Youmir, soan fan in túnslang, Henk Wolf

foer foar de hypothalamus

Youmir, soan fan in túnslang, Henk Wolf
Utjouwerij Venus, 88 siden, ISBN-10: 90-5998-032-8, ISBN-13: 978 90 5998-032-7

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

Glimkje. Nokkerje. Gnyskje. Subjektyf fansels, mar wat humor yn de literatuer oanbelanget bliuwt it by it lêzen fan de measte boeken by ien fan dizze trije. De iene wize fan laitsjen is de oare net. Dy laits dy’t fan út it binnenste opwâlet en útrint op bolderjen of skatterjen is in seldsum ferskynsel. Yn de kroech of yn it teater, ja, mar yn in hoekje mei in boekje? Komselden. My oerkaam it in pear kear by it lêzen fan Riemersma syn De Reade Bwarre en it oerkomt my by Henk Wolf syn twadde boek Youmir, soan fan in túnslang.

taaldatabanktaal

Youmir, in novelle, sit oarnsje tusken in leginde en in hilligenlibben yn, of better sein, it is dêr in persiflaazje op. Oarnsje? Ik hie noch noait fan it wurd heard. De taaldatabank fan de Fryske Akadeemje, in prachtich helpmiddel om te sjen yn hokker kontekst ‘moaie’ Fryske wurden eins brûkt wurde, jout om krekt te wêzen, presys ien(!) hit by it ynfieren. En de skreaune boarne fan dy iene hit is….. in artikel út 1978 ýn De Pompeblêden. En wat seit de tekst dy’t de taaldatabank jout??? “7. ergens: hjir en dêr; earne oarnsje.” De taaldatabank ferwiist notabene nei in tekst oer taal, mar brûkt wurdt ‘oarnsje’ noait…

Ik hâld fan geef Frysk en út en troch in wurd datst net alle dagen brûkst yn in tekst ferfrisselje mei ik graach oer, mar de fraach is al hokker doel it hat en brûk in folslein ferdwûne argayske taal. Stiet Wolf de taalkundige hjir net rjocht foar Wolf de beweger oer?

Dêrfoaroer lykwols, en dat makket it wurk mear as genietber, stiet it taalboartsjen, it betinken fan gekke nammen foar minsken, stêden, begripen. ‘Youmir’ fansels. Of Paisle en Haisle foar himel en hel…

godslastering mei edukative wearde

Al is Youmir in skreaun ferhaal, as de wiere leginde, is it ek in mûnling oerdroegen ferhaal. It is de satiryske beskriuwing fan it libben fan in hillige, in god, in messias, fanôf de flekkeleaze ûntfinzenis as de soan fan in túnslang oant en mei de ferearing wêrfan’t noch generaasjes nei syn dea sprake west hat. Alderhande religieuze, soms werkenber bibelske eleminten binne yn Youmir werom te finen.

De lêzer wurdt direkt oansprutsen as siet er mei Wolf by it hurdfjoer en wied er de harker:

“It is sa lang lyn dat (…)”, “Lit my dy it wiere ferhaal fan Youmir fertelle.” (s. 5) It is in foarm dy’t moreel kommentaar mooglik makket: “Do sjochst (…) mar noch nea hie ien sa tûk gebrûk makke fan de minslike eangsten as de Regardy.” (s. 36) Wolf stekt de draak mei de pronkskens, de religieuze oarloggen, it ûnstean fan miten en legenden.

Dêr is de gelde túnslang dy’t de mem har ‘Jûchewûche’ neamt. In god mei in wetterholle. It ferhaal fan it meitsjen fan it byldmerk foar de religy: it krús. En hokker krús! Ik sil it net ferklappe, mar al dit: ik wie slop fan laitsjen.

Godslastering? Wat no godslastering: it boek leit hierskerp bleat wat de meganismen west ha, en binne, achter de ynherint oan religy en tsjerke ferbûne machtsmeganismen:

“Stiltsjeswei waard al útmakke dat wa’t Youmir net oanhong, mar leaver net op in baan by de plysje dwaan moast.” (s. 56)

Tink oan de skiednis: ien fan de easken dy’t yn de santjinde ieu te uzes bygelyks oan it lidmaatskip fan magistraat en froedskip steld waarden, wie dat de kandidaat grifformeard wêze moast. In ferskynsel fan alle tiden, alle religys tekenjend, ek de politike, jildend op alle terreinen, soms formeel fêstlein, mar meast giet it om ûntrochsichtige ‘wa ken wa’ beneamingsprosessen.

Wat de ferearing fan de soan fan in túnslang oanbelanget komt it oan ‘e ein fan ‘e novelle allegear wer goed. Sels, of benammen, foar grifformearden. Dat, noch neibolderjend om de ôfrin ha ik it boekje fuortendaliks oan ‘e buorman jûn: Hjir. Lêze, jo.

Bertus Mulder, it kin no noch!

Greet (’71), Tsjead (’74), Hein Jaap (’69), Arjan (’76), Lolkje (’68), Jaap (’70), Elmar (’69), Albertina (’69), Meindert (‘68), Eelkje (’66), Nyk (71) en Henk (’73). Al binne it gjin broekjes mear, dizze skriuwers binne allegear fjirtich jier as jonger. Dêr stiet tsjinoer: It publyk op ‘e boekejûn, de minsken dy’t op de boekemerk yn Drachten lâns de diskes skowe, de besikers fan de reistoer om it ‘wolkeboek’ hinne, de Simmer-oere fan Frysk en Frij…

Nije skriuwers komme op, mar it publyk is fyftich-plus en bestiet foar it grutste part út grize prúkjes. Neat mis mei: ik wol gjinien misledigje – teminste net op grûn fan leeftyd, wy geane ommers allegear itselde paadsje, mar it bewiis is der: stadichoan ûntstiet der in generaasjekleau tusken lêzers en skriuwers. Mei as gefolch dat Van der Ploeg, Speerstra en Landman lêzen wurde, mar der hieltyd minder publyk wêze sil foar jongere Fryske skriuwers. Dat, jou elke snotaap fan fyftjin dy’t mei de boekewike of yn de sutelaksje gjìn Frysk boek keapet op kosten fan de provinsje in eksimplaar fan Youmir. Fergees. Neam it taalbefoardering…