Wûnderaardichheden, Mudhoen en Henk Wolf

Die Gedanken sind frei

juny 2007

Wûnderaardichheden, Mudhoen en Henk Wolf
Utjouwerij Bornmeer, ISBN-10 978 90 5615 122 5 / ISBN-13: 978 90 5615 122 5

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

It reint klachten oer in tekoart oan humor yn de Fryske literatuer. Lêskommisjes dy’t kwaliteitsrapporten opstelle, wrakselje har troch jiergongen Frysk literêre tydskriften sûnder spot en satire hinne, de Rely-sjuery stroffelt oer it hege gehalte oan ‘moard en deaslach, problematyske relaasjes en ynsest’ en Steven de Jong ferwyt skriuwers dat se te earnstich binne. Iksels ha my ûnderwilens skoander fermakke mei it web-log fan Goaitzen Andringa, de postings op De Sjippekiste fan go-gol en de ferhalen fan Jaap Krol. Joast Halbertsam en R.R. van der Leest ha mear erfgenamten at sa op it earste gesicht liket: Henk Wolf is der ien fan.

Net lang neidat de roman Swarte Ingels fan Willem Schoorstra ferskynde (2004), publisearre it ynternettydskrift Doar ‘It swarte skiep’ fan Henk Wolf. Yn Schoorstra syn roman ferliedt de haadpersoan Fardou har broer Hilbrand, yn Wolf syn parody is it it skiep Willemke, in touke (skiep fan ien jier âld) dat de bynamme ‘Foartou’ krijt, dy’t skieppeboer Arnold meisleept yn in bestiale ferhâlding. Mei dizze prachtige persiflaazje iepenet Wûnderaardichheden fan Henk Wolf + Mudhoen. De ûndertitel fan de ferhalebondel is Teltsjes en rimen, in fette knypeach nei de bruorren Halbertsma. Wolf skriuwt dan ek benammen mearkes, folksferhalen en rymkes. Of miskien kinst better sizze dat de skriuwer mei dizze sjenres boartet en gauris nijsgjirrige farianten makket op wat earder troch oaren dien is. Sa wurdt yn ‘It guoske Gans Anders’ út in tal eleminten út bekende mearkes in folslein nijen opboud en yn ‘Gjin ferhaal’ giet in personaazje út it foargeande ‘Ripe parren en jonge fammen’ de striid oan mei syn God-skriuwer. Op fernimstige wize referearret Wolf hjir oan De reade Bwarre en De nije Sineeske muorre fan Trinus Riemersma.Oare ferhalen wurde befolke troch minsken mei ‘it twadde gesicht’, klopgeasten en satansbern. Op in tal plakken moatte Grinzers en Hollanners it ûntjilde, bygelyks yn it folksferhaal ‘De ko fan de Burgerheide’. As in ferhaal begjint mei “Kinie en Sicko Grootboer binne byinoar wei. Dat komt sjesa. Kinie en Sicko binne net allinne kristenen, mar ek Grinzers,” hast dan net daliks al wille?

plaatsjes foar ‘levenloze lapzwansen’

Lykas yn de Rimen en teltsjes binne yn Wûnderaardichheden in tal tekeningen opnaam. De yllustraasjes binne fan Mudhoen* (Alexander Russchen, Gerard ‘Kerat’ Boersma en Richard ‘Rico’ Bos). It binne gjin ien-op-ien ôfbyldingen fan it ferhaal, mar farianten. In foarbyld: Yn it mei de Rely bekroande ferhaal ‘De roaze oaljefant’ moetet Wiggele in roaze oaljefant, wêrnei’t, elke kear as Wiggele in sûpke hân hat, syn winsken yn ferfolling geane. Op it plaatsje sitte in man en in oaljefant tegearre oan ‘e taap, de man mei in fûgeltsje en it bist mei in amer foar him: “Aanst jousto in rûntsje, okee?” De teksten yn de ballontsjes en de tinkwolkens tsjûgje fan in heech jierren fyftich nivo: plan-út flau. In útsûndering is it stripke by ‘Ripe parren en jonge fammen’. Spitich is yn elts gefal dat de measte yllustraasjes in pear siden nei it ferhaal ôfprinte binne en dat it boek net in oanpast formaat krigen hat sadat de stripkes grutter ôfprinte wurden kind hiene.

ferkeardichheid

Lykas Arnon Grunburg docht yn De Joodse messias, driuwt Wolf op provosearjende wize de spot mei de skiednis fan de Joaden. Yn ‘As in sike ko better wurdt’ makket Adolfus, as de hillige fan it suverjen, Pibe komelker syn ko better: “Elkenien wit doch dat Adolfus de ferkearde bistjes derút helle dy’t stadichoan yn de ieren fan it minksdom wreiden. (…) It virus hebraicus, sa hite de ferkeardichheid.” Mudhoen leveret der plaatsjes by fan in hillige mei tabbert, mijter en stêf, fersierd mei it hake- en it keltysk krús. Yn De Joodse messias sil de haadpersoan Xavier de ‘Grote Jiddische Roman’ skriuwe, mar hy komt der achter dat dy al skreaun is, nammentlik troch ‘Je-weet-wel-wie’. Lykas it romanpersoanaazje fan Grunberg dy’t dêrom Mein Kampf mar oersette sil yn it Jiddysk, wie skriuwer Henk Wolf ôfrûne simmer belutsen by de, ynearsten anonym brochte, oersetting fan it wurk fan Adolf Hitler. Fierder as twa haadstikken fan in Fryske ferzje, dy’t ûnder de titel De ôfrekken op it ynternet ferskynden, kamen de oersetters net. “Xavier zou zorg dragen voor de laatste maar hartverscheurende stuiptrekking van een bijna dode taal,” skriuwt Grunberg. Lis dat sitaat neist it krewearjen fan de ferfryskers en it smyt in absurde foarm fan hilariteit op!

die Gedanken sind frij

Yn guon ferhalen spylje de oare Fryslannen en ynterfryske kontakten in rol. Yn ‘Sa moest it mar’ wurdt de gek stutsen mei de idee fan in Grut-Fryslân, it ryk dat rint fan ‘e Denemark oant it Fly. Troch in grouwélige moardpartij troch Erich von Hökstein moatte kening Siemen syn riejouwers it fjild romje en wurdt ginneraalfjildmaarskalk Von Hökstein oerbefelhebber en iennichst persoanlik riejouwer fan de kening. In ferhaal mei in moraal: om hegerop te kommen kin men de fijân dan wol deadzje moatte, keninklik wurdt men troch sok benimmen fansels noait ien kear!

“Alle assosjaasjes mei saken út de werklikheid binne foar rekken fan de lêzer syn fantasij,” meldet de skriuwer achter yn de bondel foar alle wissichheid. As antwurd op ien fan de wol fiif! motto’s dy’t oan Wolf syn ferhalen foarôf gean – “Die Gedanken sind frei, wer kann sie erraten?” – slacht oangeande ‘Sa moest it mar’ myn fantasij dan ek daliks op ‘e rin:

Yn Erich von Hökstein syn kantoar hinget net alline in portret fan de kening, ek Friedrich Nietzche en Douwe Kalma siere de muorren, in fjirde portret is lykwols ferwidere. By it lege heakje oan it lewant komme my de websiden www.wegmetderandstad.nl fan Eric Hoekstra en www.ofrekken.web-log.nl fan Henk Wolf en de twadde, ûnbekend bleaune, oersetter fan Mein Kampf yn ‘t sin. De earste webpagina is út ‘e loft helle, de twadde bestiet noch al, flarden fan de ferfrysking fan Mein Kampf binne lykwols allinne noch mei de sykmasine te achterheljen.

En wat te tinken fan de brûkte nammen? Erich von Hökstein: Is in “Höker” gjin keapman? Ek is der in sekere Lev Wolsky fan wa’t yn de stoarje net dúdlik wurdt hokker rol er no krekt spilet, sadat it oan de lêzer is om te rieden oft ‘Lev’ stiet foar leffens of foar moed. Trouwens, yn ‘Sa moest it mar’ misse noch twa tige wichtige personaazjes, nammentlik de foarljochtingsofsieren Knal von der Knelis en Abele Wynaai. Mocht de lêzer fan dizze krityk trouwens miene dat ik it oer besteande persoanen of werklike barrens ha, dan moat er him realisearje dat de werklikheid betiden mâlder is as de bêste satire.

It moaiste ferhaal yn Wûnderaardichheden is ‘De blom’ weryn’t de jongfaam Rixt har foaroer falle lit yn in ‘ik-ferjit-dy-netsje’, en dan, as in hiel lyts famke, yn in Alice in Wonderland-eftige wrâld telâne komt. De blom hat de stim fan heit en prachtich is de sêne mei in mûske dat op har mem liket. De ein is net allinne riedseleftich, mar ek oangripend. Yn al syn tearens falt it mearke-eftige ferhaal wat út de toan by de rest. (Kin it ‘ynspirearjende famke sûnder wa’t dit boek nea skreaun west hie’ en oan wa’t Wûnderaardichheden opdroegen is Henk Wolf ek oerhelje om mear fan soks te skriuwen?)

Yn it deistich libben is Wolf taalkundige, syn leafde foar it Frysk úteret him yn it brûken fan moaie, gauris wat âldere Fryske wurden. It proaza is hiel libben skreaun, mar in dichter is er net. Yn de bondel stean in tal rymkes fan it soarte: “Willie Hughes bestiet net / Willie Hughes is flauwekul / Want twa Willies yn in bedsteed / Wat is dat no foar gelul”. Nettsjinsteande ek in inkeld ferhaal wat flau is, bygelyks ‘Monolooch fan in gymnasiast’, of krekt net genôch útwurke, lykas ‘Klopgeasten’, makket Wûnderaardichheden de lêzer nijsgjirrich nei Youmir, soan fan in túnslang, de novelle dy’t meikoarten by Venus útkomme sil. Miskien steane der wol wer plaatsjes yn!

—————————–

* Mudhoen is it ‘Nederlands eerste en enige lifestyle stripmagazine voor levenloze lapzwansen’. Mear is te finen op mudhoen.com: yn kleur en yn de foarm fan animaasjes of komplete strips komt it wurk better oer as dat yn Wolf syn bondel