Trinus Riemersma, De acht foar achten trein, splitscreenroman

de bedoeling fan de skriuwer
&
it brein fan de lêzer

maart 2009

Hjir besprutsen: Trinus Riemersma, De acht foar achten trein, splitscreenroman
Utjouwerij Venus, 160 siden, ISBN 978-90-5998-054-9

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

Op de fraach oft der nei de tradisjoneel fertelde novelle De fûgel noch romans of ferhalen yn ’e pinne sitte, sei Trinus Riemersma twa jier ferlyn: ‘Op dit stuit bin ik útpoept. Ik haw gjin nije foarmen mear. Mar wa wit wurdt de geast oer my feardich en komt der dôchs wat nijs.’ (No Boek, 2007)

Al liet Trinus Riemersma earder dus witte dat er ‘gjin nije foarmen mear’ hie, no is der dochs wer in roman fan him ferskynd: De acht foar achten trein, ien fan de lêste útjeften fan Venus, in roman dy’t er sels betitelet as in saneamde splitscreenroman. Op venusboek.nl is, neist in fragmint, in stikje ynformative tekst fan de útjouwer Riemersma te lêzen dêr’t in soad yn sein wurdt oer de wize fan ûntstean fan it boek fan de skriuwer Riemersma, de skriuwer dy’t, yn syn eigen wurden, ‘altyd útpoept’ wêze soe. Omdat it sa treffend oerienkomt mei wat er earder op syn eigen webside skreau – “Nei elk boek bin ik opnij in útskreaune skriuwer.” – sitearje ik it yn syn gehiel:

“Fuort nei 11 septimber 2001 fette Riemersma it plan op om in roman oer in oanslach te skriuwen. It massale fertriet, it nasjonale leed, en dêrby de ôfwêzichheid fan nuânse en wanklank, dat koe net wier wêze, neffens de skriuwer. Foar in prosint of fiif, tsien moast de dea fan de partner in elegante oplossing wêze foar in deablette en útsichtleaze relaasje. Oer sa’n gefal woe er skriuwe. Mear konkreet: in frou dy’t in fersyk ta skieding yntsjinne hat, spilet nei de dea fan har man de drôve widdo en beart dat se noait skiede wollen hat.
Mar skriuwen waard neat want hy hie gjin foarm dêr’t er syn ferhaal yn jitte koe. In  rjocht en sljocht ferhaal dat fan dei ta dei en fan oere ta oere de ûntjouwingen folge, like him ferfelend.
Jierren letter seach de skriuwer in plysjesearje mei in splitscreen-ferbylding fan parallelle aksjes. Soks soe men yn proaza ek wolris mei eksperimintearje kinne, like him ta. Mar ynearsten die er neat mei dat idee.
Earst op 9 april 2008 foelen ynhâld en foarm gear, in dei dêrnei hat de skriuwer in skema útset en wer in dei letter is er begûn te skriuwen. De roman is skreaun yn tsien wiken, alle dagen twa oeren.
It meast nijsgjirrige foar de skriuwer wie, dat mei it foarderjen fan it boek de foarm de ynhâld begûn op te roppen.”

 It sitaat lit net allinne sjen dat Riemersma in foarkar hat foar it eksperimint – it pielen mei de foarm, it seit ek wat oer it skriuwproses. Oer De Reade Bwarre (1992) hat de skriuwer in kear sein: “Ik ha der in pear jier lang eigentlik alle wykeinen oan wurke. Alle wiken woe ik in blokje tekst ôf ha.” Dat ‘alle wykeinen’ wie alle sneontejûnen ha ik my wolris fertelle litten. As ‘de geast’ ienkear ‘feardich’ oer him is, wurket Trinus Riemersma blykber mei in izeren dissipline.

der is jeuzeljen en jeuzeljen

Der sit humor yn it boek, dat begjint al mei de flaptekst dêr’t yn oankundige wurdt dat it in tryst en tragysk ferhaal is, mar “wat alles goed makket: der wurdt yn it hiele boek net smookt.” Ek net as minsken ‘pypskoft’ ha en as ien fan de persoanaazjes ferlet hat fan nikotine, stekt er (dus) gjin sigret op. Ek it gegeven sels is klearebarre humor: fjouwer Poalen dy’t in terroristyske oanfal dogge op in trein om’t sy mei fergaderjen har doel noait berikke sille sûnder dat ea dúdlik wurde sil wat dat doel dan wol wêze mei.

Der wurdt rabbe, minsken ferfele har, drinke kofje, strike klean en der is, sjoen de deablette en útsichtleaze relaasje tusken Abe en Geartsje in hoop geeamel oer harren ferhâlding. Dat dolt allegear net sa djip mar, oars as by tal fan oare skriuwers dy’t in ferhaal opbouwe dat elkenien wol ken om eleminten hinne dy’t elkenien ek wol ken, komt Riemersma dêr al mei wei. Ik sitearje in stikje.

(Abe is allinne thús, E.S.) “As er it lêste út it fleske nommen hat, sil er dochs it iten marris opwaarmje. Hy besjocht it bakje nochris, mar der stiet neat op oer opwaarmtiden. Hy set it bakje yn de magnetron en drukt it knopke foar it heecchste folume yn. Tsien minuten sil wol genôch wêze. Kin er noch krekt in pilske ha. Hy docht it lêd fan de tillefyzje wer oan. Der is wat oars op en der wurdt net mear raasd.” (s.22)

Gejeuzel en neat nijs, dêr sit gjin inkelde byt oan soest, op grûn fan it sitaat, sizze. Mar it leit oars, it is gjin blêdfolsel, it seit wat oer hoe’t dizze Abe is en oer syn ferhâlding mei Geartsje. It plestik bakje mei iten ploft eefkes letter nammentlik útelkoar en dan is it: “Dat sil mefrou moarn sels skjinmeitsje, moat se mar bettere ynstruksjes jaan. Mar no hat hy dus neat te fretten.” Geartsje soarget foar him, is ferantwurdlik en hat dus skuld as der wat misgiet as se in dei fan hûs is. It predikaat ‘mefrou’ is dan ek tige lytsachtsjend. Op oare plakken neamt Abe har trouwens ‘supertrut’, in term dy’t Geartsje yn it tinken oer harsels oernaam hat… (Sa wurket soks.)

It is net de skriuwer dy’t, fanút in tekoart, rabbet, eamelet of jeuzelet, nee, hjir giet it om ien dy’t perfekt by steat is rabberij, geeamel en gejeuzel sà te fangen dat se in skaaimerk fan syn persoanaazjes wurde. Fandatoangeande is Riemersma in goede waarnimmer. Al rabjend, eameljend en jeuzeljend binne de minsken yn it boek as persoanaazjes miskien wol net sa hiel nijsgjirrich, nei it libben tekene binne sy al.

foarrinners

De foarm fan Trinus Riemersma sy’n nije boek is wichtiger as de ynhâld. Wat de foarm oanbelanget docht De acht foar achten trein tinken oan De Hite Simmer. De Hite Simmer – oantsjut as in ‘trijeslachtige roman’ –  is yn trije parten skreaun, horizontaal ferdield oer de siden. Riemersma sels hat dêroer sein dat de foarm ynspirearre is troch Menuet fan Louis Paul Boon: “Syn fertikale ferdeling waard by my in horisontalen.” De trije parten binne min aste mear los fan elkoar te lêzen mar om it ferhaal oer de dea fan Evelyn Tysling helder te krijen hat de lêzer alle trije noadich. Se jouwe net allinne perskillende perspektiven, mar folje elkoar ek oan.

De splitscreenroman is basearre op de idee fan in frame mei twa of mear parten wêrby’t elk part in oare sêne of in oar perspektyf fan dyselde sêne sjen lit sadat der meardere sênes tagelyk toand wurde. It is in wurkwize dy’t referearret oan meast yn de film brûkte technyken. Meardere byldlagen wurde yn tiid en romte sa regisearre dat de fertelling en de betsjutting derfan mei alle emoasje dy’t dêrmei mank giet mèàr djipgong krije as yn wat Riemersma in “rjocht en sljocht ferhaal dat fan dei ta dei en fan oere ta oere de ûntjouwingen folget” neamt.

Sterker noch as yn De Hite Simmer sitte dit idee, dizze wurkwize yn Riemersma syn toanielbewurking It Feest (2005) fan de film Festen fan Thomas Vinterberg. (Sjoch De Moanne nr 7 2005) It stik is, by myn witten, spitigernôch (noch) net spile. Yn de film spilet him in famyljedrama ôf op ferskillende plakken yn en om in hotel. Om’t dit op toaniel net kin – it dekor soe te faak wiksele wurde moatte – , hat Riemersma dêrfoar de oplossing socht yn (soms ien, soms trije) fideobylden dy’t tagelyk op in skerm boppe it toaniel toand wurde. As it stik nochris op de planken brocht wurde soe, soenen de sênes op it skerm lykop gean moatte mei dy op de spylflier en dêrmei is de Festen-bewurking te beskôgjen as in foarrinner fan De acht foar achten trein.

fisuele persepsje

It simultane fertoanen fan ferskillende fideobylden, yn dit gefal yn kombinaasje mei toaniel, docht in berop op de fisuele persepsje. Mar hoe wurket soks by in tekst op papier?

Elkenien ken wol it fenomeen datst konsintrearre bist op dyn boek, de radio of in film en dêrby de wrâld om dy hinne net fernimst. Oant… ien dyn namme neamt, dan skrillest op en ferleist de oandacht: ha se it oer my? Guon prikkels, yn dit gefal in lûdssinjaal – dyn namme -, wurde ymplisyt waarnaam en yn it brein ferwurke mar wurdtst dy der pas bewust fan as it wichtich is. Oft in sinjaal oer de drompel fan it bewustwêzen hinne komt, dêrby spylje kennis en geheugen (herkenning) in rol. It jildt net allinne foar auditive sinjalen, àlle sintúchlike waarnimming wurket op dy wize.

As der, by it splitscreenfenomeen, meardere bylden tagelyk te sjen binne, rjochtest òf dyn omtinken op ien derfan en switcht pas as it sinjaal fan ien fan de oare bylden sà sterk is dat it troch de barriêre fan de ûnbewuste waarnimming hinne batst , òf litst de eagen fan it iene byld nei it oare glydzje om toch foaral neat te missen. Sa makkest, al sjende, op grûn fan in gauris oerdonderjend geweld oan bylden dysels in ferhaal dat, yn fergeliking ta de werklikheid, net oars kin as gatten fertoane. (Sa wurket alle waarnimming trouwens.)

Ynspirearre troch de mooglikheden fan film en tillevyzje hat Riemersma De acht foar achten trein de linker en de rjochterside brûkt as splitscreenframes. In ôfrûne sêne op de linkerside kin in ferfolch krije op in rjochter en oarsom. Oars as by De Hite Simmer giet it diskear net om fisueel fan elkoar skieden ferhaal- of betsjuttingslagen, as by film of fideo wikselt de ynhâld fan de beide ‘frames’ yn tiid en romte. Yn de klassiker út ’68 stiet it ‘himelske part’ boppeoan de pagina, it ‘ierdske part’ yn ’e midden en it ûnderierdske’ ûnderoan de side. Yn De acht foar achten trein kinst op side 38 (links) bygelyks lêze hoe’t fjouwer Poalen in oanslach op de trein dy’t tusken Swalm en Klamsum rydt tariede. De sêne rint troch op 40, 42, 44. Rjochts, op 38 stean de trije lêste rigels fan in tochtsje dat Geartsje en har bern mei de trein makke ha, dan folget in sêne wêrynt ien fan de Poalen oankeapen docht, dan ien dêr’t Geartsje har âlden har fyzje jouwe op it houlik fan har dochter mei Abe (ensfh.). As by splitscreen op tillvyzje of op it wite doek bart der op beide siden dus fanalles tagelyk en trochelkoar hinne.

In boek lêst fan links nei rjochts, fan boppe nei ûnder, lêst de rjochterside nei de linker. Sa kinst de De acht foar achten trein fansels ek lêze, en sa komt, ynhâldlik sjoen, de splitscreenidee ek it bêst ta syn rjocht, mar dan brekst, al lêzend, sênes earne midden yn in sin ôf. Mar as lêzer wolst witte hoe’t it fierder giet, dus folgest gauris in oar lêsprosedee: de tekst kin ommers ek fan linkerside nei linkerside lêzen wurde en fan rjochter nei rjochter. Mar oars as by byld, as bygelyks yn Trinus Riemersma syn ynspiraasjeboarne, de plysjesearje mei in splitscreen-ferbylding fan parallelle aksjes, sil in stikje tekst of in wurd op de neistlizzende side noait it sinjaal foarmje dat skreaut: ‘no moatst nei my sjen!’, ‘op dit stuit bin ìk fan belang!’, ‘no dit lêze!’. Sa wurket it net.

Normaal sprutsen sjocht de lêzer ommers mar tsien oant fyftjin letters tagelyk, by in oefene lêzer is it saneamde fiksaasjefjild wat grutter en dy lêst dan ek hurder. Dy tekst bliuwt stean dêr’t er stiet, as de tekst net begrypst, giest werom en lêst dy noch in kear, mar watst as lêzer nèt dochst is healwei in stikje op de linker side nei de rjochterside sjen oft him dêr miskien wat fan belang ôfspilet. Op de ferskillende siden as ‘skerms’ of ‘frames’ mei him dan in min ofte mear parallel barren ôfspylje, lêze is hielendal gjin proses dat dêr op ôfsteld is. In sinjaal fan de neistlizzende side wurdt net iens ûnbewust waarnaam.

Lêst side 6, 8, 10, 12, 14 en 16 oant it lettertype feroaret. It binne de linkersiden. Soms springt it each, yn in troch it lêzen fan tich teksten oanlearde refleks, nei it earste wurd oan de rjochterkant, mar om’t it ferhaal dêr net trochrint, slachst de side gau om. It iennige dat opfalt is dat it lettertype in oarenien is as links. It is nèt sa dat, as by meardere bylden tagelyk of by it neamen fan dyn namme wyls op in boek konsintrearre bist, datst ast op de helt fan side 16 bist it barren op side 7 de drompel fan de ymplisite waarnimming passeart, nee, it is in bewuste kar om òf troch te lêzen òf nei side 7 werom te blêdzjen. Oars as yn splitscreenfilm, by in dûnsfoarstelling dy’t út ferskillende tagelyk brochte sênes bestiet of, om mar ris in bekend foarbyld te neamen, yn de werklikheid om dy hinne, kringe de ferskillende barrens har net oan dy op. Ast op links in sêne útlêzen hast, moatst foarút- of weromblêdzje nei it plak dêrst rjochts bleaun wiest. Om it sykjen makliker te meitsjen lis ik dêrby de finger tusken de bledsiden.

De keazen foarm leit de lêzer in lêstechnyk op dy’t oars as oars wêze moat. Mar der is in diskrepansje tusken de term splitscreenroman en de waarnimming derfan. Dêr komt by dat de lêzer, mei syn minskebrein dat allegeduerigen in rjocht en slochte ferhaalstruktuer oanbringe wol, yn feite net oars docht as in ferhaal rekonstruearje dat… de ûntjouwingen fan dei ta dei en fan oere ta oere folget. Al wie it dus allinne mar om ris útpluzje te kinnen wêrom’t splitscreen yn in boek oars wurket as by film is it fantastyske eksperimint dat De acht foar achten trein foar de skriuwer west hat ek foar de lêzer tige nijsgjirrich.