publikaasjes

Elske Schotanus skriuwt kollems, ynterviews, sjoernalistike artikelen en resinsjes, sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk, û.m. foar it kulturele en literêre opinyblêd de Moanne. Har literêre proaza ferskynt yn it Frysk.

* klik hjir foar in ynterview mei Elske Schotanus (Ingelsktalich)
* gean nei Tresoar foar alle publikaasjes fan de skriuwster

boekomslag Pier Feddema

Pier Feddema – In de lijn van het Fries expresionisme

Elske Schotanus, Paulo Martina, 2015

Wiidweidige libbensbeskriuwing fan de skilder-tekener Pier Feddema mei as titel ‘Koe hy no in artyst wêze?’ yn it Frysk, in ferkoarte ferzje yn it Nederlânsk en in keunsthistoaryske bydrage fan Paulo Martina. Mei ôfbyldingen.

 

in kop as in almenakIn kop as in almenak

Elske Hindriks, 2013

Flaptekst:
Yn de jierren fyftich koenen skûtsjeskippers wier net mear fan de wyn libje. Se stapten de wâl op en sochten nije wegen. De ferhalen en de tradysjes bleaunen oan board fan de âlde skippen.
Yn In kop as in almenak besiket in dochter út in laach fan skippers de ferhalen fan har beide âlden nij libben yn te blazen. Sadat net alles ferlern gean sil.
In kop as in almenak is nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2015.
Resinsjes

skrikSkrik

roman 2007

Flaptekst:
Yn Skrik krûpt de lêzer yn de holle fan Elke, in psychiatryske pasjinte dy’t nei in psychoaze opnommen wurdt yn in ynrjochting. Hoewol’t Elke har kwaal somtiden wit te oerwinnen en de ynrjochting tydlik ferlit, rint it úteinlik net goed mei har ôf. Skrik is in ynkringende roman dy’t op ymposante, benearjende wize it libben fan Elke tichteby wit te bringen. Boppedat is it in oertsjûgjende krityske roman oer it bestean yn in psychiatryske klinyk.
‘Jo wolle it boek soms graach eefkes fansiden lizze, mar dochs lêze je troch.’
Skrik waard nominearre foar de Fedde Schurerpriis.

griisstiennen_wurdIt griisstiennen wurd

ferhalen 2004

Flaptekst:
De ferhalen yn It griisstiennen wurd spylje op en oer de grinzen fan de deistige werklikheid. De beskreaune wrâld liket gauris sa betroud, mar dan teart de werklikheid om yn it surrealistyske of hy gliidt suntsjeswei fuort yn it mysterieuze. De persoanen bedarje yn it ûnbekende gebiet dêr’t de wenstige regels gjin jildichheid ha en alle hâldfêst fuort falt.
It griisstiennen wurd waard nominearre foar de Fedde Schurerpriis.

toe_nobydrage oan Toe no, ferhalen foar bern dy’t derom freegje

ferskate skriuwers 2007

iteachfandegriffioenbydrage oan It each fan de griffioen

ferhalen fan ferskate skriuwers 2007

as redakteur:

siep

Dichter Bij Siep

Biografie over de kunstenaar Sijbren Ridsert van den Berg
Auteur Simon Deinum, uitg. Wijdemeer 2014

ikader

Ikader

dichtbondel fan Eeltsje Hettinga, 2012 (klik hjir foar webside)

Gerben_RypmaGerben Rypma, De keunstner fan it dûbele krús

2010
Auteur: Eeltsje Hettinga
Redaksje: Ernst Bruinsma en Elske Schotanus

Gerben Rypma (1878-1963) wie in boeresoan út Blauhús, dy’t in tige weromlutsen bestean late oan de Aldegeaster Brekken as lytse boer, skilder en dichter. Dit boek biedt in biografyske skets en in oersjoch fan Rypma syn wurk. Tagelyk jout Eeltsje Hettinga in byld fan de Roomsk-Fryske taalbeweging dêr’t Rypma en famylje fan him by belutsen wiene, fan de Fryske literatuer út Rypma syn tiid en fan de sosjaal-ekonomyske omstannichheden.
It boek is rynsk yllustrearre en de lêzer kriget in goed oersjoch fan Rypma syn skilder- en tekenkeunst.

gjingrinzenGjin grinzen, de reis / Geen grenzen, de reis, No borders the voyage

gedichten fan ferskate skriuwers mei as tema ‘de reis’, 2004
Redaksje en útjefte tegearre mei Eeltsje Hettinga.
De bondel, mei CD, foarmjûn troch Michiel Postma, krige de Liuweprint 2004 foar de foarmjouwing.

kistwurkKistwurk

redaksje literêr tydskrift , mei Eeltsje Hettinga, Eric Hoekstra en – letter, Abe de Vries, 2001-2002