Eelkje Tuma, Paadwizer

In boek yn in boek as paadwizer

Eelkje Tuma, Paadwizer, 2009, Útjouwerij Fryslân, ISBN: 978-90-78559-25-2

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

tuma paadwizerPaadwizer, nei Leafste Lea (1996) Eelkje Tuma har twadde boek, ferskynde dit jier yn ’e rige Fryske Modernen. Modern is yn alle gefallen it omslachûntwerp fan Jelle Post. Lang kinst der lykwols net nei sjen: it strakke swartwite geometryske patroan wimert jin foar de eagen. Fan ferskillende kearnen út wei rinne tal fan linen dy’t op oare plakken wer by elkoar komme; al mei al hat it wat wei fan in doalhôf: de ferbylding fan in syktocht. LC-kollega-resinsint Jetske Bilker riedt de lêzers oan it boek net fan foar nei achter te lêzen, mar wiist harren in oar paad. Soe de lêzer har goerie folgje moatte?

Paadwizer spilet him ôf yn it noarden fan Sweden. De haadpersoan, Marike, is dwaande in roman fan de Sweedske skriuwster Linn Matsson oer te setten. Se reizget nei Sweden om dêr mei har oer te oerlizzen. It is wat in ferlechje, want Marike is swier en wit net oft it bern fan har freon is of fan de man fan har bêste freondinne. Se giet op reis om nei te tinken.

hoe wie it ek wer?

De haadstikken oer Marike wurde ôfwiksele mei stikken út ‘Tur’, Linn Matsson har boek. Sitst krekt mei kop en earen yn Marike har belibbingswrâld, komt it ferhaal fan Lena, de haadpersoan fan ‘Tur’, der tusken. En oarsom. Foar wa’t it noch net lêzen hat: by de struktuer fan Paadwizer giet it perfoarst net om twa perspektiven op ien en deselde sitewaasje, yn prinsipe soenen de ferhalen los fan elkoar lêzen wurde kinne. By elke wikseling kniperst even mei de eagen – hoe wie it ek wer? –  en moat it ûnhâld even opskerpe wurde foardatst omskeakelje kinst.

Ik ha it net dien, mar op in stuit krige ik dan ek de oanstriid om út en troch in pear siden oer te slaan en sa earst it iene en dan it oare ferhaal te lêzen. It is yn alle gefallen in bewiis dat der in sadanige spanning yn brocht is, datst fan beide skiednissen witte wolst hoe’t se ôfrinne sille. Ik bin lykwols bliid it boek gewoan fan foar nei achter lêzen te hawwen, want ast de ferhalen apart lêze soest, dus earst de haadstikken oer Marike en dan de stikken út ‘Tur’, mist de kwintessens.

lêsadvys…

‘Dat om en om fertellen wurket betiizjend,’ skriuwt Jetske Bilker yn har resinsje fan 10 july. Sa’t ik al ferdútst ha, bin ik mei har iens dat de struktuer betiizjend wurket, mar dat jildt perfoarst net dêr’t it om it advys oan de lêzers giet dat Bilker oan har opmerking ferbynt: ‘Better kin men de ferhalen apart lêze; dêr hat de roman sels net fan te lijen.’

It gefolch fan Bilker har lêsstrategy is dat sy krityk op Paadwizer jout dy’t der hielendal net ta docht. Ut har resinsje docht bliken dat Bilker graach witte wollen hie wêrom’t Marike uteinlik foar it bern dat se ferwachtet kiest. ‘Wierskynlik gewoan omdat de frucht al in feit is’, skriuwt se. ‘It bern sels wiist har it paad. Dat is op himsels al in hiel plausibele redden, mar yn de roman wurdt it net ûnderboud.’ Sa is it mar krekt, it wurdt net ûnderboud want de fraach oft Marike it bern miskien mar better fuorthelje litte kin, spilet yn Paadwizer absolút gjin rol.

Wa’t Marike har ferhaal apart fan dat oer Lena lêst, lêst in boek dat Tuma net skreaun hat. Wichtichst yn it boek binnede ferskillen en oerienkomsten yn de noarmstelsels binnen ferskillende mienskippen: dy fan de strang leauwige, laestadianistyske mienskip yn it Sweedske doarp yn ’e jierren sechtich/santich en wat dêr fan oerbleaun is, dy fan de kristlike op it Nederlânske plattelân yn itselde tydrek tsjinoer dy dêr’t Marike troch har hippy-mem mei grutbrocht is. Hoe om te gean mei har freon Hylke, de hûchelerij fan manlju as it om seksuele noarmen giet, de natuer, it libben yn in doarpke boppe de poalsirkel, it leauwe: Paadwizer giet oer fan alles en noch noch wat, mar beslist nèt oer Marike har kar de frucht fan har slipperke al of net te hâlden.

paadwizers

It idee fan in ‘paadwizer’ sit yn ferskillende eleminten, mar yn ien ding net: de frucht yn Marike har skoat spilet as sadanich gjin inkelde rol.
Sa is it it boek yn it boek –  ‘Tur’ – dat har gids foarmet yn ’e kar dy’t se te meitsjen hat (mar dy’t úteinlik foar har makke wurdt as har freon Hylke har yn ’e steek lit). It binne ferskillende ferhalen oer ferskillende froulju yn ferskillende sitewaasjes, mar mei soartgelikense ûnderfiningen kin it iene net sûnder it oare.
Yn it earste haadstik, yn ’e trein ûnderweis nei Luleå, moetet Marike in frou, Nelly, dy’t se oer it doel fan de reis fertelt:

‘Moai, dan kinne wy it lêste ein moai fan it lânskip genietsje. It is werklik prachtich mei dy sniebedutsen beammen. Krekt as yn it boek fan Linn Matsson, dat ik oan it oersetten bin. Kenne jo dat boek misskien?’
Nelly ferslokte har yn ‘e hite tee. Doe’t se eefkes letter bekommen wie fan it kocheljen. sei se: ‘Bedoelst ‘Tur’? (…)’
‘Ik freegje my ôf oft it boek autobiografysk is.’
‘Gjin idee.’
‘Ik bin sa nijsgjirrich nei de skriuwster. Ik sil har treffe.’
Nelly reagearre net. Se stoarre nei bûten, snute de noas en kochele nochris. Dêrnei goaide se de sûkerklontjse yn de tee en rearde omraak. (…)

De achtergrûn fan Marike har fraach oan skriuwster Linn Matsson oft ‘Tur’ autobiografysk is, wjerspegelet har eigen sitewaasje en dat is de haadreden dat se mei har prate wol. Yn it boek dat se oerset werkent Marike har eigen sitewaasje, de achterlizzende reden fan har winsk om Linn te treffen. Ek Lena yn ‘Tur’ blykt nammentlik nei in aventoerke yn ferwachting rekke te wêzen. As de moeting tusken Marike en de skriuwster lang om let syn beslach krijt, komt Marike dan ek gjin inkeld oersetprobleem yn it sin, mar bringt se, yn de  hoop rie en stipe te krijen, daliks op it aljemint dat se yn ferwachting is. ‘Myn boek is in ferhaal’, stegert Linn har lykwols ôf en dêrmei wegert de skriuwster Marike har paadwizer te wêzen.

It idee fan in paadwizer sit ek yn de rol dy’t har freon Hylke yn Marike har libben spilet. Hy hat altiten dejinge west dy’t foar har de beslissingen naam. By wize fan ‘ferrassing’ – mar feitlik omdat er poer is dat Marike him bedondere hat – reizget er har achternei. As se tegearre in kuier troch de bosk meitsje, reitsje se elkoar kwyt. Marike doarmet allinne yn ’e snie om, sûnder ‘paadwizer’. It is der de foarboade fan dat har freon har yn ’e steek litte sil. ‘Hylke keas foar in oar. Se wie allinne, oan harsels oerlevere. (…)’ (s. 207)

Oan ’e ein fan it boek (s. 209) reizget Marike werom nei Nederlân. Op it stasjon treft se de Nelly út it earste haadstik (sjoch sitaat) foar de twadde kear. No wol ik fan de ynhâld net alles priis jaan, mar it komt derop del dat dizze frou yn sekere sin te krijen hat mei de skiednis fan Lena yn ‘Tur’. Soks kin men lykwols net witte at men Bilker har ‘goerie’ om de ferhalen apart te lêzen opfolget. De skiednissen gripe nammentlik soarchfâldich yn elkoar en folle elkoar oan. Paadwizer is in boek oer de wrakseling fan froulju mei noarmen en ferwachtingen. In nocht om te lêzen: moai fan sfear en subtyl fan opbou.