home

fotoElske Schotanus (Terbant, 1957) studearre psychology oan de Ryksuniversiteit Grins, wurke yn de GGZ as meiwerker meisizzenskip en partisipaasje fan kliïnten en is skriuwster fan proaza, kollems, fraachpetearen, sjoernalistike artikelen en resinsjes, ûnder mear foar it kulturele en literêre opinyblêd de Moanne. Sy skriuwt sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Earder wie sy redakteur fan Kistwurk en GoGol.

As foarsitter fan de Stichting Cepher joech sy, tegearre mei Eeltsje Hettinga, in trijetalige dichtbondel út en wie sy belutsen by de organisaasje fan in tal literêre jûnen. Dêrneist is sy foar It Skriuwersboun koördinator fan it projekt Skriuw dat nije Fryske skriuwers begelieding biedt om ta in publikabel manuskript te kommen.

SKRIUWKLUSSEN & REDAKSJE

fraachpetearen
proazaresinsjes
kollems
sjoernalistike artikelen
gelegenheidsboeken
ensfh.
yn it Frysk en yn it Nederlânsk

PORTRETTEN & YLLUSTRAASJES
(ek yn opdracht)

mei as tema: de minsk

tekeningen – skilderijen – grafyk

(ynformearje nei de foarwearden)