Publisearre op maandag, 2 september 2013
Wat te ferwachtsjen fan it neispyljen fan de oerfal op de Blokhúspoart sa’t dy yn 1944 troch de Fryske Knokploech útfierd is om in grut tal finzenen te befrijen? Foute rotsakken fan moffen, stoere fersetshelden en fikse poarsje sentimint? Yn de oanrin nei de foarstelling ta, hat De Oerfal de nedige publisiteit krigen, want krekt dít barren foar it fuotljocht te bringen en dat dan ek nochris dêr, op it binnenplein fan it eardere hûs fan bewar en straffinzenis dat is by definysje bysûnder. Sa falt yn de LC fan 28 augustus te lêzen dat der foar de opfiering fan it stik op ’e nij ûndersyk dien is, ûnder mear troch mei de neibesteanden fan belutsenen te praten. Op ’e nij, want earder, yn 1962, is de oerfal ferfilme en it filmscript is, neffens betinker en skriuwer Dick Jansen, ‘gort- en gortdroog’, wyls hy en regisseur Tineke Broers mei it teaterstik benammen ek de minslike dilemma’s yn kaart bringe wolle.
Steande oan in taffeltsje, op de luchtplaats fan de eardere finzenis dêr’t Dútske soldaten wachtrinne, nim ik it programmaboekje troch. Dêryn binne de persoanlike reaksjes fan de meiwurkers oan it stik te lêzen: oer in pake dy’t socht waard, in oerpake dy’t ûnderdûkers hie en mear as ien kear wurdt der oan referearre dat de frijheid dêr’t wy yn libje perfoarst net fanselssprekend is.
As, even foar’t de foarstelling begjint, in keppel dowen har, fan it dak fan it twadde poartgebou ôf him op ’e wjukken jout – gjin wite, mar grize – sjit Grijs verleden fan Chris van der Heijden my yn it sin, in boek dat ik koartby lies en dat, yn it sok fan histoarikus Ernst Kossmann syn akkomodaasjeteory en de ynaugurele rede ‘In de ban fan goed en fout’ fan Hans Blom, ôfrekkenet mei it byld dat histoarikus Lou de Jong fan de oarloch kreëarre hie: der wienen goede en foute Nederlanners, de NSB-ers foaroer it ferset, mar sa swart-wyt lei it yn ’e werklikheid allegear net. En yn de foarstelling?
Nei analogy fan de film nei it senario fan Lou de Jong, ynlaat troch de foarsitter fan de Nationale Federatieve Raad van het Voormalig Verzet in Nederland, begjint it teaterstik mei in in wurdsje fan Gerrit Fokkema. Hy is ien fan de minsken dy’t troch de knokploech befrijd waard en hat nau belutsen west hat by de tariedings. Berne yn ’23 is Fokkema de iennige dy’t it ferhaal noch neifertelle kin en dat krekt hy dêr stiet, dizze helder formulearjende âldman: dat lit dy net kâld. Op de achtergrûn it dekôr: de sellen, de keamer fan Oberscharführer Albrecht, de wachtpost, de húskeamer dêr’t de KP-mannen by elkoar komme. In dekôr – in moai stik wurk fan Jaap Groen – tsjin de achtergrûn fan it twadde poartgebou. Dêrmei doocht net allinne de entoeraazje, it jild likegoed foar de klean, dy azemje folslein de sfear fan de jierren fjirtich. De koeriersters op harren fytsen, in soldaat dy’t lallend foarby komt, in broekje noch.
As der in ‘griis’ is, dan sit dat yn elk gefal net oan de kant fan de Dútsers. It senario bringt in Oberscharführer nei foaren dy’t poer- en poerswart is: in beest, yn syn blaffen, yn syn manipulearjen, yn syn wredens, yn de seksuele taneierings ta syn sekretaresse, de bloedmoaie Jeltje en sels as er dwaande is in antwurd te formulearjen oan syn soantsje dy’t him skriuwt dat mem dit jier gjin krystbeam keapje koe, is er, yn dat iene momint fan tearens, klisjee. De boal, dy’t oesa wiis mei syn bern is, uteret gjin inkelde twifel oer syn oanwêzichheid yn in beset lân. Dat syn wredens mooglik ek oanfitere, miskien wol feroarsake wurdt troch it systeem dêr’t er yn grutbrocht is, yn funsjonearret en miskien ek net út kin, dy fraach, dêr giet De Oerfal net oer. Wa’t fout is, in nazy, in SD-er, stiet blykber net foar dilemma’s. Wat dan wer neat ôfdocht oan de aktearpresintaasje fan Frans Planken dy’t, heal Nederlânsk, heal Dútsk pratend in hearlik ‘verdammter Schweinhunde’ brullende mof delset.
It ‘griis’ sit ek net by de adjunkt direkteur fan de finzenis, in Nederlanner, mar wol yn it hottefyljen fan de Fokkema’s: de noch jonge en obsternate Gerrit dy’t syn heit, in djipleauwige grienteboer dy’t de straffinzenis as klant hat, oanfalt op syn tinken datst hearrich wêze moatst oan it troch de Hear boppe dy stelde gesach.
De knopploechmannen binne koart en saaklik, stoer, as ferwachte. Gjin omballingen oer it waar of persoanlike saken. Koart, helder en beret trochnimme: hoe pakke wy dizze put oan. Harren dilemma sit by de kar: wa nimme wy ál en wa nimme wy nét mei as wy ienkear binnen binne. De mear persoanlike dilemma’s sitte by de eardere plysjeman dy’t om meiwurking frege wurdt: syn wyfke is swier. En der is Taco syn frou dy’t, mocht it misbeteare, allinne achterbliuwe sil mei de bern en, hoewol’t sy achter de aksje stiet, op in stuit toch yn panyk rekket. Mar se gean, de mannen en helden binne it. As it om it ferhaal giet, stiet it teaterstik al mei al tichter by Lou de Jong as by Chris van der Heijden, mar tagelyk betink ik my dat it ûnderwerp him dêr ek net foar lient.
By de opbou fan it stik binne wol kanttekeningen te setten: de oergongen tusken de sênes foar it skoft ferrinne jústjes te traach, dy hienen wat mear troch elkoar rinne kind. Nei it skoft, as it safier is dat de oerfal plak fine sil, is der mear hektyk en as dy der even net is, wurket it net langer steurend, want der is altiten noch dy stadich en tagelyk feninich tikjende klok dy’t de tiidsdruk dêr’t de groep ûnder operearret oanjout. Ek de muzykkar wurket deroan mei dat de twadde helte teatraal sjoen mear spanning ynhat as de earste. It ferhaal wurdt op plakken lykwols tefolle útspûn. Sa hie de sêne mei de brieveskriuwerij – brieven oan neibesteanden foar it gefal de KP-ers pakt wurde – koarter kind. De ûntfangster fan it brief komt ek nochris oan bod en dan komt deselde ynformaasje ek noch werom yn in liet en dy lietteksten binne nochal swiet. Wa’t de beide finzenen dêr’t de oerfal om draait – plysje-ynspekteur Jurjen Dreeuws (Andre Caron) en drukker Klaas Lijenaar (Sip van Gelder) – sjocht, beide de hannen yn bebloed ferbân, krijt weet fan it gemak wêrmei’t minsken yn ’e oarloch martele en de dea ynjage waarden. In mienskiplik sjongen fan ‘foar elk kyn is speulen un recht sonder frees (in frede, frede) en niks nyt bang (sonder angst)’ is dan oerstallich, docht sels ôfbreuk oan itjinge datst sjoen en meimakke hast. It besef fan wat oarloch is, fan wat de besetting betsjutten hat, sit al yn de kar fan krekt dit ûnderwerp foar in iepenloftspul, yn dekôr en setting en foaral ek yn it spel en de kwaliteiten fan de spilers. It is de fertsjinste fan betinker Dick Jansen, regisseur Tineke Broers en alle spilers dy’t fol hert en siel oan dizze foar it meastepart slagge produksje wurke hawwe dat de Twadde Wrâldkriich nochrisom stof ta neitinken jout: wat soe ik sels dien ha, yn dy sitewaasje? En no? Wat doch ik no?
]]>31 maaie 2013 publisearre op demoanne.nl
By Sneak Previews, in begryp út de filmwrâld, giet it om foarstellingen dy’t noch net yn premjêre gien binne. Tryater doart it oan. Trije jûnen achter elkoar wurde trije stikken brocht, stikken dy’t noch yn ûntwikkeling binne. Foar in ‘leuk pryske’ kin it publyk dêr twa fan útkieze.
Dat it om ‘útprobearsels’ giet, blykt by de baly al. Ien fan de stikken falt wat koarter út sadat dy jûn net allinne de ‘bylzjende ynstallaasje foarstelling’ Sy fan Ira Judkovskaja en Tamara Schoppert en Heimwee nei Hurdegaryp fan Tatiana Pratley te sjen wêze sil, mar ek de teatrale lêzing Thúsfront, skreaun troch Romke Toering. Trije hiel ferskillende stikken, ek as it om de ûntwikkelingsfase dêr’t it stik yn sit giet, trije kear ferrassend.
Mei it op de planken bringen fan eat dat noch net ôf is, kinne spilers en makkers sjen hoe’t it publyk reagearret: wat wurket, wat net. Dêrby giet it net allinne om de reaksjes fanút de seal wei, tidens de foarstelling – rûzemuozjen, al as net laitsje, it applaus – nee, yntegraal ûnderdiel fan it it preview-konsept is it neipetear nei ôfrin, ûnder lieding fan Annet Huisman, wêryn’t it publyk op de foarstellingen reagearret en spilers en makkers fertelle oer hoe’t in in idee, hoe’t bepaalde sênes ta stân kommen binne.
Sa ûnstie Sy fanút it earder brochte Fan de stêd en it libben, oer it deistich libben fan de massa. Sy dêrfoaroer zoomt júst yn op dat fan it yndividu. It is in yntime foarstelling, de yntimiteit fan soms mar in meter ôfstan tusken de spylster, Tamara Schoppert, en it publyk dat in frou yn har eigen omjouwing folget, letterlik, troch, mei de koptillefoan op, yn it healtsjuster fan de iene nei de oare sêne te rinnen. Sy wurdt wekker, klaait har oan, tinkt, dreamt… yn in dekôr dat troch ien fan de besikers in ‘spoekhûs foar folwoeksenen’ neamd wurdt.
Sy is dúdlik in stik yn ûntwikkeling: in tekst dy’t de dei derfoar, by de trochrin, noch útsprutsen waard, wie diskear fia de koptillefoan te hearren. In dei letter pakt de foarstelling miskien wér oars út en as it ta in premjêre komt, is it mooglik in hiel oar stik wurden.
Yn it neipetear litte spilers en makkers har entúsjasme sjen, mar ek wat fan de emoasje dêr’t in stik of in sêne út fuortkomt, ûnderdielen dêr’t noch oer neitocht wurdt, wêr’t harren twifels sitte. It teaterselskip stelt har dêrmei kwetsber op, mar miskien jildt dat ek wol foar it publyk: wêr docht, watst sjoen hast, dy oan tinken. Wat docht it mei dy.
Yn Heimwee nei Hurdegaryp, de ‘nostalgyske trip oer langstme nei in thúsgefoel’. tûmelje Lourens (van den Akker) en Eelco (Venema) har oantinkens wyld oer elkoar hinne: dy oan tillevyzjeprogramma’s, yn sliep falle, de tomme yn ’e mûle by it foarlêzen fan Pinkeltje, ‘ús pake sei altyd’, de rook fan kuil, it mei eroatyske dûnsbewegingen brochte ‘Du’ fan Peter Maffay, de mannen fan it doarp op de brêge – of is it in kafee? – en folle mear noch. It binne de beide mannen har eigen, smijd ta in assosjatyf en byldzjend gehiel wêrby’t, sa fertelt Lourens, Eelco folle mear op de feiten rjochte is as hy. It ûnthâld wurket ommers net perfekt, dan kinst der likegoed in moai ferhaal fan meitsje.
De langstmen nei de bernetiid, de jeuchd fan de beide tritigers roppe by it publyk har eigen assosjaasjes op. Sa seit in tillefyzjequiz as Waku Waku net elkenien wat, mar de wize wêrop’t minsken, by it opheljen fan oantinkens, tsjin elkoar opbiede is sa werkenber dat as immen yn it skoft oer Peyton Place begjint onmiddelik Swiebertje op it aljemint komt. En in jonge frou dy’t de rook fan kuil net ken, rûkt der wat oars yn, eat dat fan hár is. In nostalgysk, soms pynlik, weromsjen ommers, is fan alle generaasjes.
‘Miskien noch wat byslypje’, jouwe de spilers oan, mar dizze foarstelling is, fan de trije, it meast ‘ôf’ en al yn juny te sjen: op Oerol.
It minst ‘klear’ is it dokumintêre Thúsfront oer hoe’t âlden fan militêren, op missy nei Uruzgan, foar de kar fan har soannen om it leger yn oerstean.
Mei it skriuwblok yn ’e hân, foar in grut part sittend, bringe de spilers de tekst as ‘teatrale lêzing’. Dan wer spylje, dan wer lêze sit der wolris in stroffeltsje yn en wat op it spylflak brocht wurdt, rint net altyd syngroan mei de fideobylden fan de soannen, yn legerpak, projektearre achter de trije memmen en dy iene heit, mar de yntonaasje is der al en it is in libben, emosjoneel en emosjonearjend gehiel dat tichtby bringt wat in pear jier ferlyn in werklikheid út de media wei wie. Dat wie it nét foar de húshâldings dy’t der streekrjocht by belutsen wienen en dêr’t Toering petearen mei hie om ta it ynkringende skript te kommen dêr’t regisseusse Silvia Andringa ‘de potinsje en mooglikheden’ no fan ûndersiket. Dêrby steurt it blêdzjen nei de folgjende side absolút net, it foeget miskien sels wat ta, komt yn it plak fan it spul dat der no noch net is, miskien sels oerstallich wêze sil.
Thúsfront mei dan basearre wêze op de ferhalen fan de âlden fan jonges dy’t in pear jier ferlyn as soldaat nei Afghanistan gienen, de âlden fan de jihadstriders yn Syrië sille yn in soartgelikense sitewaasje sitte en dy is net oars as dy fan myn pake en beppe dy’t, doe’t ús heit, ein fan de Twadde Wrâldoarloch, út Dútslân wei gerêststellende brieven stjoerde alle dagen dea-ûngerêst op de postboade wachten. Dokumintêr én universeel.
Yn prinsipe is it mooglik dat in idee dat as foarstelling yn ûntwikkeling de Sneak Preview hellet – dy fan ôfrûne maart, dy fan no, dy fan yn de takomst – toch in ‘deaberne berntsje’ blykt. It publyk krijt net allinne in priuwke fan wat der, mooglik, oan stiet te kommen, mar ek in unike blik yn de keuken fan Tryater.
]]>11 juli 2013 publisearre op demoanne.nl
25 augustus 1951 stoarte de âlde romaanske tsjerketoer fan Jorwert, dy’t op dat momint yn restauraasje wie, yn: “… in stik fjoer út de triedden en in grize stofwolk…” Noch noait hie it doarp safolle besikers hân as it wykein dêrnei, tûzen, miskien wol 1500 minsken, en oan de nûmerbuorden te sjen kamen se oeral wei. Trije jier letter – yn 1954 – waard, yn de notaristún, it djipreligieuze iepenloftspul ‘De Klokken fan Jorwert’ brocht, om te fieren dat de toer út ’e púnheapen ferriisd wie. It waard in tradysje, mei yn ’e begjinjierren toanielwurken fan kopstikken lykas Douwe Kalma, Ype Poortinga en Douwe Kiestra. De resinsjes wienen lykwols lang net altiten optein. De dekors, fûnen resinsinten doe al, wienen te tradisjoneel, de beljochting wie net goed, it spyljen wie gauris it opsizzen fan teksten. “De iennige aksje yn de tafrielen is likernôch it kofjedrinken.” Mar ek: “Dat dit wurk trochgean moat, is nammentlik wis.” En it gie troch. Mei ‘De kloklieder fan Nij Daam’ wurdt dit jier yn Jorwert foar de 60ste kear in iepenloftspul op ’e planken brocht.
It wie fjochtsjen
Yn de notaristún, njonken de appelbeam dy’t alles seach, sit Tjerk Kooistra, skriuwer fan it stik en regisseur. Al fertellend is it allegear hannen en fuotten by him, hy brekt syn sinnen healwei ôf en fol entûsjasme huppelt en springt er fan it iene ûnderwerp nei it oare. Doe’t Tjerk yn 2007 frege waard om Romke Toering op te folgjen, wie der sprake fan in finansjeel debâkle.
‘It gie allinne noch mar oer jild, kommersy, it wie fjochtsjen. Wat der fout gien wie? Fan 1991 ôf wie it iepenloftspul alle jûnen útferkocht en yn 2005 ynienen net mear. Midden jierren njoggentich wienen der wol tritichtûzen belangstellenden, mar om’t der mar plak wie foar fiiftûzen man hienen we net troch dat de belangstelling weromrûn. It wie ommers alle kearen útferkocht. De magy wie gewoan wurden. Ik kin der net letterlik in finger op lizze. Yn 2003, mei it fyftichjierrich jubileum, waard in nije tribune oanskaft, dy wie te djoer foar wat Jorwert drage koe. En der kaam in boek … Der wienen tonnen skuld doe’t ik frege waard. Nei seis jier is de skuld fuortwurke. Dat earste jier moasten wy it mei de helte fan it budzjet dwaan. It gong allinne noch mar oer jild.
Wy wolle al yn de top meidwaan, yn it segmint tusken doarpstoaniel en Tryater. Iepenloftspul is in ynflatoar begryp, oaren brûke it as keurmerk. Neamst it sa, dan lûkst mear publyk. It is net goed dat der safolle iepenloftspullen binne, mar elkenien mei it dwaan.
Yn 2008 wie it basisidee: wy wolle “lyts” teater meitsje, yts wat minsken rekket. Breed programmearje, foar “buorman”, dy’t miskien mar ien kear yn ’e fiif jier yn it teater komt, oant en mei de “high culture”. Ergens moat it tagonklik wêze, dat “buorman” dan nei ôfrin seit: wy gean ek ris nei it teater. Sa binne wy in skeakel yn ’e foedselketen. De omslach kaam mei “Jou my wjukken”, basearre op de film As it is in heaven. In dirigint set him yn in doarp nei wenjen, it hiele doarp sjocht nei dy man. We holden it sober, kwalik rekwisiten, kwalik dekor, teminsten, sa like it, mar it wie net goedkeap. In film is fragmintarysk, sêne op sêne, mar it fielt net sa. Op toaniel moat it oars.
En der kaam in plan: hoe krijst de nêstskiters derút. Der wienen in hûndertfyftich frijwilligers, alle noazen … Moatst kritysk nei elkoar ta wêze, mar kinst net oer elkoar lulle. Sa’n ploech liedst as wie it in bedriuw … Wie de bougroep werris segrinich … Krigen de spilers nei de foarstelling in drankje, mochten sy dêr net by … Sa’n bouploech moat gjin eilân wurde, no is elkenien belutsen en ík in geweldige fint … Davert it applaus, fiele sy it as hár ding … binne sy lilk as de resinsint krityk hat … Aardich toch as de bouploech ’m soks oanlûkt?
Iksels net sasear, as der in jier is dat it wat minder giet, in stik minder oanslacht, dan takom jier ferfijne, want it kin altyd nóch better. Oft in krityk no terjochte is of net, ik kín der wat mei …
Fjouwer jier ferlyn spilen wy “Tuskentiid”. Eins woenen wy in stik fan Kim van Kooten bringe, “Alles is liefde”, dat wy fregen de rjochten om dat te spyljen. Dat mislearre. It wie har “kindje”, skreau sy ús en doe dêr achteroan “én zeker niet in het Friese taaltje …” Hie se it sa net sein, dan hienen wy it net dien, in parody op har stik meitsje.
Byfangst
Fan Ate de Jong hie ik Trinus Riemersma syn boek “It feest” alris krigen, de toanielbewurking fan “Festen”. It boek makke my no net daliks entûsjast. Letter ha ik de film sjoen. De lêskommisje draacht alle jierren trije stikken foar, it bestjoer hakt de knoop troch. Soks kinst manipulearje fansels … Dan dochst der gewoan twa stikken by wêrfan’tst witst dat se dý net kieze sille. “Feest”, nimmen dy’t it sitten seach … en it mocht tóch. Dan is it: wow! It wie in stik dat hiel djip sit, kwa tekst. Koarter as oare jierren, 85 minuten, sûnder skoft, dat makke dat wy by de repetysjes de gelegenheid hienen om te ûntleden wat de spilers dienen, de mimyk, alles. Mei fideo-analyzes.
En kâld dat it wie, de jûn fan de premjêre … It eaze en ik siet droech, de spilers rekken dweiltrochwiet, dat ik ferliet myn plak. Al dat glês dat Wybo Smids fan tafel reage … Wybo rûn in slachierblieding op, pas nei it applaus gong er nei it sikehûs … “Ik wie op in feest,” sei er tsjin dy dokter, “en it rûn wat út ’e hân …”
Dat it iepenloftspul dit jier sechtich jier bestiet is net yts dêr’t ik wat mei moat, it is mear in soartemint byfangst. Yn 1991, mei “De bochel fan de Notre Dame” wie it foar it earst dat Jorwert hiel grut gong. By de premjêre rekke Arjen Toering ferwûne oan it skouder, de foarstelling moast ôfblaasd wurde en dêrmei helle Jorwert de Telegraaf. Mar sa’n tweintich jier âld stik … de tekst is datearre, alles giet no flugger, de taal is moderner wurden, de seksgrappen fan doe gean alle stereotypen foarby … Je moatte jesels net werhelje.
Ik kaam op “Nij Daam”, dat is hoe’t doarpen binne, te min ambysje … Krekt wat je nét kinne, moatte je wolle. As Esmee, in jonge frou, har nei yn Nij Daam nei wenjen set, begjinne de minsken dêr op har eigen gedrach te reflektearjen. Wêrom dogge wy de dingen net oars … Troch har komst fiele de minsken har befrijd, mar dat de manlju gek op har binne, dat liedt úteinlik ta moard, dêrmei wurdt it in psychologyske thriller. Der binne wol parallellen mei it oarspronklike ferhaal fan Victor Hugo, De Klokkenluider van de Notre Dame, mar mear ek net. Lykas mei “Kakao” [yn 2006 yn Burgum brocht, nei de film Chocolat], dêr’t in jonge frou har ek op in doarp festiget. Sa op it earste gesicht binne der raakflakken, mar net ast it op toaniel sjochst.
Elk mins makket diel út fan in mienskip, mar yn Fryslân is it méár, óárs … Op in doarp giest om mei minsken fan ferskillende snit. Trefst de frachtweinsjauffeur en de miljonêr beide op ’e merke. Dat is it aardige fan doarpen… dat dêr yts yn gebeurt…
Wy, Ekko Bakker, Jan Schotanus, de oaren, wolle alle jierren wat oars bringe. Ha wy it iene jier in romantyske komeedzje, dan wurdt it it oare jier drama of in rockopera. Wy wolle alle úteinen fan it kleurpalet benutte. No, sa maaie, juny hinne, wurdt it stik foar takom jier útsocht, mids oktober begjin ik te skriuwen, mids desimber is it earste konsept klear. Yn de earste faze kin ik de lêskommisje dêr net by brûke, oaren hoege net te beneamen wat ik sels al wit. Earst skriuw ik de sênes; as ik oan de dialogen begjin, wit ik wa’t de spilers wêze sille. Binne we oan de repetysjes ta, alliterearret it téfolle. Of it docht bliken dat in rol fan tritich klausen werombrocht wurde moat nei acht. Gûlpartijen. Mar it is net om te klieren. Meielkoar, yn ’e mande mei de spilers, fernimst it wol as yts nét kin. De minsken om my hinne fungearje as fangnet.’
Yn de tún hinget de rook fan in timmermanswurkpleats, it is de rook fan nij hout dêr’t it poadium mei opboud is. Der falt in stilte. Heech yn it beamte nimme swarte krieën it petear oer, mar dat sil net foar lang wêze, want in healoere letter begjinne de repetysjes.
]]>Geen idee wat jongeren zijn, dus heb ik geen idee wat een theatervoorstelling voor jongeren anders dan anders zou maken. Ontspoord, van De Toneelmakerij, richt zich op vijftien jaar en ouder, misschien omdat in het stuk (naar The trestle at Pope Lick Creek van Naomi Wallace) een jongen van vijftien, Dalton en het meisje Pace centraal staan en de muziek in de voorstelling een belangrijke rol speelt. Op het podium de brug, de spoorbrug, het decor waar het verhaal om draait. De jonge vrouw naast mij, een meisje nog, kijkt ontsteld om zich heen: met honderd bezoekers zit de Rabobankzaal – een ‘jongeren’kaart kost €20,- – van de Harmonie in Leeuwarden lang niet vol. Ze doet een drama-opleiding en het verschijnsel lege zalen is wellicht haar voorland en dat, zo vermoed ik, geldt voor veel bezoekers, want Leeuwarden heeft een mbo- en een hbo-dramaopleiding en er is bovendien de popacademie. Al die andere jongeren – wat mij betreft ook tachtig en ouder – heeft de Harmonie niet of amper weten te bereiken. En zij hebben wat gemist.
Het metalen bouwsel dat het decor vormt, fungeert dan weer als gevangenis, dan weer als de brug. Het verhaal speelt in verschillende tijden en is meerlagig. Scenes waarbij Dalton (Wouter Zweers) in de cel zit, worden afgewisseld met die waarin zich langzaam de achtergrond van zijn gevangenneming ontvouwt. Er was het meisje, Pace (Merel Polat), brutaal en uitdagend, agressief en op haar zeventiende al voor het leven beschadigd, dat hem had uitgedaagd tot een gevaarlijk spel: de spoorbrug oversteken vóór de trein aan komt denderen. Het is, zo blijkt, de herhaling van het drama dat zich twee jaar eerder op de spoorbrug voltrok en waarbij zij haar vriend verloor, een gebeurtenis waar zij bij betrokken was geweest. De jongen, jong, verlegen, onervaren wil eerst niet. Hij droomt van een andere, een betere toekomst: het dorp, waar een enorme werkloosheid heerst achter zich laten, naar de universiteit. En zij? Spottend pareert zij: ‘Met zulke schoenen?’ Ouders die geen goede schoenen kunnen kopen, die zullen hun zoon niet kunnen laten studeren… ‘Wij zijn de laatste aardappelen onderin de zak…’
Ontspoord is ook de geschiedenis van de ouders: de vader (Bob Fosko) die zijn stoel niet meer uitkomt, de moeder (Frederique Spigt) die reddert en probeert te redden. Het is lang geleden dat zij elkaar voor het eerst kusten, en elkaar aanraken, dat gaat al jaren niet meer. En dan is er nog de ‘vuile’ gevangenisbewaker (Tjebbo Gerritsma) die Dalton met zijn imitaties van gevangenen probeert te intimideren, maar die ook, zo blijkt wanneer de geschiedenis zich ontspint, zijn eigen, kwalijke, rol heeft gespeeld in het verhaal van de spoorbrug.
‘Eten, neuken en de kerstversiering van de boom rukken.’
Dát zijn jongeren. Sterke teksten in een maatschappelijk geëngageerde en tegelijk psychologische voorstelling met mooie vondsten als Dalton die, zoals zijn vader wel deed, op de muur van de gevangenis (een filmdoek op de achterwand) met zijn handen schaduwfiguren projecteert. Het meisje dat met een ‘jij neemt niet wat ik jou niet geef’ nooit op de mond gekust had willen worden en niet eerder dan vlak na haar dood de lippen voor hem opent. De fatale wedloop tegen 153 ton staal, getoond als een gesprek tussen Daltons moeder Pace. ‘Raak mijn achterhoofd niet aan,’ zegt zij, ‘het is weg’ want:
Een trein verplettert je niet in kleine stukjes.
Het is een rauw leven dat getoond wordt in een rauwe voorstelling. Schitterende acteerprestaties van alle vijf waarbij het spel van Frederique Spigt doet denken aan dat van Kitty Courbois, waarbij Tjebbo Gerritsma – het haar glad naar achteren gekamd – bewondering oproept, want hij ís vuil en hij ís rauw… en humoristisch tegelijk. ‘Wat is dit?’, vraagt hij Dalton terwijl hij in klapperend in de ijzeren staketsels hangt. ‘Het is je ziel, jongen.’ En Merel Polak? Wow… Zij zet een stoere, hard geworden meid neer, sterk gedaan en dat geldt niet alleen voor de acteerprestatie, maar ook voor haar zingen. Een intrigerend mooie stem. Ontspoord is muziektheater, gitaar, viool, banjo… waarbij bij het spel wordt afgewisseld met (helaas niet vertaalde) passende songs: Lucinda Williams, Tom Petty, Alison Krauss… Een boeiend geheel!
]]>publisearre op de maonne.nl, 9 okt 2013
Oan de griisstiennen soudering hinget in lampe mei glêzen tsjelken dy’t oan beide siden fan de romte mear as ien kear wjerspegele wurde. Oan de achterwand fan it spylflak hingje, oan houtene kleanstokjes wytlinene jurkjen omseame mei kant: de ûnskuld. Dat part fan it dekôr hat tagelyk in praktyske funksje, nammentlik it ûnsichtber meitsjen fan de dûbele doarren nei de tentoanstellingsromte fan it Museum Belvédère.
De teatermakkers fan de Blaue Toer, dy’t earder stikken fan Aggie van der Meer yn it Marne Teater en de Broeretsjerke fan Boalsert brochten, giet ‘op lokaasje’, ‘want,’ sa fertelt skriuwster Aggie van der Meer – de grand old lady fan de Fryske literatuer – ‘yn Boalsert lûke we toch ek meast publyk fan bûten’. De muzykteaterfoarstelling Cecilia Tan wie twa jûnen yn it ‘glêzene’ Belvédére te sjen en dizze moanne noch fjouwer yn de eardere ‘stiennen’ Flach Drukkerij yn Snits. Aggie fan der Meer skreau it skript op grûn fan de tekst fan har novelle (2012) mei deselde titel.
‘It boek wie better’, in útspraak dy’t gauris te hearren falt as it om film giet: in ferhaal dat ôfwykt, persoanaazjes dy’t oars útfalle as sy in taastber uterlik, mimyk, in stim krije, as de lêzer, op grûn fan letters, wurden op papier, him foarsteld hie. De novelle Cecilia Tan, ha ik lêzen – besprutsen sels – dat, as ik my op ien fan de stuollen deljou en sa ris om de grutte holle foar my hinne kypje, freegje ik my ôf oft soks ek foar it stik jilde sil. It antwurd seit in simpel: nee.
Muzykteater wurket oars as it wite doek dat, hoe’t in filmferhaal de sjogger ek meifiere kin yn ’e spanning en ’e emoasje fan in ferhaal, toch altyd plat bliuwt. De rook fan ’e seal, dy fan ’e spilers en, soest de eagen ticht dwaan, dan nóch bist derby. Falt de stroom yn ’e bioskoop útfalle, dan is der neat oars as… in wyt doek; soe yn in teaterseal itselde barre, dan is der altyd noch de betizing fan ’e spilers, in gjalp, it trippeljen fan fuotten. It skript – en dan doel ik net sasear op de lieten, mar op de sprutsen teksten – stiet tichtby dy yn it boek, mar it is de fysike oanwêzigens fan spilers dy’t makket datst boek en spul toch net neist elkoar leist yn de de sin fan better of minder. Mear noch as by film giet it om onvergelijkbare grootheden.
Cecilia Tan. Der is de piano dêr’t Dennis Dronkers it acht froulju tellende ensemble dat, yn prachtige felkleurde klean – kontrastearjend mei de jurken dy’t part fan it dekor útmeisje – tuskentroch kommintaren en oanfollingen op it tekstspul sjongt en aktearret, op begeliedt. De froulju fan it koar ha, sa ha ik begrepen, in Musyk Teater Class folge by Dennis Dronkers en Ypy Zysling. It risseltaat mei der wêze: Prachtige, libbene teksten, mei feart en faasje brocht, de iene kear steand, ferspraat oer it spylflak, in oare kear rinnend troch de seal, yn guozzestap. Of, justjes foaroer bûchd, de hollen by elkoar, rabjend oer Cecilia Tan, de moaie, mar riedselachtige frou dy’t har koartby nei wenjen set hat yn it lytse provinsjestedsje dêr’t it ferhaal spilet. Cecilia, dy’t alle manlju om ’e finger wynt, sels de kapelaan… En watfoar man komt dêr alle moandeis by har oan de doar om in pakje ôf te jaan? In tút en fuort… De buorfrou, sterk delset troch Janet Hendriksma, sil it wol even útsykje en jout de rabberijkes sichtber genietsjend troch oan elk dy’t it mar hearre wol: tagelyk it publyk yn ’e seal.
Al falt der by guon fan de spilers inkeldris in fersprekkinkje te hearren of krije de troch Cecilia útsprutsen sinnen út en troch, benammen yn de monologen, net hielendal it passende reliëf, sy bringe moaie rollen: Folkert Sijbrandij as de styfheit dy’t de jonge frou mei syn hannel yn drugs – en seksueel – yn ’e tange hat, Mart de Jong as de kapelaan dy’t knap fan har yn ’e besnijing is, Haye Postma as Walle dy’t, nei’t er út ’e finzenis ûntsnapt is, beskûl by har siket, har bedriget, mar ek, op in stuit, ûntteie lit. En Attie Brouwer as Cecilia dy’t, as Walle wer fierder giet harsels tekoart docht, wat oan it begjin fan de foarstelling al bekend is. Al is it ferhaal, lykas it boek, net alhiel oannimlik, spilers en koar sette in foarstelling del dy’t it sjen beslist wurdich is.
Elske Schotanus besocht de premjêre fan Cecilia Tan, 5 oktober 2013.
Wie zich van tevoren al uit het veld laat slaan komt nergens, vindt de 21ste-eeuwse uitvinder Leeghwater (Bert Visscher). Problemen zijn uitdagingen en daarom moet die energiecrisis maar eens worden opgelost. Wars van tegenslag en doemdenkerij besluit Leeghwater een nieuwe energiecentrale te bouwen, als bijdrage aan een nieuwe toekomst (of iets wat daar op lijkt). Op het zoute water gelden echter oude rechten. Leeghwater komt in het vaarwater van een oude visser en zijn gezin. De visser is al eerder de Zuiderzee ontnomen met de bouw van die verrekte Afsluitdijk en nieuwe fratsen zijn in zijn optiek op z’n minst onnodig. Zijn vrouw, dochter en schoonzoon beginnen echter toch wat in de ideeën van Leeghwater te zien…
Artikelen over de voorbereidingen op de voorstelling, verschenen op demoanne.nl en in nr. 5 van het tijdschrift:
‘Leeghwater’ heet de voorstelling die BUOG in september brengt. BUOG staat voor: Bedenkers en Uitvoerders van Ongewone Gebeurtenissen. Het is woensdagavond, 8 mei, en de crew komt voor het eerst bij elkaar in een schip dat in de buitenhaven bij het kleinste dorp van Nederland ligt: Breezanddijk, halverwege de Afsluitdijk.
Ik ben vroeg, te vroeg, maar omdat de regen bij bakken uit de lucht komt vallen, klim ik meteen aan boord en duik het ruim in. Vanavond zal de clip ‘de kus’ worden opgenomen, maar nu zit iedereen nog aan de maaltijd. Op tafel, temidden van kommen en bekers, staat een maquette waarop de haven, in werkelijkheid drie voetbalvelden groot, te zien is met eromheen, in gelid, drie rijen suikerklontjes afgewisseld door miniscule wachttorens. Een geroezemoes van stemmen klinkt op: ‘effect als het regent …’, ‘lekker …’, ‘maar die dochter …’ Een grote man in een wit pak schiet onmiddelijk overeind om zich voor te stellen: Bert Visscher.
Regisseur Pieter Stellingwerf strikte hem voor de grootste en meest bijzondere BUOG-voorstelling ooit. De cabaretier speelt de rol van Leeghwater. Daarbij gaat het niet om Jan Adriaanszoon, in de zeventiende eeuw de grote man achter het droogleggen van een flink aantal plassen en moerassen in Noord-Holland, wel is de naam een vette knipoog naar de beroemde molenbouwer en waterbouwkundige. In de voorstelling, die gaat om de botsing tussen traditie en vernieuwing, speelt Visscher de rol van ‘vernieuwer’.
Vernieuwing nu, in tijden van dreigende tekorten aan olie en het gevaar van kerncentrales, gaat over energie en daarmee is de Afsluitdijk een bijna vanzelfsprekende locatie voor ‘Leeghwater’. Getijdenstroom, windmolens langs de snelweg, zonnecellen verwerken in het asfalt: er zijn allerlei ideeën om de dijk te benutten voor méér dan een wegverbinding tussen Noord-Holland en Friesland. ‘Een dijk van een dijk die het energie-icoon voor de toekomst zal gaan worden,’ zegt de website.
Binnenkort begint men bij Breezanddijk met de aanleg van een proefopstelling voor een blue energycentrale, een gegeven dat een rol speelt in de voorstelling in september. Er zal brak water op het wad worden geloosd en daarmee krijgt Leeghwater de bevolking van het verdronken dorp ten noorden van de dijk tegen zich. Het is wel hún visplek, hén wordt iets afgenomen …
‘Jammer’, meent Pieter Stellingwerf, ‘dat de bouw ervan niet in juni start, zoals de bedoeling was, maar pas in september.’ De proefopstelling is in oktober klaar, als de voorstellingen achter de rug zijn.
Zowel, onder meer, Noord-Holland als Fryslân en de gemeentes Hollands Kroon en Súdwest Fryslân maken de voorstellingen mogelijk. Naast professionals werken er zo’n honderd amateurspelers van beide kanten van de dijk aan mee. ‘Ik weet nog niet als wie of wat’, zegt een mevrouw die zich heeft opgegeven om mee te doen. Zij kreeg een mail van de West-Friese regisseuse Lyda Tijsen en dacht: ‘dát is altijd al mijn droom geweest, ik doe het.’
Bij de wachthuisjes die langst de kant van de haven komen te staan zullen amateurs hun scenes spelen. Er wordt gewerkt met beamers die beelden van de hoofdrolspelers van de hoofdrolspelers projecteren. ‘Bert effe close pakken’, noemt Pieter Stellingwerf het. Dat is nodig ook, want de locatie en het enorme speelterrein stellen specifieke eisen, niet alleen om de mimiek van de spelers zichtbaar te maken, maar ook aan de tekst en het geluid. ‘Een metrische tekst’, ‘rondom spelen’ en ‘doorgecomponeerde muziek’.
250 auto’s kunnen ‘Leeghwater’ bezoeken. Het publiek koopt een kaartje voor de auto, niet voor een ‘stoel’. Dat is pech voor mij, want ik heb een bestelauto, maar ik kan vast wel met iemand meerijden. Iemand met een autoradio, want onderdeel van de voorstelling is een radiouitzending via een evenementenzender met een bereik van dertig kilometer.
Zover is het nog lang niet. Tot die tijd doe ik één keer in de veertien dagen op de website van de Moanne verslag van de voorbereidingen.
ier jaar geleden studeerde Esther van Til af aan de Hogeschool voor de kunsten in Zwolle in de richting theatermakend docent, daarna volgde zij nog een regiemaster. Zij is zelfstandig ondernemer en maakt deel uit van de theatergroep ‘VOLT’. Daarnaast is zij één van de vijf ‘jonge makers’ die een bijdrage levert aan Leeghwater, de voorstelling die BUOG onder regie van Pieter Stellingwerf vanaf 12 september in Breezanddijk, halverwege de Afsluitdijk, brengt. De ‘jonge makers’ worden onder meer ingeschakeld voor het begeleiden van het leger amateurs dat een bijdrage levert aan de voorstelling. Esther neemt de spelregie op zich.
Zij viel al op toen ze als ‘kok’ in het ruim van het schip dat in de binnenhaven van Breezanddijk lag op de avond dat de videoclip ‘de Kus’ werd opgenomen druk in de weer was de overige leden van de crew van een maaltijd te voorzien. Een vrolijke, goedlachse jonge vrouw.
In haar woning in Zwolle vertelt Esther hoe zij, toen ze de oproep voor ‘jonge makers’ onder ogen kreeg, een motivatiebrief met CV stuurde. Het was de enorme omvang van het project die haar aansprak. Zij had ervaring opgedaan bij het stadsfestival van Zwolle waarvoor ze met haar theatergezelschap een theatervaarroute had uitgezet, ook werkte zij mee aan een project waarbij er theateracts in stadsbussen werden gebracht. Want al heeft zij haar eigen gezelschap, samenwerken met andere makers inspireert. ‘Het is fijn werken met Pieter en Kees, het zijn mensen die met bezieling werken. Even denken… hoe moet ik dat zeggen… Een mannelijke manier van werken. Alles is mogelijk. De werkbesprekingen houden we op de gekste locaties. Hoe heet het daar ook alweer? Waar al die stenen opgestapeld zijn? De ecokathedraal, ja. Een hele dag zitten we daar, concepten en ideeën uitwerken. Van idee naar concept, van iets vaags naar iets concreets. Voor iedereen is het uitvinden. Het fijne is dat ik als maker initiatieven kan nemen, mijn eigenheid kan inbrengen.’
Voor het voortraject voor ‘Leeghwater’ maakte Esther vorig jaar een korte voorstelling. De opdracht luidde: Ga maar naar Zürich, kijk eens wat er bij de bewoners leeft en maak er, samen met hen, een voorstelling over. Onbekend met het dorpje aan de Friese kant van de Afsluitdijk, ging zij er naar de kroeg en al gauw kwam zij erachter: Krimp, dáár draait het in Zürich om. Jongeren trekken weg. De eigenaar van de kroeg, met hotel, wil stoppen: het is niet geworden wat hij ervan verwacht had.
‘Wat ik mooi vind aan amateurs,’ zegt Esther, ‘is dat zij zich overgeven aan zoiets. Wat je van ze vraagt in het spel is: lef… energie… Een eerste reactie is vaak: “dat kan ik tóch niet”. Het ligt buiten hun straatje, maar als mensen het wél doen komen ze er algauw achter dat het wél kan. Ik zet hoog in, maar op een subtiele manier.’ Ze zoekt naar een goede manier om het te formuleren, lacht dan: ‘Vaag, hè?’ Denkt na en dan, heel beslist: ‘Vooral niet pamperen. De manier van werken is niet wezenlijk anders dan met professionals. Ze zijn niet dom. Ik gebruik juist wél vakjargon, zodat mensen zich serieus genomen voelen. Ik heb een soort visioen van wat ik wil maken, het is de basis, maar het is nooit kant en klaar. Ik speel in op wat hen aanspreekt. Zij kwamen zelf met het Züricher volkslied, de folklore ervan is versterkt met overalls en klompen.’
Rond het speelveld van ‘Leeghwater’, de buitenhaven van Breezanddijk, komen platforms, voor elk platform is ruimte voor 14 auto’s waarmee het publiek naar de voorstelling komt. Door, tegelijk met wat er op het water gebeurt, voorstellingen op de platforms te brengen krijgt het publiek twee spelers ‘voor zichzelf’. Hun taak zal zijn om in de grootsheid van het hele gebeuren intimiteit te creeëren.
Ook de bewoners van Zürich die meewerkten aan ‘Krimp’ zullen weer van de partij zijn. ‘Eén mevrouw van 85, die durfde het toch niet aan, maar ze waren allemaal enthousiast.’ Hetzelfde geldt voor amateurs aan de Noord-Hollandse kant van de Afsluitdijk. ‘De repetities per discipline zijn gescheiden, maar Esther en de andere makers houden wel constant contact met elkaar om af te stemmen. Spel, muziek, beweging: het moet wel in één sfeer, in één stijl.
Het is alsof je een schilderij van Hopper inloopt als je op de Harlingertrekweg in Leeuwarden het blauwe huis nadert. Het is de kleur, de leegte eromheen. Een verlaten plek, ondanks al die parkeerplaatsen, de boten die er langs varen. Desolaat, maar binnen leeft het. Op een zinderend hete middag, half juni, komen spelers en jonge makers bij elkaar om zich te buigen over de teksten die Jan Veldman schreef voor Leeghwater, de voorstelling die BUOG in september in de buitenhaven van Breezanddijk zal brengen.
Onder een scheefhangende blauwe lamp, op tafel, staat de maquette van het havengebied. Vormgever Kees Botman, verantwoordelijk voor de bouwploeg, deelt A-viertjes uit met daarop schetsontwerpen. Op een enorm ponton komt een open stellage zodat het publiek de voorstelling van alle kanten kan volgen. Schijnwerpers, technici in het zwart, camera’s. Waar een paar maanden geleden, rond het water van de buitenhaven, nog plateaus met wachttorens waren bedacht, zijn ondertussen vuurtorentjes ontworpen. Kees toont krabbels van tafels en stoelen die half boven het water uitsteken, een caravan, een fiat met een kroon erop voor de koninklijke familie. En er is de enorme hengel waaraan Johannes (Jan Tekstra), de visser die zich hardnekkig verzet tegen Leeghwater’s project – een nieuwe energiecentrale – maar de strijd uiteindelijk zal verliezen, zal komen te bungelen. Zelfmoord. ‘De voorstelling is dus ook voor kinderen, zeg maar’, grinnikt hoofdrolspeler Bert Visser.
‘Mooi dat wij nu de beelden hebben’, knikt Jeroen Zijlstra tevreden. Samen met Jan is hij verantwoordelijk voor de muziek. ‘Taktaktak, tiktiktik, prrrprr-tjang, lichten aan, dan weten wij wat voor spektakel er als muziek onder moet.’
‘Het script was veel te lang,’ vertelt regisseur Pieter Stellingwerf zijn crew, ‘er zaten dubbelingen in, personages die niet uit de verf kwamen. De introductie van de vissersfamilie hebben we naar de radio geduwd.’ Het is immers de bedoeling dat de voorstelling al begint als het publiek, met de autoradio aan, vanuit Cornwerderzand de Afsluitdijk oprijdt. Het radioprogramma moet een kruising tussen VPRO en zendamateurs worden. En er is een verslaggever van Omrop Fryslân geregeld om, ter afwisseling van opgenomen fragmenten, live verslag te doen.
Rap leest Bert, de laptop voor zich, al scrollend en turend, Leeghwater’s openingstekst waarin wordt verwezen naar waterbouwkundige die in de 17e eeuw diverse polders drooglegde. ‘Slurp, leeg,’ doet Bert, ‘ik ga voor niks minder als een meer!’
Aandachtig luisterend trommelt Jeroen met zijn vingers, jonge maakster Esther van Til knabbelt op haar rode pen. De makers wisselen van gedachten over de openingsscène, Brenda Bruin, haakt in. Brenda, met haar opleiding Cultureel Erfgoed, haar interesse voor theater, doet research voor de voorstelling, want het mag dan draaien om het fantasierijke, het spektakel, met rondspuitend water, metersgrote vissen, de piepknorgeluiden die, op die middag in het blauwe huis, ‘tsjak, tuttut, grr’, nu en dan opklinken, tegelijkertijd wordt er op onderdelen gestreefd naar een zekere historische juistheid.
Anderen lezen, nee, spelen hun tekst: Albert Secuur als Sigfried, Ellen Pieters laat Alma, de vrouw van de visser, krijsen als een viswijf. ‘En nu een lied, als het goed is.’ Kees bedient de gettoblaster. ‘Nu horen jullie alleen nog de piano’s, hoor jongens,’ verduidelijkt Jeroen, ‘maar het wordt allemaal nog veel grofkorreliger.’ Bij het melancholieke ‘Het lied voor Alma’ – nu de wind is gaan liggen, voel ik mij ontheemd – verzucht de speelster: ‘Mooi, hoor … jemig …’
De voorstelling schakelt van het heden, de opening van Leeghwater’s energiecentrale, naar het verleden, de voorgeschiedenis, het verzet van Johannes, de Judasrol die zijn schoonzoon Sigfried in het gebeuren speelt. ‘Twee tijdlijnen, die switch, is dat wel duidelijk is voor het publiek?’, vraagt iemand zich af. En: ‘Wat als we die vissers eens Wierings laten praten?’ ‘De storm is gaan lêge. Je slêpt niet meer bij me.’ Het idee wordt verworpen, wel wordt besloten een gesproken tekst van Bert op muziek te zetten. ‘Dan kun je Leeghwaters romantische kant laten zien, Bert.’
Behoorlijk wat discussie is er vooral over de rol van Senta (Hanneke Last), de vissersdochter die ‘alles voorziet’. ‘Misschien moet Senta de storm oproepen.’ ‘Misschien moet zij de epiloog doen.’ ‘Maar moet zij dan niet ook in de beginscène?’ ‘Bij elk steigertje een Senta, niet in spel of tekst, maar puur als beeld. Als abstractie.’
‘Tot en met scene 17 klopt het,’ vat Pieter na enkele uren de middag samen. ‘Bert, wanneer ga jij ook weer op vakantie? Dan prikken we een datum. 16 juli? 17? 18? In Amsterdam?’
Aan Leeghwater, de megaproductie die BUOG in september in de buitenhaven van Breezanddijk gaat brengen, doen zo’n vijftig amateurs mee. Het is vakantietijd, dus niet iedereen is aanwezig, die zomerse zaterdag op het veld bij Pier’s Hûs in het Friese Kimswerd waar in de verte de hanen kraaien en regisseur Pieter Stellingwerf het bonte gezelschap, meest vrouwen, welkom heet. ‘Moos zit nog in India, Ruth is er weer. En super dat Esther er tóch bij is.’ Esther is de ‘jonge maker’ Esther van Til die vandaag, samen met Cyrelle Faille met de amateurs aan de slag zou gaan. Het had haar dag moeten zijn, maar helaas, zij liep een hersenschudding op en moet zich afzijdig houden.
De posters en de flyers zijn klaar, de kaartverkoop komt op gang. Pieter stuurde de definitieve versie van het script, samen met een mp3-bestand naar alle deelnemers. ‘Check even of je mailbox vol is’, waarschuwt hij, want een deel van de mails kwam terug. Maar al gaat er soms iets mis en moet de voorstelling over twee maanden al staan, ontspannen vertelt hij wat zoal de bedoeling is. Als hij laat weten dat de spelers een autokaart krijgen voor de try-out volgt een luidruchtig gemompel. Zij staan immers zelf op de planken? ‘De ogen open, jullie krijgen de voorstelling nog zo vaak te zien dat je er de laatste avond echt wel genoeg van zult hebben’, pareert hij.
Even later vormt de groep een kring rond Cyrella. ‘Ik soe sizze, doch mar gewoan even mei’, zegt iemand. Het is de bedoeling dat de aanwezigen een handeling bedenken met de eerste letter van hun naam. ‘Cirkeltjes draaien met Cyrella’, zo bijt zij de spits af en vervolgens is het ‘close met Coby’ en ‘jumpen met John’, eerst met, daarna zonder woorden. ‘En maak het groter, maak het héél groot’, gebiedt Cyrella. De spelers lopen rond ‘alsof jullie één grote machine zijn … en probeer elkaar aan te kijken … neem je hele lichaam mee … enorme kaplaarzen … en nu op hakjes … ja, ook de mannen … wat gebeurt er met je handen … met je hoofd?’
Na de buitenoefening wordt de groep in tweeën gesplitst. Vorige week is er in Den Oever voor het eerst met de amateurs gewerkt ‘aan bewegings- en groepsdingen’. Degenen die er toen niet bij waren gaan met Pieter en Lida (Esther’s vervanger) mee, naar één van de zalen op de bovenverdieping van Pier’s Hûs waar zij meer uitleg zullen krijgen. Cyrella neemt de overige deelnemers mee naar de naastliggende ruimte waar, onder het banier van Muziekvereniging O.K.K. Kimswerd, de bewegingen die vorige week zijn geoefend ‘theatraler’ zullen worden gemaakt. Ook de parkeerwachten en de cateraars maken deel uit van de voorstelling, maar de spelers vervullen dubbelrollen. Wat de ‘professionals’ op het speeloppervlak laten zien, wordt namelijk ook op de ‘steigers’ gebracht, maar dan ‘net iets anders’. ‘Jullie zorgen ervoor dat de voorstelling echt letterlijk dichtbij het publiek komt.’
Als betrof het een schoolklas, zo telt zij ‘één, twee, drie, vier, één …’ en wordt de groep opgesplitst. ‘Wij gaan een aantal momenten pakken en dan kiezen jullie drie bewegingen. De trouwerij van Senta en Sigfried, een ruzie, een werkbeweging en een begroeting. Hou het heel sec, heel realistisch, hou het gewoon heel sec.’
In de groepjes wordt druk overleg gevoerd. John omhelst het niets. ‘Dat is één. En daarna gaan wij netten naaien.’ ‘Boeten heet dat.’ Eén van de vrouwen doet het voor en zo blijken sommige deelnemers zich algauw te ontpoppen tot mederegisseurs.
‘En dan kom jij erbij …’
‘Nee, je begint klein …’
‘Há, en dan: báf!’
‘En als John de kus nu eens alleen doet?’
Cyrella loopt rond, geeft nu en dan aanwijzingen. ‘Probeer echt te zoenen, zo realistisch mogelijk.’ Zij noemt de ‘sec’ uitgevoerde oefeningen de verf waarmee vervolgens het schilderij gemaakt gaat worden. ‘Eén iemand kan een beweging brengen, of alle vier. En hoe ga je staan? In een kring? Hoe pakt iets uit als je gaat versnellen? Of juist vertragen?’
De deelnemers geven elkaar feedback – wat werkt, wat niet – en even later, buiten op het veld volgt een tweede presentatie. Er wordt gedanst, gewacht, gezoend. Netten worden geboet, zeilen gehesen, de vangst binnen gehaald. Het is materiaal waar de jonge makers de komende weken, vóór de echte repetities beginnen, twee keer per week, mee aan de slag kunnen.
Ook Pieter bemoeit zich er nu mee. ‘Het is mij af en toe nog iets te illustratief. Moet je illustreren of abstraheren?’ ‘Doe maar voor’, roept iemand. Esther stapt naar voren, laat zien hoe je op verschillende manieren kunt ‘wachten’: op je horloge kijken of gewoon staan, slechts een mondhoek die even beweegt. ‘Het gaat om een soort taal die wij met elkaar ontwikkelen’, legt Pieter uit. ‘Het publiek het gevoel geven: er gaat iets gebeuren. Maar wat?’
Breezanddijk, waar BUOG over een paar weken het theaterspektakel Leeghwater brengt, blijkt onbereikbaar met het openbaar vervoer. Ik kan met fotograaf Linus Harms meerijden, die voor de Moanne nummer 5 een foto zal maken voor bij het interview met regisseur Pieter Stellingwerf. Ondertussen neem ik een kijkje bij theatervormgever Kees Botman en zijn bouwploeg.
Een rood-wit lint over het weggetje dat naar de haven loopt: Verboden voor onbevoegden. De zilte geur van het slik. Het is eb en een deel van de buitenhaven ligt droog. Aan de overkant van de haven, achter bergen basaltblokken vaart een vissersboot, in de verte de bruine zeilen van een klipper. En meeuwen natuurlijk, geen haven zonder de krijsende vogels die door de lucht cirkelen, altijd dezelfden. In het water is het platform al te zien waarop de voorstelling zich af zal spelen, 18 meter in diameter. Pr2… een enorm oppervlak… en het lijkt niet eens zo heel groot… Ook de loopsteiger, richting het speelvlak, is klaar, weerspiegeld in het natte slik. Een man ligt op zijn knieën op de steiger, hij lijkt te inspecteren of alles goed vast zit en op het platform is iemand met een meterslange stok in de weer. Blote, gespierde armen, een blauwe muts op.
De voorbereidingen op de productie Leeghwater hebben, vanwege vakanties, een paar weken op een zacht pitje gestaan, nu is de bouw in volle gang. Elders, in Kimswerd, zijn ondertussen de repetities begonnen en volgende week komen de spelers naar de haven.
Ik zwerf over het terrein, langs de busjes, de felgroene containers, enkele caravans, een tent. Op een trailer staat een bootje, baleinen er overheen gespannen, netten eromheen gedrapeerd. Een vis? Flarden van gesprekken: ‘Er moet een soort paardenroffel komen, rondom te horen, als een wave’, ‘alles wat gelijk loopt, wordt theater’ en: ‘begin september komt de jury van de Kulturele Hoofstad hier, met de helicopter. Even kijken en dan zijn ze weer weg.’ Er wordt gelachen en ik loop door, naar een legervrachtwagen waar een soort spin naast staat die ik herken van de schetsen die Kees Botman een paar weken geleden – tijdens de eerste leesrepetitie – de crew liet zien. Zo wordt het en zo is het geworden. Maar wat het is? Er klinkt gesis. ‘Hij doet het!’, roept een van de bouwers als de lange houten poten bewegen. ‘Je hoort hem, he?’ Hij draait aan een hendel, piepend en krakend komt het gevaarte opnieuw in beweging. ‘Maar wat ie nu doet, dat draaien, dát moet eruit.’
Ondertussen neemt Kees, zittend op de aanlegsteiger, een stapel A-viertjes met krabbels in de hand, met een van zijn mannen door wat er zoal nog geregeld moet worden. Het gaat over bouwlampen en hout dat moet kunnen buigen. ‘En der moatte fjirtjin fan dy platen komme.’
Op de vraag hoe het met de bouw loopt, antwoord hij: ‘Stadich… It sa ferskriklik grut, en sa’n nuver plak.’ Hij wijst naar het platform. ‘Dan is it as stiet der in bern op. In popke. Oare kearen liket it hielendal wer net sá grut, is it wol te oersjen.’ Even twijfelt hij. ‘Ik tink dat it goed is sa’t wy it dogge. Der is in goeie bouploech. Goeie jonges.’ Maar plannen blijkt lastig en het meeste werk komt nog: kabels, licht, ontploffingen. Kees ziet mijn verbazing. ‘It giet om it effekt,’ legt hij uit, ‘mei moal of sa’, want het Wad is Natura 2000 gebied en dat betekent dat er allerlei beperkingen zijn.
Het gesprek komt op de Kulturele Hoofdstad. ‘De winsk om Kulturele Haadstêd wurde te wollen, hat de foarstelling mei mooglik makke.’ Dat was toen het nog Friesland was, niet Leeuwarden, dat in 2018 de Kulturele Hoofdstad van Europa moest worden en Henk Keizer nog kwartiermaker. ‘It idee om sa de ferbining tusken Fryslân en Noard-Hollân te lizzen, spruts him enoarm oan.’
Vanuit de tent op het parkeerterrein wordt geroepen. ‘Kees, kom je nog? Etenstijd.’ En iemand anders: ‘Kees, ik ik ha dy even noadich foar de aggregaten.’ Op dat moment loopt de klipper, nu op de moter, de haven binnen. Bezorgd om het pas gebouwde platform staat Kees tussen de meerpalen en maant het schip vaart te minderen. Ondertussen staat zijn eten koud te worden.
It binne bannige dagen foar Pieter Stellingwerf dy’t tegearre mei Kees Botman de betinker fan ‘bûtenwenstige barrens’ is: buog, bedenkers en uitvoerders van ongewone gebeurtenissen. Syn aginda seit dat er moarns om acht oere al in ôfspraak hat, dat in oere letter op it stasjon yn Harns wêze, dat slagget net: it wurdt in oere letter. Even nei tsienen siket er plak foar de kampearbus – in prachtige ljochtgiele oldtimer – en komt er de stasjonsrestauraasje yn. Oer in pear wike giet de film, makke foar Doarpsbelang Koudum yn premjêre, yn oktober is der ‘Meer en Meer’, in lokaasjefoarstelling op ’e Brandemar yn opdracht fan de fúzjegemeente De Friese Meren en mei de kryst wurdt de Carmina Burana brocht. In wol hiel ûngewoan barren sil it drive-in teaterspektakel Leeghwater wêze dat 11 septimber yn de bûtenhaven fan it lytste doarp yn Nederlân yn premjêre giet: Breezanddijk, healwei de Ofslútdyk.
Al fanôf begjin maaie, doe’t der in fideoklip makke is mei kaberettier Bert Visser dy’t Leeghwater spilet, ôf folget de Moanne de tariedings op dizze megaproduksje. Op de webside stean ferslaggen oer de earste lêsrepetysje, in fraachpetear mei Esther van Til dy’t de amateurs dy’t meidogge regisearret en in ferslach fan in earste rippetysje fan dyselde amateurs ûnder lieding fan Cyrelle Faille, beide jonge teatermakkers. Ien fraach is dêrby net beantwurde en dy seit: as de mannen fan buog ‘ongewone gebeurtenissen’ betinke, wêr komme de ideeën dan wei?
Neist de buog-produksjes is Pieter dwaande mei in film oer Koudum. ‘It wie te koart dei om noch in foarstelling ta te rieden doe’t it fersyk fan Doarpsbelang by my kaam om mei har mei te tinken. Mei reden om foar it medium film te kiezen. Sa’t der sawat fyftich jier ferlyn in rolprint makke is, dy’t in tydsbyld fan it doarp jout, sa wurdt dit jier op ’e nij in film opnaam as in, ek foar yn de takomst, bliuwend oantinken. Mar ‘allinne mar’ mei de kamera troch Koudum om de bebouwing en oare bysûnderheden fêst te lizzen: dat is net genôch. Der is in ferhaal omhinne betocht: In man fan oer de santich dy’t as knaap fan 19 nei Amerika gie en no, yn 2013, werom komt om syn soan it plak dêr’t er hikke en tein is sjen te litten. Tidens in fartocht, de earste dei al, krijt er in ynfarkt en rekket er yn it sikehûs. De soan bliuwt achter en giet mei de kamera Koudum yn om syn heit, as er behannele en opknapt wêze sil, de bylden sjen te litten.’
Sa is it ferhaal en sa ek wurde de Koudumers te fiter holden: Nimmen op it doarp dy’t wist dat it om in akteur gie mei wa’t sy yn petear rekken en nimmen ek dy’t der weet fan hân hat dat de opnamen dy’t de soan makke foar de film fan doarpsbelang ornearre binne. Dy moard sil net earder as 6 septimber, op de jûn fan de premjêre, útkomme.
wy ha in ôfspraak, Kees en ik
Pieter, dy’t santjin jier yn in sikehûs wurke en dêrneist in soad toaniel spile hie altyd de stille ambysje hân om dêr mear mei te dwaan. Neidat er op syn 29e syn diploma as Intensive Care-meiwurker helle en him realisearre dat er it op de IC gjin 35 jier folhâlde soe, hat doe de regy-oplieding oan de Hogeschool voor de Kunsten yn Utert dien. Fjouwer jier lang, twa dagen yn ’e wike nei Utert en dêrneist nachttsjinsten op de IC draaie. Op de oplieding krige Pieter net in soad mei oer ljocht en foarmjouwing en sa kaam it dat er him opjoech foar in kursus by Kees Botman, dy’t in jier letter, doe’t Pieter syn ôfstudearprojekt die, de beljochting foar him fersoarge. Dêrnei dienen Pieter en Kees út en troch tegearre in projekt en doe’t sy yn 2001 frege waarden mei te tinken oer ‘Friesland Vaart’, ha se buog oprjochte.
buog is in vof (fennoatskip ûnder firma) én in stichting. De vof wurket yn opdracht – foar bedriuwen, ynstellingen en oerheden bgl – al nimt men net alles oan. ‘Wy ha in ôfspraak, Kees en ik. As wy earne foar frege wurde gean wy der tegearre hinne. En as it foar ien fan ús beide net goed fielt, dogge wy it net. Itselde jildt as in opdrachtjouwer in plan allegeduerigen wer oars ha wol. Dat kin, dat mei, mar as wy der net langer achter stean, kin it sa wêze dat we ôfheakje. Doe’t wy by de iepening fan in wentoer yn Almere in foarstelling brochten, kaam Duijvestein, de wethâlder, by ús foar in oar projekt. Mar it wie sa polityk … Wolst wol dyn artistike frijheid hâlde, it moat net al te braaf en belearend wurde. As teatermakker reflektearrest op de tiid en dêr sitte ferskillende aspekten oan. Kinst net altyd sizze wa’t gelyk hat. Dat jildt ek foar Leeghwater dat oer it dilemma tusken tradysje en fernijing giet.’
Eigen inisjativen falle ûnder de Stichting. Sa ek Leeghwater, it spektakel dat op 11 septimber yn premjêre giet. ‘Kees hat in boat, hy ken de bûtenhaven fan Breezanddijk, hie der wolris lein. Al in jier as seis libben wy mei it idee om dêr, op dat plak nochris in foarstelling te bringen.’ De lokaasje, dy’t fan de Ofslútdyk ôf net te sjen is, is fan in enoarme omfang en dat hat sa syn konsekwinsjes. ‘Kees en ik,’ fertelt Pieter, ‘wy ha in byld fan wat it wurde moat, dêr wurkje wy nei ta. Tidens it rippetysjeproses moatst nije ideeën de romte jaan, want foar itselde jild kin it better. Om’t Leeghwater sa grut is – net allinne de lokaasje, mar ek it tal minsken dat meidocht – wurdt der lykwols mear fêstlein as oait … Wy wolle alle risiko’s sa folle as mooglik útbanne.’
De mannen binne elke wike op syn minst fjouwer dagen byelkoar. ‘Faak witte wy letter net wa’t krekt wat betocht hat. Kees is sterk yn ljocht en foarmjouwing, ik doch de minsken. Dêrby is de begjinfase it meast wichtich. Is it net te maklik? Moat it oars? Prikkeljender? As de begjinfase goed west hat, merkst dat yn de ûnwikkelingsfase. Wy ha leard in konsept dat net wurket oan kant te lizzen.
De bûtenhaven is enoarm, sa’n 130 by 70 meter, en de foarstelling is op it wetter. Foar it publyk op de wâl stiet sa’n popke santich meter fierderop. Hoe krijst it dan toch yntym? It moat de minsken ek ergens reitsje. Foar in part dogge wy dat mei help fan radio. De besikers komme mei de auto nei de bûtenhaven en ûnderweis, as sy op de autoradio ôfstimme op radio Breezanddijk, begjint de foarstelling al. En wy wurkje mei byldskermen sadat de mimyk fan de spilers te sjen wêze sil. It is in konsesje oan de lokaasje. Sa fielt it ek … in konsesje… mar oars witst net iens dat Bert Visser meidocht …
Bert tinkt mei ús mei. Hy is superentûsjast en as waadsiler hâldt er fan wyn en wetter. Alle dingen dy’t mei wetter te krijen ha, wol er beslist sels dwaan. Yn Leeghwater sit in sêne mei in jetski, eins soest dêr in stand-in as stuntman foar ynskeakelje moatte. Mar Bert is enoarm enerzjyk en in man dy’t soks oandoart, dêr in útdaging yn sjocht.’
‘De Ofslútdyk is de ferbining tusken twa provinsjes. By de oanlis fan de dyk hat men nei elkoar tawurke, letterlik, mar der is no net in soad gearwurking mear. Fryslân is folle mear op Grins rjochte as op Noard-Hollân. De amateurs komme fan beide kanten fan de dyk en dat jildt ek foar de meiwurkers. Wol is it sa dat wy merke dat de provinsje Fryslân mear jild yn kultuer stekt. Miskien spilet mei dat men de kulturele ynfrastruktuer in boost jaan wol fanwege de winsk om Kulturele Haadstêd fan Europa te wurden. Sa’n boost kin Ljouwert wol brûke want it is net de meast kulturele stêd fan Nederlân …’
As, sa heal augustus, it petear mei Pieter holden wurdt, is de bou yn de bûtenhaven krekt begûn. Der binne 19 fjoertuorren pleatst, mei in steiger derfoar. Dêr sille de amateurs wat op it spylopperflak bart tichter by it publyk bringe. Der wurde ek alfêst rinsteigers boud en in fisker spuitet peallen yn it wetter op de plakken dêr’t spile wurde sil. In dekorstik dat yn Earnewâld boud is, sil mei in skip nei Breezanddijk brocht wurde. Pieter helpt dizze dagen mei mei de opbou. Hy kin laskje en timmerje, want, sa seit er: ‘Fan oarsprong bin ik werktuigboukundige.’
It kin noch, want in wike letter begjinne de repetysjes.
]]>
earder publisearre op demoanne.nl
Hast it idee datst in emigrant yn eigen lân bist, ast ûnder Ljouwert, oer de N31 de kant fan Frentsjer út rydst om dêr, yn de Koornbeurs, de premjêre fan De Emigrant mei te meitsjen. Slingerst tusken piramiden fan sânsekken troch, in leger oan giele buorden, bosken oan readwite pealtsjes en in tel letter sjochst tsjin in enoarm helferljocht bousel oan dat him, nij as it is, as in flok yn it lânskip ferheft. Wurdst der kjel fan, sa’tst dat lêstendeis ek wurden wiest doe’tst ta dyn ferbjustering gewaar wurden wiest dat der yn it djipst fan de ekonomyske krisis by it stedsje Sleat risselwaasje makke wurdt mei it oanlizzen fan in bedriuweterrein, fuort bûten de bolwurken, wyls it yn dyselde kriten, fan Balk oant It Hearrenfean optilt fan de lege bedriuweterreinen.
Om dy yn Fryslân net langer thús te fielen, hoechst fandatoangeande gjin fyftich jier yn Kanada west te hawwen, lykas Sybolt de Haas, it haadpersoanaazje yn de foarstelling dy’tst letter op de jûn te sjen komst.
De foarstelling is foar in part basearre op It wrede paradys (1999), it boek dêr’t Hylke Speerstra alderhande persoanlike en faak tragyske skiednissen fan emigrearre Friezen yn optekene, in boek dat no ta gelegenheid fan de toanielfoarstelling op ’e nij útjûn is, ynbegrepen ‘tajeften, foto’s en nije ferhalen’. It is goed dat as ûnderdiel fan de kultuerhistoarje dizze emigraasjeferhalen ferteld en fêstlein binne, mar tagelyk kin men jin ôffreegje: binne de útjeften dy’t kear oan kear fariearre wurde, ek net in bytsje it wat ferfeelsum útmelken fan in eardere suksesformule? En hinget der ek net in besykjen mei gear om wat werom te finen fan it euforyske mei-inoar-ien-gefoel dat Simmer 2000 foar de Friezen west hat?
Yn de auto betinkst watst op grûn fan de ynformaasje dy’tst fia krante en omrop opdien hast sa likernôch ferwachtsje kinst. De titel, De Emigrant, ropt gefoelens fan langst en weemoed op, van oude mensen en dingen die voorbij gaan. Dát. It sil in nostalgysk jûntsje wurde en mei de nedige reserves stapst de smûke, mar muf rûkende en fierstente waarme seal yn.
Nostalgy
De Emigrant is in tekststik, it draait om monologen en dialogen. Romke Toering, dy’t yn 2010 it slim romantyske iepenloftspul Pake Sytse regisearre, hat ek de tekst foar De Emigrant skreaun. Wêr’tst al bang foar wiest, wurdt werklikheid. Op it toaniel stiet in wat ûnhandich pratende boer, sa’n typ dat him net werklik uterje kin. It is de 72-jierrige Sybolt de Haas, dy’t yn Kanada mei neat begûn is en dêr no in pear hûndert kij melkt. Wylst er de koffer ynpakt fertelt er hoe’t er eartiids út Fryslân fuortrekke is. As twadde soan wie er arbeider by broer Klaas op de pleats en dat foldie him min. Sûnder ôfskied te nimmen is er fuorttein en altyd hat er ûnwennich west, homesick. It is it âlde bekende ferhaal. En as yn it foar al oankundige wurdt dat Sybolt de Haas syn reis werom nei Fryslân ‘oan alle einen en kanten’ konfrontearjend wêze sil, dat kin it hast net oars as dat der, as de man werom is yn it heitelân, in oerwinneling opdûkt dêr’t er it bestean nea fan witten hat. Dêrmei hast alle klisjees wol sa’n bytsje by elkoar en is de plot allike foarsisber as plat.
De Haas is widner en it wie syn frou Nynke dy’t der, foar har dea, op oantrune hie dat er dizze reis meitsje moast. Sy en har soan ha der west, Simmer 2000.
Ienkear yn it heitelân werom giet it oer wat Sybolt hjir fynt. In Bêd en Brochje yn in âld-pleats dy’t mei steatstipe oerein holden wurdt, it meimeitsjen fan it rinnen fan de Slachte, in mem op it hôf, broer Klaas dy’t ûnderwilens yn in bejaardewenninkje sit, âlde maten dy’t ôfstannelik op him reagearje. En der is langst: hy wol Sjûke opsykje, in famke dêr’t er eartiids wat mei hân hat. Nimmen dy’t Sybolt ferdútse kin – of, better sein, wol – wat der fan har wurden is, oant er op in stuit op it hôf, dêr’t ek syn mem leit – o grutte tafallichheid – tsjin har grêfstien oprint en dêrby gewaar wurdt dat er in dochter fan om ende by de fyftich hat.
Soks is net allinne foarsisber, it ferhaal komt ek, rasjoneel sjoen, wat frjemd oer. Broer Klaas sil derfan witten ha. Alde freonen en kunde wisten derfan. Sels partner Nynke, sa skimert op in stuit troch, hat der weet fan hân. En nimmen seit wat of hat wat sein. Mar bliuwe beskamsume saken hjoeddedei werklik salang ûnder it kleed?
As ferwachte is De Emigrant yndie ien en al nostalgy. It elemint fan weemoed en langst sit bygelyks yn de lietsjes, ynsongen troch Frederike Kleefstra, op teksten fan Baukje Wytsma. ‘(…) yn ’t hûs dêr’t ik ienris thús wie / is gjin plak foar my.’ Moai en leaf, sûnder mis, sa’t ek de fotobylden dy’t op it skerm achter it spylflak it moaie en leave fan Fryslân sjen litte: troch beammen omseame pleatsen, de greide fol hynsteblommen. De helferljochte hal súd fan de N31 wurdt, by wize fan sprekken, soarchfâldich bûten byld holden en dêrmei liicht De Emigrant it publyk in Fryslân foar dat amper noch bestiet. Der wurdt al ris in mobyltsje foar it ljocht helle, mar, al spilet de foarstelling yn dizze ieu, de 21-ste, alle moderniteit wurdt mijd. Sybolt’s soan Willem soe, tegearre mei syn neef, op omke Klaas syn pleats buorkje wolle, mar, al sil Willem nei Simmer 2000 kontakt mei minsken hjir hân ha – nei syn reis wie er suver ûnwennich – der wurdt net maild, net skyped, net twittere en as der al immen in facebookaccount ha soe, dan mei it publyk dat net witte. Sa set Toering in werklikheid del dy’t suver ûnwerklik oandocht.
Wat al treflik oan it stik is, binne de spilers. Freark Smink hat net allinne syn postuer mei foar de rol fan de 72-jierrige Sybolt, hy ís dizze boer, in persoanaazje dat Toering distilearre út (û.m.) Speerstra syn wurk en tal fan petearen, dy’t er dien hat, ûnder mear tidens in reis fan trije wike troch Kanada. De seal laket om de typysk Fryske plattelanner, mei syn typysk Fryske wizen fan sizzen en do, mei alle reserves dy’tst hast, do lakest hertlik mei.
De twadde akteur, Theo Smedes, is ôfwikseljend soan, eigner fan B&B ‘De Pronkkeamer’, rûzjesiker en sjoernalist fan de Ljouwerter. Fjouwer rollen, altyd byrollen yn in stik dêr’t Smink yn gloriearret. As rûzjemakker is er op syn bêst, in echte klier en as er achter de kûlizen wei opdûkt mei swart hier en in opplakte snor is er (it stereotyp fan) in Turk.
‘O, in bûtenlanner’, reagearret De Haas as er fernimt dat de LC-sjoernalist fan Turkse komôf is. Yn dat petear, it iennige dat oan de hjoeddeiske maatskiplike realiteit rekket, giet it om byldfoarming, om mar net te sizzen: stigmatisearring. ‘Ik, gastarbeider?’, reagearret De Haas ferûntweardige as Izmet Aslan him in spegel foarhâldt. In Fries dy’t earne oars syn bestean siket is in emigrant, mient er, gjin gastarbeider, kom no … ‘Is dit jouw laan, of mines’, freget Ismet Aslan yn it Snekers, want Snits is it plak dêr’t er hikke en tein is. It ferhaal fan de twaddegeneraasje-allochtoan – it gemis, it opsykjen fan lângenoaten yn tsjerke of moskee, as de kniper op ’e skine komt kieze foar in libbenspartner dy’t de eigen taal en kultuer dielt – dat ferhaal is net oars as dat fan ‘ús eigen’ Friezen om utens. Mei dizze konfrontaasje yn it tinken oer emigraasje en ymmigraasje hat de skriuwer in punt te pakken.
]]>In tsjerkje op in terp, it keatsfjild, dêromhinne huzen. Achter sawat alle finsters brâne de ljochten. Sitte de bewenners dan net yn de Murdhoun, it doarpshûs fan Húns/Leons dêr’t toanielferieniging De Takomst De lytse kannibaal bringt? ‘Fansels,’ wit ien fan de besikers te fertellen, ‘allegearre, mar ek hjir moatte hjoeddedei de ljochten op, foar it gefal dat.’
Foar immen dy’t op It Hearrenfean wennet, is it in wûnderlik fenomeen: twa doarpen – ien fan in hûndert, ien fan fiifentweintich ynwenners – dy’t meiinoar in doarpshûs eksploitearje, der ien merkekommisje op neihâlde, ien keatsferieniging en dy’t it behear hawwe fan in tsjerke, sa’t der fierders noch in mienskiplike webside is – yn ’e aginda wurde de jierdeis fan ynwenners meinommen …
Foar in oardiel oer De lytse kannibaal docht dat alles der net ta, wol tekent it de sfear om sa’n doarpsjûn hinne: goed tweintich minsken dy’t by it ta stân kommen fan alwer it twadde stik dat dichter-keunstner én doarpsman Elmar Kuiper skreaun, belutsen binne.
De hurdfytser
Op it lytse spylfjild stiet in racefyts klear, oan it lewant hingje in reklameprint fan Gazelle, in prizekast, yn de finsterbank leit De Hillige Histoarje forteld oan it Fryske Folk fan Ulbe van Houten. In hûn bilet.
Skreau Kuiper yn 2009 foar De Takomst it, sawol yn oanklaaiinge as nei ynhâld, frijwat eksperimintele De fûgels fan Fantasia, diskear giet it ‘gewoan’ om in tragykomeedzje. It ferhaal docht yn syn opset sawol oan in bekend boek as oan in bekende film tinken:
De twalling Sjoerd en Johannes Lautenbach waard grutbrocht yn in húshâlding dêr’t de heit – in slim godstinstige man dy’t yn syn wurk mislearre en thús hearske en oerhearske. Dêrby wie it Sjoerd, de âldste, dy’t allegeduerigen delhelle en leechlein waard, soms sels skopt en slein, in heit-soan ferhâlding dy’t yn ’e fierte wat oan dy yn de roman Knielen op een bed violen fan Jan Siebelink tinken docht. Dêrby waard de lytse Sjoerd – mei fan ynfloed op de ûnderlinge ferhâldingen letter – geregeld foarholden dat er in foarbyld oan Johannes nimme moast dy’t der dan fyntsjes by siet te glimkjen. Tagelyk wie it sa dat Sjoerd de heit syn ‘projekt’ waard: it jonkje moast en soe kampioenhurdfytser wurde, yn in ploech dêr’t syn heit letteroan ek nochris de lieder fan waard. En hurdfytser wurdt er: de prizekast rekket behoarlik fol. Lykwols syn sportive karrêre mislearret jammerdearlik as yn de ‘Ronde fan de Takomst’ – wurdgrapke – in hûn de dyk oer fljocht …
Al dy eleminten dy’t mei elkoar it ferline bepaald hawwe wurde geandewei it stik ferheldere. Op it toaniel begjint it ferhaal as Sjoerd fan eks-freondinne Anastasia te hearren krijt dat syn broer trouwe sil. It feest sels, dat ûnder mear mei de polonêze op ‘O, Irma la Douce, waar is toch je poes’ it komyske elemint yn dizze tragykomeedzje bepaalt, rint út op in konfrontaasje binnen de húshâlding, dêr’t ek Froukje, de frou dêr’t Johannes dan krekt mei troud is, en Anastasia in rol yn spylje. En dy opset – in feest dat in feest wêze moat, mar it perfoarst net is – ropt dan wer oantinkens oan de film Festen fan Thomas Vinterberg op.
De ûnderlinge ferhâldingen yn De lytse kannibaal sitte behoarlik yngewikkeld ynelkoar, want beide bruorren ha wat mei beide froulju hân, der hat boppedat wat tusken de heit en Anastasia west dêr’t Johannes in rol yn spile hie, in saak, dêr’t in oerwinneling fan kaam is … It is justjes téfolle en dêrmei wurdt it drama justjes té folle útspûn.
Wat knap dien is, is it oerbrêgjen fan de tiid. Ferskillende perioaden yn it libben fan haadpersoanen binne fan belang; in trijeslach: In part fan it stik spilet yn Sjoerd en Johannes har bernetiid, in part tidens de fytswedstriid – de Ronde fan de Takomst, tsien jier ferlyn, en in part yn it hjoed: foar, op en krekt nei it houliksfeest. It binne bern dy’t in rol ha yn sênes dêr’t Sjoerd, Johannes en Froukje noch bern yn binne, se oerlaapje de sênes dy’t yn it no spylje. De heit en de mem dy’t, elk foar in doar steande, fertelle oer it ferline, om bar in stap nei foaren dwaand as wienen sy it mantsje en it wyfke yn in waarhúske.
De markante Kees Jongema, dy’t earder ek yn De fûgels fan Fantasia in haadrol hie, blykt knipt foar de rol fan de heit en de trije bern dy’t meidogge, spylje sterk en oandwaanlik tagelyk. Nei ôfrin applaudisearret de iene helte fan de ynwenners fan beide doarpen foar de oare helte. De ferlotting, typysk foar in jûn doarpstoaniel, kin begjinne.
]]>Op het toneel een hoge lichttoren, binnen een vrouw, de woekeraarster, die bezig is staven goud en sieraden te ordenen. Een tweede vrouw, haar zuster, dweilt de trap. Daarbuiten een enorme bel, oude dozen, een deken waaronder iemand ligt, een kapotte fauteuil en nog zo wat rekwisieten. Hier en daar staat of zit iemand, maar de afstand, tussen de mensen, de dingen, is zo groot, dat het enigszins vervreemdend werkt. Er klinkt muziek, accordeon. Een meisje, een jaar of acht, loopt, een kartonnen beker in de hand, de zaal in, kiest mijn rij, wringt zich tussen stoelen en knieën door, haar stem klinkt zacht: ‘Mag ik wat geld?’ Wie naar het waarom vraagt, krijgt te horen: ‘Ik heb heel erg honger.’ Vervolgens klimt het kind het toneel op en vliegt een jonge man in de armen. De voorstelling Misdaad en straf, naar de bekende roman (1866) van Dostojevski, kan beginnen.
Tekst én spektakel
Hij leeft in armoede, de gesjeesde student Raskolnikov en al wat hij om zich heen ziet is armoede: Het hongerige kind, de dronken sloeber wiens dochter als prostituee de kost verdient, zijn zus die door haar werkgever wordt vernederd. Daartegenover staan de machtigen: De rijkaard die zijn perverse lusten botviert op vrouwelijk personeel, op jonge meisjes zelfs. En dan is er nog de woekeraarster in haar glazen toren, waar Raskolnikov, uit geldnood, zijn enige kostbaarheid beleent.
Zou het niet zo zijn dat ‘buitengewone mensen’ gerechtigd zijn te moorden?, zo vraagt hij zich af. Het is zijn theorie, Raskolnikov schreef zelfs over het fenomeen, maar het abstracte idee dat moord gerechtvaardigd zou kunnen, wordt concreet als hij, gewapend met een bijl, het domein van de woekeraarster weet binnen te dringen.
Wie weet dat het boek, afhankelijk van de versie, 6 à 800 bladzijden telt, verwacht een tekstueel stuk, literair verteltheater. Dat is het ook. Er zijn monologen, dialogen, regelmatig is er een voice-over of fungeren de spelers als verteller, dan weer vanuit het ik-perspectief, dan weer gaat het om een auctoriale verteller. De stemmen, versterkt als het dramatisch wordt, overlappen elkaar, maar het visuele aspect – decor, kleding, rekwisieten – van de voorstelling is minstens even belangrijk. Ook de muziek en de belichting spelen een rol. Wat dat laatste betreft: scenes doen nu en dan herinneren aan oude foto’s. En staat Raskalnikov in het begin nog vrij statisch op de toneelvloer, de armen slungelig langs het lijf, naar gelang de voorstelling vordert gaat het ‘spel’, ook zijn spel, steeds meer over in fysiek bewegingstheater.
Na haar dood verschijnt de woekeraarster voor Raskolnikov’s geestesoog, gekleed in een lange, smetteloos witte jurk, als een balletdanseres balancerend op spitzen. Niet de toevallige getuige van de moord – het tweede slachtoffer dat door Raskolnikov’s bijlslagen het leven liet – maar zíj treedt in zijn dromen op als de vermoorde onschuld. ‘Ik heb een principe vermoord’, roept Raskolnikov als om zichzelf, nu zijn geweten opspeelt, te verdedigen.
Joris Smit
Er zijn prachtige rollen van Kees Hulst als Marmeladov, de dronkaard, en Svidrigailov, de perverse rijkaard en de hinkende Malou Gorter als rechter-commisaris Porfiri. Maar de hoofd- en glansrol is voor Joris Smit als Raskolnikov, een personage dat talloze rollen in zich heeft. Smit is even gemakkelijk de vrolijkspeelse oom als de bezorgde broer, switcht probleemloos van de rol van studentikoze vriend naar die van brute roofmoordenaar. Ook is hij even sterk in het tekstuele – als in het fysieke spel van de man die, na zijn gruweldaad, wordt geplaagd door schuldgevoelens en twijfel. Een acteur van wie je elke toekomstige voorstelling zou willen zien …
Een pauze zou de sfeer van de voorstelling verbreken, maar twee uur is lang en na anderhalf uur verlies ik op een gegeven moment de aandacht. Het wordt net iets tevéél spektakel – een glitterpak, spelers die met (met spinnen beschilderde) dozen op het hoofd rondlopen – de zin ervan ontgaat mij en ik droom heel even weg. Tót ik wordt opgeschrikt doordat er gordijnen en strengen verlichting naar beneden komen en het decor van stemmig en armoedig ineens circusachtig wordt, met de bijpassende muziek.
Raskolnikov heeft besloten zichzelf aan te geven, hij staat op het punt naar Siberië te vertrekken. Sonja, zijn lief, gaat met hem mee. De liefde overwint en het is een moment van hoop, feestelijk zelfs. Overdreven feestelijk… Maar de grap is meesterlijk. De eindscene verwijst, zo blijkt achteraf, namelijk naar Fellini: de NNT-productie die in oktober in première gaat.
]]>