Berjochten út Babel, Willem Schoorstra

SKIELK SIL HAR NEAT MEAR UNMOOGLIK WEZE FAN ALLES WAT SE FAN DOEL BINNE

Berjochten út Babel, ferhalen Willem Schoorstra
Utjouwerij Frysk en Frij 2002,
ISBN 90-73554-70-5, 243 siden

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

Hast in jier nei it ferskinen fan syn dichtbondel ‘Ynwijing’ komt Willem Schoorstra no mei in skitterjende ferhalebondel foar it ljocht: Berjochten út Babel.

De kritiken oer ‘Ynwijing’ wienen wikseljend. ‘Ofsjoen fan in inkelde dichterlike útsjitter wurdt mei de auteur ek de lêzer net folle riker fan de bondel ‘Ynwijing’ skreau Babs Gezelle Meerburg yn ‘e Ljouwerter Krante, al binne der ek loovjende wurden sein, ûnder oaren troch Durk fan der Ploeg yn Trotwaer.

Yn syn proazadebút lit Willem Schoorstra him sjen as in wier ferhaleferteller. It ferhaal ‘De kaart’ hie ik op KISTWURK yn ien adem útlêzen. Ek ‘Fakânsje’ stiet op ‘e digitale siden fan it tydskrift lêzen. Ik haw der wakker foar pleite om it yn printe fersy te krijen, yn it fjirde nûmer, mar de oare redaksjeleden lieten yn dizzen de psychologysk-ekonomyske wet der billikheid jilde en joegen de foarkar oan drege kost en koartswyl dy’t inkeld mar nijsgjirrich binne foar de insidersworld. De fraach oft wy ús dêr as literêr tiidskrift op rjochtsje moatte, mmm, lit ús dêr yn ien fan de kommende digitale redaksjefergaderingen noch mar ris oer hottefylje. Werom nei Babel.

Schoorstra giet gjin inkeld tema út ‘e wei, it proaza dat er skriuwt is spannend en it taalgebrûk is prachtich. Yn ‘e bondel steane tsien ferhalen, wêrfan’t in part earder yn ferskillende tydskriften ferskynde. Foar ien dêrfan, ‘Trettjin dagen’  krige er yn 1999 al de Rely Jorritsma-priis.

De krêft fan it wurd  

Yn it ferhaal ‘De kaart’ komt de ik-figuer, in jonge dy’t noch op skoalle sit, tige yn ‘e besnijing fan in frou dy’t sûpt as in bist. Net allinne seksueel, benammen ek de petearen oer de sin fan it libben, of better sein de sinleazens derfan. Utspraken as: ‘Eltsenien is dochs wat? (….) Ik bin fan ‘e wike in ruïne. Foar my is hy (de drank e.s.) de grutte bemiddeler, de glêzen sjamaan, hy fermoedsoenet my mei it bestean dat, wol by definysje, absurd is,’ litte in net al te optimistysk kant fan it libben sjen. Oan it ein fan it ferhaal hat de frou  harsels fan kant makke en in blanko kaart foar de jonge efterlitten. It ferhaal sels hat gjin iepen ein, mar it slagget Schroorstra dochs de lêzer mei tal fan wêrom-fragen sitte te litten.

‘De kaart’ is net it iennige ferhaal wêryn’t de man úteinlik allinne efterbliuwt. It tema komt ek werom yn ‘Winter yn India’ en yn ‘Isis’.

Lykas yn ‘De Kaart’ spilet yn ‘Isis’ de frou in fatale rol. It is in sado-masogistysk ferhaal, wêrby’t de frou, Isis, net allinnich Hedzer, de haadpersoan, mar ek in tal oare manlju ta har slaaf wit te meitsjen. Yn ‘e mytology is Isis de goadinne fan de wiisheid en húslikheid, en fan de fruchtberens en de lânbou. As har broer en man Osiris stjert wit se him wer werom te bringen ta de libbenen. Minder bekend is, dat Isis ek de goadinne is dy’t as gjin oar de krêft fan it wurd en it skrift ken.

Yn Schoorstra syn Isisferhaal wurde de skriuwsels fan de leden fan in skriuwersklupke troch û.m. de wurdmagy fan it nije lid Isis in nije ympuls jûn c.q. refitalisearre. En lykas yn de miten wêryn’t de goadinne Isis in rol spilet, giet it hjir om jaloezy en rituelen. Schroorstra wit dizze temas, en dan benammen it sm-elemint dêrfan, op in ferrassende en fantasijfolle wize út te wurkjen.

Grouwélich  

Spannend is it ferhaal ‘Fakânsje’. It giet oer in stimmehearder, Freddy, dy’t troch syn stimmen oanset wurd ta grouwélige dieden. It is in perfekt ferhaal, sawol wat de opbou as wat psychologyske ûntwikkeling fan de haadpersoan oangiet. Alle faktoaren foar it ûntwikkeljen fan in slim psychiatryske problematyk binne oanwêzich: in heit dy’t troch in auto-ûngelok omkaam is en in mem dy’t harsels dêrnei syklik oan de jonge fêstklampt.

Dit ferhaal is spannend troch de wize wêrop’t Schoorstra syn gegeven dosearret: it begjint mei in weromtinken oan in sêne út de bernetiid mei de fassinaasje foar it útinoar lûken fan wjirms en ynsekten, sa’t de measten dy as bern wol kennen ha. Dêrnei hearre we dat Freddy, de haadpersoan, mei de auto ûnderweis is nei it suden. It docht bliken dat er stimmen heart en de lêzer wit: der is wat mei dizze man oan ‘e hân. De wize wêrop’t Schoorstra  in ‘simpel’ middel brûkt as it hieltyd werom kommen op de nammen fan diken makket dat de lêzer himsels geandewei it ferhaal hieltyd mear ôffreget: wêr giet de reis hinne? Wêrom is er eins ûnderweis? Healwei it ferhaal bringt Schroorstra hieltiten mear oantinkens oan de bernetiid fan Freddy yn. In opmerking dy’t in buorfrou in kear tsjin syn mem makke hat, is in ferklearring foar syn gedrach as bern en tagelyk in foarútwizing op mear ynformaasje oer syn eftergrûn. Schoorstra behearsket it fak: by stikken en bytsjes leare we de haadpersoan better kennen en docht er it doel fan ‘e reis út ‘e doeken.

It ferhaal ‘Fakânsje’, hoe grouwélich ek, kloppet mei it hâlden en dragen fan guon minsken sa’t ik dy yn ‘e psychiatry wol tsjin kom, al is it lokkigernôch net sa dat alle stimmehearders oansetten wurde ta misdied.

Omspoekje  

Ek spannend fan opbou is it ferhaal ‘Dien wurk’. It tema is wraak, mar it is net sa útwurke dat de spanning fuort is as it ferhaal dien is. Wêrom en op wa nimt de haadpersoan, dy’t in skoft yn in ferlitten hotel op syn eardere doarp omhúsmannet eins wraak? Lykas yn ‘De kaart’ lit it ferhaal wat te rieden oer en it bliuwt jin dan ek noch in hiel skoft yn ‘e kop omspoekjen.

Mei syn styl wit Schoorstra de lêzer meastentiids al yn ‘e earste rigels fan in ferhaal te pakken. Nim bygelyks in earste rigel as:

‘Wa’t werom begjint te tinken wurdt fertard. Myn foarlân is jiske. Wa kin sizze dat er yn it fleis bliuwt? Dus kroan ik mysels ta kening yn it lân fan oantinken: lit de hofhâlding fan âlde bylden op ‘e nij foar myn geasteseach lâns paradearje.’ (De kaart)

Of:

‘Seegrien de kofje. It reauke dêr’t de floeistof yn sit is ek grien, as keunstgêrs. Dochs smakket it him net grien. Earder giel of oranje.’ (De man yn it rút).

Schoorstra set fuortdaalks yn it begjin fan syn ferhalen in pear bylden  dy’t troch har orizjinelens faak sa meinimmend binne dat se de lêzer it ferhaal ynlûke, ien fan de techniken dy’t er ek, faak hiel fernimstich, oanhâldt yn de fierdere opbou fan it ferhaal. Dat jildt lykwols net foar de bondel as gehiel.

Dy iepenet mei  ‘Vive la vie’ (…) it minste fan de tsien; it giet oer trije manlju dy’t op fakânsje yn Frankryk binne. Op my komt it in bytsje oer as in noflik fakânsjeferslach, wat opsnolke troch in deade dy’t samar ynienen út ‘e loft fallen komt. It is spitich dat dit ferhaal yn ‘e bondel opnaam is, want de oare njoggen binne stik foar stik goed. Allinne ‘Raganos’, dêr haw ik as krityk noch op dat de ein wat al te hurd ôfraffele wurdt.

Schoorstra wit de hâlding, it taalgebrûk en de omjouwing fan in miljeu del te setten. Yn ‘Winter yn India’ slagget er deryn it miljeu te sketsen fan de ‘settelde’ twafertsjinners dy’t op ’e siik binne nei ferdjipping yn it libben. Tagelyk lit er de húchelderij sjen fan spirituele organisaasjes, dy’t minsken ûntheistert efterlit.

Ek ‘De man yn it rút’ wol it ‘libben oanreitsje’ sûnder der yn te slagjen. Lykas in tal fan de ferhalen jout it in pessimistyske kyk op it libben, sûnder dat der in oplossing is.

Poëzije yn proaza  

Al mei Schoorstra syn dichtbondel ‘Ynwijing’ net oeral goed ûntfongen wêze, syn taalgebrûk yn ‘Babel’ is dy fan in dichter. Der sit in soad poëzije yn syn proaza:

–        ‘Dochs hat er in liif fol demoanen en in aap op ‘e rêch’.

–        ‘Ut lûdsprekkers driuwt muzak. As er de eagen wer iependocht sjocht er dy as in sulveren slange troch de rûmte ferwegen ….’

–        ‘Doe wie ik in ferhearde puber dêr’t de wurden oan foarby rûnen…’ ensfh. Yn ‘Trettjin dagen’ is sels in fers opnommen.

Schoorstra bewiist him yn ‘Berjochten út Babel’ as in mear as byldryk skriuwer en in begenedige ferhaleferteller. Hy skriuwt in prachtich Frysk wêrby’t er sawol nije as ek út de tiid rekke wurden doart te brûken. Henk van der Veer makket yn syn resinsje yn de Sneeker Courant beswier tsjin it gebrûk fan ynterferinsjes en argaysk Frysk binnen ien tekst. Mar it Frysk docht harsels tekoart as sokke moaie wurden as ‘wroechwjirm’ net kombineare wurde kinne mei ‘fan kant meitsje’. It is it brûken fan de taal yn syn hiele hear en fear dat de taal bewarje sil. Wat my oanbelanget mei Schoorstra dan ek wol mei mear berjochten út Babel komme.