It beest fan de Westereen fan Ate Grypstra

Oer It beest fan de Westereen fan Ate Grypstra
Dit is gjin besprek, mar ris earne as in reaksje op facebook pleatst.

© Neat fan dizze webside mei oernaam en fermannichfâldige, publisearre of op in webside set wurde sûnder skriftlike tastimming fan de auteur.

Ik tocht dat ik op de biblioteek wachtsje soe, mar ik krige it kado. Hoera! Ik ha it mei nocht lêzen.

De krityk fan Hylke Tromp (Buro de Vries, Omrop Fryslân) op de Hollandismen diel ik net. Dat wol net sizze dat dy der net yn sitte, mar net safolle dat it steurt. Skriuwe yn it Frysk is altiten in kar meitsje foar dit Frysk of dat Frysk. De ien kiest derfoar om ferâldere wurden middels de literatuer werom bringe te wollen yn de taal, de oar skriuwt ‘geef mar linich’, wer in oar bringt syn eigen Hollandismen mei. Sprektaal en skriuwtaal rinne no ien kear mei de dei mear út elkoar.

Yn in besprek kin wat oer de brûkte taal sein wurde, mar taal is net it wichtichste kritearium om in Frysk boek op te beoardielen. Moat dat net wêze teminste.

In kultboek, klinkt leuk, mar it is wat in ûnsinnige oantsjutting. Yn it Frysk skriuwe is sawiesa ‘kult’, mei of sûnder l. Binnen de Fryske literatuer hat Obe Postma, mei in eigen Selskip dat fan alles op priemmen set, in kultstatus krigen. Mar in boek dat krekt ferskynd is, kin gjin kult wêze. It is gjin sjenre. Horror is dat al en horror is kult, mar dat makket in boek dat yn dat sjenre sit noch net by definysje kult. En dat net elkenien kickt op wearwolven, makket in boek ek noch gjin kult. Yts is kult as der yts omhinne ûntstiet. In sfear, ‘hast It Beest’ al lêzen, in groep fan minsken dy’t it oer it boek ha, alle kearen nei dyn optredens komme en kettinkjes drage mei de ôfbylding fan in wolvekop. Lêzers fan it sjenre dy’t it Frysk net behearskje, mar it Beest perfoarst ha wolle omdat it horror is. Oft it kult is witst letter pas.

Is it mainstream? Krekt omdat it Frysk is, lêze guon minsken it omdat it Frysk is. Of, yn in lyts fermidden, omdat it troch Ate skreaun is. Soe it yn in gruttere taal skreaun wêze dan soe de lêzer it boek kieze omdat it sjenre oansprekt, mar yn it Frysk lizze oan de kar foar it Beest ek oare redenen te’n grûn want lang net elk hâldt fan bluodrige tafrielen. De oplagen fan in Speerstra silst net helje en yn dy sin is de doelgroep net grut.

Los dêrfan: It Beest is licht fan toan, it ‘hapt’ lekker fuort.

Watst yn ‘in pear wurden foarôf’ dochst is net nij. Professor Grypstra dy’t in manuskript fynt fan de haadpersoan, mei de tapaslike namme Steven King. Krekt om’t it boek, tink ik, troch in frij jonge doelgroep lêzen wurde kin, fan in jier as fyftjin ôf, is it weromgripen op in âlde ‘trúk’ wol grappich. Moatst it boek net lêze mei alderhande literêre pretinsjes. Wat wol spitich is, is dat It Beest yn sekere sin twa kear ‘in pear wurden foarôf hat’. Earst dat fan Professor Grypstra en dan folget noch in ynlieding fan Steven King dy’t oanjout dat er freeslike barrens fan 1984 fan him ôf skriuwe wol. Dat docht er yn ’92 en yn de ynlieding fan Grypstra hast dan al lêzen dat de haadpersoan yn datselde jier omkaam is. Acht jier hat er yn eangst libbe en krekt as er dy kwyt is, troch it skriuwen, giet er op reis. Ast it boek út hast, witst ek wat de oarsaak fan it ‘ûngelok’ west hat.

Yn Steven syn relaas falt algau in deade en dat gegeven, tegearre mei it kranteberjocht op side 14, ferriede daliks al dat der ‘wearwolven’ yn it spul binne. Net dat de krante it dêr oer hat, mar beide ynliedingen en wat kennis fan film en literatuer ferriede de plot al. As ûnderwerp is it net nij. De sjeu yn it boek sit ‘m dan ek folle mear yn alderhande ‘couleur locale’-eftige eleminten as yn it wearwolveferhaal. In jonge fan sechtjin, út de Westereen, dy’t noch op skoalle sit. It sit ‘m yn de muzyk út dy tiid, de dialogen mei syn maten, de typetsjes. De kroegen en de fruitautomaten. De humor as it oer de reputaasje fan Westereenders as ‘messelûkers’ giet. De puberale frijerij yn in stege. Moai ek hoe’t it kalvinistyske leauwe, bygelyks yn diskusjes oer de skepping en yn de mieningen fan Steven syn maat Sjoerd har gerak krijt.

Op in stuit sakket it ferhaal nei myn idee lykwols wat yn en dat is dan krekt omdat it aksint dan op de wearwolven komt te lizzen. Der bart fan alles dat net nij of fernijend is, mar wol spannend of dat teminste wêze moatte soe. Krekt it fernijende fan It beest fan de Westereen is dat de wearwolven yngripe yn it libben fan in puber waans libben bestiet út skoalle, sûpe, gokke en sa noch it ien en oar. Bist net de earste skriuwer dy’t dy wrâld stâl jout, mar de kombinaasje mei de wolven jout it wat ekstra’s. De wrâld dêr’t it ferhaal him ôfspilet rekket op in stuit lykwols wei. In achterfolging, in gefjocht, noch in twadde, in tredde beest. De wolven binne minder eigen en orizjineel as de tiid en it plak. As it eigene, de couleur locale fan de Westereen yn 1984, fuort falt, ferdwynt, foar dizze lêzer teminste, ek de spanning yn it ferhaal. It is de kombinaasje fan it Beest en de Westereen dy’t it boek nijsgjirrich en ek boeiend en spannend makket, mar as beide eleminten net mear lykop gean, is it nije derôf. Dêrtroch komt it lêste part oer as ‘wat ôfraffele’.

Moai fûn is it drigemint oan de ein fan it boek dat de sirkel nei it manuskript dat Grypstra fûn rûn makket. De eangst dêr’t Steven King in tal jierren yn libbet en dy’t âchterôf sjoen terjocht blykt, hie om my justjes mear útwurke wurde kind.

Lytse kanttekeningen by in boek dat ik yn ien sike útlêzen ha.