Bennie Huisman, Eeltsje & ik

yn de fuotleasten fan Eeltsje Halbertsma

okt. 2008

Besprek Bennie Huisman, Eeltsje & ik, reisferhalen, 152 siden, útjûn troch Venus, ISBN 978-90-5998-052-5

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

huisman eeltsje en ikBy útjouwerij Venus is in alderaardichst boekje ferskynd, Eeltsje & ik. De ‘ik’ is de sjonger & ferteller, muzikant en skriuwer Bennie Huisman fan it Hearrenfean. Neis dat alles, en noch folle mear, is Huisman ek de swalker dy’t geregeld rinnend, op de lisfyts of mei syn boatsje ûnderweis is. Eeltsje & ik is dan ek in bondel reisferhalen, om krekt te wêzen in ferslach yn fiif haadstikken fan in foarm fan reizgjen dy’t te krijen hat mei it libben fan de jongste fan de ferneamde bruorren Halbertsma, Eeltsje (1797 – 1858) dy’t dit jier 150 jier lyn yn Grou ferstoar.

Joast, Tsjalling en Eeltsje Halbertsma binne, as bekend, de skriuwers fan de bekende Rimen en Teltsjes. Eeltsje wie de lyrikus fan de trije, de dichter fan noch altyd bekende  sankjes as ‘De Boalserter merke’, ‘It Marke’ en ‘De Grouster weagen’. Sels net-Friezen en dy Friezen dy’t dy teksten net mear kenne, witte yn elts gefal fan ien tekst fan de hân fan Eeltsje Halbertsma de meldij mei te núnderjen of te brullen: op de website fan sc Heerenveen is neist in ‘orkest’ferzje ek de ‘stadion’ferzje fan it Frysk Folksliet del te laden.

De oantsjutting ‘reisferhalen’ betsjut net allinne dat Bennie Huisman in tal plakken dêr’t Halbertsma taholden hat opsiket, it is folle mear as dat. Op side 110 seit Huisman: “It hat altyd in ûnderwerp fan diskusje west oft it folle doel hat om de fuotprinten fan in skriuwer te folgjen. Om syn paden nei te rinnen, syn plakken op te sykjen. Dochs doch ik dat nei oanlieding fan in brief oan Joast dêr’t er yn seit dat er op redens nei Boalsert gien is en te foet werom.” Op in nacht rint Huisman fan Boalsert nei Grou. De beskriuwing fan de kuiertocht wurdt ferfrissele mei in oertinking oer it fenomeen ‘tsjuster’, sitaten út brieven fan dokter Eeltsje of syn frou Baukje oan Joast dy’t as dûmny yn Dimter stiet en ynformaasje oer it houlik fan dy twa. Eeltsje Halbertsma syn frou kaam fan Boalsert en broer Joast wie dêr, foar’t er nei Dimter beroppen waard, dûmny. De lêste jierren fan syn libben wie er geregeld yn Emden, nei it ferstjerren fan syn soan, by syn skoandochter en syn pakesizzer. Hy studearre medisinen yn Leien en Heidelberg en letter, doe’t er al troud wie en bern hie, gong er noch in kear nei Heidelberg werom. Doe’t er âld waard en siik wenne er yn Ljouwert, mar hy stoar yn Grou. Al dy plakken dy’t in rol yn Eeltsje Halbertsma syn libben spilen, hat Huisman besocht. It bysûndere fan Eeltsje & ik is dat Huisman is net dat de reizen ‘Halbertsma achternei’ fan Huisman sels de klam krije, hiele parten lit er fuort. As er bygelyks fan Boalsert nei Grou rint, komt er, teminste yn syn reisferhaal net, noait yn Grou oan. Gelokkich net, mei ik wol sizze, it soe it boekje mar wat saai makke ha. It bysûndere is dat Huisman yn syn skriuwen de ferskillende eleminten as, û.m., libben, wurk en brieven fan Eeltsje Halbertsma op in hiel natuerlike en persoanlike wize oan syn ‘beafeart’ wit te keppeljen. De oantsjutting ‘reisferhalen’ is net allinne en net sasear letterlik bedoeld, der binne de reizen fan Halbertsma en dy fan Huisman, mar it hat benammen ek in him bejaan west yn alles wat der mar oer de Halbertsma’s te finen is: argiven, brieven, literatuer en, net te ferjitten, de Rimen en Teltsjes. Huisman wit de lêzer mei te lûken yn de fassinaasje fan de dichter-sjonger-ferteller foar dy dichter-sjonger-ferteller dy’t yn in hiel oare tiid libbe. Oars as Huisman libbe Halbertsma in tragysk libben: yn syn houlik wied er net lokkich, der wie de drank en trije fan syn fjouwer bern oerlibben de âlden net, mar yn syn lyryk en yn syn swalkjen fielt Huisman him oan Eeltsje besibbe. Huisman springt fan wat er oer Eeltsje oan de weet kaam is, bygelyks oer syn leafde foar it wetterlân en de sankjes, nei eigen oantinkens, dan werom nei Eeltsje, hy makket in mini-útstapke nei Fryske dichters dy’t har troch it farren, it wetter en de natoer ynspirearje litten ha, hellet in brief oan Joast oan, wêrnei de lêzer in stikje close-reading fan it fers ‘De Fryske hurssiler’ optsjinne krijt. (s. 44-46) Ynformaasje út argiven, sitaten, gedichten, reisferslaggen en de eigen assosjaasjes dêrby, alles rint naadleas yn elkoar oer. Eeltsje & ik stekt knap yn elkoar, it is goed skreaun en Bennie Huisman is in boeiend ferteller.

Foar wa’t net in soad fan Eeltsje Halbertsma wit, is it boek in aardige yntroduksje. Foar de ‘saakkundigen’ sil der miskien op ynhâld gjin ‘nijs’ yn stean, teminste net oer Halbertsma, mar dan noch is it sa dat it nijsgjirrich is om yn ien syn persoanlike fassinaasje meinaam te wurden.

Sels sit ik dêr earne tuskenyn. Ik ken de ferantwurding fan Philippus Breuker by de útjefte fan ’93 fan de Rimen en Teltsjes en ha in part dêrfan lêzen. It is lykwols gjin boek datst yn ien kear út lêst, net alles boeit de lêzer fan no noch, mar Eeltsje & ik is foar my wol in oanlieding om it wer út de kast te krijen en ek de rest te lêzen. In fergetten meldij wyndert my al dagen yn ’e holle om: rôlje, rôlje, wetterweagen, want yn sekere sin bin ik grutbrocht op de Fryske marren. Yn de jierren dat de arbeider fjirtjin dagen boufak hie, hienen myn âlden nammentlik in rûndfeartboat. Fakânsje wie in dei nei it skûtsjesilen of nei it strân fan Terherne. Foar my hearre dêr fleskes si-si mei in sûchreidsje by en in lûdsprekker dy’t Fryske lietsjes oer it wetter galmje lit.

As sjonger en akkordeonist brocht Huisman, tegearre mei Frederike Kleefstra (sang) en Tseard Nauta (piano en fioele) dit jier ek in CD út mei teksten oer en fan Eeltsje Halbertsma. Mei har  trijen is om boek en CD hinne in muzikaal-literêr programma op priemmen set dat yn oktober in tal kearen útfierd is, ûnder mear yn it skûtsjemuseum yn Earnewâld, ien fan de plakken dêr’t dokter Halbertsma syn pasjinten hie. As er syn doktersbesites makke die er dat mei syn boeier. Der wie dan ek gjin prachtiger lokaasje om, mei de rook fan hout, tar en seildoek yn de noastergatten, nei de wettersankjes as ‘It poelke’ of it prachtige ‘Ferjit my net’ te harkjen. Oars as it boek draait it programma allinne om it libben en wurk fan Halbertsma. Bennie Huisman fertelt dêroer, Frederike Kleefstra, mei har helder en rêstich lûd, lêst in tal sitaten út brieven foar. Beide nimme in part fan de lietsjes foar har rekkening, in pear kear sjonge se tegearre.

Op tal fan plakken stiet Huisman op ’e planken mei dit, mar ek mei oare programma’s, allinne of mei oaren. De foarstellingen binne tige de muoite wurdich, mar it publyk fergrizet. Dat Huisman freget him ôf: Hoe lang noch? yn it boek seit er dêr (side 28, 29), nei oanlieding fan in optreden foar ien fan de, sa stadichoan útstjerrende, Fryske kriten, sels it folgjende oer:

“Nei it skoft fertel ik dat ik opnij mei ‘Eeltsje’ dwaande bin, sjong wat lietsjes fan him en fertel der om hinne. Ek no nim ik romte om mei-inoar te sjongen, lykop of yn ôfwikseling. It is in ûnderdiel fan myn wurk dat ik altyd besykje in plak te jaan. Neist muzikale firtuozens, de teatrale utering, de djippe emoasjes of it moai-opsizze-kinnen hat dit net in al te hege status. It is soms ek kwetber yn syn intimiteit omdat der leafde foar it sjongen en foar it liet te nedich is. As ik dy jûns weromryd kin ik it gefoel net fan my ôfsette dat ek dit oan it útstjerren is. Fryske lietsjes, âlde of nije, wurde net langer mear mienskiplik dield. (…) It mei-inoar sjongen, dè wize dêr’t lietsjes fanâlds fan generaasje op generaasje mei trochjûn waarden, bestiet hast net mear. De koarkultuer, in oare wichtige drager fan (E.H.) syn wurk, siket har repertoire oer de grins of hat in gruttere ambysje as it sjongen fan ‘gewoane’ lietsjes. De Rimen en Teltsjes komme de boekekast net mear út, of it moat wêze foar de literêre wittenskip. It makket weemoedich. It reint.”

Oer de takomst seit Huisman, dy’t earder ek poëzije ferhalen en muzykteaterfoarstellings skreau, op syn webside: “Sa’t ik der no oer tink en fiel wol ik benammen fierder mei it skriuwen fan poëzij en lietteksten. Proaza –ferhalen, novelles, in roman- dêroer wurdt neitocht. Ofwol: dat litte we yn ús omgean.” Sjoen de boppeslach dy’t Eeltsje & ik wurden is, hoopje ik dat der mear proaza fan Huisman komme sil.