Koos Tiemersma, Under wetter

in ôfskie, weardich stal jûn

january 2010 publisearre op go-gol.nl
Under Wetter (2009) fan Koos Tiemersma. Roman, 239 siden.

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

tiemersma under wetterFan de boeken dy’t Koos Tiemersma skreau ha ik syn debút De Ljedder altiten it bêste fûn. Yn de fierte docht syn lêste boek, Under wetter (2009), tinken oan Nei de klap (1999) fan Trinus Riemersma en De Republyk (2009) fan Hans van der Heide. Mei Under wetter hat Tiemersma in maatskiplik relevante roman skreaun. It boek oertreft net allinne alles wat er earder skreau, dit is it meast nijsgjirrige proaza dat de lêste tsien jier yn it Frysk ferskynd is.

Oan it smakeleaze omslach is dat net ôf te lêzen. De foto fan in op wetter dearinnend dykje bylket âldfrinzich. Soest hast tinke dat it hjir om in troch de KFFB útbrochte boereroman giet. It boek hat in hurd kaft, de ‘wiete dream fan elke skiuwer’, mar keapsjoch is it net wurden. De rêch kreaket as wie it dy fan in krebintich âldman dy’t net langer troch de bocht kin. Metafoar foar in tekoart oan fleksibiliteit fan de Friese Pers Boekerij?

Itgiet yn dizzen fansels net om de bûtenkant, mar om de ynhâld. Under wetter spilet yn de takomst, om krekt te wêzen yn 2065. It part fan Nederlân dat ûnder de seespegel leit wurdt priisjûn oan it wetter dat troch klimaatferoarings heger en heger kommen is. De befolking wurdt evakuearre en komt yn kampen, yn Drinte, Dútslân en Poalen. Dêrnei wurde de diken trochstutsen. Studint Sil Posset, út waans perspektyf it ferhaal ferteld is, en syn freonen Wester en Jarch – alle trije dichters – ha har, as de muzikaal/literêre groep FRL middels optredens, ynsetten foar de Fryske taal en kultuer. FRL wie ek aktyf by protesten tsjin de plannen, mar dy wienen net op te kearen. Dat hat ek te krijen mei de politike sitewaasje. Yn in globalisearjende wrâld hat Sina, yn 2065, in soad macht yn Europa krigen.

De ûntwikkeling fan de ferhâldingen tusken de trije mannen wurdt  moai delset. As wurden, yn de striid om taal en identiteit te behâlden, net mear genôch binne, wurdt op in stuit sels geweld brûkt. Dêrmei komme tema’s as skuld en ferrie yn it ferhaal. En as it giet om de jonge frou Ynke, dêr’t Sil en Jarch beide sljocht op binne, is der sprake fan hoantsjegedrach en jaloerskens.

Sil en syn freonen bliuwe sa lang mooglik yn Fryslân. As se lang om let belies jaan moatte en yn Dútslân yn in opfangkamp bedarje, wachtsjend op in lân dat har definityf opnimme kin, hâlde Jarch en Wester noch altyd fêst oan harren ideeën. Se binne fan doel in Fryske mienskip op te bouwen,  mar dan digitaal. Sil heakket ôf. Syn takomst, sa beslút er bywannear’t er tastimming krijt om him yn Litouwen te fêstigjen, leit dêr.

rekkensomkes

Under wetter is skreaun as it deiboek fan Sil Posset. It beslacht de perioade fan 2 oktober 2065 oant en mei 1 jannewaris 2066. Letter bewurket er de tekst en set dy, sa docht bliken út it ‘tankwurd’ achteryn, oer yn it Litous. By de 75-jierrige betinking fan de ynundaasje wurdt it deiboek, dat yn Posset’s neilittenskip fûn is, útjûn, sawol yn it Litous as yn it Frysk. Yn Litouwen wenje dan 300 minsken dy’t it Frysk noch behearskje. Under wetter begjint dan ek m ei in twatalich foaropwurd fan in professor fan de ‘Vytauto Didžiojo Universitas’.

‘In ieu ferlyn waard in diel fan de Lege Lannen as gefolch fan it Klimaatakkoord fan London opoffere oan de see (…)’, sa set de professor útein, (foaropwurd, s. 7) en, op deselde side hat er it oer de 75-jierrige betinking. Nei in ieu? Ik begryp it net, mar de professor sil der wol foar trochleard ha.

As yn 2065, neffens it deiboek fan Sil Posset, noch mar in pear tûzen minsken Frysk prate en de Fryske literatuer net mear lêzen wurdt en der al tweintich jier gjin roman mear ferskynd is, soenen der dan, 75 jier nei de Fryske diaspora, toch noch in 300 Friezen wêze dy’t ‘de taal aktyf yn eare hâlde’?  En dus de Fryske ferzje fan Sil Posset syn deiboek lêze? Posset syn neiteam sil dêr yn alle gefallen net by wêze, syn bern gean mei de nammen Aušra, Mykolas en Damuté troch de wrâld. Dat hoe wierskynlik is dat?

Om’t it tema fan Under wetter de ûndergong fan de Fryske taal en de literatuer is en tagelyk Tiemersma syn persoanlike ôfskied as Frysk skriuwer – fierderop mear dêroer – krearret er in nuvere kontradiksje. Trijhûndert lêzers yn 2140 is, op syn Frysk, hielendal ‘sa min noch net’, seker net ast witst dat, anno 2009, fan ferskate Frysktalige romans al net iens mear trijhûndert eksimplaren de doar útgean. Mar Tiemersma hat mei it skriuwen fan dizze roman hielendal net posityf wêze wollen oer de takomst fan taal en literatuer…

wat as

Tsien jier foar it ferskinen fan Under wetter kaam Nei de klap fan Trinus Riemersma út. It boek is in sekuere útwurking fan de fraach: Wat as ‘de klap’ komt. Of, oars formulearre: wat as de bom falt? De haadpersoan, Ake, in opslûpen jonge, swalket troch in leech en ferlitten lânskip dêr’t net mear te libjen falt. Hy bedarret yn Frankryk, yn Dútslân en oan ‘e ein fan it ferhaal wol er werom nei Fryslân. Dat blykt net mooglik, in part fan Nederlân stiet ûnder wetter. Oars as yn Tiemersma syn boek is der gjin útwei mear.

Ek Tiemersma moat himsels ‘wat as’ fragen steld ha. Mar dan oare: Wat as, troch klimaatferoarings, de seespegel omheech giet? Wat as Sina de macht krijt? Wat as nije wegen fûn wurde moatte om yn de enerzy te foarsjen?

Wol hiel tafallich is dat, doe’t de skriuwer yn Kollumersweach achter de kompjûter siet en mooglike antwurden op syn ‘wat as’ fragen ta fiksje makke, in oare skriuwer, fiifentweintich kilometer fierderop yn Ljouwert, itselde die. Sawat tagelyk mei Under wetter ferskynde Hans van der Heide syn (Nederlânsktalige) roman De Republyk. Van der Heide stelde wer oare fragen. Bygelyks dizze: Wat as it Frysknasjonalisme sadanich trochslacht dat Fryslân harsels ûnôfhinklik makket fan Nederlân? Of: Wat as de Friezen foar in demokrasy kieze wêryn’t boargers om beurten har bydrage oan de steat leverje troch om politike en amtlike posysjes te lotsjen?

Al stelle Tiemersma en Van der Heide ferskillende kwestjes oan ‘e oarder, toch binne der opfallende oerienkomsten tusken de twa romans oan te wizen. Sa wurde yn beide boeken geskriften fûn dy’t fan belang binne foar de skiedskriuwing en beide ha Frysk nasjonalisme as ien fan de tema’s.

Dêrmei hâldt de fergeliking trouwens wol sa’n bytsje op. It nasjonalisme yn it boek fan politikolooch Hans van der Heide wurdt útfergrutte en krijt slapstickachtige skaaimerken, wyls dat yn Under wetter frijwat realistysk delset is meidat it folle mear giet om de takomst fan in taal dy’t hieltyd minder brûkt wurdt.

Yn De Republyk komme tal fan saken foar dy’t spegele binne oan de wurklikheid. De gong fan saken by fuotbalwedstriden, de betsjutting fan literatuer en media. By in tal personaazjes dat de revue passearret giet om ‘bekende’ Friezen. Sa sitte der alderhande werkenbere eleminten yn it boek. Mar it is betiden sa hilarysk datst dy as lêzer op gjin inkelde wize foarstelle kinst dat de Fryske republyk sa’t dy troch de skriuwer stâl jûn wurdt oait in werklik besteande realiteit wurde kinne soe.

By Under wetter leit it oars. Klimaatferoarings en de opkomst fan Sina bygelyks of, tichter by hûs, de delgong fan de Fryske taal: Tiemersma ekstrapolearret (nuodlike) ûnwikkelingen dy’t al oan ‘e gong binne en dêrmei jout er in neare ynkyk yn ‘e takomst. Krekt omdat de skriuwer tichtby de werklikheid fan hjoeddedei bliuwt, is it him slagge en skep in byld dat realistysk oerkomt. Gjin realiteit mar al in mooglike realiteit. Dat makket dat Under wetter in maatskiplik relevant boek is yn in Fryslân dat mei keunstmjittige yngrepen fan boppe-ôf besiket de taal yn stân te hâlden.

Sil Posset fytst oer de Emmakaai, der lizze skippen, der is noch altiten in Hema. En al is in part fan de bewenners fan Ljouwert al fuortset en stean tal fan wenningen leech, it takomstbyld fan de stêd is net folle oars as dat fan no. Dat jildt ek foar de libbenswize fan de minsken. Der rydt in elektryske auto, mar dy binne der al. Yn 2065 binne der wynmûneparken yn de Noardsee, de plannen dêrfoar lizze al klear. Wat nij is binne de FLY’s, fleanende kamera’s. Mar it lân hinget hjoeddedei al fol kamera’s, nij yn 2065 is allinne dat se har troch de lucht bewege. Hjir en dêr binne rellen en der is sprake fan sensuer, mar it is net sa dat de sensuer gjin reden hat en dus ûnfoarstelbere foarmen oannimt. Dat Sina yn Europa hiel wat yn ‘e molke te krommeljen krigen hat, spilet wol in rol mar it is in gegeven dat op de achtergrûn bliuwt. Der wurdt sms’t en ynternette: net folle oars as no. De haadpersoanen moatte al útsjen wat se skriuwe, mar ek no ha oerheden tagong ta de ynhâld fan mails en tillefoanferkear. Sels gegevens wêrfan’t de brûker mient dat er dy fan de hurde skiif wiske hat, binne altiten te trasearjen.

Der binne kontrôleposten, der binne militêren op de dyk, op in stuit hat Sil Posset meldingsplicht. In soldaat pisset Sil op in stuit oer de klean, mar it is gjin barren dat ynherint is oan in systeem, it giet om in yndividu dat gebrûk makket fan syn machtsposysje. Oars as yn George Orwell syn 1984, is it net sa dat de boarger yn alles kontrolearre en neirûn wurdt. Nergens blykt dat de kontrôles in oare funksje ha as soargje dat de minsken fuort binne foardat it lân ûnder wetter set wurdt.

Al mei al kin konkludearre wurde dat Under wetter dan wol yn de takomst spilet, mar Tiemersma is subtyl yn it stal jaan derfan. It is dat de seespegel sa hurd net kin, oars hie de ynundaasje, by wize fan sprekken, likegoed oer tsien jier plend wurde kind.

taal en styl

Tiemersma liet op syn log (25/12/2009) witte dat er Under wetter yn in ‘geef mar tagonklik Frysk’ skriuwe wollen hat. As ik it boek willekeurich iepenslaan, op side 118, kom ik dit tsjin: beskûl, groede, wiggelje, tekrommelje, taast, pûster, sluere, lea. Geef al, mar oft it Frysk ek tagonklik is foar jongere lêzers is mar de fraach. De measte Fryskpraters, seker jongeren, ferhollânskje sokke wurden òf kieze in fariant dy’t ticht by it Nederlânsk leit. Ik ûnderstel dat de skriuwer sa yn it sâlt fan de taal bebiten is dat er net iens troch hat dat tal fan wurden dy’t himsels natuerlik yn ‘e earen klinke by de jongere lêzer net daliks werkend wurde. As wurden yn in kontekst stean, hoecht it wurdboek der net fuortendaliks by, sa is it no ek wer net, ‘raar wurd, sla oer’ is ek in prima lêsmetoade.

Wat Tiemersma syn styl oanbelanget, oer De Ljedder wie en bin ik hiel optein. Om’t ik yn de kuiergongen oer De Mjitte opfong dat guon syn bylden wolris as ‘over the top’ beskôgje, ha ik der by it lêzen fan Under wetter nochris acht op slein. ‘It soe wat wêze as Tsjep [Sil syn kat. e.s.] en ik ús weromlûke koene, as wy in plak fûnen om ûnder te dûken. Miskien kinne wy weiwurde tusken de rigels fan dit deiboek, (…)’ Dat is moai, mar nei de komma komt de skriuwer op de proppen mei: ‘net mear te trasearjen yn de stilte fan Tussaud.’ It is net allinne dûbelop, it twadde byld past hjir ek minder goed as it earste. (s. 82) Gelokkich komme dit soarte fan misserkes net hiel faak foar. As ik, al lêzend, út en troch in oantekening yn ‘e kantline meitsje, stiet der gauris: okee, moai of prachtich!

Jonges ik ha myn plicht dien foar it Heitelân oer siz mar

Tiemersma hat syn boek de wurden fan Miedema as motto meijûn. Under wetter is begjin 2009 ferskynd, ein foarich makke de skriuwer bekend dat er de Fryske pinne oan de wylgen hinget. 25 desimber skreau er op syn weblog: “De wat tûkere lêzers hiene, sa murk ik út de reaksjes, al nei it lêzen fan ‘Under wetter’ troch dat dit myn lêste boek wêze soe. Ik hie it der dan ek frij dik boppe-op lein troch de titel, it ferhaal en fansels it foaropskrift, in sitaat fan (de troch my tige bewûndere) Hessel Miedema, in sin dy’t er opskreau doe’t er in punt sette achter syn karriêre yn de Frysktalige literatuer.”

It makke my benijd nei it boek en ik ha it pas lêzen nei Tiemersma syn oankundiging. Bliken docht yndie dat der tal fan ferwizings binne dy’t te krijen ha mei de posysje fan de Fryske taal en de literatuer en nei de konsekwinsje dy’t der skriuwer dêr foar himsels út lutsen hat. Haadpersoan Sil Posset ûntwikkelt him fan ien dy’t, as dichter en lid fan it FRL, him ynset foar de Fryske taal en identeit nei ien dy’t him, as Fryslân ûnder wetter set is, oanpast oan de realiteit. 1 jannewaris, de lêste dei yn it deiboek, pisje Jarch, Wester en Sil elk in letter yn de snie: FRL. (Ien fan de leuke fynsten yn it boek.) Ik sitearje:

“Witte jim wat dy L betsjut? sei ik, it is de L fan Litouwen, want dêr gean ik op ta. Ik tink net dat de plannen dy’t jim hawwe, werklik wurkje sille. Jim wolle my tefolle werom nei wat wie, restauraasje is tinke op sterk wetter en jim plakke de diggels ek noch ferkeard oan elkoar. It hâldt allinnich mar yn dat jim stekken bliuwe en neffens my is dat de deastek foar de takomst, der  binne ûntjouwings dy’tst net opkearst. Kinne jim Wende Andreae noch? Taal en identiteit binne soeverein, hold se my foar en neffens my hat se gelyk, dat ik bin sa frij en gean myn eigen wegen.
Dat betsjut datst dy weromlûkst út ús striid? sei Wester.
Nee, ik wol foarút.”

Wa’t mei sà’n boek syn ôfskie fan de Fryske literatuer stal wit te jaan, is skriuwer yn ieren en sinen