Aggie van der Meer, De dei dat Farah Bezaz ferdwûn

Fryskpratende islamiten

okt. 2008

Besprek Aggie van der Meer, De dei dat Farah Bezaz ferdwûn, 144 siden, Friese Pers Boekerij, ISBN : 9789033007361

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

Goed in jier nei it ferskinen fan Willem Schoorstra syn roman De ôfrekken, komt de Friese Pers Boekerij op ’e nij mei in roman dêr’t de islam in wichtige rol yn spilet: De Dei dat Farah Bezaz ferdwûn fan Aggie van der Meer. Gyng it yn Schoorstra syn boek om eangst foar de opkomst fan de Islam, Aggie van der Meer nimt ien aspekt fan it leauwe, nammentlik it fenomeen earwraak. Beide binne mei de kar fan har ûnderwerp tige aktueel en litte, elk op har eigen wize, har maatskiplike belutsenens sjen, mar de twa skriuwers ha itselde manko: sy binne gjin islamyt. No hoecht dat yn it deistige libben gjin probleem te wêzen, mar it betsjut dat, as der bûtenlanders yn it boek foarkomme, it allegear wat oan de bûtenkant bliuwt. Schoorstra syn persoanaazje Ake fynt wat fan de opkomst fan de Islam, dy fan Van der Meer stean wat tichterby de islamityske mienskip, mar it bliuwt in ‘sjen nei’, in ‘jin bemuoie mei’, fan in ôfstân, se komme der net werklik tusken.

De sechtiger Hero Dunand wennet op in flet dêr’t nochal wat bûtenlanders wenje. Op in dei ferdwynt syn buorfamke Farah mei wa’t er in pear kear flechtich kontakt hân hat. Farah is in jonge frou, se sit noch op de middelbare skoalle en hat ferkearing mei John, in ‘ûnleauwige’. Har âlden ha lykwols in partner út it eigen fermidden foar har útsocht, dat Farah dûkt ûnder. As it famke ferdwûn is, is it in kommen en gean fan manlju en de buorlju krije it fermoeden dat it wolris op earwraak útrinne kinne soe. In tal minsken út Farah har fermidden, moslims en net-moslims, besykje har út de ‘klauwen’ fan de famylje te rêden.

skamtekultuer en sharia

It gegeven – earwraak – dêroer sipelt út en troch wat troch nei de media. De literatuer kin dan in mearwearde ha, yn dy sin dat de lêzer him ynlibje kin yn de omstannichheden, de emosjonele prosessen en de dilemma’s dêr’t de belutsenen mei te krijen ha en alle gefoelens fan eangst, leafde en grutskens dy’t dêrby hearre. Dat soenen dan Farah sels, har âlden, har freon Josh, Tariq, de oansteande, en de manlike famyljeleden dy’t op wraak útbinne wêze. Hoe giet soks? Wat seit de Koran? De sharia?

Oer earwraak is Wikepedia hiel stellich: Het vermoorden van een andere persoon en daarmee dus ook eerwraak, is expliciet verboden in de sharia, de islamitische wetgeving. Het opleggen van de doodstraf voor overspel mag alleen worden opgelegd door religieuze instanties indien er vier betrouwbare getuigen zijn. En dr. Monique Bernards, universitair docent bij de vakgroep Talen en Culturen van het Midden-Oosten van de RUG, stelt: “Er staat niets over eigenrecht in de Koran. De Profeet wilde juist een islamitische gemeenschap creëren waarbij loyaliteit aan de islam boven de tribale gevoelens van status en wraak stond.” Eerwraak wurdt ek neffens Bernards troch bûtensteanders wol mei de Islam assosearre, mar dat is net terjochte, stelts sy, it ferskynsel soe earder mei regionale kultueren en tradysjes te krijen ha: “Het is een mediterrane traditie die voortkomt uit een schaamtecultuur. In die cultuur zijn aanzien en status veel belangrijker dan in de westerse schuldcultuur. In het westen is door de eeuwen heen de verantwoordelijkheid voor je eigen daden steeds belangrijker geworden, terwijl in de mediterrane cultuur schaamte domineert. Als je kind of vrouw iets doet waardoor je aanzien wordt geschaad, kan je schaamte zo groot zijn, dat de enige uitweg het plegen van eerwraak is. In landen als Turkije waar men een rechtssysteem heeft dat is gestoeld op het Europese systeem, worden plegers van eerwraak gewoon berecht voor moord.”

As Hero nei Zeki ta giet om’t er mear witte wol, is it: “De buorman fan him en Farah soe as moslim mear witte as hy (…)” (s. 23) As er himsels ôffreget wêr’t er him eins mei bemuoit: “(…) Wie it lilkens? Lilkens oer dy útstrutsen Mo dy’t Allah as in skyld foar him útdroech, beskermhear fan al syn sizzen, syn litten en wierskynlik ek syn lusten? (…)” (s. 24) De skiedline tusken Hero en Hero en Farah is “De grins tusken har as moslimfamke en him, in ûnleauwige man (…)” (s.27) en net dy tusken autochtoon en allochtoon of dy tusken fan Nederlânsk of fan Marokkaanske of Turkse komôf. Mo, Farah har heit, heart neffens har net by de seis prosint dy’t ôffallige moslims stiennigje wol, mar, seit se, hy is wol foar de sharia. (s. 50) Mo sels keppelt, yn in petear mei Zeki, de wize wêrop’t in moslimman syn frou derûnder hâlde moat oan it leauwe en de needsaak de eare fan de famylje en dy fan it famke te ferdigenjen is ‘foarskrift’. (s. 80) En as in frou mei in ûnleauwige omgiet, is earwraak, yn de wurden fan neef Kemal, gjin moard mar plicht.

De earwraak yn De dei dat Farah Bezaz ferdwûn referearret dus ek hjir oan in ‘skamtekultuer’. Sjogge saakkundigen as bygelyks dr. Monique Bernards it ferskynsel earder as ‘gewoanterjocht’ dan as islamitysk rjocht, de persoanaazjes yn Aggie van der Meer har boek dêrfoaroer lizze de relaasje mei it moslim-wêzen, de Islam, de sharia en de ‘foarskriften’.  Dat strykt mei de betizing dy’t der by bûtensteanders en misskien ek yn de islamityske mienskip sels is, mar spitich is it wol dat it ferskil tusken wet en tradysje yn it boek net meinaam is.

Der komme nochal wat persoanaazjes yn it boek foar, sintraal stiet Hero en net sasear Farah en har famylje. It ferhaal spilet him nammentlik net ôf yn, mar bûten de húshâlding dêr’t Farah yn grutbrocht is. Wat de lêzer oer de man-frouferhâldingen yn de islamityske mienskip te lêzen krijt, giet meast fia fia. Sa fergeliket Farah har eigen situaasje mei dy fan Esma en dêrmei krijst yndirekt wat te hearren oer hoe’t it yn sa’n arranzjearre houlik om en ta gean kin. Sa kloarket Hero syn islamityske buorlju út, mar hy doart it net oan en gean nei Mo en Fulla, de âlden fan Farah; ynformaasje krijt er fan Zeki en Maryam dy’t frijer mar har leauwe omgean as Mo en Fulla dogge. Hero komt geregeld yn de gefangenis dêr’t er âld-wurknimmer John opsiket. Dy kin moai ris foar him hifkje hoe’t syn meifinzenen fan islamityske komôf oer earwraak tinke en hoe’t soks yn syn wurk giet. De lêzer krijt dus fan alles foarset oer hoe’t yn de húshâlding fan Mo en Fulla tocht en dien wurdt, dy húshâlding dêrfoaroer spilet mar amper in rol. Tariq komt allinne mar foar as namme, itselde jild foar Josh. Der wurdt oer Fulla en Mo praat, men wit dat omkes en neven by har oan de doar komme, mar wat binnendoar bart en bepraat wurde kinne soe, krijt de lêzer foar it meastepart yndirekt te hearren.

Ek yn har debút, de ‘Lytse roman fan Jon Fels’ (2002) hie Aggie van der Meer in maatskiplik ferskynsel by ’t ein, te witten pedofily, lykas earwraak in gefoelich ûnderwerp. Troch it brûken fan wikseljende perspektiven en libbensechte dialogen wist de skriuwster de persoanaazjes, Jon, syn mem en de pedofile Warner, nuânsearre del te setten, dêrmei waard Warner syn ‘ôfwiking’ tichterby brocht, begryplik makke as eat dêrst benaud foar wêze meist mar dat, salang’t ien him net oan in bern fergrypt, net iensidich feroardiele wurde kin. De lêzer sjocht de wrakseling fan Warner mei syn oars-wêzen, dêr hat er it oer mei Jon syn mem en sjochst him yn syn kontakt mei Jon. Warner is in personaazje mei alle nuânsjerring dy’t dêrmei anneks is in mins fan fleis en bloed.

Yn Dei dat Farah Bezaz ferdwûn sit de nuânse yn de ferskillen tùsken ferljochte, islamiten en dejingen dy’t dat net binne, der personaazjes sels ûntwikkelje har net. Sa is de man dy’t syn frou slacht allinne mar dat. Sa is de konservative heit, Mo, allinne mar dat. Sa is syn frou, Fulla, in bang wyfke en mear as dat is sy net. It praten en tinken oer minsken smyt betiden klisjeemjittige bylden oer de man-frouferhâldingen yn de islamitydke mienskip op. Sa seit Farah oer Esma, in frou dy’t tastimd hie om mei de man dy’t de famylje keazen hie troude: No hat se al har tiid nedich om de man te jaan dêr’t er rjocht op hat; de man dy’t har net ferstiet, mar neat hoecht te freegjen om syn geriif te krijen; de man dy’t it iten mei board en al fuortsmyt as it him net oanstiet (…) As er har slacht, sil dat foar har bêst wêze. (s. 11) Oer de âlden: Net folle letter wie er [de heit, e.s.] mei Tariq oankommen. Twingend. Hy stie; mem hie de eagen delslein. As Farah fuort is, is de mem in gûlend en suchtsjend wrak (s. 47). Ien kear komt Mo, yn in petear mei Zeki, sels oan it wurd: (…) Wy hâlde ús oan de foarskriften, oan de plichten dy’t wy ha as har heit, har omke en har omkesizzers. Wy ha gjin oare kar. De eare fan ’e famylje, de eare fan it famke sels, hawwe wy te ferdigenjen. Dêr sprekt gjin inkele twifel út al wurdt op in oar plak al sein dat groepsdruk wol in rol yn de heit syn hâlding spylje kinne soe.

De dei dat Farah Bezaz ferdwûn is goed strukturearre. De typyske, poëtyske Aggiestyl mist, mar it is in ferhaal sûnder wryt of slyt, útsein dy froulike omke yn boppesteand sitaat dan, of, op side 139, it wurd ‘skandalisearre’ as ‘skansearre’ bedoeld wurdt. Neist de plot, binne der in pear subplots lykas de relaasje tusken Hero mei syn freondinne, of it ferhaal fan John en syn frou en dochter.

Oan ’e ein fan it boek, sa seit de flaptekst, rint de spanning heech op. Dat is net it gefal. Earwraak is de reade tried en dus is de ein sa foarsisber as it mar kin. Om de ôfrin mooglik te meitsjen is in needgreep tapast: As John syn frou Gryt him yn de gefangenis besiket, ferliest sy dêr in briefke mei it ûnderdûkadres fan Farah derop en sa komt it adres yn hannen fan in neef fan Farah. Dat is wat al te tafallich, boppedat ha ik gjin idee wêrom no krekt dit persoanaazje it adres fan Farah opskreaun hat en dêrmei omrinne moatte soe.

Yn Schoorstra syn roman De ôfrekken (2007) komt de islamyt sels ien kear foar, nammentlik as ien dy’t, as it om seksuele moraal giet, in ferskriklike hûchelder is, mar fierder bleaun Schoorstra de bûtenkant neist. Op in hiele oare wize jildt dat ek foar Van der Meer har nijste boek. Sûnder Fryskskriuwende Hafid Bouazza, Abdelkader Benali of Naima El Bezaz  kinne (bgl) Marokkanen yn in roman dan wol Frysk prate, toch slagget it ek Van der Meer as Fryske skriuwer net en bring harren wrâld tichterby, seker net as it om in konservative, sletten húshâlding giet, it is de wrâld dêromhinne, dy fan ûnleauwigen en moslims ‘mei ferljochte ideeën’ dêr’t it om draait. Dat betsjut dat De dei dat Farah Bezaz ferdwûn in boekje wurden is dêr’t neat mis mei is, mar dêr’t ik toch wat yn mis.