Willem Verf It swijen net wurdich

It praat net wurdich

desimber 2008

Besprek Willem Verf It Swijen net wurdich. Friese Pers Boekerij, ISBN : 9789033007590, 240 siden

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

De webwinkel fan de Friese Pers Boekerij kundiget Willem Verf syn foarich jier ferskynde roman It swijen net wurdich oan as in ‘sprankeljende roman’. It sil wêze om’t der, neist wyn, bearenburch en kofje, ek bubbeltsjewetter yn foar komt. En penne mei tsjiissaus. En tritich broadsjes. En redizen út eigen tún. En noch folle mear iten en drinken en dat bringt dan wer mei dat pannen nei de keuken brocht wurde, der wurdt toskepoetst, in waskmasine draait. It is prachtich as in skriuwer each foar detail hat en yn it deistige libben moat it ek allegear, mar as it net funksjoneel is foar de ferrin fan it ferhaal, dan rint út op in wat al te werkenber gejeuzel.

De haadpersoanen yn It swijen net wurdich binne ‘stille’ Job en syn folwoeksen bern: Hugo en syn frou Feikje, beide wurksum yn it ûnderwiis en aktyf by frjemdlingewurk, soan Germ, de fanatike Frysk-nasjonalist, en dochter Nynke dy’t al jierren net praat hat. Job ferlear syn frou troch in autoûngemak doe’t Nynke noch mar in pear moanne âld wie. Sûnt hat er himsels yn himsels weromlutsen, fandêr syn bynamme. Fan de heit syn swijen hat Hugo, as âldste, noch it minste lêst hân. Al jierren docht er itselde wurk, hy komt net foarút mar doart it ek net oan te besykjen en fyn wat oars. Dêrneist is ek syn houlik wat yn ’e fersukkeling rekke. It komt gelokkich allegear wer goed.

Soan Germ hat him yn it Frysk-nasjonalisme fêstbiten; hy is lid fan de ‘Ynternasjonale Wylde Friezen’. Aksjes lykas de ferkeap fan kentekenstikkers mei ‘Frl’ derop, sette lykwols amper seadden oan ’e dyk en fergaderjen docht dat al hielendal net, omtinken foar de ‘Fryske saak’ besiket er te krijen troch op Helgolân tegearre mei Teatske fan in rots te springen. Dit smyt in tige humoristykse sêne op – de iennichste yn it boek –  want Teatske is in… ko. Hoewol’t Germ springoefeningen mei har dien hat, is Teatske net fan doel harsels tekoart te dwaan en dat betsjut dat, tsjin syn bedoeling yn, ek Germ de sprong oerlibbet.

Nynke, de jongste fan it stel, is noch it measte knoeid troch it missen fan de mem en benammen troch Job syn reaksje dêrop. Doe’t se op it fuortset ûnderwiis siet, is sy opholden mei praten. Mei help fan har logopediste – Froukje – leart sy it praten op ’e nij en krijt se wer kontakt mei it libben.

Sawol Job sels as syn bern, allegear ha se dus har lytsere en gruttere problemen en meistje se sa har flaters. De kearn fan it boek leit dêryn dat se elkoar bystean en mei elkoar leare te praten, har swierrichheden oerwinne en nije wegen fine. Yn dy sin is It swijen net wurdich in ‘fiel dy goed’-roman, in boek dat sjen lit dat, as minsken der foar elkoar binne, der in hiel soad oplost wurde kin.

De personaazjes binne tige maatskippelik belutsen. As in ekstreemrjochtse politika in praatsje hâldt, gean Hugo en syn frou Feikje derhinne om in tsjinlûd hearre te litten. Stille Job betinkt in ludike aksje as de state dêr’t er, yn tsjinst fan ‘de âld jonker’, eartiids as túnman wurke yn hannen komt fan in omheechfallen finansjele oplichter. Tige Frysksinnich binne se allegear ek en dat jildt net allinne foar Germ. Feikje jout Fryske les, Nynke praat dan wol net, mar sy kommunisearret fia briefkes en docht dat yn de memmetaal, Hugo syn dochter docht eksamen yn it Frysk en as se nei Grins te learen sil is se fansels fan doel lid fan Bernlef te wurden. Der falle boppedat nochal wat nammen fan Fryske boeken. Sa giet Feikje, as se in kear yn Ljouwert is, op syk nei it wurk fan Meindert Bylsma en Greet Andringa. Ek de nammen Van der Ploeg en Jetske Bilker falle en in bûtenlaner – kunde fan Hugo en Feikje – hat sels in blomlêzing mei Fryske poëzije op ’e boekeplanke stean. Nei alle gedachten sil it dy fan Verf syn útjouwer Abe de Vries west ha want de nije Spiegel wie der noch net doe’t It swijen net wurdich útkaam. It bliuwt lykwols by nammestruierij – bekjeflaaikje? – ynhâldlik wurdt der neat mei dien en de funksje is dan ek net oars as dy fan al it iten en drinken dat de persoanaazjes dogge: blêdfolsel.

De roman is opboud út haadstikken mei titels as ‘Froukje set fannijs útein’. Yn elk haadstik stiet ien fan de persoanaazjes sintraal. Froukje is Nynke har logopediste. Op side 43 is it: ‘Foardat se nei hûs gie, die hja noch in pear boadsippen by de supermerk; se woe der serieus om tinke dat se alle dagen foar harsels goed iten makke en it holp om regelmjittich farske lytse bytsjes te keapjen.’ Yn de folgjende alinea wurde de boadskippen dus op tafel set. Froukje wennet noch net salang yn Dokkum, dus der wurdt al even neamd dat de muorren fan it appartemint sausd binne, der binne lampen ophongen en Froukje har spul is te plak set. Ien alinea letter, op side 44, krijt de lêzer sels te hearren dat der in agressyf skjinmakkersguod oan te pas kaam is om de suterige badkeamer wer fris te krijen.

Blykber om tefoaren te kommen dat de lêzer sa stadichoan ek agressyf wurde sil, wurdt dy in alinealang traktearre op in beskriuwing fan Froukje har wurkkeamer yn de poliklinyk: ‘Der stie in buro mei in grien boppeblêd, eins mear in tafel mei in los ladeblok, der wie in burostoel mei griene beklaaiïng en twa besikersstuallen, ek mei griene stof.’ Ensafuorthinne. Mar gelokkich is der feroaring op kommendewei, want in side fierderop is it: ‘nei de earste sittings hie hja it buro en de stuollen ferskood (…)’. Nei dizze gedachtesprong nei de wurksitewaaasje bringt de skriuwer de lêzer werom yn Froukje har keuken: ‘Hja rûme de pear boadskippen op, sette wetter oer mei in bûljonblokje deryn om de penne te sieden dy’t se kocht hie, socht de dingen by elkoar dêr’t se aans de tsiissaus fan meitsje soe.’ Yn twa siden fernimt de lêzer mear oer Froukje har achtergrûn – se falt op froulju, mar har relaasje is noch net lang lyn stikken rûn – dan giet it wer fierder mei it itensiedersboek: ‘Hja geat de penne ôf, fong de bûljon op, spielde de pasta ôf ûnder de kâlde kraan. Wylst it útdripte, skodde hja it lytse pûdsje mingd slaad leech yn it glêzen bakje, geat der wat dressing oerhinne, mjukse it mei in draai fan har rjochterhân troch elkoar en brocht it nei de tafel yn de keamer. (…)’. It beteart allegear goed, want it haadstik eindiget mei: ‘Se hie alles opiten seach se, ek it slaad (…) hja brocht de pannen nei de keuken en helle it neigesetsje mei strinkjebeien en kwark út de kuolkast dat se okkerdeis al ris kocht hie.’

In oer en tefolle oan soksoarte knap steurende oanklaaiing docht dizze roman slim ûnderstek. Der binne wis wol in pear aardige ferhaallinnen, de struktuer sit goed ynelkoar en op tal fan plakken sprekt der (links) polityk-maatskiplike belutsenens út it benimmen en it tinken fan de persoanaazjes. Toch is de roman as gehiel gjin politike of maatskiplike roman, der is net ien tema of ien konflikt dat sintraal stiet. Underlinge konflikten binne der likemin, it giet earder om in optelsom fan persoanlike swierrichheden wêrby’t der sprake is fan in waarm soarte belutsenens fan de leden fan in húshâlding by elkoar. Job en Nynke stypje elkoar yn it trochbrekken fan it ‘swijen’, yn syn ôfskiedsbrief riedt Germ Nynke in logopedist te sykjen, Feikje stipet har man, allegear stean se foar him klear as der wat mei Germ is.  Yn dy sin kin, foar wa’t dêr ferlet fan hat, Verf syn roman mooglik in ‘treastryk’ boek wêze. Tige spitich dêrby is dat al dy deistige omballingen dy’t Verf yn It swijen net wurdich ferfrissele hat, it praat net wurdich binne.