De Hearen fan Fryslân, Arjen Terpstra

tusken famyljekronyk en epos

okt. 2008
De Hearen fan Fryslân fan Arjen Terpstra
256 siden, ISBN: 9789033007828, Friese Pers Boekerij

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

De promoasjetekst fan de Friese Pers Boekerij foar De Hearen fan Fryslân, it romandebút fan Arjen Terpstra, wekt hege ferwachtings: “It machtich epos, basearre op wiere barrens yn ’e striid fan in man en syn folk, spilet yn ’e súdwest-hoeke fan ’e provinsje en yn Amearika. Dizze grutte roman is yn mannich opsicht in ferpletterjend debút. It tagelyk tragyske en humoristyske boek benimt de lezer de siken en is mei in daverjende gong skrean.

De lotgefallen fan de twillingen Tsjalling en Tseard van der Zee, twa boeresoannen dy’t yn ’e tritiger jierren nei de Feriene Steaten ta sille om harren emigrearre omke Hotse fan de ûndergong te rêden, bliuwe de lezer noch lang by. It hurde boerelibben, de spanning en de romantyk yn Fryslân, Californië en Montana binne in ferfilming wurdich.” Soa. Dat hakt deryn. Suver Amerikaensk sa’n tekst. Doar der dan noch marris krityk op te leverjen.

de útjouwer – de útjeften

Hjir op tafel leit in moai nustje Frysktalich proaza fan de FPB, de útjouwer dy’t mei Abe de Vries oan it roer mear as foarhinne de spin yn it reach fan de (Fryske) literatuer wurden is. Wie de FBP altiten al dè útjouwer fan wurk foar in breed publyk, hjoeddedei rjochtet de FPB har ek op útjeften dy’t in lyts, mear kultureel-literêr ynteressearre publyk as doelgroep ha: de Obe Postma-Rige bygelyks, Huub Mous syn De kleur van Friesland en it wurk fan in tal nije dichters. De FPB liket sa stadichoan hast in monopolyposysje te krijen op it literêre front. ‘Krije’, want yn tal fan opsichten lykje konkurrinten en kollega’s it wei te jaan: websiden dy’t net up to date binne, ûnsjogge boekjes of skriuwers betelje litte om har wurk útjaan te kinnen. Fryske skriuwers dy’t by de FPB sitte, ha yn alle gefallen it grutte foardiel dat har wurk yn de LC promoate wurdt: de útjouwer hat soms mar leafst twa paginagrutte advertinsjes yn ’e sneonskrante. De foarmjouwing fan nochal wat boeken is nei myn idee planút truttich, by de romans fan Willem Verf en Aggie van der Meer, ek mei de sútelaksje ferskynd, is fierstentefolle tekst op in side plakt: te min wyt om de tekst hinne wurket steurend en de lytse letterkes freegje suver om in lêsloep. Spitich dat op soksoarte saken beknibbele wurdt. Hoefolle better is De Hearen fan Fryslân fan Arjen Terpstra útjûn: in hurd kaft mei in fleurich omslach, net al te fine letters en in normale bledspegel. It omkaft rûkt nei aventoer en sil de doelgroep sûnder mis oansprekke, boppedat, de boekekast wol ek syn gerak en it is dan ek net om ’e nocht dat it boek allinne om it uterlik al de ‘topper’ fan de sutelaksje wurden is. It is trouwens de útjouwer sels dy’t it boek yn in reklamespot by de Omrop ronkjend oanpriizget.

machtich epos

Mei de De Hearen fan Fryslân is in boek ferskynd dat ek op ynhâld in breed publyk oansprekke sil, in boek dat past yn de tradysje fan de FPB mei fertellers as Rink van der Velde (2001=), Durk van der Ploeg en – foar de oerstap nei Bornmeer – Hylke Speerstra.

Ik ha it boek yn ien sike útlêzen, Arjen Terpstra blykt in boeiende ferteller. It ferhaal spilet him foar in part yn Amearika en foar in part yn Fryslân ôf, yn Gaasterlân. De boeresoannen Tsjalling en Tseard van der Zee, in twalling, groeie op yn Tsjerkgaast. As omke Hotse it yn de krisisjierren op syn pleatske net langer bolwukje kin, fertrekt er nei Amearika, mar ek dêr rêdt er it net op. Tsjalling, de wyldste fan de beide bruorren dy’t altyd in langst nei aventoer hân hat, sil der hinne om te helpen mar troch in ûngemak mei in hynder is net hy dejinge dy’t nei de States giet, mar syn broer, de kalme en evenredige Tseard dy’t eins folle leaver op de pleats fan syn heit bleaun wie. Tsjalling trout mei Tseard syn faam, tegearre krije se in ûngelokkich jonkje. Pas as dat jonkje hast folwoeksen is, en Tseard net mear libbet, giet Tsjalling nei Amearika.

Oan de iene kant is De Hearen fan Fryslân in boereroman, meidat de barrens har foar in part oan de oare kant fan de oseaan ôfspylje, sitte der westernachtige eleminten yn. De lytsskalige pleatsen ‘hjir’ wurde foar de ranches ‘dêre’, dêr’t tûzen, fyftjinhûndert soms twatûzen kij molken wurde, oerset. In wrâld fan ferskil, mar yn de nostalgy en de romantyk binne der ek oerienkomsten. Spanning, humor, tragyk, it sit der allegear yn en boppedat binne der genôch triennenlûkende eleminten om it te ferfilmjen.

Nei myn idee moat it boek op gong komme, it lêst wol troch mar pas healwei nimt it my werklik mei. It giet folle mear om barrens, feiten en anekdoaten dy’t it fertsjinje ferteld te wurden as dat it om psygology fan de haadpersoanaazjes of om in plot draait. Wàt de persoanaazjes sa al belibje krijt mear klam as it ‘wêrom’ sy dogge wat se dogge. Tsalling en Tseard binne min of mear flat characters, de ien bedêst, de oar aventoerlik fan aard. As der al in ‘konflikt’ yn it boek sit dan wurdt dat bepaald troch de omstandichheden en net sasear troch psychologyske ûntwikkeling. Dit is trouwens in konstatearring en net sasear it sinjalearjen fan in tekoart oan it boek, it anekdoatyske smyt genôch boeiende lêsstof op. Yn it haadstik ‘wynmûne’ bygelyks trúnt heit Tsjerk van der Zee soan Tsjalling oan om de grutte stap nei Amearika te setten. Dat smyt de folgjende passaazje op:

‘Sjoch Tsjalling, ik ha dy op in sneintemoarn doe’sto noch mar fjirtjin jier wiest, op in traapoargel spyljen sjoen datst foar in tientsje kocht hiest op de merk. Dat ding hiest mei in haaiwein ophelle, witst dat noch Tsjalling?’
‘Ja, dat wit ik noch,’ sei Tsjalling.
Yn de skuorre hie Tsjalling it traapoargel mei wite en swarte kleuren as in ko yn ’e ferve set en boppe-op de haaiwein op sneintemoarnt it lân ynriden. Dêr spile er sa lûd mooglik ‘Daarruist langs de wolken’ foar de kij om te sjen oft de kij it ek moai fûnen. Mar de kij stienen allinnich mar yn in sirkel om Tsjalling hinne en ferweegden gjin momint. Tsjerk stie op dat stuit bûten by de buorkerij nei syn soan te sjen en wat de oaren ek seine letter, Tsjerk begriep him wol.
‘En doe’tsto op dy sneintemoarn mei dat oargel midden yn it lân as in idioat op dat ding oan it spyljen wiest om te sjen oft de kij ek muzikaal wiene, wist ik genôch.’
Tsjalling gniisde.
‘Minsken dy’t sjen wolle oft kij muzikaal binne moatte nei alle wierskynlikheid mear útfine. Want datsoarte minsken hat in soad út te finen yn it libben. En oft se dêrmei tefreden wurde, dat wit ik net. Mar ien ding kin ik dy fertelle, Tsjalling, kinst wachtsje en wachtsje en noch mear wynmûnen keapje en it hiele lân dermei fol sette, mar it helpt allegear neat. Dyn broer wol werom nei Fryslân en do wolst nei Amearika. Tink deroer nei.
(s. 68)

Prachtich byld toch, dy jonge dêre yn it lân? As it boek yndie ferfilme wurdt, soe it sa de iepeningssêne fan in lekker nostalgyske Frysk-Amearikaanske koproduksje foarmje kinne.

feitsjes

De hearen fan Fryslân hat wat in sjoernalistyk elemint yn him. Sa krijt de lêzer, as Tsjalling fee nei Amearika ferfiere litte wol, in hiel relaas oer de skiednis fan de Firma Schaap, ynformaasje dy’t der foar it ferhaal hielendal net ta docht. De Hearen fan Fryslân is neffens de flaptekst it epos ‘fan in man en syn folk’. Dizze ‘man’, Tsjalling, stiet yndie mear sintraal as de oare persoanaazjes, mar op in tal plakken hat it boek wat wei fan in kronyk, in famyljekronyk om krekt te wêzen. De skriuwers syn mem is in van der Zee en neffens de (oerstallige) ferantwurding achteryn is it boek foar in part basearre op de skiednis fan dizze famylje. Dat betsjut dat de skriuwer it net litte koe en bewuolje der wat genealogyske en oare feitsjes yn dy’t der yn it ramt fan in roman as roman hielendal net ta dogge: ‘De âldste dochter fan Feite en Catharine waard hast tagelyk mei de âldste dochter fan Durk berne.’ Of: ‘Durk trof syn frou al yn 1947 doe’t er 26 jier wie. De âldste dochter, Dorothy, waard twa jier letter berne (…)’ Ensfh. (S.115, 158).

Ek in kritykpuntsje is dat Terpstra geregeld tsjin de regel dat in skriuwer net allegeduerigen deselde wurden brûkt, sûndiget. It begjint daliks yn it earste haadstik al (s.11) mei ‘Tsjalling hearde it syn libben lang’ en in pear rigels fierderop stiet dan: ‘De roken en de bylden dy’t er opdie yn it lân soenen him syn libben lang bybliuwe.’ Ek de gronology doocht net altiten, op side 47 trout Tsjalling, it is in ‘moetje’, mar de sêne dêr’t it ‘moetje’ út fuort komt, wurdt pas letter beskreaun. (s. 59) Fan guon krijt de lêzer op mear as ien plak te hearren dat ien dea giet. Op 97 is it ôfskie dramatysk. Hielendal dramatysk is dat it twa kear op ien side foarkomt. Op s. 20 stiet Tsjerk as Tsjalling bedoeld wurdt. Op s. 157 fertelt Gerrit Tsjalling oer de tillefoan dat er pleats fan syn skoanheit kocht hat en eefkes letter, yn it selde petear, freget Tsalling ferrast: ‘Bist dan troud?’ Sa is der noch wol ien en oar. Neffens de ferantwurding hat in tal minsken bergen kommentaar en ongezouten krityk levere, dan hienen sokke bonkjes dus net foarkomme mocht. It bart faker by de FPB en ek wol by oare útjouwers: in boek komt al op de merk as it noch net klear is. Ek yn dit gefal is it ferr(…) spitich dat de skriuwer en / of de útjouwer / redakteuren net in bytsje mear geduld opbringe koenen en sjoch it manuskript nochris en nochris nei. Of wat mear jild. Oer in heal jier sil De hearen fan Fryslân yn it Nederlânsk útkomme en neffens besprekker Klaas Jansma kin it ynternasjonaal meidraaie. It is mar te hoopjen dat de lêste puntsjes dan noch op de i setten wurde, want it is in boek dat de lêzer absolút meinimt en dus stjoerst it sà de dyk net oer.

Der sit in protte nofterne, droege humor yn De hearen, bygelyks yn de dialooch tusken Tsjalling en foarman Jack Morgan as dy earste in boerd foar syn ‘Double horse rach’ mei twa hynders derop skildere hat:

Tsjalling woe it earst sels dwaan en healwei it seagjen frege Jack: ‘Wat binne dat foar bisten?’
‘Dat binne twa hynders,’ sei Tsjalling.
‘Dat binne gjin hynders,’ sei Jack.
Tsjalling hold op mei seagjen en gong rjochtop stean. ‘Wat binne it neffens dy dan?’
Jack tocht nei. ‘Skiep miskien.’
‘Skiep.’
‘Miskien wol,’ sei Jack.
Tsjalling rûn om it boerd hinne en seach it fan de oare kant. ‘Prachtige hynders,’ besleat Tsjalling.
‘Hiene jim earder by jim sokke hynders yn Fryslân?’ frege Jack foarsichtich.
‘Ja, sokke hynders. Moaie Friezen.’
Jack knikte. ‘Ja, ik begryp it.’
Wat begrypsto?’
‘Sokke hynders,’ sei Jack. ‘En sieten jimme ek op dizze hynders?’
Tsjalling sei neat.
‘Ja, ik freegje it mar even,’ gong Jack troch.
Ta grutte skrik fan Tsjalling kaam op dat stuit Monica oanrinnen.
‘Miskien moatst it Monica ris freegje,’ sei Jack derachteroan.
‘It binne hyena’s,’ oardiele Monica.

It boek sit tsjokfol boeiende ferhalen, moai binne bygelyks de haadstikken oer de bernetiid fan foarman en feediif Jack Morgen en oer dûmny en bordeelhâlder Samual Harper – de stifter fan Muddown – en syn neiteam en de wize wêrop’t harren libbens ferfrissele wurde mei de skiednis fan de van der Zee’s. Arjen Terpstra sels jout oan dat er net in ‘kreas ferhaal’ skriuwe wollen hat. Dat is it ek net wurden, mar as hy bygelyks earst oer de bernetiid fan it persoanaazje Morgan skriuwt, dan mei moaie sênes en dialogen oer fee dat ferdwynt komt en, as úteinlik blykt dat Morgan de diif is, de achterfolging ynset wurdt, dàn sjongt it boek los fan it betiden toch wat al te partikuliere fan (yn de skriuwer syn wurden) de ‘moaie ferhalen ynspirearre troch myn famylje van der Zee en oantrouden. (…) Allegear geweldige minsken dy’t somtiden in soad geduld hân hawwe mei my’ en krijt it de skaaimerken fan in ‘kreaze’ roman. Mei daverjende gong skreaun!