De fûgel, Trinus Riemersma

de rop fan ’t wiif

30-aug-06

De fûgel fan Trinus Riemersmariemersma fugel
78 siden, útjouwerij Venus, ISBN-10 90-5998-033-6, ISBN-13 978-90-5998-033-4


© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

In nijste boek – de novelle De fûgel – fan Trinus Riemersma is 78 siden, as men de siden foar it kolofon en de yllustraasjes net meirekkenet bliuwt der mar in bytsje te lêzen oer, noch gjin sechstich bledsiden. Yn it wurk binne in tal sketsen opnommen fan Douwe van der Zee, nei alle gedachten mei kontékryt makke. De bêsten dêrfan binne de doarpsgesichten. Dêr wêr’t it wurk, sa’t it skynt, mear it ferhaal yllustrearje moat (s. 64, 65, 71 en 74) binne de tekeningen nochal stiif, blykber is Van der Zee better yn lânskip en stêdsgesichten as yn it ôfbyldzjen fan minsken. Los dêrfan hâld ik wol fan de kombinaasje fan tekst en tekening.
De fûgel is opdroegen oan ‘Dyn’, Riemersma syn frou, tagelyk ponghâlder fan de Stifting Venus. Soe ik ‘Dyn’ wêze – Riemersma syn wiif(!), net de ponghâlder – dan soe ik roppe: “Trinus, toe, leafste, ik nim gjin genoegen mei De fûgel, skriuw my in boek, De reade bwarre gelyk: dy folsleinens, dy kwaliteit, dy humor…” Opfallend is trouwens hoe faak útdrukkings as ‘it wiif’, ‘âlde wyfkes’ of ‘wiven’ yn De fûgel foarkomme, wyls manlju – útsein dat iene proastige mantsje – meastentiids gewoan manlju binne…

Wêr giet it oer: Yn in Italjaansk doarp ferskynt in grutte, meunsterachtige fûgel. Bliken docht dat der jierren ferlyn ek sa’n ûnbidigen fûgel west hat, ien dy’t in laam te pakken naam. Dêrmei krijt it ferhaal wat in folksferhaalachtich karakter. It barren wurdt delset yn haadstikken dêr’t de fûgel in rol spilet, ôfwiksele mei stikjes oer it doarp, de teloargong derfan en oer de minsken dy’t der wenje. As de fûgel in lytse poppe grypt, gean de manlju fan it doarp derop út om it bist om te lizzen. Dat slagget net, krekt net: ien fan de mannen komt dêrby om it libben. By de routsjinst ûntstiet reboelje, want de kaplaan brûkt it ûngemak om de doarpsbewenners it leksum te lêzen oangeande har sûndich libben. Lykwols is it ‘ein goed, al goed’: De mem fan it bern hearde net werklik by de mienskip, “Allesandra trochbriek mei har allinne-wêzen de symmetry fan de doarpsmienskip”. Boppedat wie de heit fan it bern net bekend. Allessandra ferlit it doarp en de kaplaan wurdt fergongen troch in jongkeardel dy’t him, oars as syn foargonger, by de mienskip jout.

Dat is it dan. In novelle neamt Trinus Riemersma, de útjouwer fan Trinus Riemersma, it, mar dat is it amper, it is earder in ferhaaltsje! Dêrby giet om de doarpsmienskip, net sasear om it yndividuele belibjen: net allinne troch de yllustraasjes, ek yn de sfearfolle beskriuwing sjochst it doarp sa foar dy. Fan de mem har reaksje op it stellen fan it bern hearre we neat. Sy komt, rekket har bern kwyt oan in fûgel – oars gjin ûngewoane stoarje – en giet wer. Mei’t dizze Allesandra bûten de mienskip stiet en har (dus) neat frege wurdt, komt sy it ferhaal net yn en dat is spitich.

Út De fûgel blykt it ferlet om âlderwetsk te fertellen, mar ik freegje my dêrby al ôf: wêr is de skriuwer fan Nei de klap, De reade bwarre en Sinleas geweld bleaun? Wêr is de humor? It benearjende? De yn alle fasetten dy’t der mar te betinken binne útwurke histoarje? De fûgel is in aardich ferhaal, al hoopje ik dat, yn Riemersma syn eigen wurden, de geast nochris feardich wurdt oer de man dy’t ‘altyd útpoept’ is en der nochris in tsjokke roman komt.