Durk van der Veen, It tal mooglikheden is sawat ûneinich

sa hoecht er it net te sizzen, sa’t ik sei

Durk van der Veen, It tal mooglikheden is sawat ûneinich
ferhalen, 160 siden,  ISBN-10: 90-5998-028-x / ISBN-13: 978-90-5998-028-0

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

in miste kans*

Elk wurk dat ferskynt fertsjinnet soarch en omtinken. It jildt net allinne de rige Fryske Modernen. Sille boeken goed rinne, dan moatte alle debuten, nee, alles wat ferskynt, mei fjoer en faasje lansearre wurde. De lêzers moatte derop ôf fleane.

Net sa lang lyn kaam it debút fan Durk van der Veen út: It tal mooglikheden is sawat ûneinich, in bondel ferhalen. It is sneu foar Durk van der Veen, mar de lju dy’t syn boek propagearje moatte – útjouwerij Venus – bedriuwe antypropaganda. Út har ynformaasje op www.venusboek.nl meitsje ik nammentlik it neifolgjende op:

1. Durk van der Veen kin net skriuwe

2. Durk van der Veen is in ferskriklike eamelkont.

Ik basearje dy konklúzjes op it ferhaalfragmint út it ferhaal ‘In sekuere wiidweidige en útlis’ op de webside fan Venus. It sitaat dat dêrop stiet is te lang om hjir op te nimmen, dêrom in sitaat út it sitaat:

 ‘‘In ynsjoch dat myn libben net feroarje soe, sei er, want hysels libbe al jierren nei dat ynsjoch, sei er, en faaks wie it ynsjoch, dêr’t hy yn prinsipe al jierren nei libbe, him just omdat hy dat die hommels en as wie it it natuerlik ferrin fan de dingen oerkommen, om sa mar te sizzen, sa’t er sei.”

Komt allinne yn it hjirboppe oanhelle stikje it wurd ‘ynsjoch’ al trije kear foar, yn it oarspronklike sitaat op venusboek.nl is dat acht kear, boppedat tel ik fjouwer kear ‘teory’ en der binne hast tritich farianten op it tiidwurd ‘sizze’. Of der yn de literatuerteory in namme foar dizze styl is, kin my net safolle skele; ik neam it: eamelje. Want, al drukt it geseur de titel, ‘In sekuere wiidweidige en útlis’, hiel sekuer út, ik wurd der, earlik sein, dea- en deawurch fan.

De measte skriuwers – en de lêzers mei har – hawwe al lang lyn útfûn dat in libben, meinimmend boek, of in ferhaal dêr’t men as lêzer jin yn bejaan kin, bestean moat, of foar fierwei it meastepart bestean moat, út spannende ynformaasje, in treflike styl en in fernimstige struktuer. It ferfelende fan in soad werhellings is gauris, dat de ynformaasje net nijsgjirrich en net ynformatyf en dus oerstallich is. Nei ien kear ‘sei er’ wit de lêzer wol dat der wat sein wurdt. En as de ik-persoan al jierren nei in bepaald ynsjoch libbet, leaust daliks dat er libbet nei dat ynsjoch. Al dy werhellingen bringe de lêzer neat fierder en kinne dus likegoed weilitten wurde.

Wêr’t it my om giet, is: wêrom kiest de útjouwer krekt in beroerd eintsje út it boek om mei foar de hearen te kommen? Wêrom wurdt Durk van der Veen presintearre as in man dy’t net skriuwe kin, dy’t ûnynteressante werhellings oaninoar riuwt?

Oer de ynhâld fan it boek lit de útjouwer ûnder mear witte: “Hy (Van der Veen) besiket lykas syn grutte foarbyld op dit mêd, Thomas Bernhard, om in brêge te slaan nei it numerike stelsel, de wiskunde en de logica. Dat sit him yn it beskriuwen fan mooglikheden. Bernhard skriuwt yn it Dútsk en wurket krekt as yn de wiskunde mei aksioma’s en dichotomyen. Hy wurket mei fergelikingen, tsjinstellingen, oerienkomsten, lytse ferskillen, útsonderingen ensafuorthinne, in foarm dêr’t de Dútske taal him lykas de Fryske goed foar lient.

Ja, wat moat ik my dêr by foarstelle? Is It tal mooglikheden is sawat ûneinich in soartemint fan rekkenboekje? Ynsjoch is ynsjoch, mar is dat krekt wat oars as teory? As de útjouwer ek noch oankundiget dat der sprake is fan in ‘soarte fan non-filosofy’ en in ‘lossteand bouwurk fan wurden en taal’ of (yn de folder fan It Fryske Boek) in ‘bolwurk fan wurden en taal’, wat is it dan: in lossteand bouwurk of in bolwurk? Hinget de brot mei al dy aksioma’s en dichotomyen as los sân oan elkoar? Dàt is de yndruk dy’t it stikje ynhâldsbeskriuwing jout. Geane de ferhalen ek noch earne oer?

Is it no wier sa slim om in flitsend stikje proaza te skriuwen dat jin nijsgjirrich makket nei de ferhalen fan Van der Veen?

En oars binne der dochs tekstskriuwers yn te hieren?

neibouwe

It boppesteande giet mear oer de promoasje as oer it boek. Hie de útjouwer net oer de wiskunde en oer Thomas Bernhard begûn en in oar sitaat naam, dan hie dit in gâns oar besprek wurden…

Yn It tal mooglikheden is sawat ûneinich wurdt coke snúfd, sûpt en der wurde pornofilmkes sjoen, ek huorren spylje geregeld in rol. Tige ferfrissend! ‘De stille’, ‘Keimpe’, ‘De kluzener’ en ‘Fata Morgana’ binne prachtich. Yn ‘De stille’ docht de ferfrjemdzjende wize wêrop’t de kollega dy’t noait wat seit observearre wurdt, tinken oan it wurk fan Franz Kafka.

Fan in tal ferhalen befrediget de ein net alhiel, net om’t der wat te rieden oerbliuwt, mar om’t it as lij wetter yn ‘e goatstien fuort rint en ferdwynt. It jildt ûnder mear foar ‘Dat koe ik net witte’, ‘De weiwurder’ en ‘Simmerjûn’.

Ik soe sizze dat de plot net hielendal doocht, of hielendal net doocht, mar útgeande fan it aksioma ‘in bolwurk fan wurden en taal’, doge de ferhalen al wer. Komt der lykwols in kritikus, dy’t mient dat in ferhaal net hielendal doocht, of al hielendal net doocht, sa’t er seit, sil ik mar sizze, kin de útjouwer altyd sizze, no frou Schotanus – of mynhear Veenbaas, Bottema of wa ek, dêr wol ik ôf wêze – dàt ha jo ferkeard begrepen, as ik it sa even sizze mei, it giet hjir om in ‘bolwurk fan wurden en taal’, om sa mar te sizzen, dat soenen jo dochs begripe moatte, soe ‘k sizze.

It is yn dizzen dus gjin grutte keunst om oarmans styl oer te nimmen. Yn nochal wat ferhalen binne soksoarte werhellings prominint oanwêzich. Van der Veen komt sa wol hiel ticht by syn grutte foarbyld, Thomas Bernhard. Mar der is in grut ferskil: wat Bernhard docht is funksjoneel, by Van der Veen is soks net altyd it gefal. It folgjende sitaat, yn oersetting, komt út Bernhard syn roman Der Untergeher (1983):

“Ik koe ommers werklik sizze, dat er dan wol hiel ûngelokkich yn syn ûngelok wie, mar hy soe noch ûngelokkiger west ha, as er staf oer nacht syn ûngelok ferlern ha soe it him fan it eine momint op it oare ôfnommen west ha, wat wer in bewiis wêze soe, dat er eins hielendal net ûngelokkich wie, mar gelokkich, en wol krekt troch en mei syn ûngelok, tocht ik.”

Der is in dúdlik ferskil mei Van der Veen. As Bernhard “wurket mei fergelikingen, tsjinstellingen, oerienkomsten, lytse ferskillen, útsonderingen ensafuorthinne”, ûntstiet der hieltyd wat nijs. Troch te skowen mei it wurd ‘ûngelok’, konkludearret Bernhard, dat syn personaazje eigenlik it ûngelok nedich hat. Yn Der Untergeher geane sokke redenearrings ta yn it ûneinige troch. Nei in lang ein oer it ûngelok fan de mins, wurdt alles yn ien útspraak gearfette, wêrnei’t in tal siden lang yngien wurdt op it begryp aforisme; fia de filosofy komt de ik-ferteller úteinlik by it misferstân út.

Yn ‘In sekuere wiidweidige en útlis’ fan Van der Veen lit de haadpersoan in Jehovatsjûge binnen, net om syn/har relaas oan te hearren, mar om syn eigen ynsjoch kwyt te kinnen. Dat op himsels is in prachtich gegeven, de titel past de brûkte styl, mar, oars as by syn grutte foarbyld, ha de werhellings op it nivo fan de betsjutting fan tekstfragminten mar komselden in mearwearde. Dat is net it gefal binnen it oanhelle sitaat (dat oer it ynsjoch) en yn de ferhalen as gehiel sjoen likemin.

Út en troch wurket dizze styl, mar gâns oars as op it nivo fan betsjutting. By Bernhard ferskoot dy, by Van der Veen net. Soms leit de funksje àl yn it dom oerkomme litte fan personaazjes, lykas de plysje yn ‘De weiwurder’. Yn ‘Fata Morgana’, oer in skriuwer dy’t it net slagget en skriuw in boek, drukt de Bernard-styl it proses fan net-ta-resultaat-komme-kinne út. It giet by Van der Veen dus earder om ‘hoe’t it útwurket’ as om ‘wat it betsjut’. Dat hat soms in wearde op himsels, tige grappich is it út en troch ek, mar meastentiids is it gewoan steurend. De hegere wiskunde dêr’t útjouwerij Venus de ferhalen mei op ‘e merke bringt, kin ik der yn elts gefal net yn ûntdekke.

Yn Der Untergeher komt gauris ‘tocht er, tocht ik’ of ‘sei er, tocht ik’ foar. Ek by Bernard is it (my) wolris wat tefolle fan it goeie. Lykwols, yn it gefal fan Der Untergeher giet it om útspraken en tinzen fan Wertheimer, de freon fan de fertellende ik-persoan. Dizze Wertheimer hat himsels tekoart dien. Yn ien lange, trochrinnende monolooch (sûnder alinea’s) giet de ik-figuer nei hoe’t Wertheimer wie, hoe’t er tocht, wat de ik-persoan der sels fan fynt en hoe’t de ûnderlinge relaasjes wienen. It ‘sei er, tocht ik’ drukt yn dizzen út dat it om de ‘ik’ syn oantinkens en ferûnderstellings giet.

By Van der Veen dêrfoaroer giet it om steurende oerstallichheden.

Yn ‘De weagen fan de nacht’ boartet de haadpersoan, of de skriuwer – wa sil it sizze – mei it gegeven oft de haadpersoan ek de skriuwer is en oft dat dan Durk van der Veen is:

“(…) Myn skriuwer skriuwt my. Hy docht fierders net folle. Hy skriuwt allinnich mar. Oer my en myn libben. Fandatoangeande moat ik it wurk dwaan. Ik belibje de dingen dêr’t hy oer skriuwt. Sels belibbet er hast nea wat. Neat om oer nei hûs te skriuwen.”

Prachtich! It is ien fan de bêste ferhalen fan de bondel.

Van der Veen is absolút talintearre, al is it gjin pree dat in skriuwer tefolle op syn foarbyld sylt. Seker net as er it sels wol kin.

Yn guon gefallen hie de skriuwer wat better oer de ein neitinke mocht, want foar it measte is it no wat in spultsje fan it iene ear yn, it oare wer út. Alteast, sa wurket it foar my. Oft it foar jo ek sa is, kin ik net witte. Dêrfoar moatte jo it boek sels keapje. Dan witte jo it ek. Of net. Je witte it mar noait.

—————————-

* ‘In miste kans’ ferwiist nei in polemysk stikje fan Trinus Riemersma, te finen op www.myneigeneker.nl/Lestenijs.htm. Dêryn levert Riemersma krityk op de promoasjefolder foar Prospero fan Nyk de Vries, it earste diel yn de rige ‘Fryske modernen’.