ús Fryske mienskip

Yn de nota Taal Kultuer en Underwiis Grinzen oer fan de provinsje Fryslân komt it wurdsje ‘ús’ 80 kear foar en “Frysk(e)” 363 kear. By dat lêste giet it lang net altiten om taal want de kombinaasje “Fryske taal” komt ‘mar’ 62 kear foar. It eigenskipswurd wurdt te pas en te ûnpas tuskenfoege. Sa komt “Fryske” gauris foar yn de kombinaasje mei “mienskip”, in wurd dat mar leafst 58 kear brûkt wurdt. Oerheidsbelied wurdt blykber leafst yn termen as “ús” en “mienskip” ferwurde, oer de ynwenners fan de provinsje giet it folle minder, want dat wurd komt mar 16 kear foar.

Wat ha de ynwenners fan de provinsje eins mienskiplik? It iennige dat mei 100% wissichheid fêststeld wurde kin, is dat sy yn Fryslân wenje. Dejingen dy’t Frysk prate ha boppedat in taal mienskiplik, mar itselde jildt foar dejingen dy’t Nederlânsk prate. Fansels, as ynwenner hast te krijen mei beliedsbeslissings, mar de belangen kinne behoarlik tsjinstridich wêze. Neat mienskipliks oan en dat docht ek wol bliken, want oars soe elkenien op deselde partij stimme.

Mienskip as “gehiel fan persoanen dy’t yn in beskaat opsicht in geregelde bân mei-inoar hawwe” – de wurdboekdefinysje – seit ek al net sa’n soad. In stikmannich famyljeleden, wat freonen, in tal kollega’s, de buorlju, de minsken fan de klup, dêr hast in ‘geregelde bân’ mei, mar dat allegear is dan wer net ien mienskip, it binne der meardere. Dé Fryske mienskip, dêr’t de nota it oer hat, bestiet dy eins wol? As it om de provinsje giet, hâldt dy ‘geregelde bân’ dan mear yn as alle fjouwer jier mei de ferkiezings in biljet yn in bus triuwe?

Soe de provinsje ‘maatskippij’ brûke dan ferwiist dat folle mear nei de ynstitúsjonele aspekten derfan. Is dat net wêr’t de oerheid har yn it belied op rjochtsje moatte soe? ‘Maatskippij’ komt dan wol 19 kear foar, mar ás it brûkt wurdt dan meast allinne as ôfwikseling foar de term ‘mienskip’. In kwestje fan styl, net oars as it pleatslike Suffertsje dat “plysje” steefêst ôfwikselet mei “Hermandad”.
De maatskippij is folle mear as de mienskip bûn oan de provinsjale grinzen en it is binnen dy geografyske grinzen dat de provinsjale beliedsnotysje fêststeld en útfierd wurdt. Wát de titel fan de nota ek seit. In Fries yn de Rânestêd kin him ferbûn fiele mei de Fryske mienskip, in kwestje fan emoasje, mei it provinsjale belied hat er net folle te krijen. De ynwenners fan de provinsje dêrfoaroer meitsje lang net allegear part fan út fan de mienskip en al hielendal net as de oerheid yn har stikken allegeduerigen de klam op it eigenskipswurd Frysk leit. Hielendal in rommeltsje wurdt it ast dy realisearrest dat it begryp Frysk net allinne nei de provinsje ferwiist mar ek nei it fenomeen erkende nasjonale minderheid.

leaver dea as slaaf“Leaver dea as slaaf”, as facebookside yn de loft brocht as reaksje op de plannen Fryslân yn in grutter lânsdiel opgean te litten hat in pear tûzen ‘freonen’. Sûnt der krityk kaam op inkelde oarlochssuchtige plaatsjes is it der stil, al wol dat net sizze dat it ek de reden is dat op dy side neat bart. In krityske hâlding foar skaalfergrutting oer is needsaaklik, mooglik ûntbrekt it de (anonime) ynisjatyfnimmers simpelwei oan de kapasiteiten om mei wat oars as photoshopte plaatsjes te kommen. Fraaie tattoo’s, dat al J, mar arguminten, ho mar.
De útdrukking “wiis mei Fryslân” wurdt keppele oan it stribjen de folksnasjonaliteit op de id-kaert fermelde te krijen, in stribjen dat dêr fansels neat mei te krijen hat. En dan kinst ek noch “grutsk op Fryslân” wêze. In webshop dy’t klean ferkeapet “voor mensen die willen laten zien dat ze trots zijn op Fryslân” docht dat fia facebook mei de kop: “wave your pride and wear your flag”. Dêrmei giet it om in benearjend nasjonalistysk flachfertoan dat no krekt net grutsk makket. “Frisian front” seit de tekst op de, meast swarte, klean. En dat is, yn mear as ien opsicht net myn taal.

Werom nei de taal yn de nota TKU. Lykas ‘ús’ hat it wurd ‘mienskip’ wat normatyfs yn him. Mar júst as der in bân ûndersteld wurdt dy’t der lang net altiten is, dan wurdt dy nammerste mear field. Sa’n bân knypt in part fan de befolking de strôt nammentlik ticht.