went men oan bepaalde wizen fan ôfbyldzjen, in op ’e nij tekene Kopkewoartel soe Kopkewoartel net mear wêze.” (s. 173). De tekener sels neamde syn wurk trouwens ‘bepaald niet professioneel’.

“Brolsma,” skriuwt Riemersma, “hat de iene snoade ynfal nei de oare, en hy lit syn fantasij alle kanten opfleane.” Neffens syn opstel is it “pielen fan Kopkewoartel yn ’e eigen streek” dat wat Kopkewoartel, mear as fyftich jier lyn, tige populêr makke. Fan de fiif oarspronklike ferhalen binne de lêste twa net opnaam, neffens Riemersma om’t de kwaliteit net oerhâldt. Nei myn idee lykwols is ek de âldfrinzige humor fan de trije ál publisearre ferhalen foar de lêzer fan hjoed likemin om troch te kommen. ‘Kuriositeit’ liket my earder it kritearium west de hawwen as ‘kwaliteit’ om dizze werútjefte te rjochtfeardigjen.

de wylde boerinne

Al in strip – gjin byldferhaal – is De wylde boerinne fan ‘Mudhoen’, ferskynd by Perio, Willem Winters syn útjouwerijke. Richard Bos skreau it senario, tegearre mei Alexander Russchen makke hy ek de tekeningen. Lykas wenst by Perio giet it by de útjefte fan de ‘earste Fryske ferstripping’ om in ‘hebbedinkje’, in collectors item.

In ‘ferstripping’, want De wylde boerinne is basearre op it ferhaal mei deselde namme út 1915 fan Teatse E. Holtrop. It is te keap foar in lyts pryske. Gjin fjouwerkleuredruk op glêd papier dus. It hat, sa is myn yndruk, ek in bewuste kar west om dit boekje mei beheinde mooglikheden te meitsjen. De wize wêrop’t de makker mei net mear as twa kleuren – blau en in soartemint âldrôze – dochs in aardich boekje makke hat is werklik kreatyf te neamen.

It ferhaal, oer it ‘rjocht fan paad’, is út de tiid en tagelyk ek net. Ut de tiid om’t Fryslân al lang net mear de provinsje is dêr’t boeren mei de hân melke en boerinnen mei it jok rinne, en by de tiid mei’t de wraak fan in man op de frou dy’t him seksueel net oantreklik fynt  it wichtichste tema is, in ferhaal fan alle tiden. Boppedat, it biedwurd global fashion – local tradition yndachtich, is it hip yn de strip om klompen, boerebaitsjes en floddermûtsen te dragen. Bliken docht dus dat it âlde ferhaal him prima lient foar in ferstripping.

De styl fan tekenjen, it hânskrift, is lykwols belabberd; it is as giet it hjir om in senario, in earste opsetsje, foarriedich, en moatte de definitive yllustraasjes noch makke wurde. De tekeningen kinne by lange nei net op tsjin dy fan dichter/grafysk ûntwerper R. R. Van der Leest yn syn ‘Len Foster en de odalisk mei granaetappel,’ ien fan de mar in ferrekt lyts tal strips yn it Frysk dat ik by Tresoar fine koe en dat ôfprinte waard yn boartersbûkje 1909 en sextich. Sterk punt fan De wylde boerinne is al dat it ferhaal, ek op plakken mei hielendal gjin of in minimum oan tekst, goed nei te kommen is. Ut it oarspronklike ferhaal is boppedat presys de goeie kar makke troch foaral de ‘sleatritege’ ko net te ferjitten.

Allang net orizjineel mear, mar al grappich, is ek de wize wêrop’t de ôfbyldingen ynkadere binne. Sa wurdt bygelyks, de iene helt fan in ko op it iene en de oare op it oare plaatsje ôfbylde. Plaatsjes biede folop mooglikheden om yn te zoomen op details en dêrfan wurdt dan ek rynsk gebrûk makke. As de ferteltiid feroaret, feroaret ek de kleur. Sa begjint it yn blau mei in soartemint ynlieding, yn roaze folget dan in flashback. Ek oer de skriuwer waans ferhaal ferstript is, wurdt, hiel tapaslik, yn stripfoarm ynformaasje jûn. Yn dizze ‘libbensbeskriuwing’ komt in sekere Lyckele Nooitgedacht fan Drylts, dy’t noch les hân ha soe fan de skriuwer, op ’e tekst oer syn âlde master.

De strip fan Mudhoen is trouwens net de earste bewurking fan Holtrop syn De wylde boerinne. Yn 1970 stjoerde de RONO it as harkspul út. Foar wa’t der aardichheid oan hat: Op de webside fan lang-leve-tresoar is it praatsje by it plaatsje ôf te harkjen: stream.tresoar.nl/schrijvers/sprutsen/06036.mp3.

de Fryske stripskiednis moat noch skreaun

Yn de jierren tritich oant fyftich hat it der op like ek de Fryske strip – yn de Fryske taal en/of  mei in ferhaal dat him yn Fryslân ôfspilet – in kâns krije soe. Sa kaam yn 1938 it byldferhaal Kening bûkeman en syn jonkje Pipernút út, in sukses blykber want sawol yn ’52 as yn ’80 krigen klanten fan de Friesland Bank it boekje kado. De plaatsjes binne aardich, de ferskes dêrfoaroer, omreden fan rymtwang, om fan te grizen.

Yn 1950 publisearre it Frysk Deiblêd it byldferhaal Doevedaantje giet nei Canada, wa’t de makkers wiene is net bekend. Net by Tresoar en by it Deiblêd likemin. Ferhaal- en tekentechnysk folle better is De avonturen van Witte Pijl fan ’52, ek yn it Deiblêd. De prachtige tekeningen fan Frits Klein, ûnder mear bekend fan it hjirboppe al neamde Bokke Heidehipper, dogge seker net ûnder foar dy fan Hans Kresse. Mar Frysk is it fansels net en as indianeferhaal hat it mei Fryslân ek neat te krijen. Fan resinter datum is de djipfryske strip Hotze Klots en de goudene keatswant (2005) mei tekeningen fan Aart Cornelissen. Hotze Klots hat wat edukatyfs, achteryn binne de regels fan it spul te finen, en lykas by it grutste part fan de opfoedkundige bledsjes foar bern – tink derom, al toskepoetse, hear! – sit der, wat styl oanbelanget, net in soad byt oan. Mar it ís in echte Fryske strip, mei in glossy omslach en yn kleur.

Spotprinten binne der mear fan. Sa sammele útjouwerij Venus ûnder de titel It echte kados stiet yn de sliepkeamer in tal cartoons fan Geart Gratama oer it fenomeen Fryske literatuer. Tige ferneamd wie Cork, pseudonym foar Cor Hoekstra. In lyts part fan syn oeuvre is op Fryslân rjochte. (Sjoch ek de moanne nûmer ???). Wat ik fierder noch opdûkelje, binne it byldferhaal De swalkjende party (2004) fan R.R. van der Leest en it Frysktalige printeboekje Grutte Pier presintearret: gemeentehûskultuer fan Frâns Faber, gearstald yn opdracht fan de gemeente Wûnseradiel as in orizjinele oantrún ta kultuerferoaring by amtenaren.

Dat wie it sawat…

Mear strips? Graach! Mar simpelwei in slim datearre ferhaal as Kopkewoartel op ’e nij útjaan, is wat al te maklik. Bewurkje, op ’e nij tekenje, útbringe as eksperiminteel harkspul of flashanimaasje: it hiel allegear kind. Yn dy sin is de útjefte fan De wylde boerinne tige fernijend. De Fryske strip is ommers in net besteand sjenre?