De Brek, Gerben Abma

De Brek: achtergrûn oerhearsket de kearn

Besprek De Brek, Gerben Abma, Koperative Utjouwerij, 239 s., ISBN 90-6570-363-2

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

Ik ha it net sa stean op froulju dy’t soaps sjogge. De Brek, de roman fan Gerben Abma, begjint mei de relaasje tusken de haadpersoan en no krekt sa’n type frou… Al is in ferfeelsume relaasje tusken ferfeelsume minsken funksjoneel, soks lûkt de lêzer no net daliks it ferhaal yn. Of moat ik sizze: dizze lêzer? Lykwols, nei de earste fyftich siden nimt it boek my dochs yn ’e besnijing; de rest lês ik yn ien sike út!

De Brek spilet foar in part yn de Rânestêd, foar in part yn Fryslân, yn ’e omkriten fan it wetter de Brek. De haadpersoan, Jarich, ferbrekt sawol de relaasje mei syn freondinne, Sijke, as dy mei syn wurk. Hy krijt in oare freondinne, mar skytskoarret der tsjinoan om it mei Sijke út te meitsjen. Jarich hat nammentlik ‘ferlittingseangst’. Dy hat te krijen mei syn heit dy’t eartiids de húshâlding yn ‘e steek litten hat. Jarich hat syn heit amper kend, mar fan hearren sizzen hat er in net al te bêst byld fan de man krigen. Net allinne wie er ‘fout’ yn ‘e oarloch, ek om oare redenen leit er der út. Geandewei de roman komt de famyljeskiednis boppe wetter en wurdt it byld dat Jarich fan syn heit hat, bysteld.

 fer’brek’ke

Al nei in pear siden ha ik in hekel oan Jarich syn freondinne: Sijke, de namme seit it al… In knap ferfelend frommis! Folle begryp kin ik likemin opbringe foar Jarich dy’t, nettsjinsteande syn negative hâlding tsjinoer Sijke, tige slocht op har is, en dat wylst er har tagelyk bedondert mei Gisela. Boppedat komt de beskriuwing fan de wurksitewaasje – Jarich is organisaasje-adviseur – knap klisjeemjittich oer. In eamel fan in frommis, in baan wêryn’t de haadpersoan de opdrachtjouwer safolle mooglik ferfolchopdrachten ûntfytmannet: al boeit it net daliks, dizze yngrediïnten blike nedich foar it ferfolch. De titel fan it boek, De Brek, ferwiist ommers net allinne nei it wetter, bannen fer‘brek’ke is it wichtichste tema fan dizze roman, wêryn’t Jarich net allinne Sijke, mar op in stuit ek syn baan opjout. Boppedat draait it ferhaal fan de heit likegoed om ferbrutsen biningen.

De konklúzje ‘neat oan’ blykt te foarriedich. Nei de earste haadstikken komt it boek op gong en wurdt it spannend. It is de wize wêrop’t de ferteller it ferhaal stjoert dy’t op in stuit dochs de oandacht pakt en fêsthâldt. Dêrby is benammen de ûntdekkingstocht nei it ferline fan de heit dy’t de belangstelling opwekt. Dit, foar in part troch de heit sels optekene, libbensferhaal wurdt nammentlik yn parten frijjûn. Wat my oanbelanget hie de ferteller de skiednis fan de heit, en dan benammen ek de útwurking derfan op Jarich, mear ta de kearn fan De Brek meitsje mocht. Nei myn smaak hat it relaasjegedonder mei Sijke en Gisela wat tefolle omtinken krigen. Soks sjoch ik om my hinne al mear as genôch…

 … en sa praten wy it nei

“Ik wol ferantwurding ôflizze. My ûntskuldigje,” skriuwt de heit. (S. 62) Yn ‘e oarloch hied er him by de beweging oansletten: “de boeren oan ‘e macht, it plattelân einlings it oansjen dat him takaam, de stêd mei syn hoeren, dieven en leechrinners in nije opfoeding. Sa learden de lieders it ús en sa praten wy it nei.” (s. 135) Dizze kar wurdt wiidweidich beskreaun: it plak fan de boerestân, de Nije Oarder, it anty-godstsjinstige aspekt, de striid foar de taal. It wie boppedat de kâns op ‘eare, jild, macht’. It plak dat de heit yn de húshâlding ynnaam spile ek in rol. Sa wurde de ôfwizende reaksje fan sýn heit (Jarich syn pake) en de rol fan syn broer (omke Jarich) beskreaun.

Wat de kar eins krekt ynhold, wurdt lykwols yn alte algemiene termen beskreaun. Konkrete groepen, barrens of kontakten wurde nergens neamd. It giet om in ‘klub’, in ‘beweging’ (net de NSB). En as der àl in kear in namme falt, bgl dy fan Dr. Wumkes, wurde persoanen noait keppele oan in ferhaal, in miening of in emoasje. Dêrmei bliuwe de oantekenings fan de heit fierstente ôfstannelik.

Wat opfalt is ek dat de soan amper op it lêzen fan de ‘ûntskuldiging’ reagearret. Ja, as er by omke en tante del giet, is er opfokt, want it hat bliken dien dat omke de heit nei de oarloch ferret hat. Omke hat dêr de heit syn faam en ek noch in pleats oan oerholden, dat Jarich syn grime rjochtet him op de âldman. Oangeande de heit sels hat Jarich lykwols gjin miening. Wat fynt er derfan dat syn heit ‘fout’ wie? Niks. Wat fynt er fan wat er te hearren krijt oer de leafdesferhâldingen? Niks. Wat fielt er by de heit syn ferklearring oer syn fertrek? Hielendal neat. Nuver, want dêrmei komt de skiednis fan de heit tefolle los fan it ferhaal fan de soan te stean…

Sa binne der noch in pear dingen dêr’t de lêzer fraachtekens by sette kin. Op twa plakken (s. 66 en 143) jout de heit in psychologyske ferklearring út Hitler syn bernetiid wei. De heit hie eangstdreamen dy’t te krijen ha mei syn flecht nei ‘dy bluistere massabeweging’. Hy skriuwt: “Miskien lizze dy dreamen bleat yn wat ik yn Hitler, myn oarlochsheld, miende te begripen. (…) Is nimmen yn de bernejierren wiis mei jo, mei jo begien, rekket it gefoel foar de meiminske dat by de mem begjint, ferbrizele. Op ien of oare wize moat it him knoeid ha en wie er net mear ta bining oan, meilibjen mei, minsken by steat. Minachtsjen, hate, gjin minske, gjin libben telt mear.” en letter “De lieder woe net oars as de ôfgrûn yn, sûnder genede foar wat of wa ek. Hy woe, de oaren moasten.”

Beide kearen is der sprake fan in tige yndividueel psychologyske ferklearring foar de ûntwikkeling fan de persoan Adolf Hitler. Dy jout lykwols by lange nei gjin ferklearring foar de kar fan de heit en foar it ferrin fan de skiednis likemin.

It is fansels wat in noedlike saak om as resinsint in romanpersoanaazje foar te skriuwen wat dy as útlis jaan moatte soe, mar it benearjende polityk-maatskiplike systeem sa’t dat yn de jierren tritich ûntstie, is net allinne te ferklearjen út de psychology fan Hitler wei. En as ien sels ‘fout’ west hat? Foar safier’t in ferklearring dêrfoar yn de persoan Hitler leit, keppelst dy dan oan syn bernetiid? Ik soe earder oan de Führer syn charisma, it redenaarstalint en de boekte (ekonomyske) suksessen tinke. Al besef ik dat minsken lang net altyd rasjoneel reagearje, dizze ferklearring komt frjemd oer. (Hoewol: moarden op – en driichbrieven oan politisy spylje tsjintwurdich likegoed in rol by ferkiezings. Sokke ferskynsels blike betiden wichtiger as de ynhâld fan  partijprogramma’s…)

Fierder lit Abma trochskimerje dat in sekere Van Omta, âld oarlochsmaat fan de heit en letteroan kunde fan de soan, in rol hân hawwe moat, mar hy wurket it gegeven net út. En wannear hat de heit de húshâlding ferlitten? Dy skriuwt der wol oer, mar it is behoarlik koart troch de bocht. En wêrom hat Jarich de man noait opsocht? Nei in besite oan beppe, ‘wjokkelt’(!) it minskje Jarich achternei mei in boek. “In fertaling”, seit se, “better as it orizjineel”. Om hokker boek it giet, bliuwt lykwols rieden: Wêrom dan dizze sêne? En Gisela, mei wa’t Jarich in relaasje hat, hat in geheim. Mar wat is de funksje derfan as it nearne oplost wurdt? Ek hat De Brek my krekt wat in alte heech ‘eind goed, al goed’-gehalte.

In striemin boek dus? Wolnee. Nettsjinsteande in tal kanttekenings bliuwt der mear as genôch oer om fan te genietsjen. Tsjinoer boppesteande kritykpunten stiet bygelyks dat de dialogen tige libben binne. Fierder is de skriuwer by steat op oertsjûgjende wize de sfear del te setten, dy fan it lânskip, de ynrjochting fan in hûs of de personaazjes. Benammen de froulju wurde mei in skerp each foar hoe’t minsken reagearje kinne, úttekene. Sa binne de beppe en de tante prachtige, libbensechte figueren wurden. Abma hat boppedat yn De Brek in tal moaie kommentaren ferfrissele, bygelyks oer it fenomeen ‘âldwivepraat’ (s.159). It yntakepetear mei de psychiater, dêr’t Jarich in ôfspraak mei makke hat om fan syn ferlittingseangst ôf te kommen, is myld humoristysk. Hiel grappich is ek de sêne wêryn’t omke komt te ferstjerren, mei de hilaryske beskriuwing fan de reaksje fan tante dy’t oer ‘It skoandere iten’ begint.

Yn de oantekenings fan de heit wurdt ferwurde wat de ynset fan de taalstriid wêze moatte soe: “(…) de natuerlike, eigen fan âlden op bern bybrochte, yn tradysje en histoarje bewoartele taal (…) Net in optochte en sabeare taal, mei wurden fan ieuwen ferlyn dy’t nea immen sein of heard hie; of streekrjocht, mei wat feroarings yn de lûden oan it Hollânsk ûntliend. Dat wie in keunsttaal, yn elkoar meneuvele út ûnkunde, mar fan lju dy’t altyd de taal sprutsen hiene net kend en net ferstien.” (s. 220) Abma sels lit it sjen: hy brûkt in moai en geef Frysk, mei útdrukkings dyst net alle dagen hearst, mar dy’t net âldfrinzich oerkomme. Oars as by de folle jongere skriuwer Henk Wolf (oare kear mear oer syn debút), hoecht it wurdboek der lokkigernôch net allegeduerigen by. Gjin taal dus dy’t allang ferdwûn is, mar útspraken dyst werkenst: o, ja, sà seist dat. Sa seit Jarich syn tante “it siket om it lêste” as omke komt te ferstjerren. Is it net in prachtige wize fan sizzen? Hearst it net alle dagen – yn dit foarbyld mar goed ek – , mar it is goed om te sjen dat it Frysk yn al syn hear en fear brûkt wurde kin, sûnder dat it ta ‘keunsttaal’ ferwurdt.