De Hite Simmer, Trinus Riemersma

De Hite Simmer
Trinus Riemersma

april 2008

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

Wat it lêzen fan Fryske boeken oanbelanget, bin ik aardich op de hichte fan wat de lêste jierren ferskynd is. Gelokkich mei ik út en troch in nij boek lizze litte en, oan de oare kant, komt no en dan ek in wat âlder boek op myn paad dat de muoite wurdich is om te lêzen. Sa krige ik by tafal De Hite Simmer fan Trinus Riemersma yn hannen. It ferskynde yn ’68.

Ek fjirtich jier nei ferskining is it in lust om it boek te lêzen. As wol faker it gefal, boartet Riemersma ek hjir mei de foarm. Der is ien barren: Evelyn Tysling, in jongfaam dy’t wennet yn it doarpke Blauwier, rekket yn it wetter. Wie it selsmoard of is se fermoarde? Mei har frije seksuele gedrach, leit se derút yn de lytse doarpsmienskip. Se wurdt berabbe, begluorke, feroardield.

It boek is yn trije parten skreaun, de ûndertitel docht, yn foarm santjindeieuwsk oan, op ynhâld is it Riemersiaansk:

in trije slachtige roman

oer it libben en de dea fan de skesbom tsjin wil en tank

Evelyn Tysling

en de reboelje yn it doarp Blauwier

neffens de wiere feiten ferhelle

foar kristenen bearbeide

en fan kommentaar foarsjoen troch

Tr. Riemersma

befetsjende

a. it manlike of himelske part

b. It froulike of ierdske part

c it ûnsidige of ûnderierdske part

Sa binne de ferskillende parten ek oer de siden ferdield, it himelske boppen, it ierdske, fetprinte yn ’e midden, it ûnderierdske ûnder. It sljochtweihinne ferhaaltsje is it ierdske part, op ynhâld docht it wat tinken oan it twa jier ferlyn ferskynde De fûgel, dêr’t it ek om de ienling gyng dy’t it yn it doarp net oprêdt: “Allesandra trochbriek mei har allinne-wêzen de symmetry fan de doarpsmienskip”.

It manlike of himelske part fertsjintwurdiget it kristlike doarpsmoraal. It is ien grutte ‘preek’, fermoanjend as it giet om de seksuele moraal en yn it bysûnder om dy fan Evelyn (Hoer fan Babylon) en úteinlik is it yn dizze ‘preek’ dat de wiere tadracht foar it ljocht komt mar, boppedat, ek goedpraat wurdt. As nei Evelyn har dea fjouwer feinten oppakt wurde, wurde hja yn it himelske part ‘godfruchtich’ neamd. Mei omdat de redenearring sa oerienkomt mei wat him hjoeddedei geregeld ôfspilet, yn in oare kontekst, en fanút in oare religy wei, hjir in sitaat:

En doe’t de fjouwer foar de rjochter ferskine moasten, bekenden hja alles, mar seinen: God hat it ûs ynjûn en wy moatte Him mear hearrich wêze as de minsken. Mar de rjochter wie ûnkristlik en hy joech harren straf. Mar hja gyngen sjongend de finzenis yn, want it wie harren in eare om Kristus’ wollen lije te moatten. En doe’t hja weromkamen yn Blauwier, waard it harren ta in eare rekkene. (s. 196)

Oan de iene kant is der yn it himelske part de prekerige styl, oan de oare kant wurdt it Leauwe begekke:

Want wy witte dat alk wrâldsk mêd, elke wrâldske foarm, alle wrâldske keunst lykwols ûnder Gods bewâld stiet en hillige wurdt troch de Geast. God út Wa’t troch Wa’t en ta Wa’t alle dingen binne, is Hear ek fan de Fryske literatuer. De skriuwer bidt en betrout dat de machtige Skepper en Bestjoerder fan ’e wrâld him de krêft jaan wol om te skriuwen ta eare fan Syn grutte Majestiet en ta ûnderwizing fan ’e kristenheid it ferhaal fan ’e simmer A.A. 1966 yn it doarp Blauwier.

 1966 wie ek it jier dat Riemersma syn Minskrotten-Rotminsken (nachtboek) ferskynde. Guon parten fan dat boek waarden as godslesterlik opfette en Riemersma, dy’t yn Gau foar de klasse stie krige om dy reden dien as ûnderwizer. It ferhaal oer Evelyn Tysling, de ienling yn in in kristlik normearre doarpsmienskip sil him dan ek samar yn ’66 ôfspylje, it is ek Riemersma syn ûnderfining, literêr staljûn, mei de bekende eleminten en útgongspunten: seks heart by it libben en dêr moatst frij oer skriuwe kinne en de kristlike moraal liedt ta hûchelderij. It Blau fan Blauwier rimet op Gau en ek de namme Rients Tysling, de heit fan Evelyn, hat, mei al dy y-klanken wol wat fan dy fan de skriuwer. Yn de earste printinge fan De Hite Simmer binne boppedat 25 fersen opnaam, yn ien derfan wurdt útdruklik ferwiisd nei it beslút fan it skoallebestjoer fan Gau. (Yn de printinge fan ’86 binne de fersen fuortlitten.)

Yn de feroardielende toan fan it manlike of himelske part sitte de meast detaillearre beskriuwings fan wat de ferteller allegear seit oer it seksuele libben fan it minskdom, de Blauwiersters en yn it bysûnder dat fan Evelyn Tysling:

En de nieren ferspraten giftige dampen troch it bloed en it bloed kolke en bûnze troch it rêde hert en de milt stiek en de lever swypke en tyske. En by de manlju riisden de siedynbringers steil oerein en by de froulju dripte it willige fochte lâns de billen; de lippen fan it slachte gyngen yn smachtsjend en hetsich begearen iepen en ticht. En de boarsten tynden út en de spienen rûnen read oan en ferheften har as wyldrige pûsten.

Yn it ûnderierdske part giet de skriuwer, yn syn fakânsje, yn it doarp op ûndersyk út, hy praat mei de bewenners en giet mei de dominee yn diskusje oer de kristlike doarpsmoraal. Dat hat gjin doel fansels, ‘ik moat in hopeleaze saak opjaan, mar dat is net tragysk, en sa fiel ik it ek net, want der binne noch genôch skane om jin foar yn te sette dêr’t wol perspektyf yn sit.’ (196)

Yn it boppeste, it himelske part, sitte wiidweidige sitaten fan in Frysk auteur, seit Riemersma foaryn it boek. Op syn website seit de skriuwer hjiroer:

It nijsgjirrige fan dit boek is de yntertekstualiteit, op in stuit dat nimmen dêr noch mei pielde. Om net fan plagiaat beskuldige wurde te kinnen, haw ik foar yn it boek sein dat ik stikken tekst fan in oar oernommen hie. Op in skriuwerswykein te Koartehimmen haw ik man en peard neamd, mar nimmen hat der út piëteit ea in wurd oer skriuwe wollen. Spitich. En no is it salang lyn dat it nimmen mear ynteressearret.

Dat lêste sil grif sa wêze, want der sille net in soad lêzers wêze dy’t noch in bek sette wolle op de sitearre skriuwer, De Hite Simmer dêrfoaroer sil sûnder mis in klassiker bliuwe.