De Ljedder, Koos Tiemersma

DE TAAL FAN DE JONKHEID

Juny 2002
De Ljedder,
Koos Tiemersma
Fryske Pers Boekerij 2002 360 siden

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

De trúk fan de trije rigels

Op ‘e kokentafel leit ‘De Ljedder’ fan Koos Tiemersma.

‘Dit is in moai boek.’

‘Hoe witst do dat?’

‘De trúk mei de trije rigels.’

‘Hoe bedoelst?’

‘Dochst it boek iepen op in willekeurich plak en lêst. Ast trije rigels lêzen hast kinst foarsizze of it in goed boek is. Bygelyks ast yn ‘e biblioteek in boek sikest.’

‘Lit mar heare…’

Fan de preken hearde ik net folle. De wurden dy’t as sjerp by de preekstoel delsakken wiene te wurch om dêrwei te kommen, der lei in hiele bult dy’t alle wiken troch de koster opskept waard by it skjinmeitsjen. (s. 71)

As molke yn ‘e tsjerne, sa waard de spanning by elke slach yn ‘e rûnte in bytsje tsjokker. (s. 285)

Ik tûmele mei yn in tiid dêr’t ik net yn paste, tusken minsken dy’t ik miende te kennen, mar dy’t by einsluten as frjemden wienen. Stelde ik de fragen te let, skatte ik de toanhichte ferkeard yn, sloech myn hert bûten de maat? Mei beferzen gesichten sjoggen myn foarâlden, my oan, as fisken yn it iis. Se witte wat se witte en hâlde de wierheid achter de rêch. (s. 303)

Benijd lês ik de tekst op de achterflap: Koos Tiemersma fan SKIFT, in muzykgroep dy’t ik in pear jier ferlyn yn it ‘Prinsentheater’ yn Grins seach. Benammen om de prachtige teksten ha ik doe de CD ‘Nije hoed’ meinaam. Tal fan motiven út de lietsjes hawwe as motyf har pendant yn de De Ljedder. Ik neam eleminten út de Bibel (Jehannes hat gjin boat, Stikels), de bernetiid (Stille trommen) en it ûnthâld (Wilhelminabuurt).

‘Ik haw in nije hoed / Dy stiet my sa bysûnder goed / Teminste dat is wat ik fyn / Ik bewarje der fan alles yn’

Foarlêze

Dat yn de sjonger/tekstskriuwer/komponist fan Skift ek in skriuwer skûle, koe al in bytsje foarsjoen wurde meidat er yn 2000 foar it ferhaal ‘Job, in alter’ de Rely Jorritsmapriis takend krige. Lykwols, in ferrassing bliuwt it dat Tiemersma, dy’t min ofte mear nij yn de Fryske literatuer is, min ofte mear út it neat wei mei in roman fanwegen komt.

En wat foar in roman…

Op it balkon fan it appartemint ûnder de Grykske sinne lêze Hettinga en ik inoar foar, no en dan ûnderbrutsen troch entûsjaste opmerkings: ritmysk, sjongsum, byldzjend. De buorlju, mei de titten bleat, hingje oer der râne fan it balkon en bekommintariearje it ferskynsel: twa folwoechsen minsken dy’t inoar foarlêze…

Fergelikingen fleane oer tafel: Isabel Allende, it jonkje út de Reade Bwarre, it jonkje út Piksjitte, Günter Grass. Fertellers. Mar fragen binne der ek, want in grut kenner fan de bibel bin ik net. Wa is Jacob? Wat is de Jacobsljedder ek wer? Hoe siet it ferhaal oer Job ek al wer yn inoar?

It ferhaal

‘De ljedder’ bestiet út sân parten, sân stiennen. De santichjierrige Jacob Nauta leit sân basaltblokken op it ‘Joadeplak’, it hôf ticht by de pleats wêryn’t er in part fan syn bernetiid trochbrocht hat, as oantinken oan de ûnderdûker Job Wassermann en oare minsken út syn bernetiid: heit en mem, beppe en pake, de feint, omke Geart en Muoike Gel.

Oan elke stien sitte ferhalen fêst. Elk part (elke stien) begjint mei it lizzen fan ien fan de sân stiennen. By de stiennen hearre de oantinkens fan de alvejierrige Jacob, it jonkje dat himsels as man fan santich jier rekkenskip jout fan wat der yn de oarloch, yn ’42, op de pleats foarfallen is, hy, it lytse jonkje , dat troch de gebeurtenissen fan dy dagen syn ûnskuld ferliest, mar der lykwols nea, ek letter net achter komt wat der werklik foarfallen is.

Hoe sekuer dyn geheugen ek is, it is ûnmooglik de werklikheid te kennen. It ûnthâld wurket net feilleas. Boppedat wurdt it oantinken kleure troch dyn stimming en situaasje fan no. Stiest der goed foar dan hast in positiver byld fan de bernetiid dan wannearst slim mankelyk bist. Hjoed tinkst der sa oer, moarn wer oars, it ferline sels is lykwols nea werom te heljen.

De wrâld fan witten en sjen fan it jonkje Jacob is beheind. Net de oarloch en de Joadeferfolging stean foarop yn syn belibbing mar it barren op de pleats: de bernefantasijen boppe beppe’s plakkeboek, de ûntdekking fan it ferskynsel ‘famkes’ en de fassinaasje foar de hûn dy’t Job meinaam hat.

Ik wie in bern, tocht as in bern, die as in bern, teminsten foar juny ’42, dêrnei waard alles oars. (s. 8)

Der binne fansels meardere perspektiven fan deselde werklikheid. Al binne we der beide by west, wat ik belibje is net itselde as watsto meimakke hast. It bern krige net alles te hearen: ‘Letter, letter,’ seit mem. Mar de minsken út dy tiid binne wei en kinne him net mear fierder helpe.

Sit der mar net oer yn, it komt wol goed. Letter sil ik dy noch wolris fertelle wat der te rêden wie, no bist dêr noch te jong foar;…  (s. 289)

Mei it lizzen fan de stiennen besiket Jacob in punt achter it ferline te setten. Troch de ‘stiennen’ hinne frissele sit de Ljedder, dy’t út sân triemmen bestiet, foar elke stien, foar elk part fan it ferhaal, ien. Yn dizze ferhalen krije we mear te hearen oer it libben fan Jacob en syn syktocht nei de wierheid oer Job.

Beret stiet er op de folgjende trieme. Te lang hat er wachte, dit hie miskien al folle earder moatten. Sa komt er ommers hieltyd tichter by syn famylje, by Job en al dy oaren dy’t hjir ienris omspaanden. Net dat er nei de moeting sels útsjocht, o nee, dat net! Nee, it wurdt tiid om ôf te fûstkjen, ôfskie te nimmen fan it ferline. Hy sjocht omheech, nei de dizenige himel dêr’t se tahâlde moatte. Wat soene se tinke fan syn tôgjen, of sjogge se syn bodzjen net en moat er der sels mei rêde? Hy lûkt oan ‘e skouders, op dy fraach hat er noait in antwurd krigen.

(s. 95)

Bibelske eleminten

De nammen fan de beide haadpersoanen Jacob en Job komme, lykas de titel fan it boek út it Alde Testamint. Yn Genesis (27:10-22) dreamt Jacob oer in ljedder wêrfan’t de top oant de himel rikt. Ingelen gean op en del. Ast er wekker wurdt rjochtet er de stien dy’t er as hollekessen brûkt hat op as ‘it hûs Gods’. Letter, as syn frou Rachel komt te ferstjerren, rjochtet er ek foar har in stien op.

It delgean fan de ljedder is de metafoar foar de syktocht nei wat der werklik bart is.

Hastich lûkt Jacob de foet werom, no wit er wat er eins wol witte koe. De sirkel wol net ticht, altyd bliuwt de iepen fraach. Dan begrypt er wat er noait begripe woe. De sande stien sil er meitôgje moatte oant de lêste dei fan syn bestean. De stien sil er allinnich kwyt kinne yn de ferhalen dy’t er skreaun hat, doe’t er seisenfyftich wie. Lykas altyd is er feroardiele ta de wurden dêr’t syn libben út foarme is (s. 337)

Net oars as yn it boek Job (28:1:28). Ek Tiemersma syn Job rekket alles kwyt en it libben wurdt him te swier (Job 7:15).

In oare ferwizing nei de histoarje fan it Joadske folk soe sitte kinne yn it brûken fan de namme fan de Dútsk-Joadske skriuwer (Jacob) Wassermann (goekunde fan Rilke), dy’t oer it Joadendom skreaun hat, û.m. yn syn boek “Mein Weg als Deutscher und Jude” en dy’t yn ’33 troch de druk fan de Nazi’s net mear oan it wurk koe en in jier letter ferstoar.

In wichtige rigel yn it boek is ‘unsre Seelen leben von Verrat’ út it ‘Ostliches Taglied’ fan Rainer Maria Rilke, in pessimistysk fers oer twa beminden yn in driigjende wrâld, in wrâld dy’t ek skûlet yn harren sels. De rigel sangert Jacob yn ‘e kop om ast er hast klear is mei it lizzen fan syn stiennen en beseft dat er der net achter komme sil wat der yn ‘42 krekt bart is. Der is in ynfal west op de pleats. Troch ferrie? It bliuwt in fraach: de ûnderste trieme fan de ljedder wurdt net berikt. Jacob komt net achter de wierheid en bliuwt mei in ûnbefredigjend gefoel achter. En dêrmei tagelyk ek de lêzer want dy moat likegoed op syk foar’t er akseptearret dat it net-finen fan de wierheid gjin ûnbefredigjend boek oplevert mar in oanlieding foarmet om oer it ferhaal nei te tinken. Dat is sterk.

ÖSTLICHES TAGLIED

Ist dieses Bette nicht wie eine Küste,

Ein Küstenstreifen nur, darau wir liegen?

Nichts ist gewiß als deine hohen Brüste,

Die mein Gefühl in Schwindeln überstiegen.

Denn diese Nacht, in der so vieles schrie,

In der sich Tiere rufen und zerreißen,

Ist sie uns nicht entsetzlich fremd? Und wie:

Was draußen langsam anhebt, Tag geheißen,

Ist das uns denn verständlicher als sie?

Man müßte so sich ineinanderlegen

Wie Blütenblätter um die Staubgefäße:

So sehr ist überall das Ungemäße

Und häuft sich an und stürzt sich uns entgegen.

Doch während wir uns aneinander drücken,

Um nicht zu sehen, wie es ringsum naht,

Kann es aus dir, kann es aus mir sich zücken:

Denn unsre Seelen leben von Verrat.

Rainer Maria Rilke

 

Hoewol’t it boek yn de oarloch spilet en der religieuze eleminten en oare ferwizings yn sitte moralisearret Tiemersma op gjin inkeld punt. Hy wit ien en oar op hiel eigen wize te brûken. Sa wurdt it grifformearde leauwen mei de gek beslein. Oer de Joadeferfolging sels wurdt neat sein, dy docht allinne bliken út de komst fan de ûnderdûker. De feint, Sjoerd, jout bygelyks in skitterjende imitaasje fan Hitler (De Geke); mar oer de besetting sels giet it net. It ferline en it besykjen om de trageedzje fan in famylje te efterheljen, dat stiet yn de Ljedder foarop.

De eftergrûn fan de oarloch hâldt de lêzer lykwols al dwaande. Dy lêst it ommers mei de kennis fan de skiednis; dy wit fan it ‘ausradieren’ fan it Joadske folk yn de twadde wrâldkriich en de lange histoarje fan ferfolgings as beskreaun yn de Bibel. It jonkje Jacob wist fan neat, mar de lêzer wit it ál. It spilet ommers nammenste mear yn in tiid wêryn’t de yel: ‘Hamas, Hamas, alle Joden aan het gas….’ mar al te faak te hearen is.

Komponist

‘De Ljedder is in yngenieus gearstald plakboek fol mei de meast weardefolle ûnderfingen fan in jonkje fan alve en syn libben op de pleats, dellein yn in bûnte samling ferhalen dy’t in soad lêzers in gefoel fan herkenning jaan sille: beppe dy’t mei de hinnen praat, it smoken fan tuorrebouten, it sammeljen fan postsegels. Dûbeld fan it laitsjen lis ik by it part oer de jarretank. Der is in werkenber glimkjen by de sêne wêryn’t Jacob troch in buorrelgleske de keamer besjocht: ‘eb en floed by ús yn ‘e keamer’. Skitterjend binne de aventoeren mei omke Geart en in regelrjochte ‘tearjerker’ is de wize wêrop’t er nei syn dea yn it boek werom komt.

Folle net genôch, ik sil hjir gjin 360 siden neifertelle. Alles is mei humor beskreaun yn in prachtich Frysk, wêryn’t Tiemersma oer alle boegen syn taallinigens en –feardigens sjen lit. Hy set de bernewrâld del yn prachtige poëtyske bylden.

De taal spilet sawiesa in wichtige rol yn de Ljedder. Sa sit der in stik yn oer it wurdsje ‘toemar’ fan mem. Der binne trije kategoryen. Ast se wat fan dy wolle, dêrst gjin nocht oan hast is it in ‘toemar’ fan de tredde kategory. Op ferskillende plakken yn de roman komt ‘toemar, fan de tredde kategory’ werom.

Ale en ik hiene spul om sa’n glezen knikkert en it wie der om wei gien. As echte freonen hiene wy elkoar út skoalle wei sa flink bebikke, dat it bloed ús by de hollen del rûn.

 Mei in losse tosk kaam ik by mem oansetten en doe’t se ienkear wist wat der spile hie, siet der foar my net folle oars op as by de Sanai op te gean.

‘Giest mar nei Ale ta en sis ta it dy spyt.’

‘Ja, m….’

‘T.o.e.m.a.r.’, tredde kategory, gjin diskusje mear.

Gauris wurdt weromgrepen op in fragmint, in wurd, sels in haadstik dat earder yn it boek te lêzen wie. Sa komt ek de rigel “Ik wie in bern, tocht as in bern, die as in bern….” meardere kearen foar. It refrein, de werhelling fan wurden, it trochinoar rinne litte fan ferskillende teksten, it is de taal fan de muzykman, de komponist Tiemersma, sa’t dy ek op ‘Nije hoed’ te hearren is. En it wurket: it lûkt dy mei yn it ferhaal fan de folwoechsen Jacob, de wrâld yn fan it jonkje yn.

De skriuwer wit boppedat hoe’t er syn ynformaasje dosearje moat. Troch it ôfwikseljen fan de bernetiid mei de parten wêryn’t er weromsjocht yn de sân ‘Stiennen’ en ‘De ljedder’ krijt de lêzer hieltyd in bytsje mear te witten. De skriuwer wit de spanning der yn te hâlden.

Twa dinkjes noch

De ‘stiennen’ binne skreaun yn de notiid en yn de ik-foarm, de ljedder yn de notiid en de hy-foarm, de ferhalen oer de oarlochstiid yn de doetiid en de ik-foarm. Dizze foarmen binne mei rjocht keazen, want der wurdt ferteld fanút it perspektyf fan it jonkje fan doe (ik) en de âldman fan no (ik). By de hy-foarm giet it om syn libben tusken dy twa; sa wurdt de nedige ôfstân skipe.

Op ien plak komt Tiemersma lykwols yn de knoei: yn haadstik trettjin fan de earste stien sit Jabob op skoalle yn de les oer oare saken nei te tinken. Dat wat der troch master en de bern sein wurdt, wurdt ôfwiksele mei Jacob’s tinzen. Dit is in hiele aktive foarm fan skriuwen, ek yn it werklike libben bart der ommers fan alles tagelyk, mar omdat syn tinzen yn de doetiid skreaun binne kloppet it net. It moast hjir wol, omdat alle ferhalen út de bernetiid yn de doetiid skreaun binne, mar hjir giet Tiemersma mei dizze op himsels prachtige fûnst de mist yn.

Ek it foarlêzen fan dit haadstik wie betiizjend. Lykwols, de sêne sels is suver filmysk en dat soe fan it boek sels ek sein wurde kinne.

In twadde kritykpunt is dat de link tusken it ferdwinen fan Job en de syktocht jierren letter ûntbrekt. Job spilet wol in haadrol, mar komt as persoan amper yn it boek foar en fan in bysûndere bân tusken dy twa docht neat bliken: it libben op de pleats giet syn gonkje. Job sit meastentiids yn it flokhok en komt fan datoangeande net werklik út ‘e ferve. Syn ferdwining yn ‘42 liket my net foldwaande om op syk te gean, deroer te skriuwen en mei basaltblokken om te tôgjen. Om learaar Dútsk te wurden en alle fakânsjes yn Dútske boekhannels om te strúnen. Dat soe wize op in grutte ynfloed op Jacob, mar dêrfan docht neat bliken. De logika yn dizzen ûntbrekt.

Ik wol hjirre de ynhâld fan it boek net te folle ferriede. Ik neam wol álle kritykpunten, mar hoopje tagelyk dat alle moaie ferhalen en fynsten troch in soad minsken rûnom yn de wrâld ûntdutsen wurde sille. It soe dêrom de muoite wurdich wêze as De Ljedder in oersetting krige.

Priis

‘Ha jo wat skreaun yn it Frysk? Stjoer mar yn foar in priisfraach, it krijt in priis, in oar hellet de flaters der foar jo út, der wurdt in boek fan printe, der komt in pompeblêd op de rêch fan it kaft en sjoch, it wûnder bart: elkenien wol it keapje, om it oan in oar op ‘e jierdei te jaan. ….. as it ûnder de Fryske flagge ferskynt, komme wy der manmachtich op ta. En wy wolle der gjin ferkeard wurd oer hearre. Us pompeblêdehert hat it leaf,’ skriuwt Fedde Dijkstra yn de Ljouwerter oer Fryske kultuer.

Dit is in Frysk boek. Sa Frysk as it mar kin. It libben op de pleats. It grifformearde doarp mei syn benearjende bemoeisucht. De lytse wrâld oan de Tsjommerfeart dy’t eefkes opskodde wurdt troch de komst fan de Dútsers. Mar hjir is in rasferteller oan it wurd fan in hast Súd-Amearikaanske alluere. As ik it boek útlêzen haw bliuwe my tal fan útdrukkings by: it ‘toemar’ fan de tredde kategory, de ‘Manieren fan Dwaan’. Bernedingen dy’t hingje bliuwe as de ‘zwembadpas’  fan Kees de jongen.

‘Dat dit kin yn Fryslân…’ haw ik in pear kear sein, doe’t ik Hettinga foarlies op it terras ûnder de Grykske sinne, ‘Ast it my fregest wurdt dit de Gysbert of op syn minst de Fedde Schurerpriis. Dit pykt der absolút út.’

It is grif sa dat der in soad ferskynt yn it Frysk dat allinne omdat it Frysk is in kâns krijt. Mar diskear giet it om in pronkje: de Friese Pers Boekerij lit sjen dat der oare stiennen as stroffelstiennen binne.