Eppie Dam, Dingeman krijt wjukken

Dingeman krijt wjukken

Eppie Dam, byldwurk Gerrit Terpstra Afûk, 1999
augustus 2001

Dingeman kriget op in dei in fakânsje by de St. Landelijke Vakantie Voor Stadskinderen (SLVVS). It wurdt in hiele aparte fakânsje: hy bedarret by boer Joazef, dy’t in aparte stoel makke hat. Ast op dy stoel sitten giest komt der in ferhaal.

Ast as bern fan boeken hâldst komt der in tiid, dat de measte boeken gjin plaatsjes mear ha. It earste dat ik sels noch altyd doch as ik in boek yn hannen krij is it troch bledderje om te sjen of der ek plaatsjes yn stean. Dit boek hat mear as tritich platen út de sammelboeken fan boer Joazef (Gerrit Terpstra). Der binne tekeningen fan dingen dyst kinst, lykas griente en tekeningen fan de frjemde masines lykas de klimkalefater of de wjukkestoel. Der binne tekeningen fan gewoane dingen lykas hûzen, mar de hûzen ha dan wol gesichten en fan ferfiermiddels die ‘myn froulju’ neamd wurde.It lykje wol tekeningen fan Leonardo da Vinci, in Italiaanske keunstner die ek útfiningen die lykas fleantugen. Kinst dy? Ek fierders sjocht it boek der moai út mei in moai hurd kaft (ûntwerp fan Gert Jan Slagter): ek ast it boek in pear kear lêst en it útlienst oan dyn âlden en de buorren dan kinst it sa gau net stikken lêze.

De earste rigel ‘It saaiste hûs fan de stêd wie ús hûs’ makket dy daliks al nijsgjirrich hoe it fierder gean sil. It is san boek, datst stikem op bêd leist te lêzen ast eigenliks lizze moatst te sliepen. ‘Noch ien haadstik’ en dan noch ien en noch ien en noch ien, oant dyn âlden nei boppe komme en it ljocht gau út moat.

Yn it boek wurdt Dingeman troch in giele taksy nei Joazef brocht. Dingeman kin net sa goed mei syn mem, dat hy is wol bliid, dat hy in útnoeging kriget fan de SLVVS, de St. Landelijke Vakantie Voor Stadskinderen foar in wike tegearre mei oare bern op in buorkerij, wêrst as bern hielendal eigen baas bist. Der binne hielendal gjin oare bern, en Dingeman is der allinne mei Joazef, mei wie hy it goed fine kin. It docht in bytsje tinken oan de boeken fan Roald Dahl, wêryn de âlden ek meast net sokke besten binne. Dizze Joazef is útfiner en keunstner tagelyk. Ien fan de útfiningen dy hy docht is de wjukkestoel: as Joazef of Dingeman der yn sitten gean komt der in ferhaal. It binne prachtige ferhalen mei ek moaie fûnsten deryn. Sa is der it ferhaal oer ‘bazeskoalle de skjinne slaadkrop’: op dizze skoalle leare de leavehearsbistkes te hearsken, de baas te wurden. De leavehearsbistkes yn de klasse ha prachtige nammen; allegearre Fryske nammen foar it leavehearsbistke. Sa binne der sân ferhalen yn it boek. Elk ferhaal begjint en eindicht mei in plaatsje yn de kantline fan de wjukkestoel. It ferhaal begjint mei de wjukken fan de stoel iepen en as it ferhaal út is binne de wjukken wer omheech teard. Tusken de ferhalen troch belibbet Dingeman fan alles. Ien fan de ferhalen giet oer in wurchslang die sa ferlyfd is op in keal dat hy it keal wol opfrette kin. Nei dit ferhaal mei Dingeman mei Joazef mei om de ko Roosje ‘prate’ te litten mei Dominicus de bolle. ‘Binne se no ferlyfd?’ freget er oan Joazef. En fierders heart hy fan Joazef dat die wol ris ferlyfd west hat, mar dat hy no mear ferlyfd is op dingen as op minsken. It lêste ferhaal fertelt Dingeman sels, mar dit ferhaal wurdt fertelt op in stoel mei tichte wjukken. It is it ferhaal fan Dingemans ferbliuw by Joazef. Dingeman soe der fansels wol wenjen bliuwe wolle. Net allinne omdat hy Joazef aardich fynt, mar ek omdat hy it der sa goed prate kin mei de bisten en de stiennen en omdat er op souder en yn de skuorren san soad nijsgjirrige dingen binne om te ûntdekken. Dat soene alle bern wol wolle!

Der is in soad te ûntdekken yn dit boek wat ik hjir net allegear út de doeken dwaan wol. Ek letter noch, miskien asto it ienris foarlêst oan oare bern, silst noch nije dingen ûntdekke. Bern die fan de boeken fan Joke van Leeuwen, Roald Dahl, Jostein Gaarder of Astrid Lindgren hâlde sille ek fan dit boek genietsje. ‘Dingeman krijt wjukken’ heart dan neffens my ek by de wrâldsberneliteratuer en fertsjinnet dermei de Simke Kloosterman-priis terjochte. Spitich allinne dat wy yn Fryslân gjin prizen ha foar de ôfbyldingen. Foar Nederlânsktalige berneboeken ha we ommers neist de ‘Gouden griffel’ ek it ‘gouden penseel’.