publikaasjes

Elske Schotanus skriuwt kollems, ynterviews, sjoernalistike artikelen en resinsjes, sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk, û.m. foar it kulturele en literêre opinyblêd de Moanne. Har literêre proaza ferskynt yn it Frysk.
De romans Wurk (2018) en In kop as in almenak (2013) waarden nominearre foar de Gysbert Japicxpriis, de roman Skrik (2006) en de ferhalebondel It griisstiennen wurd (2004) foar de Fedde Schurerpriis. De raven is har nijste boek.

Trailer De raven

De raven, facebookroman 2020

De raven is in spannende en bytiden hilaryske famyljestoarje oer Elske, har suster en har trije bruorren. In raven, in drone en in kapitaal njoggentjinde-iuwsk lânhûs yn ’e bosken fan Gaasterlân spylje in wichtige rol yn it ferhaal, dat yn ’e simmer fan 2019 yn ôfleveringen op Facebook skreaun waard.


Wurk, roman 2018

roman Elske Schotanus

Haadpersoan yn Wurk is Jasper. Hy hat in goeie baan en dat soarget derfoar dat syn libben mear as komfortabel ferrint. Oant de dei dat hy, omreden fan in arbeidskonflikt, dien krijt. It slagget Jasper ynearsten wol om de kop boppe wetter te hâlden, mar hy bedarret stadichoan toch mear yn de marzje fan it bestean. In oare baan fine falt net ta foar in man dy’t tsjin ’e sechstich rint. Hieltyd mear stekt Jasper tiid en enerzjy yn wat earder net mear as in hobby wie: it skilderjen en tekenjen. Fertsjinje docht hy der net folle mei, mar hy wit al de oandacht fan in ynfloedrike galeryhâlder te lûken. Hat hy, sa’t er sels mient, yn de keunst syn bestimming fûn?

‘Sytse Cavalier, bist dus noch ûnder de libbenen’, konstatearret Sjoerd dy’t lyk foar him oer stiet en him skerp opnimt. Sytse? De man neamt him Sytse? Sytse Cavalier? De namme dy’t him út syn koartsdream bybleaun wie … Jasper wurdt kjel. Inkeld Marianne hie derfan witten … Hie it dan gjin dream west?


Pier Feddema – In de lijn van het Fries expressionisme
Elske Schotanus, Paulo Martina, 2015

Pier Feddema

Wiidweidige libbensbeskriuwing fan de skilder-tekener, en ek Frysk skriuwer, Pier Feddema mei as titel ‘Koe hy no in artyst wêze?’ yn it Frysk, in ferkoarte ferzje yn it Nederlânsk en in keunsthistoaryske bydrage fan Paulo Martina. Mei ôfbyldingen.


In kop as in almenak, roman 2013

In kop as in almenak

Yn de jierren fyftich koenen skûtsjeskippers wier net mear fan de wyn libje. Se stapten de wâl op en sochten nije wegen. De ferhalen en de tradysjes bleaunen oan board fan de âlde skippen.
Yn In kop as in almenak besiket in dochter út in laach fan skippers de ferhalen fan har beide âlden nij libben yn te blazen. Sadat net alles ferlern gean sil.


Skrik, roman 2006

Skrik

Yn Skrik krûpt de lêzer yn de holle fan Elke, in psychiatryske pasjinte dy’t nei in psychoaze opnommen wurdt yn in ynrjochting. Hoewol’t Elke har kwaal somtiden wit te oerwinnen en de ynrjochting tydlik ferlit, rint it úteinlik net goed mei har ôf. Skrik is in ynkringende roman dy’t op ymposante, benearjende wize it libben fan Elke tichteby wit te bringen. Boppedat is it in oertsjûgjende krityske roman oer it bestean yn in psychiatryske klinyk.
‘Jo wolle it boek soms graach eefkes fansiden lizze, mar dochs lêze je troch.’


It griisstiennen wurd, ferhalen 2004

ferhalebondel

De ferhalen yn It griisstiennen wurd spylje op en oer de grinzen fan de deistige werklikheid. De beskreaune wrâld liket gauris sa betroud, mar dan teart de werklikheid om yn it surrealistyske of hy gliidt suntsjeswei fuort yn it mysterieuze. De persoanen bedarje yn it ûnbekende gebiet dêr’t de wenstige regels gjin jildichheid ha en alle hâldfêst fuort falt.


Bydragen oan:

Toe no, ferhalen foar bern dy’t derom freegje
It each fan de griffioen (2007)