resinsjes

kistwurk Yn 2001 bin ik  útein set mei it skriuwen fan resinsjes, doe foar it earste literêre tydskrift dat sawol op papier as op it ynternet ferskynde: Kistwurk. As ik my net fersin wie de earste resinsje dy’t ik skreaun dy fan it berneboek Dingeman krijt wjukken fan Eppie Dam mei byldwurk fan Gerrit Terpstra, in boek dat ik de lêzer altyd noch oanriede kin. Ek foar Farsk en De Moanne ha ik (meast) Frysktalich proaza besprutsen. Yn 2010 bin ik dermei opholden, benammen om’t ik fan in tal nije skriuwers alle boeken besprutsen hie: dan wurdt it tiid dat in oar it stokje oernimt. Of wie it benammen om’t de honoraria net yn ferhâlding stean ta…
Hjirûnder in list fan de boeken dy’t ik yn ’e rin fan ’e tiid besprutsen ha. Mei om’t Tresoar de besprekken net op Sirkwy.nl set, ha ik se op dit blog set. Der sit in sykmasine op: hartsikke handich foar de ynterressearre lêzer.
En it wurk sels? Guon boeken binne yn de boekwinkel te krijen en oars is de biblioteek der altiten noch. De titels dy’t der – nei myn  idee – útspringe, ha ik read ferve.

  1. Abma, Gerben – roman De brek, 2005
  2. Greet Andringa – roman Libben reach, 2007
  3. Wobbe Atsma – ferhalen It liket op fleanen, 2006?
  4. Berga, Wilco – roman It smoarge bestean, 2008
  5. Sjieuwe Borger  – roman Genesis Abbekatekantoar, 2008
  6. Claus, Marga – roman Oxzana, ferhaal fan in flechtling, 2000 Kistwurk IV ’01
  7. Claus, Marga – Lytse do, dei- en nachtboek foar in stjerrebern, 2006
  8. Claus, Marga – roman Bollman en Bollman, 2009
  9. Dam, Eppie  – berneboek Dingeman krijt wjukken, Kistwurk ynternetside, 2001
  10. Dijkstra, Lida  – histoaryske roman Ik, Anna, 2009
  11. Doele, Sikke – ferhalen It apparaat, Opmaat nei it ferline, Farsk 08 2003
  12. Heijde, Hans van der  – Nederlandstalige roman De republyk, 2009
  13. Eric Hoekstra  – sjenre Libje goed / op nei de tonne, 2007
  14. Eric Hoekstra  – Kening fan ’e junks, 2007
  15. Haan, Josse de – Elja, 2007
  16. Hettinga, Ytsje – Lange fingers en tichte skuon, 2007
  17. Bennie Huisman – Eeltsje & ik, reisferhalen De Moanne 2008? 2009?
  18. Krol, Jaap  – ferhalen Wettersek, 2002 Falske beloften, Kistwurk VII 02
  19. Krol, Jaap – Nûmers : 35 hûskeamerferhalen, 2004, Tocht se, wist se, fûn se, De Moanne ’04
  20. Jaap Krol – M/F, 2006
  21. Riek Landman – boekewikegeskink, Fammen fan Gaasterlân, 2008
  22. Meer, Aggie van der – Lytse roman fan Jon Fels, Knap ferburgen moralisme yn sfearfol boekje, Kistwurk VIII ’02
  23. Meer, Aggie van der  – ferhaleroman Ûntdekking fan de wrâld, Twa masterwurken foar ien priis, De Moanne ’04
  24. Meer, Aggie van der – novelle Pauwehôf, Wêrom sa hastich?, De Moanne ’05
  25. Meer, Aggie van der – roman De dei dat Farah Bezaz ferdwûn, 2008
  26. Peanstra, Auck – berneboek By beppe yn it bedstee, In moassich bedstee foar bern, 2001, Kistwurk ynternetside
  27. Peanstra, Auck – roman Elske din datter, 2002 Kroaden fol datter, Kistwurk ynternetside
  28. Ploeg, Durk van der – roman, Iishilligen, De alles bepalende macht fan de dykgraaf, De Moanne ‘04?
  29. Durk van der Ploeg – roman It himels oerwurk
  30. Durk van der Ploeg    – In beferzen mar – 2009
  31. Poortstra, Margriet – roman Kâldfjoer Healwei rekket it fjoer der wat út, Kistwurk VIII ’02
  32. Popma, Leo – Himelsk Ferwulf, In sekuer hânskrift, tusken Escher en Tadema, Kistwurk VII ’02
  33. Riemersma, Trinus – roman Na de klap (niet gepubliceerd)
  34. Riemersma, Trinus  – De Hite Simmer
  35. Riemersma, Trinus – toanielbewurking Festen, Festen: in hiele útdaging foar de Stifting Frame, De Moanne, ’05
  36. Riemersma, Trinus  – De fûgel, 2006
  37. Riemersma, Trinus  – Hoe binne de helten fallen
  38. Riemersma, Trinus  – splitscreenroman De acht foar achten trein, 2009
  39. Schoorstra, Willem  – ferhalen Berjochten út Babel Skielk sil har neat mear ûnmooglik wêze fan alles wat se fan doel binne, Kistwurk ..
  40. Willem Schoorstra  – roman Swarte Ingels
  41. Willem Schoorstra  – roman De ôfrekken
  42. Terpstra, Arjen  – roman De Hearen fan Fryslân
  43. Tiemersma, Koos  – roman De Ljedder, De taal fan de jonkheid, Kistwurk VI ’02
  44. Tiemersma, Koos  – roman, Under Wetter, 2009
  45. Tuma, Eelkje – roman Paadwizer, 2009
  46. Veen, Durk van der – ferhalen It tal mooglikheden is sawat ûneinich
  47. Veenbaas, Jabik  – ferhalen De wite ûle
  48. Veenstra, Johan  – roman In brêge fan glês, 2009
  49. Vries, Nyk de – roman Prospero / in simmerskiednis,
  50. Willem Verf  – roman It Swijen net wurdich, 2008
  51. Harmen Wind – roman Om it libben, 2008
  52. Wolf, Henk  – Youmir, soan fan in túnslang
  53. Wolf, Henk – Wûnderaardichheden, mei tekeningen fan fan Mudhoen
  54. Ferskate skriuwers    – ferhalen Listen fan goaden en bisten Toarrens, koartswyl en kwaliteit: resultaat fan in moadieuze formule, Kistwurk ..
  55. Ferskate skriuwers    – Yn ’e wyn, 2008 (Hobbe Akkerman, Janna de Jong, Tineke Lettinga, Gertrud Palstra, Piter Renia, Wytske Visser)
  56. Ferskate skriuwers    – boekewikegeskink Feestlift, 2009