Hoe binne de helten fallen, besoarger Trinus Riemersma

hwa’t it wit mei ’t net sizze

july 2007
Oer en nei oanlieding fan: Hoe binne de helten fallen, besoarger Trinus Riemersma
ISBN-10: 90-5998-037-9; ISBN-13: 978-90-5998-037-2, Utjouwerij Venus, ferskynd yn 2006

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

Skelle, argumintearje, lâns elkoar hinne prate, analyzes, naïviteit, freonen dy’t elkoar de hân boppe de holle hâlde, partij kieze of net doare, opponinten dy’t op de man spylje yn plak fan op ’e bal, al of net mei opsetsin ferkeard lêze, karaktermoard, yntriges achter de skerms, útslutingsmeganismen en sels keazen ferballing: Yn it konflikt dat úteinsette mei Bauke de Jong syn yn 1965 yn Asyl publisearre artikel ‘E.B. Folkertsma – Us bêste tsjerkebledsje-essayist grif – of – De doarpsidioat as essayist’ is it allegear werom te finen. Yn Hoe binne de helten fallen hat útjouwerij Venus net allinne Bauke de Jong syn artikel opnaam, mar ek de reaksjes, teminste, foar safier’t dy yn kranten en tydskriften publisearre binne.

It wie Trinus Riemersma dy’t, yn 2006, de wichtichste stikken sammele en fan in ynlieding foarseach. Hoe nijsgjirrich is âlde reboelje nei fjirtich jier noch foar bûtensteanders?

it swijen trochbrutsen

Yn Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennise (1957) skreau Jan Piebenga oer E.B.F.: ‘der is bûten Fryslân yn Nederlân net iens safolle skreaun yn dizze ieu, dat dit peil bihellet’. Foar Bauke de Jong wie dizze ophimelerij oanlieding om yn it wurk fan de skriuwer te dûken en it te analysearjen. Op fûle toan, rynsk foarsjoen fan sitaten, wjerleit De Jong Piebenga syn útspraken. Al giet it stik óér E.B.F., sa’t ik it lês hat Bauke de Jong him benammen tsjin de bewûnderers rjochte dy’t him beskôgen as in grut essayist. Sûnder krityk, blynwei.

‘De fraach is oft de hjoeddeiske generaasje der noch in bek op sette wol,’ skreau Pieter de Groot nei oanlieding fan it ferskinen fan Hoe binne de helten fallen. Wa’t net dwaande is mei Fryske literatuer, gjin ynteresse hat foar de skiednis of polityk-maatskiplike ûntwikkelingen sil him yndie net yn âlde kij ferdjipje. Mar as de hjoeddeiske generaasje net lêst, tsja, dan jildt dat ek foar de biografyen oer Reinder Brolsma, Douwe Tamminga en Tiny Mulder. Dan is ek alle omtinken foar Obe Postma om ’e nocht. Dan wie it Kiestra-nûmer fan Hjir in ûnsinnich ûndernimmen. En wêrom soe Joke Corporaal noch op Anne Wadman promovearje of Johanneke Liemburg mei Fedde Schurer te set? En wat moatte wy dan mei de monografy oer de Frysk-nasjonale ideology sa’t dy him tusken de beide wrâldoarloggen oppenearre en dy’t meikoarten by de Fryske Akadeemje ferskine sil?

Ik wol net beweare dat al dy boeken en artikels in grut berik ha, mar de hjoeddeiske generaasje hâldt har dus wol degelik dwaande mei it ferline. De foaroarlochske skriuwerij, de rol fan de Beweging foar en yn de oarloch, mar ek de sabeare needsaak om nei de oarloch de ienheid te bewarjen, oant, tweintich jier nei de befrijing ‘krekt hy’, Bauke de Jong, mei in frontale oanfal op Piebenga en Folkertsma kaam en dêrmei it swijen, dat de foarwearde wie foar dy ienheid, trochbruts: it binne ûnderwerpen dy’t net op himsels stean, mar as ‘de histoarje’ ien gehiel foarmje. Ek de reboelje om Bauke de Jong hinne is dus part fan dat ferhaal en op it stuit dat Riemersma deroer skriuwt wurdt ek syn bydrage dêr in ûnderdiel fan.

De lêzer mei ynteresse foar it libben fan, bygelyks, Douwe Tamminga, is net op ’e hichte as er net èk de artikels lêst dy’t yn Hoe binne de helten fallen opnaam binne. Of: in literatuerskiednis is pas kompleet as èk it wurk fan Jan Melles van der Goot neamd wurdt. Of: it fersetsmuseum yn Ljouwert jout pas werklik omtinken oan kollaboraasje as it de Libbensleare foar de Fryske nasjonalist pontifikaal neist Mein Kampf yn de fitrine leit.

It is hjir net it plak om op de diskusje om Bauke de Jong hinne yn te gean: dy is fjirtich jier ferlyn al fierd. Boeiend om te lêzen is it al, yn it foarste plak om de polemyske styl fan Bauke de Jong sels. Boppedat is it nijsgjirrich om út te plúzjen wa’t wêr stie en wêrom. Wat al sein wurdt en wat ferswijd waard. Wêr’t in opponint op yngiet en hokker ynformaasje, bewust, moedwillich of út dommens negearre wurdt. En hoe’t, wat op it iene plak net te lêzen is, oanfolle wurdt troch wat op oare plakken àl neamd wurdt. Sa foarmet har – foar safier’t dat mooglik is – it ‘wiere’ ferhaal, al besefst dat it in fenomeen is dat net bestiet en net bestean kin. Alles is en bliuwt in subjektive rekonstruksje. En sa’t de diskusje fan doe ferrûn, dêryn werkenst ferskynsels fan hjoeddedei. Dát is wat in komplete samling fan artikels oer in konflikt dat allang ôfsluten is – de measte dielnimmers binne ferstoarn –  opsmite kin: hoe lêst men elkoars útspraken, hoe wurde dy ynset?

‘Veel politieke rellen komen door slecht lezen en citeren,’ kopt it NRC (18 july) nei oanlieding fan de reaksjes fan Wilders en Rutte op wat minister Ella Vogelaar yn in fraachpetear sei oer de yntegraasje fan moslims. Wat yn de lanlike polityk bart – in útspraak út syn ferbân lûke en ynsette om dysels as opposysjepartij te profilearjen – bart, yn it lyts, ek yn Fryslân. Analooch oan de wize wêrop’t Bauke de Jong oanpakt waard, fette Sietse de Vries de digitaal fierde diskusjes tusken Huub Mous en Eeltsje Hettinga oan de iene en Abe de Vries oan de oare kant gear ûnder de kop: ‘Floedstream oan skellerij op Frysk ynternet’ (LC, 29/4/05). Op Frysk-literêre fora woede in fûle polemyk – mei in protte grapjeierij dertuskentroch – oer en nei oanlieding fan Abe de Vries syn artikels oer Douwe Hermans Kiestra. Sietse de Vries syn skriuwen dêroer wie iensidich, it rjochte him benammen op de toan, de ynhâldlike kant fan de saak waard foar it gemak mar eefkes oersljochte.

De oerienkomst tusken Sietse de Vries syn artikel mei de, selektyf op Bauke de Jong syn toan rjochte reaksje fan Fedde Schurer (s. 70) is dúdlik. Jaap Noordmans die it yn 1965 hiel wat better as Schurer. ‘Spitich, dat er, sa goed dokumintearre, der wer sa ûnbehearske en fulgêr op los hout,’ skreau er, mar hy kaam al mei in wiidweidige, heldere en serieus opsette analyze.

it is better en swij

Wa’t it hjoed ferstean wol, moat de paden fan juster gean, de skiednis moat ûndersocht en skreaun wurde. Der is op it stuit mar ien útjouwer dêr’t literêr-histoarysk wurk ferskynt, te witten Venus. Der is mar in lyts publyk foar, mar it is in sjenre dat der al wêze moat. Ik ûnderstel dat Josse de Haan en Trinus Riemersma de iennichsten binne dy’t it belang noch sjogge fan it sammeljen fan kritiken, kollems en essees. Yn in pear jier hat de útjouwerij in yndrukwekkende rige opboud, net allinne wurk fan harren sels, mar ek fan oaren, op kommende wei is bygelyks noch in searje skriuwersynterviews fan Geart de Vries. Yn de wittenskip dat der gjin kommersjele útjouwerij is dy’t noch brea sjocht yn de útjefte fan literêre diskusjes, dogge de mannen fan Venus it sels.

Dêrby sil it feit dat gjin skriuwer him noch ynset foar de ‘goede saak’ miskien net swak byspylje. Jawis, der wurdt út en troch in bondeltsje of in ferhaaltsje bakt, mar fierder stekke in tal skriuwers de tiid leaver yn geleuter en gekleuter op weblogs, net om’t soks wearde hat, mar om’t it oandacht opsmyt. En oandacht is lekker. It makket alderhande nitwits ta skriuwer. En dat is dan it ûnderwerp dêr’t men oer skriuwt. Is it net better en swij?

swije út en oer ûnmacht

Ik krige krekt in briefke fan It Fryske Boek. Ik sitearje: Der ha noch noait safolle aktive skriuwers west as no. It stiet der echt. Wat se útheve, ik wit it net. Breidzje, nordic walke, miskien wol in Trouw-skriuwkursus. En van je hela, hola, houdt ‘r de moed maar in:

Hjir krijt hieltyd mear muoite om noch seis nûmers fol te krijen, de ‘fakânsjes’ fan Farsk wurde hieltyd langer en de seleksje fan stikken foar (benammen) it literêre part fan De Moanne soe kritysker kinne. It Literêr Sirkwy, dat út it Skriuwersboun wei optredens organisearret, docht in berop op skriuwers dy’t noch noait publisearre hawwe. It slagget Tresoar net en aktualisearje no eindeliks de skriuwersbiografytsjes op har webside. (Dy fan Bauke de Jong en E.B.F. bygelyks…) En ast gewaar wurdst dat it skitterjend moai útjûne plateboek Zolang de wind van de wolken waait net allinne ferheven is ta stúdzjemateriaal foar NHL-studinten oan de twaddegraads learare-oplieding Frysk mar ek op de literatuerlist fan de Universiteit fan Amsterdam stiet, dan litst elke hope op ferbettering farre.

Ik bin ek wolris posityf! Sa is it geweldich dat De Wendelaar-Bonga Stifing it Skriuwersboun in enoarm bedrach taskikt hat foar ‘Skriuw’, in projekt mei as doel om ta in ferbettering fan kwaliteit fan orizjinele, literêre manuskripten te kommen. Mar besef ál hoe tryst dizze geste eins is: it is in teken dat it net goed giet, dat skriuwers, neist alles wat útjouwerijen en tydskriften dogge, konstatearje moatte dat it net genôch is. As der yn de provinsje in Fryske Grünberg omkuiert, komt dy der wol, ek sûnder it projekt. Ik priizje it Skiuwersboun-inisjatyf lykwols, want, hoewol berne út ûnmacht (dêroer swije wy), is it de iennichste kâns: pompe of fersûpe.

prate en swije tagelyk

Yn sa’n klimaat is der foar literatoaren yn ieren en sinen as De Haan en Riemersma dus gjin oare kar as it sels te dwaan: as inisjatyfnimmer, as útjouwer of as besoarger. In oar docht it net.

Fraach is fansels al oft it goed west hat dat Riemersma de ynlieding by Hoe binne de helten fallen skreaun hat. Want wied er sels net ek belutsen by it konflikt? Mooglik is de útjefte, los fan de ynhâld, mei om dy reden in besykjen fan Riemersma om ta in foarm fan rehabilitaasje fan Bauke de Jong te kommen. Op side 6 seit Riemersma dat ‘foar myn gefoel dy sarkastyske toan no krekt in grut part fan ’e literêre wearde fan Bauke syn skriuwerij útmakke’. It is de fyzje fan no, mar earder tocht er der oars oer: ‘(…) wat Bauke sei, dat gyng oer de skreef fan myn fatsoenskoade.

Omdat yn Hoe binne de helten fallen allinne itjinge wat op papier set is, sammele is, is de ynformaasje oer it hiele barren allinne te heljen út de stikken sels en út wat Riemersma yn de ynlieding dêroer kwyt wol. Dat Riemersma sels ien fan de belutsenen wie, dêrfan krij ik dus pas in fermoeden op side 174, yn in artikel fan Jaap Noordmans. Te let. Riemersma hie it yn de ynlieding net allinne oer syn ‘fatsoenskoade’ fan doe ha moatten, mar ek syn konkrete gedrach neame kind. In adekwate beskriuwing fan wat der achter de skerms bard is, ûntbrekt lykwols. It wie Pieter de Groot dy’t dêr, yn it hjir boppe ek al oanhelle artikel ‘Alde reboelje opikkere’ (LC 1/12/06), wiidweidich omtinken oan joech. It stik fan De Groot hie sa yn Hoe binne de helten fallen kind. Hoewol’t De Groot àl neamt dat de redaksje fan De Tsjerne by ‘mearderheid fan stimmen’ it útstel om ta in fúzje mei Quatrebras en Asyl te kommen ôfwiisde, neamt er net dat ek Riemersma by dy mearderheid hearde. Dàt ferhaal hie fansels yn de ynlieding fan Hoe binne de helten fallen sels syn gerak ha moatten.

Wat de samling stikken ta in boek ‘allinne foar insiders’ makket – de measte bydragen binne fan minsken dy’t allang net mear op dizze wrâld omkuierje – is dat in beskriuwing fan de skiednis ûntbrekt. Wa wie Folkertsma? Wa wie Bauke de Jong? Hoe siet it mei de skriuwerswrâld foar, yn en nei de oarloch? Foar net ynwijden is it, sûnder in ynlieding dy’t kwalitatyf op syn poaten stiet, lêstich om (parten fan) de diskusjebydragen pleatse te kinnen. De lêzer moat, fia oare boarnen, al behoarlik op ’e hichte wêze om it boek wurdearje te kinnen. Yn in pear halen hie Riemersma de grutte linen delsette kind, dan hie it teminste net oan de besoarger lein as in folgjende generaasje der niks mear mei kin. Wa, bygelyks, wie Goasse Groustra? Of Swarte Jan? Wat wurdt bedoeld mei Fabryks-smearlapperij? (s.75) Wêrom hat Riermersma net in nutsje fuotnoaten opnaam?

Yn de ynlieding jout Riemersma in ferantwurding oer de kar fan de stikken of fragminten. Oer it algemien is de ‘besoarger’ redelik objektyf yn syn beskriuwing fan de opnommen bydragen, mar oft Sjoerd Leiker ‘kampioen-kletsmajoar’ is, soks kin de lêzer eventueel sels wol konkludearje.

En, hoewol Riemersma de grutste literator fan Fryslân is en der tal fan anekdoaten wêze moatte dy’t mear as de muoite wurdich binne om op te tekenjen, is it mar de fraach oft it ferhaal oer hoe’t de skriuwer út syn wenplak Gau weirekke wol yn in ynlieding oer it Bauke de Jong-trelit thúsheart.

Der sil beslist in boek oer Riemersma syn libben en wurk komme moatte. De skriuwer moat der sels mar mei te set, oars kloppet Geart de Vries meikoarten oan de doar mei krekt de ferkearde fragen. Sawol by it boek oer Tiny Mulder as dat oer Douwe Tamminga – beide oars prachtich om te lêzen – hie er krekt wat djipper dolle kind. Wat ek pleitet foar ‘sels dwaan’ is dat Riemersma syn droege humor troch nimmen te ferslaan is. Sa wurdt, yn de ynlieding fan Hoe binne de helten fallen, in anekdoate oer Riemersma syn roman De hite simmer ôfsletten mei it grapke: ‘Sa hat Bauke de Jong myn literêre karjêre ek noch ferpest.’

Mar no werom nei Hoe binne de helten fallen. Wat mist yn de ynlieding, is ynformaasje oer hoe’t it mei Bauke de Jong ôfrûn. De ûnwittende lêzerkes bliuwe ûnwittend, want Riemersma jout gjin omtinken oan de ôfrin fan it konflikt. Sterker noch: it is Pieter de Groot dy’t yn syn artikel beneamt wat yn de ynlieding stean moatten hie: Bauke de Jong woe der net mear by hearre.

Hie Riemersma sels net mei de billen bleat wollen, dan hie er trouwens altyd noch it ferslach yn Het Vrije Volk fan 28 maart 1968 oer in diskusjejûn mei de beide mannen foar studinten opnimme kind. Ik sitearje:

Riemersma: (…) als het erom gaat dat met Bauke in de redactie De Tsjerne op den duur zou worden opgedoekt dan laten we liever Bauke vallen. (…). En in eintsje fierderop: Het belang van Bauke de Jong voor de Friese literatuur was niet zo groot om hem voor de Tsjerne in de waagschaal te stellen.

Tsja, en yn syn ynlieding seit Riemersma, no, yn 2006, dat it krekt dat sarkasme fan Bauke de Jong is dat syn literêre wearde útmakke. Riemersma hat dus, yn mear as ien opsicht, byleard.

it nije swijen

Nettsjinsteande de krityk op de ynstek fan de ynlieding en it gemis fan hjir en dêr in fuotnoat, ha ik Hoe binne de helten fallen mei wille lêzen. Dat alle diskusje anno 2007 fersylt yn òf swije òf – yn de geast fan Henk van der Veer – elkoar komplimintsjes jaan en roppe om diskusje, spilet dêrby seker in rol. It gefoel fan ‘sá kin it dus ek’. Of better sein: koe.

Mei syn publikaasje trochbruts Bauke de Jong it swijen. Yn de wurden fan Noordmans: ‘dizze artikels meitsje it ek foar de generaasje fan no begrypliker, wêrom’t it yn de oarloch gien is sa’t it gien is, benammen mei de Joaden yn ús lân.’ (s.66) Lykwols foel elk oer Bauke de Jong hinne, net allinne om de toan, ek om de ynhâld fan syn artikel.

sttt

Fandatoangeande is der beslist in fergeliking mei it no te meitsjen. De Fryske media swijden yn 2005 likegoed doe’t in part fan Mein Kampf yn it Frysk op it ynternet ferskynde. Nijs? Nee. Ynstjoerde stikken? Nee. Der ha noch noait safolle aktive skriuwers west as no, seit men by it Fryske Boek. Mar binne der noch skriuwers dy’t har oppenearje? Wolnee. It lêzerspublyk moat it dwaan mei de net te kearen floedstream oan noait beärgumintearre ropperij fan Cornelis van der Wal. Yn fergeliking mei de reboelje fan fjirtich jier ferlyn falt dan ek ien ding op: elkenien skreau. De rigen sletten har, mar dy rigen wienen, àl sichtber, oant op de dei fan hjoed ta: yn de ynhâldsopjefte fan Hoe binne de helten fallen stean twaentweintich nammen… Alle rare meganismen dy’t yn konflikten spylje en dêr’t dit artikel mei úteinset binne dêrom, ek nei fjirtich jier, noch nei te lêzen: it stie allegear yn ’e krante. Skriuwers brûkten de pinne: dat wienen nochris tiden…