Eric Hoekstra, Kening fan ’e junks

de lust nei jild en macht fan in trochtrape bedrager

14 augustus 2007
Eric Hoekstra, Kening fan ’e junks

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

hoekstra kening fan de junksNeist syn taalkundige publikaasjes skriuwt Eric Hoekstra hiel wat ôf: aforismen, fersen, kollums en resinsjes. Yn boekfoarm ferskynden: Dat zijn nou typisch Friezen (1997),in boekje foar ‘xenofoben’ yn de rige ‘Dat zijn nou typisch…, yn 2000 folge De floeibere bân : kronyk fan in dichterslibben, gedichten foarsjoen fan in taljochting op de teksten,en twa jier letter Yn ‘e fal fan jûn, in dichtbondel dy’t Eric Hoekstra tegearre mei Eeltsje Hettinga ûnder de skûlnamme Hu Thung Song skreaun. Fierder kamen, begjin dit jier, in tal aforismen fan him út. Wierskynlik hat er mei syn earste boekje oant no ta noch it measte sukses hân, it leit noch hieltyd yn de etalaazjes.

Wat it dichtwurk oanbelanget bleau it by ien eigen bondel. Mear ferneamd is Hoekstra, mei Dat sei Zarathustra en Oarekant goed en kwea, as ferfrysker fan it wurk fan Friedrich Nietzsche. Oersette is in tekst yntegraal lêze, dan rigel foar rigel besjen, wurdboek derneist. It kin in útdaging wêze om betsjutting, styl en toan fan de boarnetaal yn de doeltaal te bewarjen, men leart in tekst noait better kennen as troch dy oer te setten, mar oersette is ek in foarm fan boekhâlde, krekt sa lang puzzelje oant it goeie wurd op it goeie plak stiet. En it is benammen: tiid stekke yn oarmans ideeën.

Fierder hat Eric Hoekstra yn 2002 noch in blaumoandei meiwurke oan Eeltsje Hettinga syn ‘nachtbraakboek’ op kistwurk. Dêryn skreau oer syn wurk op de akadeemje, mar hy skrille tebek en al gau ferdwûnen de teksten wer fan it net. Letter hie de skriuwer in skoftsje in deiboek op in weblog wêr’t de lêzer benammen fêtearre waard ferslaggen oer de stoelgang. Ik soe net meat witte oft de literator no al of net alle dagen efterút koe, op ynhâld siet der yn elts gefal gjin byt oan. Hoekstra hold it net lang fol, mar yn 2006 sette er op ’e nij útein, diskear op farsk, mei it weblog fan in spindokter / taalkundige / taalkeunstner. Nei in moanne as wat rûn it log stomp yn it opneamen fan feitsjes – wa’t allegear wol net del kamen doe’t er, yn april, in wike as Diogenes yn in tonne libbe – en hold er der wer mei op. Spitich, want op himsels sieten der prachtige stikken by, seker yn it begjin.

Oar wurk bleaun yn it laad lizzen. Sa waarden oait in berneboek en science-fiction oankundige, mar it kaam der net. Ferrassend is dan ek dat Eric Hoekstra lang om let dochs syn proazadebút makket: Kening fan ’e junks.

Lykas yn de bettere stikken op syn log docht ek hjir bliken dat de kombinaasje fan maatskippijkrityk, aforismen en koartswyl syn sterkste punt is.

It ferhaal

spilet yn Grins en giet oer in trochtrape bedrager. Under in falske namme – Jacques Deumert, dy fan ien fan de sollisitanten – krijt de haadpersoan, Desiderius, in baan as direkteur fan in wolwêzensynstelling, in opfangsintrum foar junks. Hy wit presys wat minsken hearre wolle, nimt har jargon oer en sa wynt er, mei in flotte babbel, elkenien om de finger. Hy bedondert froulju, stelt in beurs fan in junk, lit de oar der foar opdraaie en ferfalsket brieven. Salang as it kin profitearret er fan de sitewaasje dy’t er sels skepen hat en as de moard út komt, slacht er op ’e flecht. It ferhaal begjint dermei dat er in wâd ûnder de reet krijt fan in frou dy’t derachter komt dat sy net de iennichste is dêr’t er de nacht by trochbringt. Direkteur bliuwt er ek net, nei in healjier komt de moard út.

Al wurdt it boekje in skelme‘roman’ neamd, psychologyske ûntjouwing is folslein ôfwêzich. Al in moraal: In smjunt bliuwt in smjunt, want as it allegear misbeteart, wachtsje Desiderius… nije aventoeren!

Taalkeunstner

neamt Eric Hoekstra – altyd like beskieden – himsels op syn log. ‘Taalbetûft’ soe lykwols better op syn plak wêze, want al hat er sûnder mis in flotte, heldere en boeiende styl fan skriuwen, it ‘keunstige’ sit him earder yn de ynhâld as yn de betsjoenende bylden. Wol lit de skriuwer sjen dat ‘geef Frysk’ hiel goed tegearre giet mei ferfrysking fan nije wurden wylst oare ymportwurden gewoan stean bliuwe. ‘Doe’t er justerjûn dy fantastyske chick en in bêd foar de nacht skoard hie, tocht er dat er wol foar in pear moanne ûnder de pannen wêze soe.’ Op de iene rigel wurdt ‘rydboske’, net rille, in eintsje fierderop bliuwt de ‘skyline’ yn it Ingelsk stean. Op in hiel natuerlike wize wurde ek wurden dy’t minder faak brûkt wurde tapast. Plodzich? Ik soe net witte wat it betsjut, mar as ien in plodzige kop hat, tsja, dan ûntstiet der in byld.

Kening fan ’e junks is in grappich, satirysk ferhaal, al is it op guon plakken krekt wat te langtrieddich, bygelyks as beskreaun wurdt hoe’t brieven ûnder falske namme skreaun wurde. Typysk ‘Hoekstra’ is dat de haadpersoan hearlik ynkorrekt tinkt. Yn syn libben jildt mar ien driuw. Of eins twa: seks en jild. Froulju wurde brûkt, ‘earst do by my yn it ear en dan ik by dy’, earst it ‘frouljusgeouwehoer’ oanharkje, dan de seks. Foar al it oare binne it stoephoeren, dieetskraitsen of útdroege mummy’s. Manlju komme der trouwens net folle better foarwei: it is humorleaze kale neet, sloppe sopstingel of kliemske koeke. Of ien krijt it ‘ôftrainde oansjen fan in sunige boekhâlder’, de konsjerzje is ‘it prototype fan de âlderwetske sosjalist’, de adjunktdirekteur dat fan de ‘rattelende sosjolooch’. De karakters binne like iendimensjonaal as de typearrings plat.

Dêrfoaroer stiet de haadpersoan, in earsten klas narsist, ‘waans fynfielige estetyske ynslach griisde fan alle ûnsjoggens’ dy’t ‘him mar mei lijen konformearje koe oan ’e saaie klaaigewoanten fan ’e Nederlânske boppelaach, dêr’t er himsels in foaroansteand lid fan achte te wêzen’, as er in foto fan himsels yn ’e krante sjocht, it ‘prachtich prachtich’ fynt. ‘Wat stiet er der moai op. Myld en dochs beret.’ (resp. Side 20, 31, 96).

‘In krante lês ik net,’ seit er. ‘Ik betelje net foar in oar syn foaroardielen.’ Hy lêst allinne de Spits, en komt dan ek ta observaasjes oer de maatskippij dy’t allike orizjineel as simpel binne. Dizze bygelyks: ‘Der moat wat mienskipliks wêze tusken earm en ryk. Earst wie dat nasjonalisme. Heitelânsleafde. De striid tsjin de Dútsers joech ús in mienskiplik ideaal. Troch de heitelânsleafde en de striid foar de frijheid wie der solidariteit. En dy is no weiwurden. De earmen stekke de riken de gek oan. En de riken slute har op yn har paleizen.’ (s. 86) Djip dolt it allegear net, it bliuwe maklik ûnderút te heljen simplifikaasjes, mar elk stjonkt deryn en dat is genôch.

Klasseferskillen – of krekt it ûntbrekken derfan – blike trouwens geregeld in hot item yn it tinken fan de haadpersoan. Ien foarbyld, oer de trije dwaze dichters dy’t ynskeakele wurde as bestjoersleden foar de Stifting Ekonomyske Leafdiedichheid, dekmantel foar louche praktiken: ‘En likegoed krigen se fia Desiderius mear as se fan ’e sosjale tsjinst krigen.’

desiderare

Foaryn it boek stiet hiel eksplisyt ‘Alle persoanen en foarfallen yn dit ferhaal binne fantasy.’ Ik leau net dat der wat yn stiet dat wa dan ek skea dwaan kinne soe. Nimmen stroffelt oer, bygelyks, in nammeferhaspeling fan in nijspresintatrise. Dus wêrom soe Eric Hoekstra himsels yndekke? Hoe komt er oan syn stof?

De haadpersoan, Desiderius Huizinga, hat in tal skaaimerken krigen dy’t de histoarikus Johan Huizinga beskreau yn syn biografy oer dy oare Desiderius: Erasmus, de skriuwer fan Lof fan de Healwizens, dat, oerset troch P.W. Brouwer, troch elfelf, de stifting dêr’t Eric Hoekstra de foarsitter fan is, yn it Frysk yn it ljocht jûn waard.

Desiderius komt fan desiderare, winskje, en betsjut dus ‘de gewenste’. Erasmus wie it bern út in ûnwettich houlik, yn de namme dy’t er oannaam jout er oan dat er in winske bern wie. Ut de biografy fan Huizinga (Erasmus, deoarspronklike edysje is fan 1924) komt er nei foaren as in wat idele moaiprater dy’t oan de ien dít skreau en in oar dát om by elkenien yn in goed boekje te kommen. Bekjeflaaie en sjerpstrike om, as er oan reapsein wie, by oaren jild los te krijen. Erasmus wie in man dy’t it, wêr’t er ek kaam, slagge en nim minsken foar him yn, in skaaimerk dat de haadpersoan fan Kening fan ’e junks perfoarst mei him dielt. Want, nettsjinsteande al syn bedragerij, syn politike ynkorrektens, syn hâlding tsjin froulju oer, as lêzer wol men jin noch wolris oan in aventoer fan him weagje.

Ek wat wurkwize oanbelanget, is wol in ynhâldlike link mei Erasmus te lizzen. Yn Lof fan de Healwizens is it de sot dy’t de gek beslacht mei minsken dy’t har eigenbelang neijeie. Mar al is Desiderius hjir sels dejinge foar wa’t allinne it eigen belang jildt, lykas yn Erasmus syn wurk, wurde it boekpersoanaazje útspraken yn ’e mûle lein dy’t moai ticht by Hoekstra sines lizze… Krekt dizze namme kieze – Desiderius Huizinga – is dus in geniale set. It jout it boekje krekt de yntellektuele ynslach dy’t it nedich hat. It is in typysk Hoekstra-ferhaal, mei typyske Hoekstra-mieningen en útspraken sa’t dy ek yn syn logbydragen, resinsjes en kollems te lêzen binne.

De plot

is moai betocht, it binne de junk en de frou út it begjin fan it ferhaal dy’t Desiderius troch in foto yn ’e krante lang om let werkenne as bedrager. In fraai staaltsje fan ijdelheid komt voor de val. Toch is it net net al te oannimlik dat immen dy’t oeral yn en by sit, net al folle earder ûntmaskere wurdt. Oeral wurdt ommers rabbe. Hoe kin it dan dat de wiere Deumert noait opstiet? No soe ik dit noch wol troch de fingers sjen kinne mar dat immen yn in hege funksje ûnder in oar syn namme by in burokratyske ynstelling wurket, wol der by my net yn. Klearebarre fantasy moat op realistyske punten al doge. Nei it earste diel – de sollisitaasje – wurdt in sprong yn de tiid makke. Desiderius is al in healjier oan it wurk. Lêst fierder mei it idee ‘dit kin hielendal net’. De bedragerij stekt goed ynelkoar, op ien ding nei…. By in nije wurkjouwer wurdt nammentlik om in kopy fan it identiteitsbewiis frege. Mei foto.