Eric Hoekstra, Libje goed

de tonne as in hol fet

19/10/2007
Eric Hoekstra Libje goed / op nei de tonne, Utjouwerij Bornmeer
ISBN: 9789056151737

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

hoekstra libje goedYn neifolging fan de filosoof Diogenes libbe Eric Hoekstra, ein maart/begjin april, in wike yn in tonne. Mei dizze fyt waard omtinken frege foar de moanne fan filosofy en de tonne stie dan ek by boekhannel Van der Velde op ’e Nijstêd. Doel wie sjen te litten datst net in soad noadich hast om libje te kinnen, útsein boeken fansels, en dy koe de ynteressearre besiker fansels keapje by… Van der Velde.

Om it tonne-aventoer hinne waarden in tal eveneminten organisearre, ûnder mear lunchpetearen en in sympoasium. Op ynternet hat Hoekstra op syn “weblog fan in spindokter / taalkundige / taalkeunstner” it hiele aventoer en de oanrin nei it barren sels byholden. In seleksje fan de bydragen, fan 1 jannewaris ôf, is no ûnder de titel Libje goed / op nei de tonne ek yn boekfoarm yn it ljocht jûn.

It log op ynternet sette ein oktober al útein, in tal stikken is dus fuortlitten. Dat kin in praktyske reden hân ha, it boek hie miskien te tsjok wurden. Mar by dy omisjes is ek (sels)sensuer tapast. Hjir en dêr binne stikken ynkoarte en it stik ‘Hoe fatsoenlik selsmoard te plegen ofwol hâld jo oan de rjochtlinen fan de EU’ wêrby EU stiet foar Ynstitút foar Auto-Eutanasy dat 4 jannewaris ferskynde, is hielendal fuortlitten. Dizze bydrage einige mei de tip “Spring dus net foar treinen. In pear hûndert forinzen komme dan ommers in oere letter op it wurk, en dat kostet de mienskip miljoenen. Wês fatsoenlik. Hannelje jo libben (of men kin better sizze: jo dea) ôf fia de EU.”

Yn it parseberjocht dêr’t it tonne-aventoer yn oankundige waard stiet dat Eric Hoekstra ‘Taalkundige, filosoof en Nietzsche-vertaler’ is. It projekt krige rom omtinken, ek fan de ynternasjonale media, en dêrby waard, yn neifolging fan it parseberjocht, it predikaat ‘filosoof’ troch elkenien yn de berjochtjouwing oernaam. Blynlings. Wa’t lykwols ferwachtet dat Libje goed in filosofysk wurkje is, komt bedragen út. Hoekstra is – neist taalkundige en Nietzsche-oersetter – in learde, op aforismen en one-liners ôfjage wiisnoas, mar hat gjin filosofyske wurken op syn namme. It giet om koart-om-’e-hoeke mieninkjes en dat is ek te merken yn Libje goed. Yn in bydrage fan likernôch twa siden hat Eric Hoekstra gauris fiif of seis ûnderwerpen by de kop en dat betsjut dat it nearne djip dolt.

Op 1 maart bygelyks komme de folgjende items op it aljemint: in kampagne foar in universiteit yn Ljouwert, Melvin fan Eldik, de útjefte fan Hoekstra syn aforismen, it gearfetsjen fan Hoekstra syn tinzen yn ien wurd (nammentlik: aventoer), en yn it ferlingde dêrfan, de kar fan jins aventoer. Oer it hoe en wêrom fan dy Fryske universiteit bygelyks krijt de lêzer neat te hearren, it bliuwt by eefkes oanstippe en, hup, folgjende ûnderwerp. Wat neieroan as it tonne-ferhaal komt, wat minder Hoekstra te fertellen hat. It wurdt gauris in spultjes fan opneame wa’t by de tonne del west ha, op syn bêst krijst noch te hearren wêr’t oer praat is, mar dêr bliuwt it dan ek by. Hoekstra keapet in boek, bygelyks oer emoasjes. Dan skriuwt er: ‘In idee dat my al jierren dwaande hâldt, is it idee dat minsken òf oergeunst en meilijen as dominante emoasjes ha, òf bewûndering en ferachting.’ O. Hoe? Wa? Wêrom? Wittgenstein wurdt ôfdien as in ‘sjarlatan’ en in ‘new-Age-foar-profesjoneel-filosofen-type’. Selde lekken in pak, gjin inkele ûnderbouwing. De FNP hâldt in gearkomste yn de tonne, dus skriuwt Hoekstra: ‘(…) ik bin bearegrutsk dat wy dit mei-inoar oplosse kind ha.’ Dit? Wat? Der is hielendal gjin ‘dit’.

Eric Hoekstra hipt fan it iene ûnderwerp nei it oare mei as gefolch dat, lykas earder de ynternetferzje, ek it boekje op in stuit ferfeelt. Wol kin de skriuwer der moai bykomme, foaral as it oer himsels giet, en dat is dêr’t it ek allegeduerigen oer giet. In priuwke: Ik de yntellektueel dy’t it goeie foarbyld jout, ik mei myn izeren arbeidsethos, ik dy’t inkeld mar kwaliteitskranten lês, ik dy’t yn heger sfearen omhúsmanje, ik as straigt edge, ik ha ek safolle kanten, ik as jim tsjinner, ik as wolsteld man, ik as freon fan de wiisheid en it djippere, ik as postivo. Ik hâld mar op. As der boeken lêzen wurde giet it amper oer dy boeken, as der minsken delkomme, giet it net oer dy minsken en likemin oer de skriuwer syn relaasjes mei dy minsken. De lju binne der al, mar, sa liket it wol, Eric Hoekstra is der net.

Om koart te kriemen, al hat de skriuwer in hiele noflike styl fan skriuwen en kin hy der grappich bykomme, ik lies Libje goed allinne mar út om der in stikje oer te skriuwen, mar earlik sein, nei in side as fyftich hie ik it wol besjoen. Publisitêr sjoen wie it tonne-aventoer in prachtige fyt, wat Eric Hoekstra deroer te melden hat, is lykwols oars neat as hollerombom.

Eric Hoekstra einige syn weblog mei: ‘Myn ferstân seit dat ik grutsk op mysels wêze mei/kin/moat, omdat ik dit wûnderlike aventoer socht en belibbe ha, mar ik fiel it net.’ Miskien is dat wol mear wier as it sintsje dat dêr yn it boek noch oan tafoege is: ‘It foarspul wie fantastysk, de tonne in genot.’ Dat is wol hiel tsjinstridich mei de opmerking dy’t deroan foarôf giet. En miskien ek wol net wier. As lêzer fiel ik it nammentlik ek neat. Miskien hie de skriuwer net as kommersjele stunt yn syn fet krûpe moatten, mar hie er himsels diedwurklik, sûnder materiële saken mar ek sûnder it omtinken fan de media dei en nacht, op syn minst in pear moanne oanien, werom lûke moatten om werklik wat te ‘fielen’, en dêrmei wat oerbringe te kinnen dat werklik hout snien hie.