Publisearre op maandag, 2 september 2013
Wat te ferwachtsjen fan it neispyljen fan de oerfal op de Blokhúspoart sa’t dy yn 1944 troch de Fryske Knokploech útfierd is om in grut tal finzenen te befrijen? Foute rotsakken fan moffen, stoere fersetshelden en fikse poarsje sentimint? Yn de oanrin nei de foarstelling ta, hat De Oerfal de nedige publisiteit krigen, want krekt dít barren foar it fuotljocht te bringen en dat dan ek nochris dêr, op it binnenplein fan it eardere hûs fan bewar en straffinzenis dat is by definysje bysûnder. Sa falt yn de LC fan 28 augustus te lêzen dat der foar de opfiering fan it stik op ’e nij ûndersyk dien is, ûnder mear troch mei de neibesteanden fan belutsenen te praten. Op ’e nij, want earder, yn 1962, is de oerfal ferfilme en it filmscript is, neffens betinker en skriuwer Dick Jansen, ‘gort- en gortdroog’, wyls hy en regisseur Tineke Broers mei it teaterstik benammen ek de minslike dilemma’s yn kaart bringe wolle.
Steande oan in taffeltsje, op de luchtplaats fan de eardere finzenis dêr’t Dútske soldaten wachtrinne, nim ik it programmaboekje troch. Dêryn binne de persoanlike reaksjes fan de meiwurkers oan it stik te lêzen: oer in pake dy’t socht waard, in oerpake dy’t ûnderdûkers hie en mear as ien kear wurdt der oan referearre dat de frijheid dêr’t wy yn libje perfoarst net fanselssprekend is.
As, even foar’t de foarstelling begjint, in keppel dowen har, fan it dak fan it twadde poartgebou ôf him op ’e wjukken jout – gjin wite, mar grize – sjit Grijs verleden fan Chris van der Heijden my yn it sin, in boek dat ik koartby lies en dat, yn it sok fan histoarikus Ernst Kossmann syn akkomodaasjeteory en de ynaugurele rede ‘In de ban fan goed en fout’ fan Hans Blom, ôfrekkenet mei it byld dat histoarikus Lou de Jong fan de oarloch kreëarre hie: der wienen goede en foute Nederlanners, de NSB-ers foaroer it ferset, mar sa swart-wyt lei it yn ’e werklikheid allegear net. En yn de foarstelling?
Nei analogy fan de film nei it senario fan Lou de Jong, ynlaat troch de foarsitter fan de Nationale Federatieve Raad van het Voormalig Verzet in Nederland, begjint it teaterstik mei in in wurdsje fan Gerrit Fokkema. Hy is ien fan de minsken dy’t troch de knokploech befrijd waard en hat nau belutsen west hat by de tariedings. Berne yn ’23 is Fokkema de iennige dy’t it ferhaal noch neifertelle kin en dat krekt hy dêr stiet, dizze helder formulearjende âldman: dat lit dy net kâld. Op de achtergrûn it dekôr: de sellen, de keamer fan Oberscharführer Albrecht, de wachtpost, de húskeamer dêr’t de KP-mannen by elkoar komme. In dekôr – in moai stik wurk fan Jaap Groen – tsjin de achtergrûn fan it twadde poartgebou. Dêrmei doocht net allinne de entoeraazje, it jild likegoed foar de klean, dy azemje folslein de sfear fan de jierren fjirtich. De koeriersters op harren fytsen, in soldaat dy’t lallend foarby komt, in broekje noch.
As der in ‘griis’ is, dan sit dat yn elk gefal net oan de kant fan de Dútsers. It senario bringt in Oberscharführer nei foaren dy’t poer- en poerswart is: in beest, yn syn blaffen, yn syn manipulearjen, yn syn wredens, yn de seksuele taneierings ta syn sekretaresse, de bloedmoaie Jeltje en sels as er dwaande is in antwurd te formulearjen oan syn soantsje dy’t him skriuwt dat mem dit jier gjin krystbeam keapje koe, is er, yn dat iene momint fan tearens, klisjee. De boal, dy’t oesa wiis mei syn bern is, uteret gjin inkelde twifel oer syn oanwêzichheid yn in beset lân. Dat syn wredens mooglik ek oanfitere, miskien wol feroarsake wurdt troch it systeem dêr’t er yn grutbrocht is, yn funsjonearret en miskien ek net út kin, dy fraach, dêr giet De Oerfal net oer. Wa’t fout is, in nazy, in SD-er, stiet blykber net foar dilemma’s. Wat dan wer neat ôfdocht oan de aktearpresintaasje fan Frans Planken dy’t, heal Nederlânsk, heal Dútsk pratend in hearlik ‘verdammter Schweinhunde’ brullende mof delset.
It ‘griis’ sit ek net by de adjunkt direkteur fan de finzenis, in Nederlanner, mar wol yn it hottefyljen fan de Fokkema’s: de noch jonge en obsternate Gerrit dy’t syn heit, in djipleauwige grienteboer dy’t de straffinzenis as klant hat, oanfalt op syn tinken datst hearrich wêze moatst oan it troch de Hear boppe dy stelde gesach.
De knopploechmannen binne koart en saaklik, stoer, as ferwachte. Gjin omballingen oer it waar of persoanlike saken. Koart, helder en beret trochnimme: hoe pakke wy dizze put oan. Harren dilemma sit by de kar: wa nimme wy ál en wa nimme wy nét mei as wy ienkear binnen binne. De mear persoanlike dilemma’s sitte by de eardere plysjeman dy’t om meiwurking frege wurdt: syn wyfke is swier. En der is Taco syn frou dy’t, mocht it misbeteare, allinne achterbliuwe sil mei de bern en, hoewol’t sy achter de aksje stiet, op in stuit toch yn panyk rekket. Mar se gean, de mannen en helden binne it. As it om it ferhaal giet, stiet it teaterstik al mei al tichter by Lou de Jong as by Chris van der Heijden, mar tagelyk betink ik my dat it ûnderwerp him dêr ek net foar lient.
By de opbou fan it stik binne wol kanttekeningen te setten: de oergongen tusken de sênes foar it skoft ferrinne jústjes te traach, dy hienen wat mear troch elkoar rinne kind. Nei it skoft, as it safier is dat de oerfal plak fine sil, is der mear hektyk en as dy der even net is, wurket it net langer steurend, want der is altiten noch dy stadich en tagelyk feninich tikjende klok dy’t de tiidsdruk dêr’t de groep ûnder operearret oanjout. Ek de muzykkar wurket deroan mei dat de twadde helte teatraal sjoen mear spanning ynhat as de earste. It ferhaal wurdt op plakken lykwols tefolle útspûn. Sa hie de sêne mei de brieveskriuwerij – brieven oan neibesteanden foar it gefal de KP-ers pakt wurde – koarter kind. De ûntfangster fan it brief komt ek nochris oan bod en dan komt deselde ynformaasje ek noch werom yn in liet en dy lietteksten binne nochal swiet. Wa’t de beide finzenen dêr’t de oerfal om draait – plysje-ynspekteur Jurjen Dreeuws (Andre Caron) en drukker Klaas Lijenaar (Sip van Gelder) – sjocht, beide de hannen yn bebloed ferbân, krijt weet fan it gemak wêrmei’t minsken yn ’e oarloch martele en de dea ynjage waarden. In mienskiplik sjongen fan ‘foar elk kyn is speulen un recht sonder frees (in frede, frede) en niks nyt bang (sonder angst)’ is dan oerstallich, docht sels ôfbreuk oan itjinge datst sjoen en meimakke hast. It besef fan wat oarloch is, fan wat de besetting betsjutten hat, sit al yn de kar fan krekt dit ûnderwerp foar in iepenloftspul, yn dekôr en setting en foaral ek yn it spel en de kwaliteiten fan de spilers. It is de fertsjinste fan betinker Dick Jansen, regisseur Tineke Broers en alle spilers dy’t fol hert en siel oan dizze foar it meastepart slagge produksje wurke hawwe dat de Twadde Wrâldkriich nochrisom stof ta neitinken jout: wat soe ik sels dien ha, yn dy sitewaasje? En no? Wat doch ik no?
]]>31 maaie 2013 publisearre op demoanne.nl
By Sneak Previews, in begryp út de filmwrâld, giet it om foarstellingen dy’t noch net yn premjêre gien binne. Tryater doart it oan. Trije jûnen achter elkoar wurde trije stikken brocht, stikken dy’t noch yn ûntwikkeling binne. Foar in ‘leuk pryske’ kin it publyk dêr twa fan útkieze.
Dat it om ‘útprobearsels’ giet, blykt by de baly al. Ien fan de stikken falt wat koarter út sadat dy jûn net allinne de ‘bylzjende ynstallaasje foarstelling’ Sy fan Ira Judkovskaja en Tamara Schoppert en Heimwee nei Hurdegaryp fan Tatiana Pratley te sjen wêze sil, mar ek de teatrale lêzing Thúsfront, skreaun troch Romke Toering. Trije hiel ferskillende stikken, ek as it om de ûntwikkelingsfase dêr’t it stik yn sit giet, trije kear ferrassend.
Mei it op de planken bringen fan eat dat noch net ôf is, kinne spilers en makkers sjen hoe’t it publyk reagearret: wat wurket, wat net. Dêrby giet it net allinne om de reaksjes fanút de seal wei, tidens de foarstelling – rûzemuozjen, al as net laitsje, it applaus – nee, yntegraal ûnderdiel fan it it preview-konsept is it neipetear nei ôfrin, ûnder lieding fan Annet Huisman, wêryn’t it publyk op de foarstellingen reagearret en spilers en makkers fertelle oer hoe’t in in idee, hoe’t bepaalde sênes ta stân kommen binne.
Sa ûnstie Sy fanút it earder brochte Fan de stêd en it libben, oer it deistich libben fan de massa. Sy dêrfoaroer zoomt júst yn op dat fan it yndividu. It is in yntime foarstelling, de yntimiteit fan soms mar in meter ôfstan tusken de spylster, Tamara Schoppert, en it publyk dat in frou yn har eigen omjouwing folget, letterlik, troch, mei de koptillefoan op, yn it healtsjuster fan de iene nei de oare sêne te rinnen. Sy wurdt wekker, klaait har oan, tinkt, dreamt… yn in dekôr dat troch ien fan de besikers in ‘spoekhûs foar folwoeksenen’ neamd wurdt.
Sy is dúdlik in stik yn ûntwikkeling: in tekst dy’t de dei derfoar, by de trochrin, noch útsprutsen waard, wie diskear fia de koptillefoan te hearren. In dei letter pakt de foarstelling miskien wér oars út en as it ta in premjêre komt, is it mooglik in hiel oar stik wurden.
Yn it neipetear litte spilers en makkers har entúsjasme sjen, mar ek wat fan de emoasje dêr’t in stik of in sêne út fuortkomt, ûnderdielen dêr’t noch oer neitocht wurdt, wêr’t harren twifels sitte. It teaterselskip stelt har dêrmei kwetsber op, mar miskien jildt dat ek wol foar it publyk: wêr docht, watst sjoen hast, dy oan tinken. Wat docht it mei dy.
Yn Heimwee nei Hurdegaryp, de ‘nostalgyske trip oer langstme nei in thúsgefoel’. tûmelje Lourens (van den Akker) en Eelco (Venema) har oantinkens wyld oer elkoar hinne: dy oan tillevyzjeprogramma’s, yn sliep falle, de tomme yn ’e mûle by it foarlêzen fan Pinkeltje, ‘ús pake sei altyd’, de rook fan kuil, it mei eroatyske dûnsbewegingen brochte ‘Du’ fan Peter Maffay, de mannen fan it doarp op de brêge – of is it in kafee? – en folle mear noch. It binne de beide mannen har eigen, smijd ta in assosjatyf en byldzjend gehiel wêrby’t, sa fertelt Lourens, Eelco folle mear op de feiten rjochte is as hy. It ûnthâld wurket ommers net perfekt, dan kinst der likegoed in moai ferhaal fan meitsje.
De langstmen nei de bernetiid, de jeuchd fan de beide tritigers roppe by it publyk har eigen assosjaasjes op. Sa seit in tillefyzjequiz as Waku Waku net elkenien wat, mar de wize wêrop’t minsken, by it opheljen fan oantinkens, tsjin elkoar opbiede is sa werkenber dat as immen yn it skoft oer Peyton Place begjint onmiddelik Swiebertje op it aljemint komt. En in jonge frou dy’t de rook fan kuil net ken, rûkt der wat oars yn, eat dat fan hár is. In nostalgysk, soms pynlik, weromsjen ommers, is fan alle generaasjes.
‘Miskien noch wat byslypje’, jouwe de spilers oan, mar dizze foarstelling is, fan de trije, it meast ‘ôf’ en al yn juny te sjen: op Oerol.
It minst ‘klear’ is it dokumintêre Thúsfront oer hoe’t âlden fan militêren, op missy nei Uruzgan, foar de kar fan har soannen om it leger yn oerstean.
Mei it skriuwblok yn ’e hân, foar in grut part sittend, bringe de spilers de tekst as ‘teatrale lêzing’. Dan wer spylje, dan wer lêze sit der wolris in stroffeltsje yn en wat op it spylflak brocht wurdt, rint net altyd syngroan mei de fideobylden fan de soannen, yn legerpak, projektearre achter de trije memmen en dy iene heit, mar de yntonaasje is der al en it is in libben, emosjoneel en emosjonearjend gehiel dat tichtby bringt wat in pear jier ferlyn in werklikheid út de media wei wie. Dat wie it nét foar de húshâldings dy’t der streekrjocht by belutsen wienen en dêr’t Toering petearen mei hie om ta it ynkringende skript te kommen dêr’t regisseusse Silvia Andringa ‘de potinsje en mooglikheden’ no fan ûndersiket. Dêrby steurt it blêdzjen nei de folgjende side absolút net, it foeget miskien sels wat ta, komt yn it plak fan it spul dat der no noch net is, miskien sels oerstallich wêze sil.
Thúsfront mei dan basearre wêze op de ferhalen fan de âlden fan jonges dy’t in pear jier ferlyn as soldaat nei Afghanistan gienen, de âlden fan de jihadstriders yn Syrië sille yn in soartgelikense sitewaasje sitte en dy is net oars as dy fan myn pake en beppe dy’t, doe’t ús heit, ein fan de Twadde Wrâldoarloch, út Dútslân wei gerêststellende brieven stjoerde alle dagen dea-ûngerêst op de postboade wachten. Dokumintêr én universeel.
Yn prinsipe is it mooglik dat in idee dat as foarstelling yn ûntwikkeling de Sneak Preview hellet – dy fan ôfrûne maart, dy fan no, dy fan yn de takomst – toch in ‘deaberne berntsje’ blykt. It publyk krijt net allinne in priuwke fan wat der, mooglik, oan stiet te kommen, mar ek in unike blik yn de keuken fan Tryater.
]]>Geen idee wat jongeren zijn, dus heb ik geen idee wat een theatervoorstelling voor jongeren anders dan anders zou maken. Ontspoord, van De Toneelmakerij, richt zich op vijftien jaar en ouder, misschien omdat in het stuk (naar The trestle at Pope Lick Creek van Naomi Wallace) een jongen van vijftien, Dalton en het meisje Pace centraal staan en de muziek in de voorstelling een belangrijke rol speelt. Op het podium de brug, de spoorbrug, het decor waar het verhaal om draait. De jonge vrouw naast mij, een meisje nog, kijkt ontsteld om zich heen: met honderd bezoekers zit de Rabobankzaal – een ‘jongeren’kaart kost €20,- – van de Harmonie in Leeuwarden lang niet vol. Ze doet een drama-opleiding en het verschijnsel lege zalen is wellicht haar voorland en dat, zo vermoed ik, geldt voor veel bezoekers, want Leeuwarden heeft een mbo- en een hbo-dramaopleiding en er is bovendien de popacademie. Al die andere jongeren – wat mij betreft ook tachtig en ouder – heeft de Harmonie niet of amper weten te bereiken. En zij hebben wat gemist.
Het metalen bouwsel dat het decor vormt, fungeert dan weer als gevangenis, dan weer als de brug. Het verhaal speelt in verschillende tijden en is meerlagig. Scenes waarbij Dalton (Wouter Zweers) in de cel zit, worden afgewisseld met die waarin zich langzaam de achtergrond van zijn gevangenneming ontvouwt. Er was het meisje, Pace (Merel Polat), brutaal en uitdagend, agressief en op haar zeventiende al voor het leven beschadigd, dat hem had uitgedaagd tot een gevaarlijk spel: de spoorbrug oversteken vóór de trein aan komt denderen. Het is, zo blijkt, de herhaling van het drama dat zich twee jaar eerder op de spoorbrug voltrok en waarbij zij haar vriend verloor, een gebeurtenis waar zij bij betrokken was geweest. De jongen, jong, verlegen, onervaren wil eerst niet. Hij droomt van een andere, een betere toekomst: het dorp, waar een enorme werkloosheid heerst achter zich laten, naar de universiteit. En zij? Spottend pareert zij: ‘Met zulke schoenen?’ Ouders die geen goede schoenen kunnen kopen, die zullen hun zoon niet kunnen laten studeren… ‘Wij zijn de laatste aardappelen onderin de zak…’
Ontspoord is ook de geschiedenis van de ouders: de vader (Bob Fosko) die zijn stoel niet meer uitkomt, de moeder (Frederique Spigt) die reddert en probeert te redden. Het is lang geleden dat zij elkaar voor het eerst kusten, en elkaar aanraken, dat gaat al jaren niet meer. En dan is er nog de ‘vuile’ gevangenisbewaker (Tjebbo Gerritsma) die Dalton met zijn imitaties van gevangenen probeert te intimideren, maar die ook, zo blijkt wanneer de geschiedenis zich ontspint, zijn eigen, kwalijke, rol heeft gespeeld in het verhaal van de spoorbrug.
‘Eten, neuken en de kerstversiering van de boom rukken.’
Dát zijn jongeren. Sterke teksten in een maatschappelijk geëngageerde en tegelijk psychologische voorstelling met mooie vondsten als Dalton die, zoals zijn vader wel deed, op de muur van de gevangenis (een filmdoek op de achterwand) met zijn handen schaduwfiguren projecteert. Het meisje dat met een ‘jij neemt niet wat ik jou niet geef’ nooit op de mond gekust had willen worden en niet eerder dan vlak na haar dood de lippen voor hem opent. De fatale wedloop tegen 153 ton staal, getoond als een gesprek tussen Daltons moeder Pace. ‘Raak mijn achterhoofd niet aan,’ zegt zij, ‘het is weg’ want:
Een trein verplettert je niet in kleine stukjes.
Het is een rauw leven dat getoond wordt in een rauwe voorstelling. Schitterende acteerprestaties van alle vijf waarbij het spel van Frederique Spigt doet denken aan dat van Kitty Courbois, waarbij Tjebbo Gerritsma – het haar glad naar achteren gekamd – bewondering oproept, want hij ís vuil en hij ís rauw… en humoristisch tegelijk. ‘Wat is dit?’, vraagt hij Dalton terwijl hij in klapperend in de ijzeren staketsels hangt. ‘Het is je ziel, jongen.’ En Merel Polak? Wow… Zij zet een stoere, hard geworden meid neer, sterk gedaan en dat geldt niet alleen voor de acteerprestatie, maar ook voor haar zingen. Een intrigerend mooie stem. Ontspoord is muziektheater, gitaar, viool, banjo… waarbij bij het spel wordt afgewisseld met (helaas niet vertaalde) passende songs: Lucinda Williams, Tom Petty, Alison Krauss… Een boeiend geheel!
]]>publisearre op de maonne.nl, 9 okt 2013
Oan de griisstiennen soudering hinget in lampe mei glêzen tsjelken dy’t oan beide siden fan de romte mear as ien kear wjerspegele wurde. Oan de achterwand fan it spylflak hingje, oan houtene kleanstokjes wytlinene jurkjen omseame mei kant: de ûnskuld. Dat part fan it dekôr hat tagelyk in praktyske funksje, nammentlik it ûnsichtber meitsjen fan de dûbele doarren nei de tentoanstellingsromte fan it Museum Belvédère.
De teatermakkers fan de Blaue Toer, dy’t earder stikken fan Aggie van der Meer yn it Marne Teater en de Broeretsjerke fan Boalsert brochten, giet ‘op lokaasje’, ‘want,’ sa fertelt skriuwster Aggie van der Meer – de grand old lady fan de Fryske literatuer – ‘yn Boalsert lûke we toch ek meast publyk fan bûten’. De muzykteaterfoarstelling Cecilia Tan wie twa jûnen yn it ‘glêzene’ Belvédére te sjen en dizze moanne noch fjouwer yn de eardere ‘stiennen’ Flach Drukkerij yn Snits. Aggie fan der Meer skreau it skript op grûn fan de tekst fan har novelle (2012) mei deselde titel.
‘It boek wie better’, in útspraak dy’t gauris te hearren falt as it om film giet: in ferhaal dat ôfwykt, persoanaazjes dy’t oars útfalle as sy in taastber uterlik, mimyk, in stim krije, as de lêzer, op grûn fan letters, wurden op papier, him foarsteld hie. De novelle Cecilia Tan, ha ik lêzen – besprutsen sels – dat, as ik my op ien fan de stuollen deljou en sa ris om de grutte holle foar my hinne kypje, freegje ik my ôf oft soks ek foar it stik jilde sil. It antwurd seit in simpel: nee.
Muzykteater wurket oars as it wite doek dat, hoe’t in filmferhaal de sjogger ek meifiere kin yn ’e spanning en ’e emoasje fan in ferhaal, toch altyd plat bliuwt. De rook fan ’e seal, dy fan ’e spilers en, soest de eagen ticht dwaan, dan nóch bist derby. Falt de stroom yn ’e bioskoop útfalle, dan is der neat oars as… in wyt doek; soe yn in teaterseal itselde barre, dan is der altyd noch de betizing fan ’e spilers, in gjalp, it trippeljen fan fuotten. It skript – en dan doel ik net sasear op de lieten, mar op de sprutsen teksten – stiet tichtby dy yn it boek, mar it is de fysike oanwêzigens fan spilers dy’t makket datst boek en spul toch net neist elkoar leist yn de de sin fan better of minder. Mear noch as by film giet it om onvergelijkbare grootheden.
Cecilia Tan. Der is de piano dêr’t Dennis Dronkers it acht froulju tellende ensemble dat, yn prachtige felkleurde klean – kontrastearjend mei de jurken dy’t part fan it dekor útmeisje – tuskentroch kommintaren en oanfollingen op it tekstspul sjongt en aktearret, op begeliedt. De froulju fan it koar ha, sa ha ik begrepen, in Musyk Teater Class folge by Dennis Dronkers en Ypy Zysling. It risseltaat mei der wêze: Prachtige, libbene teksten, mei feart en faasje brocht, de iene kear steand, ferspraat oer it spylflak, in oare kear rinnend troch de seal, yn guozzestap. Of, justjes foaroer bûchd, de hollen by elkoar, rabjend oer Cecilia Tan, de moaie, mar riedselachtige frou dy’t har koartby nei wenjen set hat yn it lytse provinsjestedsje dêr’t it ferhaal spilet. Cecilia, dy’t alle manlju om ’e finger wynt, sels de kapelaan… En watfoar man komt dêr alle moandeis by har oan de doar om in pakje ôf te jaan? In tút en fuort… De buorfrou, sterk delset troch Janet Hendriksma, sil it wol even útsykje en jout de rabberijkes sichtber genietsjend troch oan elk dy’t it mar hearre wol: tagelyk it publyk yn ’e seal.
Al falt der by guon fan de spilers inkeldris in fersprekkinkje te hearren of krije de troch Cecilia útsprutsen sinnen út en troch, benammen yn de monologen, net hielendal it passende reliëf, sy bringe moaie rollen: Folkert Sijbrandij as de styfheit dy’t de jonge frou mei syn hannel yn drugs – en seksueel – yn ’e tange hat, Mart de Jong as de kapelaan dy’t knap fan har yn ’e besnijing is, Haye Postma as Walle dy’t, nei’t er út ’e finzenis ûntsnapt is, beskûl by har siket, har bedriget, mar ek, op in stuit, ûntteie lit. En Attie Brouwer as Cecilia dy’t, as Walle wer fierder giet harsels tekoart docht, wat oan it begjin fan de foarstelling al bekend is. Al is it ferhaal, lykas it boek, net alhiel oannimlik, spilers en koar sette in foarstelling del dy’t it sjen beslist wurdich is.
Elske Schotanus besocht de premjêre fan Cecilia Tan, 5 oktober 2013.
Hast it idee datst in emigrant yn eigen lân bist, ast ûnder Ljouwert, oer de N31 de kant fan Frentsjer út rydst om dêr, yn de Koornbeurs, de premjêre fan De Emigrant mei te meitsjen. Slingerst tusken piramiden fan sânsekken troch, in leger oan giele buorden, bosken oan readwite pealtsjes en in tel letter sjochst tsjin in enoarm helferljocht bousel oan dat him, nij as it is, as in flok yn it lânskip ferheft. Wurdst der kjel fan, sa’tst dat lêstendeis ek wurden wiest doe’tst ta dyn ferbjustering gewaar wurden wiest dat der yn it djipst fan de ekonomyske krisis by it stedsje Sleat risselwaasje makke wurdt mei it oanlizzen fan in bedriuweterrein, fuort bûten de bolwurken, wyls it yn dyselde kriten, fan Balk oant It Hearrenfean optilt fan de lege bedriuweterreinen.
Om dy yn Fryslân net langer thús te fielen, hoechst fandatoangeande gjin fyftich jier yn Kanada west te hawwen, lykas Sybolt de Haas, it haadpersoanaazje yn de foarstelling dy’tst letter op de jûn te sjen komst.
De foarstelling is foar in part basearre op It wrede paradys (1999), it boek dêr’t Hylke Speerstra alderhande persoanlike en faak tragyske skiednissen fan emigrearre Friezen yn optekene, in boek dat no ta gelegenheid fan de toanielfoarstelling op ’e nij útjûn is, ynbegrepen ‘tajeften, foto’s en nije ferhalen’. It is goed dat as ûnderdiel fan de kultuerhistoarje dizze emigraasjeferhalen ferteld en fêstlein binne, mar tagelyk kin men jin ôffreegje: binne de útjeften dy’t kear oan kear fariearre wurde, ek net in bytsje it wat ferfeelsum útmelken fan in eardere suksesformule? En hinget der ek net in besykjen mei gear om wat werom te finen fan it euforyske mei-inoar-ien-gefoel dat Simmer 2000 foar de Friezen west hat?
Yn de auto betinkst watst op grûn fan de ynformaasje dy’tst fia krante en omrop opdien hast sa likernôch ferwachtsje kinst. De titel, De Emigrant, ropt gefoelens fan langst en weemoed op, van oude mensen en dingen die voorbij gaan. Dát. It sil in nostalgysk jûntsje wurde en mei de nedige reserves stapst de smûke, mar muf rûkende en fierstente waarme seal yn.
Nostalgy
De Emigrant is in tekststik, it draait om monologen en dialogen. Romke Toering, dy’t yn 2010 it slim romantyske iepenloftspul Pake Sytse regisearre, hat ek de tekst foar De Emigrant skreaun. Wêr’tst al bang foar wiest, wurdt werklikheid. Op it toaniel stiet in wat ûnhandich pratende boer, sa’n typ dat him net werklik uterje kin. It is de 72-jierrige Sybolt de Haas, dy’t yn Kanada mei neat begûn is en dêr no in pear hûndert kij melkt. Wylst er de koffer ynpakt fertelt er hoe’t er eartiids út Fryslân fuortrekke is. As twadde soan wie er arbeider by broer Klaas op de pleats en dat foldie him min. Sûnder ôfskied te nimmen is er fuorttein en altyd hat er ûnwennich west, homesick. It is it âlde bekende ferhaal. En as yn it foar al oankundige wurdt dat Sybolt de Haas syn reis werom nei Fryslân ‘oan alle einen en kanten’ konfrontearjend wêze sil, dat kin it hast net oars as dat der, as de man werom is yn it heitelân, in oerwinneling opdûkt dêr’t er it bestean nea fan witten hat. Dêrmei hast alle klisjees wol sa’n bytsje by elkoar en is de plot allike foarsisber as plat.
De Haas is widner en it wie syn frou Nynke dy’t der, foar har dea, op oantrune hie dat er dizze reis meitsje moast. Sy en har soan ha der west, Simmer 2000.
Ienkear yn it heitelân werom giet it oer wat Sybolt hjir fynt. In Bêd en Brochje yn in âld-pleats dy’t mei steatstipe oerein holden wurdt, it meimeitsjen fan it rinnen fan de Slachte, in mem op it hôf, broer Klaas dy’t ûnderwilens yn in bejaardewenninkje sit, âlde maten dy’t ôfstannelik op him reagearje. En der is langst: hy wol Sjûke opsykje, in famke dêr’t er eartiids wat mei hân hat. Nimmen dy’t Sybolt ferdútse kin – of, better sein, wol – wat der fan har wurden is, oant er op in stuit op it hôf, dêr’t ek syn mem leit – o grutte tafallichheid – tsjin har grêfstien oprint en dêrby gewaar wurdt dat er in dochter fan om ende by de fyftich hat.
Soks is net allinne foarsisber, it ferhaal komt ek, rasjoneel sjoen, wat frjemd oer. Broer Klaas sil derfan witten ha. Alde freonen en kunde wisten derfan. Sels partner Nynke, sa skimert op in stuit troch, hat der weet fan hân. En nimmen seit wat of hat wat sein. Mar bliuwe beskamsume saken hjoeddedei werklik salang ûnder it kleed?
As ferwachte is De Emigrant yndie ien en al nostalgy. It elemint fan weemoed en langst sit bygelyks yn de lietsjes, ynsongen troch Frederike Kleefstra, op teksten fan Baukje Wytsma. ‘(…) yn ’t hûs dêr’t ik ienris thús wie / is gjin plak foar my.’ Moai en leaf, sûnder mis, sa’t ek de fotobylden dy’t op it skerm achter it spylflak it moaie en leave fan Fryslân sjen litte: troch beammen omseame pleatsen, de greide fol hynsteblommen. De helferljochte hal súd fan de N31 wurdt, by wize fan sprekken, soarchfâldich bûten byld holden en dêrmei liicht De Emigrant it publyk in Fryslân foar dat amper noch bestiet. Der wurdt al ris in mobyltsje foar it ljocht helle, mar, al spilet de foarstelling yn dizze ieu, de 21-ste, alle moderniteit wurdt mijd. Sybolt’s soan Willem soe, tegearre mei syn neef, op omke Klaas syn pleats buorkje wolle, mar, al sil Willem nei Simmer 2000 kontakt mei minsken hjir hân ha – nei syn reis wie er suver ûnwennich – der wurdt net maild, net skyped, net twittere en as der al immen in facebookaccount ha soe, dan mei it publyk dat net witte. Sa set Toering in werklikheid del dy’t suver ûnwerklik oandocht.
Wat al treflik oan it stik is, binne de spilers. Freark Smink hat net allinne syn postuer mei foar de rol fan de 72-jierrige Sybolt, hy ís dizze boer, in persoanaazje dat Toering distilearre út (û.m.) Speerstra syn wurk en tal fan petearen, dy’t er dien hat, ûnder mear tidens in reis fan trije wike troch Kanada. De seal laket om de typysk Fryske plattelanner, mei syn typysk Fryske wizen fan sizzen en do, mei alle reserves dy’tst hast, do lakest hertlik mei.
De twadde akteur, Theo Smedes, is ôfwikseljend soan, eigner fan B&B ‘De Pronkkeamer’, rûzjesiker en sjoernalist fan de Ljouwerter. Fjouwer rollen, altyd byrollen yn in stik dêr’t Smink yn gloriearret. As rûzjemakker is er op syn bêst, in echte klier en as er achter de kûlizen wei opdûkt mei swart hier en in opplakte snor is er (it stereotyp fan) in Turk.
‘O, in bûtenlanner’, reagearret De Haas as er fernimt dat de LC-sjoernalist fan Turkse komôf is. Yn dat petear, it iennige dat oan de hjoeddeiske maatskiplike realiteit rekket, giet it om byldfoarming, om mar net te sizzen: stigmatisearring. ‘Ik, gastarbeider?’, reagearret De Haas ferûntweardige as Izmet Aslan him in spegel foarhâldt. In Fries dy’t earne oars syn bestean siket is in emigrant, mient er, gjin gastarbeider, kom no … ‘Is dit jouw laan, of mines’, freget Ismet Aslan yn it Snekers, want Snits is it plak dêr’t er hikke en tein is. It ferhaal fan de twaddegeneraasje-allochtoan – it gemis, it opsykjen fan lângenoaten yn tsjerke of moskee, as de kniper op ’e skine komt kieze foar in libbenspartner dy’t de eigen taal en kultuer dielt – dat ferhaal is net oars as dat fan ‘ús eigen’ Friezen om utens. Mei dizze konfrontaasje yn it tinken oer emigraasje en ymmigraasje hat de skriuwer in punt te pakken.
]]>In tsjerkje op in terp, it keatsfjild, dêromhinne huzen. Achter sawat alle finsters brâne de ljochten. Sitte de bewenners dan net yn de Murdhoun, it doarpshûs fan Húns/Leons dêr’t toanielferieniging De Takomst De lytse kannibaal bringt? ‘Fansels,’ wit ien fan de besikers te fertellen, ‘allegearre, mar ek hjir moatte hjoeddedei de ljochten op, foar it gefal dat.’
Foar immen dy’t op It Hearrenfean wennet, is it in wûnderlik fenomeen: twa doarpen – ien fan in hûndert, ien fan fiifentweintich ynwenners – dy’t meiinoar in doarpshûs eksploitearje, der ien merkekommisje op neihâlde, ien keatsferieniging en dy’t it behear hawwe fan in tsjerke, sa’t der fierders noch in mienskiplike webside is – yn ’e aginda wurde de jierdeis fan ynwenners meinommen …
Foar in oardiel oer De lytse kannibaal docht dat alles der net ta, wol tekent it de sfear om sa’n doarpsjûn hinne: goed tweintich minsken dy’t by it ta stân kommen fan alwer it twadde stik dat dichter-keunstner én doarpsman Elmar Kuiper skreaun, belutsen binne.
De hurdfytser
Op it lytse spylfjild stiet in racefyts klear, oan it lewant hingje in reklameprint fan Gazelle, in prizekast, yn de finsterbank leit De Hillige Histoarje forteld oan it Fryske Folk fan Ulbe van Houten. In hûn bilet.
Skreau Kuiper yn 2009 foar De Takomst it, sawol yn oanklaaiinge as nei ynhâld, frijwat eksperimintele De fûgels fan Fantasia, diskear giet it ‘gewoan’ om in tragykomeedzje. It ferhaal docht yn syn opset sawol oan in bekend boek as oan in bekende film tinken:
De twalling Sjoerd en Johannes Lautenbach waard grutbrocht yn in húshâlding dêr’t de heit – in slim godstinstige man dy’t yn syn wurk mislearre en thús hearske en oerhearske. Dêrby wie it Sjoerd, de âldste, dy’t allegeduerigen delhelle en leechlein waard, soms sels skopt en slein, in heit-soan ferhâlding dy’t yn ’e fierte wat oan dy yn de roman Knielen op een bed violen fan Jan Siebelink tinken docht. Dêrby waard de lytse Sjoerd – mei fan ynfloed op de ûnderlinge ferhâldingen letter – geregeld foarholden dat er in foarbyld oan Johannes nimme moast dy’t der dan fyntsjes by siet te glimkjen. Tagelyk wie it sa dat Sjoerd de heit syn ‘projekt’ waard: it jonkje moast en soe kampioenhurdfytser wurde, yn in ploech dêr’t syn heit letteroan ek nochris de lieder fan waard. En hurdfytser wurdt er: de prizekast rekket behoarlik fol. Lykwols syn sportive karrêre mislearret jammerdearlik as yn de ‘Ronde fan de Takomst’ – wurdgrapke – in hûn de dyk oer fljocht …
Al dy eleminten dy’t mei elkoar it ferline bepaald hawwe wurde geandewei it stik ferheldere. Op it toaniel begjint it ferhaal as Sjoerd fan eks-freondinne Anastasia te hearren krijt dat syn broer trouwe sil. It feest sels, dat ûnder mear mei de polonêze op ‘O, Irma la Douce, waar is toch je poes’ it komyske elemint yn dizze tragykomeedzje bepaalt, rint út op in konfrontaasje binnen de húshâlding, dêr’t ek Froukje, de frou dêr’t Johannes dan krekt mei troud is, en Anastasia in rol yn spylje. En dy opset – in feest dat in feest wêze moat, mar it perfoarst net is – ropt dan wer oantinkens oan de film Festen fan Thomas Vinterberg op.
De ûnderlinge ferhâldingen yn De lytse kannibaal sitte behoarlik yngewikkeld ynelkoar, want beide bruorren ha wat mei beide froulju hân, der hat boppedat wat tusken de heit en Anastasia west dêr’t Johannes in rol yn spile hie, in saak, dêr’t in oerwinneling fan kaam is … It is justjes téfolle en dêrmei wurdt it drama justjes té folle útspûn.
Wat knap dien is, is it oerbrêgjen fan de tiid. Ferskillende perioaden yn it libben fan haadpersoanen binne fan belang; in trijeslach: In part fan it stik spilet yn Sjoerd en Johannes har bernetiid, in part tidens de fytswedstriid – de Ronde fan de Takomst, tsien jier ferlyn, en in part yn it hjoed: foar, op en krekt nei it houliksfeest. It binne bern dy’t in rol ha yn sênes dêr’t Sjoerd, Johannes en Froukje noch bern yn binne, se oerlaapje de sênes dy’t yn it no spylje. De heit en de mem dy’t, elk foar in doar steande, fertelle oer it ferline, om bar in stap nei foaren dwaand as wienen sy it mantsje en it wyfke yn in waarhúske.
De markante Kees Jongema, dy’t earder ek yn De fûgels fan Fantasia in haadrol hie, blykt knipt foar de rol fan de heit en de trije bern dy’t meidogge, spylje sterk en oandwaanlik tagelyk. Nei ôfrin applaudisearret de iene helte fan de ynwenners fan beide doarpen foar de oare helte. De ferlotting, typysk foar in jûn doarpstoaniel, kin begjinne.
]]>Op het toneel een hoge lichttoren, binnen een vrouw, de woekeraarster, die bezig is staven goud en sieraden te ordenen. Een tweede vrouw, haar zuster, dweilt de trap. Daarbuiten een enorme bel, oude dozen, een deken waaronder iemand ligt, een kapotte fauteuil en nog zo wat rekwisieten. Hier en daar staat of zit iemand, maar de afstand, tussen de mensen, de dingen, is zo groot, dat het enigszins vervreemdend werkt. Er klinkt muziek, accordeon. Een meisje, een jaar of acht, loopt, een kartonnen beker in de hand, de zaal in, kiest mijn rij, wringt zich tussen stoelen en knieën door, haar stem klinkt zacht: ‘Mag ik wat geld?’ Wie naar het waarom vraagt, krijgt te horen: ‘Ik heb heel erg honger.’ Vervolgens klimt het kind het toneel op en vliegt een jonge man in de armen. De voorstelling Misdaad en straf, naar de bekende roman (1866) van Dostojevski, kan beginnen.
Tekst én spektakel
Hij leeft in armoede, de gesjeesde student Raskolnikov en al wat hij om zich heen ziet is armoede: Het hongerige kind, de dronken sloeber wiens dochter als prostituee de kost verdient, zijn zus die door haar werkgever wordt vernederd. Daartegenover staan de machtigen: De rijkaard die zijn perverse lusten botviert op vrouwelijk personeel, op jonge meisjes zelfs. En dan is er nog de woekeraarster in haar glazen toren, waar Raskolnikov, uit geldnood, zijn enige kostbaarheid beleent.
Zou het niet zo zijn dat ‘buitengewone mensen’ gerechtigd zijn te moorden?, zo vraagt hij zich af. Het is zijn theorie, Raskolnikov schreef zelfs over het fenomeen, maar het abstracte idee dat moord gerechtvaardigd zou kunnen, wordt concreet als hij, gewapend met een bijl, het domein van de woekeraarster weet binnen te dringen.
Wie weet dat het boek, afhankelijk van de versie, 6 à 800 bladzijden telt, verwacht een tekstueel stuk, literair verteltheater. Dat is het ook. Er zijn monologen, dialogen, regelmatig is er een voice-over of fungeren de spelers als verteller, dan weer vanuit het ik-perspectief, dan weer gaat het om een auctoriale verteller. De stemmen, versterkt als het dramatisch wordt, overlappen elkaar, maar het visuele aspect – decor, kleding, rekwisieten – van de voorstelling is minstens even belangrijk. Ook de muziek en de belichting spelen een rol. Wat dat laatste betreft: scenes doen nu en dan herinneren aan oude foto’s. En staat Raskalnikov in het begin nog vrij statisch op de toneelvloer, de armen slungelig langs het lijf, naar gelang de voorstelling vordert gaat het ‘spel’, ook zijn spel, steeds meer over in fysiek bewegingstheater.
Na haar dood verschijnt de woekeraarster voor Raskolnikov’s geestesoog, gekleed in een lange, smetteloos witte jurk, als een balletdanseres balancerend op spitzen. Niet de toevallige getuige van de moord – het tweede slachtoffer dat door Raskolnikov’s bijlslagen het leven liet – maar zíj treedt in zijn dromen op als de vermoorde onschuld. ‘Ik heb een principe vermoord’, roept Raskolnikov als om zichzelf, nu zijn geweten opspeelt, te verdedigen.
Joris Smit
Er zijn prachtige rollen van Kees Hulst als Marmeladov, de dronkaard, en Svidrigailov, de perverse rijkaard en de hinkende Malou Gorter als rechter-commisaris Porfiri. Maar de hoofd- en glansrol is voor Joris Smit als Raskolnikov, een personage dat talloze rollen in zich heeft. Smit is even gemakkelijk de vrolijkspeelse oom als de bezorgde broer, switcht probleemloos van de rol van studentikoze vriend naar die van brute roofmoordenaar. Ook is hij even sterk in het tekstuele – als in het fysieke spel van de man die, na zijn gruweldaad, wordt geplaagd door schuldgevoelens en twijfel. Een acteur van wie je elke toekomstige voorstelling zou willen zien …
Een pauze zou de sfeer van de voorstelling verbreken, maar twee uur is lang en na anderhalf uur verlies ik op een gegeven moment de aandacht. Het wordt net iets tevéél spektakel – een glitterpak, spelers die met (met spinnen beschilderde) dozen op het hoofd rondlopen – de zin ervan ontgaat mij en ik droom heel even weg. Tót ik wordt opgeschrikt doordat er gordijnen en strengen verlichting naar beneden komen en het decor van stemmig en armoedig ineens circusachtig wordt, met de bijpassende muziek.
Raskolnikov heeft besloten zichzelf aan te geven, hij staat op het punt naar Siberië te vertrekken. Sonja, zijn lief, gaat met hem mee. De liefde overwint en het is een moment van hoop, feestelijk zelfs. Overdreven feestelijk… Maar de grap is meesterlijk. De eindscene verwijst, zo blijkt achteraf, namelijk naar Fellini: de NNT-productie die in oktober in première gaat.
]]>