Nyk de Vries, Prospero / in simmerskiednis

WAT OERBLIUWT IS DE FLAPTEKST

2006

Nyk de Vries, Prospero / in simmerskiednis
roman, 160 siden, ISBN 90 330 0554 9 / CIP

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

Der binne net in soad skriuwers dy’t yn likernôch hûndert wurden in ferhaal skriuwe kinne. Franz Kafka wie de grutmaster fan it ultrakoarte proaza. In goeie twadde is Nyk de Vries: yn it literêre tydskrift Hjir jout er elk nûmer in priuwke fan syn kinnen. It is net sasear syn earsteling – Rezineknyn, it boek dêr’t neat yn gebeurt – it binne foaral dizze koarte ferhaaltsjes dy’t meitsje dat ik benijd bin nei De Vries syn twadde boek: Prospero In simmerskiednis, it earste resultaat fan it projekt Fryske Modernen.

skriuwbegelieding, meilêzers, redaksje

Fryske Modernen is in inisjatyf fan de Afûk, de Friese Pers Boekerij en de Koperative Utjowerij, stipe troch de Stichting It Fryske Boek en It Skriuwersboun. De opset is nije skriuwers te stimulearjen om mei in twadde boek te kommen en dêrneist is it de bedoeling (ek) jongere lêzers te lûken. Skriuwers krije in debutantebeurs fan it Fonds der Letteren, sy wurde begelaat by it skriuwen en oan de útjeften wurdt wat de PR oanbelanget ekstra omtinken jûn. Neist dat der fan besteande regelingen fan de provinsje en it Nederlands Literair Produktie en Vertalingen Fonds om de boekproduksje te finansieren gebrûk makke wurdt, is der ekstra jild foar begelieding en promoasje. Op it stuit binne der seis skriuwers dy’t meidogge, der is romte foar njoggen. Mei in pear skriuwers wurdt noch praat.

Doe’t yn 2003 it projekt troch Piter Boersma yn trotwaer oankundige waard, ha ik der yn in Kistwurk-kollem kommentaar op levere. Ek sûnder ‘projekt’ ommers kinne skriuwers dy’t in earste boek publisearre ha foar it twadde in berop dwaan op de debutanteregeling fan it Fûns foar de Letteren. En der bìnne – al is it te min en jildt it allinne foar debuten – al mooglikheden om, fanút de provinsje wei skriuwbegelieding te subsidiearjen. Boppedat: It Fryske Boek dòcht al in soad oan promoasje. En is it net sawiesa de missy fan skriuwers en útjouwers om ta in sa goed mooglik boek te kommen? Pompe provinsje en produksjefûns net al in slompe jild yn de Fryske literatuer? Dus, wat foeget it inisjatyf eins ta?

 In wichtich aspekt is de begelieding. De begelieder helpt by it opstellen fan it wurkplan, dat ynlevere wurde moat om in wurkbeurs krije te kinnen. Ek helpt de begelieder de skriuwer op gleed as dy fêst sit, hy besjocht de struktuer en jout skriuwtechnyske advyzen. Benammen de stimulâns om útein en troch te setten kin foar guon skriuwers wichtich wêze.

Net alle skriuwers sille har finzen sette litte wolle yn it stramyn fan de Frysk Modernen. Soks jildt alteast foar mysels: ik ha àl in beurs oanfrege, bûten it projekt om, mar ik soe net graach in begelieder ha wolle dy’t him der al tsjinoan bemuoit, noch foar’t der in manuskript leit. Skriuwe is ommers ek in hiel persoanlik, yndividueel proses: te eigen om immen dy’t dy oer it skouder sjocht en it wurk bekommintariearret ta it priveedomein fan it ûnfoltôge ta te litten. Ynskatte hoe lang it boek wurdt en yn it foar al bepale wêr’t it oer gean sil – needsaaklik om in beurs oanfreegje te kinnen – is al lêstich genôch. Want, is it net sa dat in boek, geandewei it skriuwen, ûnder de hannen ûntstiet? Is dat yn it foar wol te bepalen? En is it net ferskriklik om it idee al nei bûten bringe te moatten, noch foar’t der ek noch mar ien wurd op papier stiet? Fan de ferkeap allinne kin in skriuwer net bestean, dat brea op ‘e planke is it iennichste argumint om dochs mar mei in wurkplan te kommen…

Wat àl foar skriuwbegeleiding – en dêrmei net allinne foar it projekt Fryske Modernen, mar sels, no al, foar in útwreiding derfan pleitet – is, dat in oantrún om troch te setten net allinne foar begjinners, mar ek foar skriuwers mei ûnderfining fertuten dwaan kin. Wichtiger noch is dat boeken der better fan wurde kinne.

Der is in soad kwaliteit ûnder Fryske skriuwers, mar – en dat jildt ek foar de bêst ferkochte boeken en sels foar de priiswinners – oan de measte boeken mankeart wol wat. Wêr’t ik nei oanlieding fan it projekt foar pleitsje wolle soe, is omtinken foar it fenomeen ‘begelieding’. Oft se no meilêzers, begelieding of redakteuren hjitte, in foarm fan begelieding en/of redaksjewurk is ynherent ferbûn oan de kwaliteit fan boeken dy’t úteinlik op ‘e Frysk literêre merk ferskine. ‘De frou’ of ‘de man’ kin fansels in earste ferzje lêze. Yn it ynformele sirkwy wurdt dat in soad dien: in partner of –  al dan net literêre – kunde is faak wol ree en lês oer it skouder mei. Sjoen de kwaliteit fan in part fan de Fryske literatuer, is der dêrneist lykwols diedwurklik ferlet fan betûfte redakteuren: Doocht de struktuer? Sitte der miskien tefolle losse eintsjes yn? Kloppet it, psychologysk sjoen?

Goeie skriuwers komme net samar mei goeie boeken. Sels in Gysbert-winnende roman as De reade Bwarre fan Trinus Riemersma of in topper as Foarby it Boarkumer Fjoer fan Durk van der Ploeg hienen by in bettere redaksje winne kinnen. Elke skriuwer ommers hat syn bline flekken: de âlde rotten likegoed as de debutanten.

As it in bytsje meiwierret sil, as it projekt Fryske Modernen evaluearre wurdt, de konklúzje wêze dat de ‘begelieding’ safolle fertuten dien hat, dat der mear jild stutsen wurde sil yn redakteuren, net allinne binnen hokker optocht projekt dan ek, mar struktureel, foar àlles wat ferskynt…

De fraach is al: oan hokker kwaliteiten soe in begelieder foldwaan moatte. It moat klikke fansels, mar ek wer net al te goed, want úteinlik giet it net allinne om de stimulâns, om dàt it boek der komt, mar it giet der benammen ek om dat der in boek komt dat doocht. Ik freegje my ôf oft it der net foar pleitet om foar begelieders ek bûten it Frysk literêre wrâldsje te sjen, want as der no al gauris wat oan de kwaliteit fan literêre boeken mankeart, wêrom soe it dan yn projektfoarm ynienen wol slagje… Yn oare rollen slûpt by in part fan dyselde begelieders dy’t no de Fryske Modernen ta in goed resultaat bringe moatte ommers ek noch wol it ien en oar troch de kwalitative mesken.

nykdev en de PR-masine

De nije Nyk is ferskynd! It earste boek yn ‘e rige Fryske Modernen!

De reklame foar Prospero, en dêrmei alfêst foar de hiele rige, is net oan te ûntkommen: in persoanlike útnoeging foar de presintaasje, ein maart in prachtich feest, kompleet mei muzyk, in sinjeersesje by de boekhannel, in stik yn ‘e Friesland Post, begjin april al in fraachpetear yn ‘e Ljouwerter, deselde deis ek noch in (fansels) opteine resinsje yn ‘e krante, opgnyske mei semi-yntellektuele begripen as ‘iroanysk realisme’. En, ja, deselde LC-wittenskipper dy’t De Brek fan Gerben Abma, dêr’t tafallich in pleats yn foarkomt, in boere!roman neamt, hat sels meardere lagen yn it tinne boekje ûntdutsen! Gjin ûnaardich boekje, dêr net fan, mar wat it mearlagige oanbelanget kom ik net fierder as de dûbelde foar- en efterflappen fan it kreas fersoarge omkaft.

Werom nei de PR: De skriuwer hat in eigen webside iepene, www.nykdev.nl. En hy net allinne, ek it projekt Fryske Modernen hat al in pagina op it worldwideweb. En dan binne der noch de advertinsjes: pontifikaal op ‘e foarpagina fan de Ljouwerter. Jawis. Net allinne nije skriuwers as Wolf, Krol en Bonnema, dy’t fergelykber wurk leverje, kinne har mar eefkes de kop klauwe, it jildt ek foar de âld rotten: in ferkearde útjouwer, net meidwaan (wolle) oan in ‘projekt’, tsja, dan helje jo boeken de foarpagina moai net…

Prima fersoarge public relations en reklame liket op dit stuit dan ek de grutste mearwearde fan de Fryske Modernen. Boeken wurde ommers skreaun om lêzen te wurden, teminste, it soe moai wêze as dat it gefal wêze soe. Fan myn It griisstiennen wurd (2004) binne it earste jier mar twahûndert eksimplaren ferkocht. Krektlyn krige ik kreas berjocht fan de útjouwer: 2005, 0 ferkocht. NUL!!!

It is my wol bêst. Ik bin grutsk op – en wiis mei dizze ferhalebondel. Mar is it yn dizzen net de belêstingbeteller dy’t in pear earen oan ‘e kop naaid wurde? Ommers, de útjefte fan boeken wurdt subsidiearre mei ‘ús skoandere belestingsinten’. Dat let fansels neat, der sit likegoed mienskipsjild yn fuotbalstadia wyls net elkenien nei de wedstriden ta giet…  Mar it stadion sit alle kearen àl sawat fol. Soe it dan net prachtich wêze as der fan Prospero safolle ferkocht wurdt, dat der noch fòàr de sutelaksje in twadde, in tredde printinge komt?

Wat ik eigentlik hoopje, ferwachtsje en wolle soe is, dat útjouwers en ynstânsjes yn har oerlizzen in plan meitsje om ta in signifikante ferbettering fan de promoasje fan àlle Fryske literatuer te kommen.

Dàt soe pas it werklike sukses fan it projekt wêze kinne: de Fryske Modernen as oantrún en earste stap: in kwalitatyf better oanbod, bettere promoasje, en – úteinlik – mear lêzers. Yn in hillige trije-ienheid, want in hoop bombaarje om in net al te bêst boek docht it betrouwen fan de konsumint yn de Fryske literatuer mear skea as goed.

o, irony

Al stiet de Fryske Humphrey Bogart noch sa moai op de poster foar de presintaasje fan syn boek – swart-wyt mei hjir en dêr in swymke Elvis, in strieke tusken de lippen, in pear eagen as dy fan de grutte Slauerhoff -, it giet om it ynhâld. Dêr mankeart net in soad oan. Goed fan taal, alle sinnen doge, ek kwa styl en de struktuer is dik yn oarder.

Dit is de tekst wêrmei’t it boek ferkocht wurdt: Wat moat ik oan mei myn fierdere libben? Dy fraach spilet de jonge muzikant Marco Vandaan hieltyd troch de holle. Syn karriêre is op ’e non rûn, de ferkearing is út. Hy siket in útflecht yn ’e Spaanse heechlannen by Prospero, in wetterkundich projekt dat wurk biedt oan in ploech studinten en oar jongfolk. Marco giet folslein op yn ’e ploech mei syn yntriizjes en leafdesperikelen, en it wurk yn ’e smoarende hite. Hjir wurdt him sa’t liket in kâns bean om oan syn deistige omstannichheden te ûntkommen.”

Folle mear is der net oer te sizzen. De earste fjouwer haadstikken binne geëamel fan itselde soarte as elk sljochtweihinne fakânsjedeiboek: idere skeet dy’t litten wurdt, wurdt neamd: It waar, in oerfloed oan lichamelike kwaaltsjes en ûngemak. Prietpraat oergetten mei sleatten bier en kofje. Yn it fyfde haadstik stiet in aardich dialoochje, dan folget in kuiertocht troch de bergen, goed skreaun, mar neat nijs, neat fernijends en neat nijsgjirrichs.

Kinst de tiid better besteegje oan in kuier en dan de kroech yn, want Prospero foeget dêr net in soad oan ta. Lokkigernôch fersûpt ien fan de haadpersonaazjes oan ‘e ein. It makket in soad goed, want, o irony, de titel is Prospero: foarspoed. Dêrnei peert de ik-figuer, dy’t as iennichste by it ûngemak oanwêzich is, ‘m sûnder immen te warskôgjen. Dat is al hielendal prachtich, want yn de tsjinstelling krijt it motto, in rigel fan Bob Dylan: ‘To live outside the law you must be honest’, ek noch syn literêr gerak.

Mar, al is der yn it earste haadstik, alhiel folgens it boekje, in hint nei it lettere barren ferwurke, wurdst absolút nèt fan it begjin ôf oan meisûge yn in deadzjende stream. Dy stream is der nammentlik net. In begjinrigel as ‘Ynienen fielde ik drippen’ en in baarnend ljocht, ‘ergens hiel yn ‘e fierte’ as einsêne: wurdst der waarm noch kâld fan. Utsein in inkeld moai fragmint, jildt itselde foar it measte dat der tuskenyn sit. It ‘swier en iensum lot’ (s. 135) fan Marco liket my benammen dat fan in slimme somatisearder ta. De earste haadstikken kinne sawiesa oerslein wurde.

Al skrassend, hâldt de lêzer dan miskien in moai ultrakoart ferhaal oer. Yn dy’t oant no ta yn Hjir ferskynd binne, hat Nyk de Vries syn wiere kwaliteiten toand. Wat Prospero oanbelanget, hast oan de flaptekst genôch.