Ik, Anna – Lida Dijkstra

griemmank fan feiten en fiksje

Ik, Anna, histoaryske roman, Lida Dijkstra, 2009 Afûk, ISBN 978-90-6273-814-4, 124 siden

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

dijkstra ik annaMei de histoaryske roman Ik, Anna hat Lida Dijkstra, dy’t as skriuwster benammen bekend is as berneboekskriuwster, har foar earst oan in boek foar folwoeksenen weage. De roman waard skreaun yn opdracht fan de ‘Stichting Nassau en Friesland’, soks nei oanlieding fan it feit dat Anna van Hannover trijhûndert jier ferlyn berne is. Op it omslach fan de mei in hurd kaft ferskynde útjefte stiet in ôfbylding fan Roelof van der Schans dy’t earder foar de fantastyske yllustraasjes fan it berneboek Spegelspreuk tekene. De prinsesse sels is ôfbylde yn in griene, 18de ieuske japon, in muzykblêd yn hannen, ta teken fan har muzikale belangstelling. Net allinne de jurk is rynsk fersierd nei borduerstiksels, it motyf komt ek, goudkleurich en glânzgjend, wat ferhege op it omslach werom. Dêrmei is dizze útjefte in pronkje wurden.

Lykas foar Spegelspreuk (2007) dûkte Lida Dijkstra de skiednis fan de Fryske Nassaus yn. Wie it yn it berneboek it prinske Willem, it soantsje fan Anna van Hannover en beppesizzer fan Marijke Meu, dy’t de haadrol spile en stie it stedspaleis, it Prinsessehof yn Ljouwert, sintraal yn it spannende jeugdferhaal, yn Ik, Anna is it Londen fan 1773 it dekoar.

Anna van Hannover (1709-1759) wie de dochter fan George II, de kening fan Grut Britanje en Ierlân. Sy wie troud mei de Fryske steedhâlder Willem Karel Hendrik Friso (1711-1751). It pear hat, nei harren trouwen yn 1734 yn London, yn it Steedhâlderlik Hof yn Ljouwert wenne. Yn 1747 waard Willem (IV) stêdhâlder fan alle gewesten fan de Republiek der Verenigde Nederlanden en ferhúze er mei Anna nei Den Haach.

Anna har betsjutting foar Ljouwert lei der benammen yn dat sy de muzykkultuer nei de stêd brocht. Se spile se klavesimbel. Yn London hie se les hân fan Georg Friedrich Händel dy’t se, nei har trouwen, geregeld nei it Hof yn Ljouwert helle, dêr’t Anna ek geregeldwei foar konserfútfierings soarge. Yn 1740 skonk se de Waalske Tsjerke in oargel.

Al wie de Stichting Nassau en Friesland opdrachtjouwer foar it boek, Fryslân komt der net yn foar. Ik, Anna giet nammentlik oer wat oan de perioade fan har houlik mei Willem foarôf giet. De roman sketst in byld fan de persoan Anna van Hannover, har achtergrûn en de wize wêrop’t it houlik ta stân kommen is.

feiten en fiksje

In pear dagen foar de troupartij leit Willem bewusteleas op bêd mei in longûntstekking, yn Somerset House. Anna siket him alle nachten op. Omdat de arts sein hat dat it praten tsjin de pasjint miskien helpe kin en om de tiid dat sy by him wekket te deadzjen, fertelt se, yn de ûnderstelling dat hy har toch net heart, hiel iepenhertich wat har sa al dwaande hâldt: har famylje, oantinkens út har bernetiid, de leafde foar de muzyk.

Achteryn yn de roman is in literatuerlist opnaam, tegearre mei Anna har stambeam mei yn kleur printe portretten yn kleur. Yn in epilooch (‘By einsluten’, s. 121) docht de skriuwster, yn it koart, út de doeken hoe’t it libben fan Anna en Willem by harren houlik ferrint. Dêrneist leit de skriuwster ferantwurding (s.123) ôf oer de wize wêrop’t it boek ta stân kommen is: “In histoaryske roman is in griemmank fan feiten en fiksje”, skriuwt se. “Dat Willem mei longûntstekking op bêd rekke flak foar syn houlik mei Anna, is in feit. Mar der binne gjin oanwizings dat Anna him yn dy tiid opsocht hat of dat dokter Tessier net doogde. De ferhalen dy’t Anna fertelt wurde dan wol wer stave troch boarnen, hoe ûnoannimlik se soms ek lykje. Beppe Sophia is opsletten. Graaf von Königsmarck fermoarde. Frederik [Anna har âldere broer, e.s.] achterlitten yn Hannover en de trije suskes troch pake fan de âlden skaat.”

Ik, Anna is in soarte fan ramtfertelling wurden. Dêrmei hat, sa kin konkludearre wurde, Lida Dijkstra in fernimstige foarm fûn hat om, ferhalenderwize, net allinne in tal ûntheisterjende feiten út Anna har famyljeskiednis op it aljemint te bringen mar ek sjen te litten wa’t Anna wie en hoe’t har relaasje mei Willem ta stân kaam. It resultaat is lykwols minder goed slagge as Spegelspreuk, de bernefertelling skreaun foar de Ljouwerter histoaryske ferienigingAed Levwerd.

Giet skriuwe foar bern Lida Dijkstra, mei al har ûnderfining op dat mêd, liniger ôf? Of wienen wienen it de histoaryske boarnen dy’t, yn Ik, Anna, yn it paad stienen?

Oer de bernetiid fan it prinske Willem Batavus út Spegelspreuk hat nei alle gedachten net folle boarnemateriaal te finen west. Mei it each op it feit dat in histoarysk boek strike moat mei de feiten sa’t dy bekend binne, soe dat wolris in foardiel wêze kinne.

Mei fiksje kin kleur oan jûn wurde oan ’e feiten, de gatten yn de skiednis kinne opfold wurde en der kin nei plausibele ferklearringen socht wurde. Mar as der gjin, of amper, boarnen binne dy’t it ferhaal yn it paad sitte kinne, dan hat de auteur alle frijheid om der in hiel eigen draai oan te jaan. Dat is it gefal yn Spegelspreuk, in boek dat, mei net folle mear as it gegeven dat Willem Batavus op âldere leeftiid in menagerie hie en in tal foarwerpen út it Prinsessehof as útgongspunt, ta in spannend en fantasijryk ferhaal makke waard, net yn it lêste plak omdat tsjoenderije en foarwerpen dy’t ta libben komme dêr in rol yn spylje.

Mear as yn it berneboek dat twa jier earder útbrocht waard, hat de skriuwster har yn Ik, Anna oan de dokumintearre feiten holden. Mei dy ferhalen oer de generaasjes dy’t Anna foargyngen – moard, in beppe dy’t opsletten waard, Anna har heit dy’t troch de âlden ferlitten waard – hienen wol trije tsjokke romans oer de Van Hannovers skreaun wurde kinnen. Sokke nijsgjirrige ferhaalstof, der mòàst wat mei dien wurde, mar, al hoe meinimmend ek ferteld, it gehiel jout wat in forsearre yndruk.

It fiksjonele elemint sit benammen yn it ramt, it ferhaal oer Anna dy’t by Willem syn bêd te fertellen sit en dat de reade tried foarmet. Dêr liket even in elemint fan spanning yn ynbrocht te wurden as dokter Tessier Willem in oerdosis Laudanum taskikt. Anne fertinkt har broer Frederik derfan de hân yn dizze yntriizje te hawwen. Dat liket net it gefal, mar wat der al krekt oan ’e hân west hat, wurdt spitigernôch net útwurke.

Anna, mei in pokdalich gesicht de moaiste net en Willem, mei in fergroeide rêch,  mismakke, soenen elkoar, hienen se de frije kar hân, op harren úterlik fêst net útsocht ha. Ut brieven dy’t bewarre bleaun binne, blykt lykwols dat it arransjearre houlik in leafdesrelaasje waard. Lida Dijkstra jout dy stal en kleur en lit sjen hoe’t se elkoar kennen learden en dêrby sljocht op elkoar waarden. De ferantwurding leart dat it fêst net sa gien is as beskreaun, mar it hie, sjoen de bewarre bleaune brieven, samar kinnen.

Oan de ein is Willem wekker wurden en docht bliken dat er alles wat Anna him ferteld hat, heard hat. It boek wurdt besletten mei in romantyske sêne wêryn’t se op harren troudei foarútsjogge. Suver oandwaanlik is dat Anna de tekst fan it brulloftsliet dat Händel komponearre sjongt foar har oansteande. In moaie fynst.