Willem Winters, Ik vreet je op, 80 Bollen

wintersskoft

15/10/07

Willem Winters, Ik vreet je op / Klein vademecum van het kannibalisme
Steven Sterk, ISBN 9789056151461

Willem Winters, 80 Bollen
Venus, ISBN 9789059980402


© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

ik vreet je op

Ast dysels net yn it libbene fleis snije wolst, kinst better foar de fijân kieze, mar wit al dat swarten better smeitsje as blanken en froulju better as manlju. Bern, it leafst fan ien jier âld,  binne foar de fynpriuwer en in Japanner smakket ek net min. Dêrby skine de billen net it bêste part fan de minske út te meitsjen, dus wat sille wy hjoed dan ris op it menu sette? De harsens? Wangen? Fingers? Of yndie de boarsten? En hóé ite wy ús soartgenoaten? Rau? Of kinst it fleis better koaitsje? Of roasterje?

Yn Ik vreet je op / Klein vademecum van het kannibalisme hat Willem Winters alderhande weetjes sammele oer it iten fan minskefleis. Dy binne oardere op, nochal willekeurich keazen, stekwurden. By de letter K bygelyks, ûnder it it lemma ‘kauwen’, fynst: “De bewoners van de Fiji-eilanden bewaarden mensenvlees in zout en liepen erop te kauwen, als was het pruimtabak.”

Pikelje en ynmeitsje kin dus ek. De ynformaasje komt út reisferslaggen, antropologyske ûndersiken, mar ek út literatuer en media. It is fassinearjend om troch te nimmen, soms grappich, gauris knap grouwelich. Willem Winters hat syn ‘vademecum’ foarsjoen fan in nijsgjirrige ynlieding, neist in ynhâldsopjefte is der in persoaneregister en in boarnelist opnaam. Elke nije begjinletter wurdt oanjûn troch neakene minskjes dy’t mei har lichemshâlding in letter úttsjutte. Neffens my binne it besteande ôfbyldingen, dat jildt ek foar de foarplaat, fergetten is de boarne derfan oan te jaan. Ek is der is spitigernôch in flaterke ynslûpt: yn plak fan de letter J is de letter I twa kear ôfprinte.

Oer it tarieden fan minskefleis, sa meldt Willem Winters yn de ynlieding, is net in soad skreaun. Boppedat blike de ervaringsdeskundigen, oft it no om Papoea’s, Sinezen of Dútsers giet, it alhiel net iens te wêzen as it giet om in antwurd op de fraach ‘fan wa’t wat hoe it lekkerst smakket’. Wa’t Ik vreet je op dus as itensiedersboek brûke wol, kin op syn bêst in stikmannich tips opdwaan mar sil sels op jacht moatte, want yn dit troch Barbara Jonkers tiptop fersoarge boekje mist it lemma ‘supermerk’.

80 bollen

Willem Winters hat nuvere hobbies. Sa ferskynde yn 2003 Creatief met tandpasta: een vrolijk knutselboek voor jong en oud en yn 2006 Ut Feensters: hoe staat het ervoor? wêryn’t Winters op syk giet nei it stedsdialekt fan It Hearrenfean. Oars as de hjir besprutsen boekjes kamen beide by syn eigen útjouwerijke, Perio, út.

Yn de foarm fan artikels en boekjes sammelt Willem Winters net allinne sitaten, mar ek foto’s fan, bygelyks, plestik terrasstuollen of supermerken. Op har bar binne de útjeften wer foer foar de wiere samler fan it wurk Willem Winters. Dy moat net allinne Ik vreet je op oanskaffe, mar ek it ek yn 2007 ferskynde boekje 80 bollen. Yn 80 bollen stean 80 foto’s fan bolle strjitlampen. De ôfbyldingen binne foarsjoen fan koarte teksten, trije derfan gean oer lampen – gjin strjitlantearnen -, twa oer Winters syn fotosearjes. It kin om in oantinken gean, mar ek om assosjaasjes dy’t Winters hat by de bolfoarm en dy bygelyks oer boarsten, fuotballen of gehakballen gean. De teksten binne net botte nijsgjirrich, de foto’s artistyk besjoen likemin, mar troch in tal foto’s fan ien sa’n aldendeisk ûnderwerp by elkoar te pleatsen, jout Winters it publyk al in gefoel fan ‘o, ja, it is ek sa’, sa sjogge strjitlantearnen derút en pas no’t der net in boekje oer is, falt it op.

Mei de nijste boekjes fan Willem Winters kinst dy wol in skoftsje fermeitsje. Wa’t gjin Willem Winters-samler is, sil, sawol om de ynhâld as om de foarmjouwing, de foarkar jaan oan de útjefte fan Steven Sterk.