publisiteit generearje

“Mei it nominearjen fan in oantal dichters hopet Tresoar, dat de priisútrikking út namme fan de provinsje organisearret, mear publisiteit te generearjen.” (LC, 4-6-’13)

Naamloos
LC 9/11/2011

Earder, mei de Fedde, is it net werklik slagge om publisiteit te generearjen bûten it literêre krinkje om, en miskien sels dat net iens, dat ik bin benijd wat der de kommende moannen sa al op priemmen set wurdt. Sels ha ik ris, tegearre mei Simon Oosting en Jaap Krol, foarlêzen yn in lege trein tusken Snits en Starum, mei reden dat ik net al te optimistysk bin as it giet om it generearjen fan publisiteit om literêre prizen hinne. Men besiket wat. Alwer de safolste webside op it web sette, sa’t Tresoar foarich jier mei de Fedde die, wurket yn elk gefal net en it yn alle stilte ferivigjen fan de kandidaten yn de akwatinttechnyk likemin … En wat te tinken fan it beskikber stellen fan jild foar in oersetting, novimber 2011 doe’t Durk van der Ploeg de Gysbert krige foar syn oeuvre en dan fierstentelang wachtsje oant dy ferskynt.

Yn De Moanne fan it Fryske Boek, te begjinnen mei de boekejûn dêr’t de fiif noch libjende dichters kreas op in rychje yn de seal sitte sille om te hearren wa fan de sân de Gysbert krijt, sille sy yn elk gefal, de kamera op ’e noas, nét foardrage, want har wurk, dêr giet it net om. Sawiesa giet it measte omtinken yn De Moanne fan it Fryske boek, dy’t ôfslút mei, op 12 oktober, de útrikking nei … de Moanne fan it Fryske Boek dêr’t Atte Jongstra syn kadoboek yn sintraal stean sil.

Sil it dan de kommende trije moanne heve? Juny, july, augustus? Stil wat mimerje yn it skaad fan ’e beammen, in dichtbondel by de hân? Want yn de Fryske media, ynbegrepen Ensafh en de Moanne, leit de kultuer by’t simmer sa’n bytsje op syn kont. Slim simmer.

576552_531809060199128_1980770112_n
Fryske poëzy

Wat soe it (potinsjele) lêzerspublyk trouwens oer de streek helje kinne om ien fan de sân bondels, of, leaver noch, allegear, te lêzen? Want dat is dêr’t it om giet, gean moatte soe, as ‘publisiteit’ foar Tresoar it kritearium is om de dingen te dwaan sa’t dy dien wurde. De Fryske poëzy kin nei tweintich jier net langer foarút op it allegeduerigen oanhelle sukses fan Tsjebbe Hettinga syn foardracht op de Frankfurter Buchmesse yn 1993, dat Tresoar sil toch werklik wat oars betinke moatte. Of is it al te let?
Ernst Bruinsma sil, ien kear yn de moanne op sneontemoarn op Omrop Fryslân, de bondels ek wol net allegear mear besprekke (kinne en wolle); net ien fan de sân bondels is yn allebeide literêre tydskriften besprutsen. Sterker noch, Heechtiid is allinne besprutsen yn de kranten en yn de Moanne krige Equinox as iennige fan de sân nominearre wurken noch omtinken, nammentlik fan Klaas van der Hoek dy’t sûnt 2009 krekt ien resinsje skreaun.

As, neist kwaliteit ‘publisiteit’ ek foar de sjuery (mei) in kritearium is – bûtenliterêre kritearia spylje ommers wol faker in rol ha’k, sa in sigretsje smokend yn it fjild fan Bourdieu dêr’t tal fan Frysk-literêre insiders elkoar treffe, wolris fernaam – dan giet de priis nei it wurk dat de measte publisiteit sawiesa al generearre hat. Dat de oare dichters no op har curriculum “nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013” stean ha, bylket yn elk gefal moai op de omkaften fan eventueel noch te ferskinen wurk.