Listen fan goaden en bisten, ferskate skriuwers

TOARRENS, KOARTSWYL EN KWALITEIT: RESULTAAT FAN IN MOADIEUZE FORMULE

Listen fan goaden en bisten

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

Der is flyt dien op dizze útjefte ta gelegenheid fan it 125-jierrich bestean fan de Buma Bibliotheek. In hurd omslach fan bistefel mei yn soerstôkrôze de titel ‘Listen fan goaden en bisten’ en in kleurenyllustraasje fan Pico van de Werken: de man dy’t yn syn eigen Hof fan Eden tusken de blommen te lêzen sit.

Droech

Bringt it boekje de lêzer ek daliks nei it paradys?

Nee, om yn de wrâld fan goaden en bisten te kommen moat men earst in swiere taak folbringe: it lêzen fan ‘e ynlieding. Nei oardel side begjin ik te gapjen. Lykwols wrot ik mysels troch 11 nammen, 4 ynkoarte foarbylden en 3 soarten fabels hinne foardat ik by it wêrom fan it boekje en in gearfetting fan de ynhâld kom: it is allegear like droech en toar.

Yn ‘e lêste alinea beweart Veenbaas: ‘De posysje fan de fabel liket yn ús tiid suver sterker as ea.’ In stelling dy’t alhiel gjin grûn krijt, mar dy’t by Veenbaas tal fan fragen opropt oer it wêrom derfan. It útwurkjen fan dy fragen hie de oandacht fan de lêzer faaks better fêstholden as de opsomming fan weetsjes dy’t de ynlieding no wurden is. Ik hie wol ris witte wollen of it wrâldbyld fan de moderne westerske minske mear begjint te lykjen op dat fan it âlde animisme. En wêr’t dat dan út bliken docht.

Pronkjes

De skriuwers dy’t frege binne in fabel te skriuwen ha de opdracht elts op eigen wize oanpakt, itjinge fiif folslein ferskillende ferhalen opsmyt, wêryn’t  de eigen styl en tematyk fan de fiif dúdlik te werkennen is.

Sa hat ús hûsfilosoof Eric Hoekstra skoan foldien oan de opdracht in fabel mei in ‘knypeach’ nei de klassiken te skriuwen. It is in koartswilich ferhaal wurden, dat tinken docht oan Plato’s ‘De gelijkenis van de grot’. It giet om in  ramtferhaal oer in skoalklasse dêr’t de juffrou in fabel yn fertelt oer it probleem fan ‘e rjochtfeardichheid. De moraal fan ‘Glauco en Leonida’ liket dúdlik: it kin dochs net sa wêze dat de smjunt libbet as in foarst en de ingel as in bist? Mar… is it allegear wol sa dúdlik? De learlingen ha yn elts gefal it nedige kommentaar. Dat makket dizze fabel ynhâldlik ynteressant; Hoekstra’s ferteltoan lykwols – benammen yn ‘e petearen tusken  juf en de bern – is sa út en troch ferfeelsum.

Jetske Bilker skriuwt wól in goed lêsber ferhaal. It hat de eigensinnich-froulike ynslach  fan de ferhalen út har bondel ‘In nacht fan hûs’. In fabel is ‘Moai’ lykwols net en mei har kar foar it werskriuwen fan it ferhaal oer de belegering fan Troje út it perspektyf fan de moaie Helena hat se har der wol wat al te maklik fanôf makke.

It ferhaal fan Meindert Talma oer de syktocht nei de ienhoarn yn Afrika is wat flau, al sil net elkenien der itselde oer tinke sjoen de hype dy’t Talma is. De column dy’t er skriuwt foar de VPRO-Gids slaan ik sels yn elts gefal altyd oer:   ôfwaaid praat.

Lida Dykstra en Mindert Wijnstra dêrfoaroer binne beide wiere fertellers.  Lida Dykstra makket in prachtige bewurking fan it mearke fan Amor en Psyche en Mindert Wijnstra skriuwt in spannende fabel oer de foks dy’t by de paus te bycht wol. Dizze beide ferhalen binne dan ek de twa bêsten fan de bondel.

Hiel bysûnder yn dit boekje is, dat elts ferhaal yllustrearre is mei in moaie, teare potleadtekening fan Pico van de Werken. Bysûnder, ék omdat literatuer foar folwoeksenen net faak foarsjoen wurdt fan plaatsjes. Har klassike styl past hiel goed by de ferhalen, al soe se om my wol in bytsje losser wurkje kinne. It binne allegear, stik foar stik, lytse pronkjes, al springe benammen de tekening fan Leonida en de omslachtekening derút.

Hebbedinkje

Fiif ferhalen fan fiif skriuwers: it is yn ’e moade rekke bondels te meitsjen mei wurk fan ferskillende skriuwers. Of it no om simmer- of winterferhalen giet, om Fryske dichters dy’t harren favorite gedicht út de wrâldliteratuer oersette of om it oersetten fan Fryske leafdespoëzij yn it Hollânsk: it is blykber in formule dy’t ferkeapet. Hjir, by Binnert op ’e Dracht, sjoch ik klassike reizgers en reizgjende froulju, krystferhalen en alderhande soarten eroatyske ferhalebondels: foar elk wat. Krije we soms aanst ek noch in blomlêzing mei Fryske erotyk? Mei in ‘soppige’ ynlieding fan Veenbaas oer de erotyk yn de Fryske literatuer? Yn alle gefallen: tema’s genôch om de parse de kommende jierren draaie te litten.

Hoe soe it dochs komme dat der de lêste jierren safolle sammelbondels útbrocht wurde? Ha minsken gjin tiid of nocht mear om har earne yn te ferdjipjen yn dizze flechtige wrâld fan wurkje, wurkje, wurkje en dan de tillevyzje oan? Is it loaiens? Of leit it gewoan oan de skaplike pryskes? De formule moat de lêzer lykwols ál oansprekke: it is in persoanlike saak hokker ferhalen je wurdearje, mar it betsjut wol dat de lêzer wurk, dêr’t er no net daliks foar kieze soe, op ’e keap ta nimme moat. Dat jildt ek foar dit boekje, mar der is hjir genôch moais te genietsjen om soks te kompensearjen. Dat jildt foar in part foar de ynhâld, foarmjouwing en yllustraasjes sille yn dizzen lykwols in wichtige rol spylje by it beslút ta oankeap.