Himelsk ferwulf, Leo Popma

IN SEKUER HANSKRIFT, TUSKEN ESCHER EN TADEMA

Oktober 2002

Himelsk ferwulf, fan Leo Popma
Utjouwer Fries Pers, ISBN 90 330 1259 6 / CIP

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

It model leit yn ‘e midden op in pear kessens, in stik as fyftjin ezels der om hinne. Oan de ein fan de tekensesje set eltsenien  it bêste op ‘e ezel. Ien model, 15 tekeners, 15 kear in oare styl. De fleurige frou mei it iepene gesicht en de golle laits tekent mei foarse halen, de skonken fleane fan’t papier. It bleue famke makket hiel tear wurk en de man dy’t troch de romte baltet, dat er wol wat mear sjen wol, tekent nea in frou mei in kop derop. Ek sûnder namme derby wit men fan wa’t in tekening is, eltsenien hat syn eigen hânskrift. It model is in oanlieding, it wurk sels drukt de makker derfan út: it portret is én dejinge dy’t posearret én dejinge dy’t achter de ezel besiket de oar sa goed mooglik op papier te krijen. In fersin: elts portret is in selsportret.

Jildt dat ek foar de skriuwerij?

De man op ‘e achterflap fan ‘Himelsk ferwulf’ sjocht der kreas út. It grize hier soarchfâldich nei efteren kjimd, de bril poetst, it pak oan en de strik foar. De pinne yn ‘e rjochterhân, de linker hâldt it papier fêst, foarsichtich, de fingers op ‘e râne sadat der gjin fingertaasten op komme sille. Sa kreas as Leo Popma de strik knope hat en foar de fotograaf posearret, sa kreas konstruearret er ek syn ferhalen: elke sin, elke alinea teplak.

Het sneeuwt, wij zijn gestorven

De bondel mei alve ferhalen begjint mei in sitaat út it fers fan Martinus Nijhoff “Het lied der dwaze bijen”. It ein fan dit gedicht (net sitearre troch Popma) rint as in reade tried troch de ferhalen: “Het sneeuwt, wij zijn gestorven, / wij dwarrelen naar beneden , / Het sneeuwt, wij zijn gestorven, het sneeuwt tussen de korven.” Botte fleurige ferhalen binne it dan ek net, mear as ien derfan – der binne der âlve – einiget mei de dea of oare ûngemakken fan ien fan de haadpersoanen: Abel Sánchez docht himsels tekoart, de dowehâlder ferûngelokket, Wandee wurdt oppakt troch de plysje.

In humorist is Popma dus net, in fantast likemin, de ferhalen geane gauris oer hiel oannimlike situaasjes. De skriuwer is betûft yn it opbouwen fan fernimstige yntriges en psychologyske spanning. Hy boartet mei de foarm, syn ferhalen binne nea sljochtwei gronologysk, der wurdt rynsk gebrûk makke fan flashbacks  en der wurdt faaks út meardere perspektiven wei skreaun. Op dy punten is P. op syn sterkst.

Riedseltsjes opjaan

In ferteltrúkje dat er mear as ien kear úthellet, is it opjaan fan riedseltsjes, hy bout it ferhaal sa op, dat de lêzer nijsgjirrich wurdt nei it ferfolch. Sa begjint ‘Am Jozefkirche’ mei:

‘Diskear hie er in âlde foto by him om syn doel net te missen. Fiif jier lyn, ek op trochreis, hie er dêr om ‘e nocht in reinige middei omswalke. En doe wol begrepen dat er mei mear oankomme moast as wat sleau praat oer in boukamp mear as tritich jier lyn.’

Wêr is er dan? Wat is it doel? Wat is der tritich jier ferlyn bard? Popma brûkt wurdsjes as dêr, dat of syn sûnder te ferrieden wêr of wat it is en om wa it giet. It ‘Hoarterich kaam it rêd fan it ûnthâld yn beweging doe’t ik Shimon dy jûns syn namme neamen hearde’ en in rigel as ‘Of spile mei dat it dy middeis by de earste stap oan board al fielde, roek, preau suver as tritich jier tebek?’ , beide yn ‘e earste alinea fan ‘Abel Sánchez’, roppe fragen op, dy’t de lêzer daliks it ferhaal yn lûke en Popma wit dat sa’n struktuer mei te jaan dat geandewei wurdt dúdlik wêr’t it om draait.

Fan datoangeande is it ferhaal ‘De trein’ in boppeslach. De haadpersoan hat by it spoar wurke en krijt by syn ôfskied in HO-trein. Tidens syn loopbaan wurde er degradearre neidat er troch opslûpen jeugd yn inoar slein is.

Wat it ferhaal sa moai makket is, dat de lêzer him yn it begjin fan it ferhaal ôffreget wêr’t it him eins ôfspilet. Earst liket it of de man op in lyts stationtsje earne yn ‘e middle of nowhere sit, yn Ruslân of sa, mar dan ynienen krijt er, om in kollega te ferfangen, in tsjinstreis nei Rotterdam. Hoe kin dat no, tinkst as lêzer. Geandewei it ferhaal docht dan bliken dat de man hielendal net by it spoar wurket, mar thús yn in hok yn ‘e tún syn eigen spoarbaan boud hat. Prachtich! De man kin it wurk net loslitte en syn ‘treintsje boartsjen’ wurdt suver twangneuroatysk, mar de jeugd stekt him noch altyd de gek oan en it gedonder makket him op ‘e nij kapot. It draait hjir om de herhelling fan it drama en dit wurdt psychologysk moai útwurke.

Popma skriuwt net sljochtweihinne ferhaaltsjes, hy mei der graach syn libbensfilosofytsjes yn bewuolje: “… Mar wat begûn út wille waard in net te tillen lêst. Twang makket blyn en dôf. De dagen ferrinne fierders oan ‘e hân fan ferlerne idealen. It doel fan alle krewearjen is jin al lang fergetten. Hie er weet fan de leechte dy’t er siedde? Miskien, mar koe er oars?”

Swakker en oars is b.g. it ferhaal ‘Widdowskip’ Der wurdt boarte mei de betsjutting fan ‘widdoskip’, in begryp út ‘e dowehâlderij: in wedstriiddoffert fljocht it hurdst op hûs oan as er foar de flecht in pear minuten by syn doke west hat. Dit gegeven blykt in metafoar te wêzen foar it libben fan de haadpersoan, de dowehâlder Floor. In skoftlang wennet der in frou, Nada, by Floor yn, mar omdat se net aardzje kin op it doarp giet se werom nei it westen. Floor hat hege ferwachtings fan syn doffert Floor, it moat in priiswinner wurde, mar de doffert komt net werom op it hok by syn doke Nada; itselde bart dêrnei mei de dowehâlder Floor. It ferhaal wurdt ferteld troch in maat fan him en Popma wit de toan dy’t yn ‘e dowehâlderij foar master opslacht foartreflik del te setten, mar om my hie Popma dy dowen wol wat minder útmelke kinnen.

Popma beskriuwt libbensechte situaasjes, derby moat er it benammen ha fan styl en fertelstruktuer. Dat blykt tagelyk ek in neidiel te wêzen. Om nei in moaie klû ta te wurkjen moat der wolris sa draaid wurde dat it allegear wat al te tafallich wurdt, dat it der wat té dik boppe-op lein wurdt.

Dat jildt bygelyks foar it ferhaal ‘Abel Sánchez’. De haadpersoan is op in cruiseskip en heart dêr foar it earst sûnt jierren de namme Abel Sánchez fallen. As studint hat er in roman mei dy titel lêzen, mar it yn see smiten: “Ien fan de swartste boeken dy’t er oait lêzen hie, dat him dagen yn ‘e macht hân hie, as in kliber bloedsûgers oeral yn syn hûd fêstsiet, hie er fan him ôfslein, ….” (Popma referearret hjir oan it wurk fan de Spaanske filosoof en skriuwer Miguel de Unamuno, in roman oer freonskip en haat: strûpt komt de meiminske it bêst ta syn rjocht.) De haadpersoan moat en sil der lykwols achter komme wa’t de ‘Abel Sánchez’ op it skip is en as er lang om let mei him yn ‘e kunde komt krijt er te hearen dat it boekje, dat hy eartiids in seemansgrêf jûn hat, basearre is op syn libbensferhaal. Winliken is it in fariant op it Kain en Abel tema. Nei it petear tusken beide mannen docht de ‘echte’ Abel Sánchez himsels tekoart en wurdt er oan de see oerjûn.

Doe’t ik ea de teoryen fan Freud yn úttrekselfoarm lies fûn ik dat mei dat Ich, Es en Ueberich net al te oannimlik, dom gedoch, mar doe’t ik tidens myn stúdzje ien en oar fan it oarspronklike wurk lêzen hie begûn ik it te begripen en te wurdearjen. Sa is it ek mei myn gearfetting fan it ferhaal Abel Sánchez; it giet net om it boppesteande ferhaaltsje, it giet om it petear dat beide mannen ha oangeande it ‘ûnmjitlik swart gat’ dat it libben wêze kin en it ‘net nei te kommen ferbân tusken literatuer en werklikheid’. It úttrekseltsje is dus mar dom, in resinsje oer in ferhaal is nea it ferhaal sels.

It nimt net wei, dat der in bysmaakje fan te-te hingjen bliuwt: in seemansgrêf foar in boek en dan jierren letter ek foar de persoan sels liket my ûnoannimlik en past net by de oars sa libbensechte wize fan skriuwen. It neidielich gefolch fan de oars sa betûfte wize wêrop’t Popma syn ferhalen konstruerret is, dat it hjir en dêr de yndruk wekt fan ‘optocht en makke’.

Itselde jildt foar it ferhaal ‘Reuny’. It gegeven, de haadpersoan komt der achter dat syn byld oer barrens út it ferline, in akkefytsje mei in skoallemaat, net klopje. Hoe? Trochdat er by tafal syn dochter yn in toanielstik dat er op ‘e tillevyzje sjocht it hiele ferhaal ferklearje lit. Dat kin net, ek hjir krij ik in bysmaakje fan te-te. “Tafal is dat bysûndere momint dat ús soms tatocht wurdt,” ferklearret Popma yn syn eigen ferhaal, mar lykas yn ‘Abel Sánchez’ binne de gebeurtenissen my hjir wat al te tafallich.

Yn it titelferhaal ‘Himelsk ferwulf’ siket de haadpersoan stêd en lân ôf nei in man dy’t er mar ien kear moete hat. Mar wêrom? Dat Popma de haadpersoan dizze fraach yn it boek lûdop stelle lit is yn dizzen as ferklearring net foldwaande, syn motivaasje hie better útwurke wurden kinnen.

Tusken Escher en Tadema.

Like netsjes as de man mei it keurich strutsen boesgroen en de ploai yn ‘e broek op ‘e efterflap is de man syn skriuwen. De bondel foarmet in ienheid yn tematyk; alles kloppet, de titel, de relaasje mei it fersfragmint foar yn it boek. Der binne prachtige stylfolle sfeartekenings, ik neam hjir bygelyks de sêne mei de boartsjende bern dêr’t ‘Wachtwurd’ mei begjint, de eroatyske sêne yn it fleantúch yn ‘De fontein fan B.’ en it blikspuitgefoel as de asylsiker yn ‘Himelsk ferwulf’ oppakt wurdt. It is faaks skôgjend en wat mankelyk fan toan. Popma hat in hânskrift dat earne tusken it konstruearjende fan Escher en de hast fotografyske technyk fan Tadema yn leit, itjinge gjin deistige mar wol libbensechte ferhalen opsmyt. Lykas dy beide keunstners wit Popma syn trúkjes te brûken en al slagget it hjir en dêr net hielendal, it hat in kreas oppoetst literêr wurkje opsmiten.