Feestlift, boekewikegeskink 2009

tûk as jo binne…

14-02-2009

Oer: Feestlift, fjouwer ferhalen fan anonime skriuwers, boekewikegeskink 2009. isbn 978 90 330 0826 9

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

Alle jierren krijt in skriuwer it fersyk it boekewikegeskink te skriuwen. Dit jier, 2009, bestiet de Stichting it Fryske Boek 75 jier, it jubeleum hat mei reden west om ris wat oars te betinken: in wedstriid, of better sein: twa, ien foar skriuwers en ien foar harren lêzers. It FB rôp skriuwers op om in ferhaal yn te stjoeren. It fersyk smiet fyftjin ynstjoerings op, in seleksje fan fjouwer derfan binne anonym opnaam yn it boekewikegeskink dat de namme Feestlift krige. Wêr’t op it omkaft, ûnder de titel, oars altiten de namme fan de auteur fermelde wurdt, stiet diskear: “4 mystery skriuwers” en it is oan de lêzer it mystearje op te lossen: “As jo,” sa meldt it foaropwurd yn de styl fan de jierren fyftich, “de fjouwer bekroande ferhalen fan Feestlift lêzen hawwe – mei nocht hoopje wy – sil it jo, tûk as jo binne, net swier falle de nammen fan de fjouwer priiswinners te rieden. Skriuw dy op de kaart dy’t yn it boek te finen is en win sels ien fan de boekepakketten troch de ynfolle kaart op te stjoeren (of mail nei ynfo@fryskeboek.nl).”

belêzen…

By de lêzerswedstriid giet it der net allinne om ‘tûk’ te wêzen, in foarwearde dy’t dêroan foarôf giet is belêzenheid. De opset fan dizze priisfraach giet út fan de ûnderstelling dat der in publyk is dat alles folget wat yn it Frysk ferskynt: alle sjenres, it literêre en it brede, fêstige auteurs likegoed as debutanten, sawol it kffb-boek as it mear eksperimintele wurk sa as troch, bygelyks, Bornmeer útjûn wurdt. Mar wa lêst noch alles? Nettsjinsteande it krewearjen fan de meiwurkers fan de jubileumfierende stichting, nimt it tal lêzers stadich werom.

Of falt it wat ta? By de iepening fan de Fryske boekewike yn 1953 – “gjin gala-joun mar ek gjin thébesite” – klage de doedestiidske foarsitter, L. Brandenburgh, ommers ek al. Ik sitearje, net allinne om de ynhâld, mar ek om it fraaie, opswypkjend propagandistyske taalgebrûk: “It kin gjin sprekken lije, noch altyd net. De Friezen keapje tomin Fryske boeken. Hja binne net genôch op har eigen eare as folk út. As it om boeken giet, hâlde hja it leafst de knoop op de ponge. Dochs der komt foroaring. Skriuwers en útjouwers sette troch, de parse fielt it greate belang fan hwat hjir dien wurdt. De eagen fan ús minsken sille iepen gean, as wy de kop der foar hâlde. Yn it Fryske hûs heart it Fryske boek, dat jildt net allinne foar de kommende wike, mar foar ús hiele takomst as folk.”

Twa kear earder hat der in priisfraach foar skriuwers èn lêzers west. Ek it boekewikegeskink fan 1949 wie nammentlik it resultaat fan in wedstriid: ‘It útsochte hânskrift sil leanne wurde mei in honorarium fan hûndert goune.’ Der kamen trettjin manuskripten binnen, en de novelle Trou ferskynde anonym. Fan de 416 ynstjoerders oan lêzerskant hienen 111 ret dat it Abe Brouwer syn wurk wie, ûnder har waarden twa grouwe prizen fan 25 en 15 gûne en in tal boeken ferlotte. Yn 1953 ferskynde De trijekaert mei dêryn, lykas no, ferhalen ûnder skûlnamme. Fan de 16 skriuwers dy’t meidienen waard it wurk fan Hein Faber, Geart Jonkman en Ria Postma-Stolk bekroand. Fan trije ferhalen riede wa’t it skreaun hat, bliek gâns lestiger as fan ien, boppedat wienen it sokke bekende skriuwers lang net as yn ‘49. Der wienen dan ek mar fiif lêzers dy’t de goede oplossing fûnen.

Hoe soe de prrisfraach anno 2009 ferrinne? Ik ha de yndruk dat it Fryske Boek it de lêzers nòch folle muoiliker makket as eartiids. Fjouwer is mear as trije en dy leste kear, yn ’53, stie in list mei de nammen fan dejingen dy’t in ferhaal ynstjoerd hienen achteryn it boekewikegeskink. Anno 2009 is dat net it gefal is, dus moat it publyk út in stik as santich skriuwers kieze. De list fan de auterus dy’t frege binne om mei te dwaan stiet op fryskeboek.nl. Op de webside is ek in hiel soad oare ynformaasje te finen, net allinne oer de boekewike, mar ek oer skriuwers en harren wurk en der is in agenda mei literêre aktiviteiten.

Hoe grut is it fermidden fan lêzers dat it wurk fan alle fjouwer goed riede kinne sil? In hantsjefol beropslêzers en sels dy net iens. Utsein miskien Wieke de Haan dy’t alle war docht om, as meiwurkster fan It Fryske Boek, safolle mooglik ynformative teksten oer boeken foar op de webside fryskeboek.nl te skriuwen, lêst neffens my allinne de resinsint fan de Ljouwerter Krante sa’n bytsje alle proaza. En de earste mei net meidwaan…

ferskaat

De sjueryleden ha út de ynstjoerde manuskripten fjouwer hiele ferskillende ferhalen keazen: yn de ‘De fioele’ spilet flechtlingeproblematyk in rol, ‘It reade fytske’ is in misdieferhaal, ‘Wetterloo’ spilet ûnder wetter: it binne fisken dy’t pratend en hanneljend optrede. En de haadpersoan fan ‘Deus ex’ sit yn in ferpleechhûs; de titel ferwiist nei in fideospultsje. Fan de fjouwer bydragen yn Feestlift ha ik trije mei nocht en bewûndering lêzen; it resultaat fan de oprop mei der wêze. It boekewikegeskink is net allinne in bewiis dat it koarte ferhaal yn de Fryske literatuer libbet as in hert, it feit dat it tal skriuwers dat meidien hat op it selde nivo leit as eartiids seit dat har belutsenens by it Fryske Boek – mei en sûnder haadletter – noch altiten like grut is as yn de jierren fyftich.

hoe tûk bin ik sels?

Hoe lêst de fjouwer ferhalen yn Feestlift as it net allinne giet om it geniet, mar it foar dysels ek in test is: werken ik ien syn skriuwstyl, de tematyk, de wize wêrop’t in ferhaal strukturearre is of miskien sels it soartemint flaterkes dy’t sitten bleaun binne?

In ferhaal yn in bepaald sjenre hoecht hielendal net fan de skriuwer te wêzen dy’t dêr ûnderfining mei hat. De styl soe wolris dy fan dy en dy wêze kinne. Mar is it net in ûnderwerp dêr’t dy en dy likegoed kyk op hat?

In mishipte formulearring? Dat kin allinne mar dy en dy wêze, mar eefkes letter, yn itselde ferhaal, werken ik ynienen de styl fan dy en dy. En it tema? Net nij mar wol moai útwurke. Mar der is fansels mear as ien skriuw(st)er dy’t…

En wa soe de stopwurdsjekening wêze? Of is it in keninginne? Neffens de iennige oanwizing dy’t it Fryske Boek jout binne der nammentlik twa manlike en twa froulike auteurs. In enoarme flater yn de logika seit fêst wat oer wa’t de auteur is. Ik twifelje tusken dy en dy en dy en dy, mar it kin likegoed fan ien wêze dêr’t ik nea earder wurk fan lêzen ha. Hoe kin ik dan riede fan wa’t it is? Iene miene mutte…

En de fernimstige wize wêrop’t ferhaal nûmer safolle opboud is? Net foar in breed publyk, wol apart. De tematyk hat in soad wei fan dy yn de bondel… Kin allinne fan dy en dy wêze. Dy en dy? Mar soe hy/sy oait oan in wedstriid meidwaan? Ik twifelje. Soe it dan toch dy en dy wêze? Nee, ju, bestiet net, dy en dy soe noait oer dat en dat skriuwe, boppedat sit de styl tichter by dy fan…

It blykt in útdaagjende puzel. Yn de wittenskip dat it foar my in gokspultsje is, folje ik it kaartsje yn: “… is fan betinken, dat de bekroande ferhalen skreaun binne troch: Ferhaal 1 …”
Nee, ik sis ‘lekker’ net hokker skriuwers it neffens my wêze kinne soenen. Al dit: Feestlift is tidens de boekewiken, fan 21 februwaris oant en mei 8 maart, fergees te krijen by oankeap fan € 9,- oan Fryske boeken. Dus, foar de eigen eare as folk, helje de knoop fan ’e ponge, stjoer jimme oplossings yn en… win it my ôf!