Elske Schotanus » oer de resinsjes | Elske Schotanus
http://www.elskeschotanus.nl
Sun, 02 Jun 2013 08:06:00 +0000nl-NLhourly1http://wordpress.org/?v=3.5.1resinsjes
http://www.elskeschotanus.nl/resinsjearje/
http://www.elskeschotanus.nl/resinsjearje/#commentsTue, 11 Dec 2012 09:40:07 +0000Elske Schotanushttp://www.elskeschotanus.nl/wordpress/?p=181 Yn 2001 bin ik útein set mei it skriuwen fan resinsjes, doe foar it earste literêre tydskrift dat sawol op papier as op it ynternet ferskynde: Kistwurk. As ik my net fersin wie de earste resinsje dy’t ik skreaun dy fan it berneboek Dingeman krijt wjukken fan Eppie Dam mei byldwurk fan Gerrit Terpstra, in boek dat ik de lêzer altyd noch oanriede kin. Ek foar Farsk en De Moanne ha ik (meast) Frysktalich proaza besprutsen. Yn 2010 bin ik dermei opholden, benammen om’t ik fan in tal nije skriuwers alle boeken besprutsen hie: dan wurdt it tiid dat in oar it stokje oernimt. Of wie it benammen om’t de honoraria net yn ferhâlding stean ta…
Hjirûnder in list fan de boeken dy’t ik yn ’e rin fan ’e tiid besprutsen ha. Mei om’t Tresoar de besprekken net op Sirkwy.nl set, ha ik se op dit blog set. Der sit in sykmasine op: hartsikke handich foar de ynterressearre lêzer.
En it wurk sels? Guon boeken binne yn de boekwinkel te krijen en oars is de bibioteek der altiten noch. De titels dy’t der – nei myn idee – útspringe, ha ik read ferve.
Abma, Gerben – roman De brek, 2005
Greet Andringa – roman Libben reach, 2007
Wobbe Atsma – ferhalen It liket op fleanen, 2006?
Berga, Wilco – roman It smoarge bestean, 2008
Sjieuwe Borger – roman Genesis Abbekatekantoar, 2008
Claus, Marga – roman Oxzana, ferhaal fan in flechtling, 2000 Kistwurk IV ’01
Claus, Marga – Lytse do, dei- en nachtboek foar in stjerrebern, 2006