Berga, It smoarge bestean

in manuskript yn in moai omkaft

30 maaie 2008

Besprek: Wilco Berga, It smoarge bestean, Utjouwerij Fryslân, ISBN 978-90-78559-12-2

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

berga it smoarge besteanYn Wilco Berga syn nijste boek It smoarge bestean wurkje Heit Bear, dochter Famke, Skilder, Professor en – letter – Hazze op it stoart. Sûnt Famke trije is ferbliuwt Bear syn frou Anna, toch de oaren Suster neamd, yn it ‘Geleardeynstitût’, dat wol sizze, it psychiatrysk sikehûs. Utsein Famke dy’t yn de zombie dy’t dêr yn it ynstitút libbet noait in mem fûn hat, gean de kollega’s dêr geregeld op bisite. In útspraak fan Skilder (s. 104) leit de relaasje tusken it stoart en it ynstitút:

“Wy smite de dingen like maklike fuort as dat we se oanskaffe, kompjûters, klean, neam mar op, en dat fine we hiel gewoan. Mar guon dogge dat krekt sa mei minsken, sûnder mei de eagen te knipperjen! Kinst it dy foarstelle? Dat se har samar omdraaie, as hiene se dy broer of suster noait kend! Dat se jin fuort de rêch takeare as je neat mear foarinoar krije! Dat is pas in misdie!”

It smoarge bestean soe de lêzer oan it neitinken sette en/of bewust meitsje kinne fan bygelyks de yn it sitaat oanhelle kwestje oft minsken dy’t yn ynstituten libje yndie te maklik oan kant skood wurde. Dy fraach stelt it boek net. Net as it om minsken mei in ‘flekje’ giet en al likemin as it om it ôfskaffen fan alderhande noch nij húsrie of noch prima funsjonearjende apparaten giet. Der is nammentlik in ferskil tusken (a) wat in boek as gehiel oan en fan de lêzer freget, teminste freegje kin, en dat is ynfiele, sels neitinke en – wa wit – him bewust wurde fan hoe’t er tinkt en docht en (b) wat de skriuwer fertelt. It is wàt in skriuwer fertelt en hòè’t er it fertelt wêrtroch de lêzer him bewust wurde kinne soe fan wat er fertelle wol, mar wàt er fertelle wol, moat er net fertelle, it moat út it ferhaal bliken dwaan. Mei al syn mieninkjes dy’t in skriuwer as persoan hat moat er dus fan syn eigen ferhaal ôfbliuwe. Wat de skriuwer eventueel berikke wol, sit yn wat der bart, mar yn It smoarge bestean is sprake fan in alwittende ferteller en dy komt gauris wat te útlizzerich, betiden sels prekerich, oer.

No hoecht literatuer fansels hielendal net te draaien om in bewust meitsjen fan de lêzer. It is likegoed hearlik om op it ferhaal meidriuwe te kinnen, nei it folgjende haadstik lutsen te wurden. Ien haadstikje noch en dan jou ik my del, moarn in drokke dei, en dan, sûnder datst it wolst, ta de nacht út lêze. Publieke werken fan Thomas Rosenboom bygelyks is sa’n roman. It nimt de lêzer mei omdat de ferwikkelingen sà betocht en presintearre wurde dat, fan it begjin oan de ein ta, alles mei alles te krijen hat. De fragen dy’t oproppen wurde, nitelje om troch te lêzen. By stikken en bytsjes komme de ferskillende ferhaallinen by elkoar.

Yn It smoarge bestean binne sokke fragen bygelyks: Wat ha ferskillende persoanaazjes mei elkoar te krijen? Wat is der yn harren ferline bard? Wêrom sit Anna yn in ynrjochting? It binne ‘ynterne’ fragen, ynherint oan it ferhaal. It smoarge bestean stelt soksoarte fragen, sy wurde allinne lang net allegear beantwurde, net omdat Berga de ein mei opsetsin iepen lit, it is earder sa dat er tefolle wollen hat. Famke hat wat mei Professor en sy hat wat mei Hazze, heit Bear is net bliid mei it geflirt tusken har en Hazze, mar der is gjin ôfrin. Anna is opnaam, sy wie kreamferpleechster en der skimert wat troch dat sy in poppe wat oandien hat, mar gjin wurd oer it hoe en wêrom Anna fan in libbene en maatskiplik belutsen frou mei in man, in bern en in baan feroarje kin yn in fegetearjende plant. Der is in lyk, dus bist benijd oft de fraach nei de moardner op it aljemint komt, mar dy wurdt net steld. Mar dan, ynienen, ast as lêzer de ynteresse foar it lyk allang ferlern hast, wurdt der op ’e nij in deade fûn. Go, alwer in lyk, tinkst even, mar wat ûntbrekt is de wêromfraach. Twa liken mar gjin geheim, gjin ferhaalline, dus gjin spanning, dat as oan de ein fan it boek in moardner – Skilder – út de pinne fan de skriuwer rûgeljen komt is, it nèt it gefolch fan de fraach: ‘Wa fan de persoanaazjes hat wat te krijen mei de fynst fan de twa deaden?’. Hast hielendal de oanstriid net om dy fraach te stellen, der is in lyk, noch ien, letter is der in dieder, mar der is gjin line fan lyk nei dieder. De dieder wurket op it stoart, hy is ympotint, mar – raar – leafhawwer fan de Kamasoetra… Yn it genyp docht Bear it mei Skilder syn frou, mar it binne en bliuwe losse gegevens sûnder dat dy part út lykje te meitsjen fan in gehiel. Ja, yn boppeneamd sitaat seit Skilder wat oer minsken dy’t minsken de rêch takeare as se neat mear foarinoar krije. Mei in soad goede wil kinst achterôf konkludearje dat er it ek oer himsels hat, mar de útspraak stiet yn in hiele oare kontekst en boppedat is it gjin reden om der mar op los te moarden.

Noch in fraach: Wêrom wurkje dizze minsken eins op it stoart: Bear dy’t kollaazjes makket, steapels boeken út de kontainers hellet en blykber each foar poëzije hat? Professor dy’t sa handich is mei elektroanika? Famke dy’t in oplieding foar ûnderwizeresse hat en in passy foar fotografy? It komt der allegear net werklik út. Dat Hazze dêr in bybaantsje hat, okee, mar wêrom nimt Bear him oan as er net safolle mei de jonge op hat? En wêrom gean Bear syn kollega’s altyd mei nei de psychiatryske ôfdieling dêr’t syn frou ferbliuwt? Wat ha sy dêr te sykjen? Skilder syn frou Cecilia, dat kin ik my noch yntinke, sy hat as in mem foar Famke west, mar wêrom dat dan wer sa is, komst net oan ’e weet. Professor hat blykber in skoftsje opnaam west, mar wêrom? En wêrom dan mei Bear mei? Wêrom soe Bear ek Hazze meifreegje? En wêrom soe it krekt Hazze slagje en helje Famke, dy’t al jierren net by har mem west hat, oer en gean op in stuit al wer mei? Famke sels liket ek in skoft psychiatryske swierrichheden hân te hawwen. Hoe? Wat? Wannear? Wêrom? Gjin inkelde fraach dy’t It smoarge bestean stelt, of better sein: stelle moatte soe, wurdt beantwurde.

It gegeven – it stoart yn relaasje ta it ‘Geleardeynstitút – is moai betocht, mar de ferskillende eleminten hingje as los sân oan elkoar. Wat mist is de driuw, de needsaak ta en it ûnûntkombere fan de ûntwikkelingen.

Der sit in flater yn de ynterne logika: Yn it begjin is der in oantinken fan Famke oan har bernetiid. Sy en har mem gean mei de stationwagon nei it Kanaal om dêr te swimmen. Famke kin prate, grutsk wêze en flokke. En swimme… Mar it is net botte wierskynlik want op in oar plak docht bliken dat Famke trije wie doe’t de mem opnaam waard. It smoarge bestean is as roman dan wol betocht, mar de skriuwer makket gebrûk fan de realiteit om him hinne. It giet om in ‘afvalzamelstation’, in ‘milieustraat’: hout by hout, papier by papier, ensfh. Der is sprake fan in ‘mislik meitsjende rook’, mar it gjin jiskelân, dat mei dy stank sil it wol wat tafalle. Skilder hellet syn fertsjinst út strykjildskriuwe. Dat is knap, want it wurdt amper noch dien. En hoefier stiet it boek fan de maatskiplike wurklikheid ôf as oan de iene kant – aktueel en realistysk – de moslims neamd wurde, mar de lêzer tagelyk wiismakke wurdt dat in wurknimmer op it stoart – toch werklik gjin managementfunksje – op eigen manneboet syn kollega’s oannimme en dien jaan kin? Sy kieze ommers net iens har wurkklean sels.

Fierder drage lang net alle gegevens by ta it ferhaal. Sa hie, as skriuwe skrasse is, haadstik xxxi bygelyks der yn al syn hear en fear wol útkind.

Korreksje, opmaak, foarmjouwing en printwurk, it is allegear yn oarde mar it is spitigernôch yn in te ier stadium dien. Nei myn idee is wat yn de winkel leit in manuskript: in nijsgjirrige roman yn potinsje.